In weblog mei kollums en ynformaasje oer de sosjaal-kulturele en histoaryske eftergrûnen fan it keatsen. Ek mieningsfoarming en diskusje oer de aktualiteit fan it keatsen wurdt net út de wei gien.
zaterdag 26 december 2015
donderdag 26 november 2015
De ambachtsman, de artyst en de gûcheler.
Ferline wike
skille Geart Oostra my, mei de fraach of ik de PC-winners tasprekke woe. Dy
fraach kaam ryklik let want ik bin net immen dy’t soks samar út syn mouwe
skoddet. Twa minúten foar tolve dus. Folle betinktiid koe net lije en yn in
dwaze bui ha ik dêr mar yn tastimt. Troch in lichamelik ûngemak ha ik dit jier foar
it earst sûnt 1985 net op de PC west. En hoewol
ik it wol folge ha fia radio en tv belibje jo sa’n dei dochs oars as
oars. It bliuwt allegear wat op ôfstân. Ik wol it dan ek net ha oer jim
PC-winst, dêr is einliks ek al genôch oer sein en it feroaret it byld dat ik
fan jim ha dochs ek net. Ik ha jim alle trije al sûnt jim jongesjierren keatsen
sjoen, earst foaral by it t.e.l. en de ôfdielingspartijen en letter yn de frije
formaasje. Ek oer jim frije
formaasjepartoer is al genôch skreaun, wat soe ik dêr noch oan tafoegje kinne?
Ik ha my sels dan ek de fraach stelt: ‘Hoe soe ik dy mannen no yn ien wurd
typearje kinne? En wat betsjut dy typearring dan?’ Ik kaam ta de folgjende
trije types: De Ambachtsman, de Artyst en de Gûcheler.
Daniël is foar my
de ambachtsman, Taeke de artyst en Gert-Anne de gûcheler. Om my te ferdjipjen
yn dizze trije ferskillende types ha ik der earst mar ris wat literatuer op nei
slein en dat hat my ynspirearre ta de folgjende beskriuwing. Ik wol begjinne
mei
DE AMBACHTSMAN
Om de ambachtsman
wat better te begripen ha ik it boek DE AMBACHTSMAN bestudearre. It is skreaun
troch de ferneamde sosjolooch Richard Sennett ferbûn oan de New York
University. Dat boek spruts my daliks oan want op de foarside stiet al daliks
in hân. Dochs it wichtichste ark fan in keatser. As je it boek lêze dan kom je ta de konklúzje
dat Sennett foar it beskriuwen fan de ideale ambachtsman Daniël Iseger foar eagen
hân hat. Hy beskriuwt de ambachtsman as immen dy’t slypje moat oan syn feardichheden
en dy’t nei jierren fan hurd wurkjen in spesjalist is op syn terrein. En as ‘r
ien kear sa fier is, dan hat syn wurk ek in soarte fan ‘automatisme’. It liket
as kostet it gjin muoite om elke kear deselde hege kwaliteit te berikken. In
ambachtsman, seit Sennett, wit nei jierrenlange trainings wat er kin en soks
soarget foar fertrouwen en rest. Hy is baas oer de matearje. Sennet hat it hjir
dus gewoan oer Daniël.
Sennett stelt dat
in ambachtsman altiten in goeie ferbining makket tusken hersens- each en hân.
Hy seit letterlik; “Tezamen met het oog en enige lichaamscoördinatie kan de
hand zo veel moois voortbrengen.’ En hy
seit ek dat in ambachtsman altyd foarút tinkt. Hy wit wat er kin en docht wat
er wol. En troch erfaring wit hy wat it resultaat wurde sil.
It bysûndere fan
in ambachtsman is neffens Sennett ek dat je tinke dat je soks sels ek kinne.
Mar it tsjindiel is it gefal. Hjir moast ik daliks tinke oan de opslach fan
Daniël. Syn opslach liket sa ienfâldich, in leek soe sizze: ‘it binne
opgoaiers’. Dochs ha de measte perkspilers der in gloeiende hekel oan. Ik wol
einigje mei in sitaat fan Sennet dat neffens my perfekt past by Daniël: ‘Ambachtelijkheid is meer dan louter
vakmanschap. Het staat voor het verlangen om het werk goed te doen, niet omdat
het moet, maar omdat een ambachtsman altijd streeft naar perfectie.’
DE ARTYST
Yn tsjinstelling
ta de ambachtsman dy’t jierrenlang slypje moat om in hege kwaliteit te berikken
hat de artyst fan jongs af oan in unyk talint. In talint dat al yn de âldheid
troch Plato en Aristoteles yn ferbân brocht waard mei estetika of om yn gewoan
Frysk te sizzen: ‘mei súverheid.’ It wurk fan in artyst hat sa’t it wurd
einliks al seit altyd in artistike wearde. It is moai om nei te sjen, mar it
jout meastentiids mear dan dat, it is net allinnich moai, it is genietsjen. It
wurk fan in artyst hat dan ek altyd te krijen mei emoasje, mei gefoel, mei
freugde en fertriet. Fertaalt nei de artyst dy’t ik yn Taeke herken, is dat it
genietsjen nei it boppe slaan fan in hast ûnmooglike opslach, mar ek dat je
meilibje mei de pine dy’t ‘r ferbite moast doe’t it ferline jier net woe. Mar by
de artyst giet it net allinnich om it boppeslaan op himsels mar foaral oer de
wize wêrop. By Taeke is dat it linige yn de lichemsbeweging, de soepele beweging
fan de earmtakke en de súverens fan de slach. Neffens Plato en Aristoteles estetika
yn optima foama.
By artysten en
keatsers moat ik altyd tinke oan de útspraak fan de legindaryske keatser Wytse
Vlietstra. Hy neamde himsels ’in materialist’ en fûn dat er in min betelle
artyst wie yn it sirkus Rodenhuis. Rodenhuis wie doe Bûnsfoarsitter.
Keatsers en jild.
Dat hat altyd al in bysûndere relaasje west. Doe’t âlde Jan Reitsma ris frege
waard om mei te dwaan oan in merkepartij yn Boazum frege hy 10,-- startjild en
doe’t de timmerman fan it doarp him frege as hy mei him en syn knecht stelle
woe, dy er dat allinnich foar 5,-- de man. En doe’t Reitsma nei ôfrin as kening
de krânse krige, ferkocht er dy oan de timmerbaas foar in ryksdaalder. Artysten
moatte sels de priis stelle om troch de tiid te kommen.
Tsja as Taeke in artyst is, hoe sit it dan mei syn finansjele
stellerij? Wat kin sa’n jonge no freegje foar in optreden? Ik ha ris efkes
googelt op ynternet om te sjen wat oare
artysten freegje. Fan de Hollânske artysten is Marco Borsato de djoerste. Jo
kinne him foar 27.500,-- in heal oerke ynhiere. Guus Meeuwis sjongt foar
20.000,-- mar fersekert jo dêrby fan Brabânske
gesellichheid. Jantje Smit komt foar 14.000,-- en Frans Bauer foar 10.000,--
Wolle jo wat goedkeaper dan komme jo by Dries Roelevink of Bonnie St. Clair
foar 2000,-- mar foar dy leste moat der wol in flesse wyn by. En wolle jo foar
in prikje dan kin je ek Rinus út Liwwadden ynhiere. Hy komt foar 700,-- op syn
scooter en nimt Ramona mei.
Yn dat ljocht
besjoen moat Taeke in fermogen fertsjinje. De hiele simmer elk wykein optredens.
En it bliuwt dan net beheind ta in heal oerke. Nee, de man makket der meastentiids
in show fan dy’t samar 5 oant 6 oeren
duorje kin. Soks moat der finansjeel flink ynklappe. It is dan ek wol hyl
bysûnder dat er fan ‘e jûn foar syn oanwêzigens hielendal neat freget.
Ik wie einliks ek
wol benijd wat de fiskus seit oer de ynkomsten fan artysten. Ik ha dan ek it
boekje ‘artiest en fiscus’ d’r op nei slein. Foar de fiskus is in artyst ‘iedereen die zich op een of andere wijze
creatief uit, zodanig dat dat voor andere mensen te bekijken, te beluisteren en
of te bevoelen is. Hij/zij levert een
artistieke prestatie. En it makket foar de fiskus neat út of je berops of
amateur binne.
Taeke falt
neffens my alhiel binnen dizze definysje en kin dus mar oppasse as it giet om
syn ynkomsten want neffens dit boekje giet it by de belêstingoanjefte fan
artysten noch wolris ferkeard. Of se dogge hielendal gjin oanjefte, of de
boekhâlding ûntbrekt of se jouwe gjin ynkomsten op. Mar dit handige boekje jout
ek tips foar artysten as it giet om ôftrekposten en ik wol Taeke as superartyst
dochs efkes wize op wat mooglikheden. Alderearst de reiskosten. Dy binne
allinnich ôftrekber as it giet om altyd deselde route tusken wenjen en wurk. De
route nei de wedstriden is elk wykein oars dus dat falt of. Mar it hin- en wer
riden nei de trainings kin mei 57ct de km as ôftrekpost meinommen wurde. Net
ûnoantreklik liket my. In oefenromte oan hûs kin opfiert wurde as kostenpost
foar ferwaarming, ljocht en ôfskriuwing
fan ynventaris. De keats- en
trainingsklean en it keatsark, tink oan de keatsmof, binne foar 100% ôftrekber.
In spesjale tarieding fan in meardaagse training kin neffens my skowt wurde
ûnder it kopke stúdzjereis en is dan foar 75% mei te nimmen. Fakliteratuer sa as
De Keatsfreon en De Wis In en ek telefoankosten falle hjir wer net ûnder. Mar
net ûnoantreklik is it dat ferbliuwskosten foar 75% ôftrekber binne. En it is
foar keatsers nuttich om te witten dat by ferbliuwskosten spesifyk konsumpsjes
neamt wurde. Dit hie foar de artysten ûnder de keatsers út earder tiid ek wol
in aardige duit skele kinnen.
Ik bin oer Taeke
begûn mei Plato en de estetika. Ik wol dêr wat him oanbelanget ek mei einigje.
En wol mei in sitaat fan Plato: ‘Schoonheid is zichtbaar geworden liefde’. Ik
fertaal dat dan mar as: ‘Leafde foar de estetika yn de keatserij’.
DE GÛCHELER
Dan komme we no
as lêste by De Gûcheler. Van Dale omskriuwt in gûcheler as immen dy’t wat docht
wêrfan je net begripe hoe’t it kin. In oar wurd foar gûcheler is yllúzjonist.
In gûcheler jout jo de yllúzje dat it allegearre hyl ienfâldich is wat er
docht, mar dochs snappe jo net hoe’t it kin. In gûcheler bringt jo fia
ferwûndering en ferbazing nei ûnbegryp. Stikem fynt in gûcheler it moai om de
taskôger in fertwiveling efter te litten.
Soks jildt ek allegearre foar it opslachwurk fan Gert- Anne.
Tsjinstanners
meitsje har noch wolris de yllúzje dat se in bal fan him reitsje kinne, mar meastentiids
stean se fan ferwûndering en ferbazing mei fol ûnbegryp te sjen wêr’t de bal
bedarre is. Se ha wol in oanloop sjoen mar gjin bal. En ha jim dan wolris
letten op it gesicht fan de gûcheler oan de opslach? Hy hat der súver skik yn
om syn tsjinstanners yn fertwiveling efter te litten.
Om in gûcheler
wat better te begripen ha ik it boek oer de Fryske gûcheler Professor Bergini
der op nei lêzen. De man hite gewoan Ybe van Zandbergen mar hy makke dúdlik dat
it skeelt as je as gûchelers in namme ha
dy’t wat heimsinnich oan docht. Hy makke fan it leste part fan syn namme dan ek
Bergini. Ik soe Gert-Anne dan ek sterk in oerweging jaan wolle om him Bosini te
neamen.
Prof. Bergini
jout oan dat in gûcheltrúk it beste wurket as de taskôger of de persoan wêr’t
in trúk mei úthelle wurdt, net wit wat de gûcheler fan plan is. Dêrtroch witte
se net wêr’t se op lette moatte. Des te
grutter de mate fan ûnfoarspelberens des te grutter it effekt. As we it ha oer
ûnfoarspelberens yn de opslach dan ha we it fansels oer Bosini. As earste wit
allinnich hysels – meastentiids - wêr’t
er de bal bringt, lit stean dat de tsjinstanner him dêr op tariede kin. En foar
de taskôgers is syn opslach faak ien grutte foarm fan optysk bedroch. Troch syn
fingerflugge hânbewegingen ha je gjin idee wêr’t de bal út syn hannen no einliks
bedarret.
It is meskyn net by
elkenien bekend mar ús lân hat in hege namme op te hâlden as it giet oer
wrâldferneamde gûchelers. We hienen yn Fred Kaps immen dy’t meardere kearen
wrâldkampioen gûcheljen wie. Tusken 1955 en 1979 waard hast altiten in
Nederlanner wrâldkampioen gûchelen. Ek dêrnei koe Nederlân goed meikomme en we
ha no yn Hans Klok wer in wrâldferneamde yllúzjonist.
Oer de nijste yllúzjonist
hoege wy net lang nei te tinken. Dat is fansels Bosini. Ik ha begrepen dat er foar folgend jier ek al in nije siswize hat
foar it opslaan fan de earste bal yn de partij. Dat wurdt net langer: ‘ ít giet
oan’, mar ‘hokus pokus pats’.
Spitigernôch kin
ik jim dizze trije boeken NET mei jaan. Ik ha se te lien út de biblioteek, mar
ik ha wol wat oars te lêzen foar jim meinommen. Ut namme fan De Freonen fan it
Keatsmuseum mei ik sawol de earste as
twadde priiswinners fan de ôfrûne PC it jierboek De Keatsfreon oanbiede.
Fansels hopet dizze Freoneklup dat jim yn de takomst ek lid wurde. It
lidmaatskip is net ôftrekber by de belestingen, mar ik ha begrepen dat 15,--
foar in jierslidmaatskip hast it selde is as in rûntsje bier yn de klaaiboks,
en dat lêste mei wol ôflutsen wurde. Dus dat moat altiten slagje.
maandag 27 juli 2015
Open brief aan het HB van de KNKB
De kaatserij zit wederom in zwaar weer. Het hele gedoe met
de wantencontrole en alle heisa (kort gedingen, scheidsrechtersperikelen,
Palingpartij Makkum, gedoe in Engelum) die daar uit voorkomt doen de kaatserij
en dus de KNKB geen goed. Zijn dit incidenten of is er een fundamentelere
oorzaak? Ik ben zo vrij om jullie een aantal gedachten ter overweging aan te
bieden. Daarbij schets ik eerst een paar ontwikkelingen en kom daarna met
voorstellen.
Doel van
mijn voorstellen is om de kaatssport meer zingeving en beleving te geven en
initiatieven van onderop meer ruimte te bieden. Daarnaast heeft e.e.a. als
positief gevolg een ontlasting van organisatorische zaken voor de KNKB. Het zou
goed zijn dat de KNKB meer taken gaat afstoten en die neerlegt waar ze horen,
bij de verenigingen.
Ontwikkelingen
1. Fundamentele veranderingen in
samenleving en dus ook in de sport
Wij leven in
een tijd waarin mensen in hun vrije tijd zoeken naar beleving en zingeving. Dat
kan actief door bijvoorbeeld te sporten maar ook passief door van sport te
genieten. In die beperkte vrije tijd willen mensen niet te veel gedwongen
worden door allerlei opgelegde regeltjes en beperkingen. Ze willen immers
beleven en zingeving zoals zij dat graag willen.
Als er te
veel regeltjes en beperkingen zijn, dan gaan mensen zoeken naar mogelijkheden
om die te ontwijken of naar hun hand te zetten. Een overheid, organisatie of in
dit geval de KNKB probeert daar dan weer op te reageren door de regels aan te
passen.
2. Veranderingen ontstaan altijd van onderop
en (bijna) nooit door organisaties/overheden
Wetgeving in
de samenleving is bijna altijd een reactie op veranderende omstandigheden of
gedragingen. Dat zien we in de samenleving bij verkeersregels en in de
kaatsport bij de ontwikkelingen rond o.a. de kaatshandschoen. Ten aanzien van
ontwikkelingen in de kaatssport zien we al een aantal jaren nieuwe kaatsvormen
en andere wedstrijdsoorten door particulier initiatief ontstaan. Denk hierbij
aan pearkekeatsen, teatsen, zachte bal PC, Pelote PC, etc.
3. Bijkomende veranderingen in de samenleving
De 24-uurs
maatschappij heeft ook zijn gevolgen voor de kaats(sport). De werkweken van
veel volwassenen maar ook van opgroeiende jongeren zitten boordevol. Ouders
werken beide en proberen naast de drukke combinatie van werk en huishouding te zoeken
naar quality-time voor zichzelf en hun kinderen. Een kaatsagenda waarbij er
vanaf mei t/m augustus (juist de mooiste tijd van het jaar!!!) de weekenden vol
gepland zitten met kaatswedstrijden is niet meer van deze tijd. Vergeet
bovendien niet dat een kaatswedstrijd geen twee keer 45 minuten duurt. Hoe je
het ook organiseert je bent gewoon een dag kwijt.
4. Menskracht en deskundigheid in de
verenigingen
Met name
door het tijdsaspect onder punt 3 wordt het voor veel sportverenigingen steeds
moeilijker om aan kader te komen die willen meehelpen. Het organiseren van een
kaatswedstrijd is een intensieve zaak. Je hebt een daglang een groot aantal
keurmeesters nodig en dan hebben we het nog niet eens over andere (voorbereidende)
organisatorische zaken. De KNKB merkt zelf ook dat het steeds moeilijker wordt
om mensen te krijgen als scheidsrechter, voor wantencontrole, en overige taken.
Voorstellen
Doel van
mijn voorstellen is om de kaatssport meer zingeving en beleving te geven en
initiatieven van onderop meer ruimte te bieden. Daarnaast heeft e.e.a. als
positief gevolg een ontlasting van organisatorische zaken voor de KNKB. Het zou
goed zijn dat de KNKB meer taken gaat afstoten en die neerlegt waar ze horen,
bij de verenigingen.
1. De KNKB organiseert in de toekomst maar één
wedstrijd per weekend in elke leeftijdscategorie. De jongeren t/m 16 jaar op
zaterdag en de volwassenen (17 jaar en ouder) op zondag. (NB. Een paar
uitzonderingen zijn mogelijk, denk aan Masters, Minnertsga, PC, Freule, Jong
Feinte, etc.). De volwassenen kennen maar twee klassen: Hoofdklasse en
Eersteklas. Deze wedstrijden worden gehouden onder volledige regelgeving van de
KNKB, dus met ranking, scheidsrechters, wantencontrole etc. Wie daar aan
meedoet conformeert zich aan de regels van de KNKB. Ranking bepaalt deelname
aan hoofdklasse of Eersteklas en dus ook aan de PC.
2. Op
zaterdag zijn er dus geen officiële kaatswedstrijden voor 17+ en op zondag geen
jeugdwedstrijden. Maar verenigingen zijn wel
vrij om op die dagen hun bestaande partij te organiseren (afd. partij jongens
in Franeker op zondag, Lytse PC in Mantgum op zaterdag, Palingpartij Makkum
etc.) of op die dagen iets nieuws te
lanceren. Maar het zijn dan geen officiële KNKB-partijen en zij zijn zelf
verantwoordelijk voor opgave, loting, scheidsrechters en regelgeving. Uitslagen
tellen niet mee voor KNKB-klassementen. De verenigingen bepalen zelf wie er aan
hun wedstrijden mogen deelnemen. Is dat een probleem? Het lijkt mij niet, De
verenigingen houden hun partij en krijgen meer ruimte omdat zelf in te vullen. De
KNKB legt geen beperking op aan
Hoofdklassers als zij op zaterdag aan een onofficiële kaatspartij meedoen. Keuze
daarvoor ligt bij de spelers.
3. Om
beleving en initiatieven bij de verenigingen te motiveren stel ik voor dat zij
het recht krijgen om zelf één partuur
aan te wijzen voor deelname aan hoofdklassepartijen. De PC krijgt dit recht dus
ook. Ik zou zelf wel zo ver willen gaan dat de PC het recht krijgt om voor dat
ene partuur een Belgisch partuur toe te laten aan de PC. (Kan natuurlijk ook
gewoon door aanwijzing via de ingevoerde Keats-off). Loting gebeurt bij de 17+
weer door de verenigingen. Bij de jeugd door de KNKB.
woensdag 10 september 2014
Dielname Lytse PC: Om te janken
Al sûnt 1947 organisearret KF Jacob Klaver út Mantgum De
Lytse PC. In partij dy’t troch de jierren hinne oansjen krige. Mei yllustere
winners as Chris en Jacob Wassenaar, Sake Saakstra, Cornelis Terpstra, Stephan
Kleefstra, Anne van Straten, Willem Hiemstra, Martinus Santema, Pieter de Boer,
Jehannes van der Mey, André Tolsma, Simon Minnesma, Rinze Bleeker, Marten
Feenstra., Rudmer van der Meer, Jochem Bouma, Germ Okkinga, Abe Kooistra en
gean sa mar troch. [sjoch: http://fy.wikipedia.org/wiki/Lytse_PC
] Ferliden jier spite it Pieter van Althuis alle hierren op syn holle dat hy d’r
krekt foar de finale ôfrekke. Want sa sei er: “sa’n partij wol je winne”.
Dit
jier waard der troch it bestjoer ek wer fan alles út de kast helle om d’r in
bysûndere dei fan te meitsjen. Ik neam:
·
In prizepot fan € 1200,--.
·
Nei ôfrin gratis tagong ta in gesellich slotfeest
mei live muzyk
·
Yn oerlis mei de keatsers útrikking fan de Janse
Skaal
·
Utnoeging fan de winners fan 25 jier ferlyn
·
Keatsers dy’t ofskie nimmende maten tasprekke
·
In spesjale oanklaaing fan it fjild en alle
linen beset mei karmasters.
·
Om it finanseel mooglik te meitsjen rinne
frijwilligers har de skonken ûnder it gat wei foar in grutte lotteferkeap.
Dan sjogge jo de opjefte en dan
krij je de triennen yn de eagen. It bestjoer is ferbjustere: 14 partoer! Noch
nea yn de histoarje fan de Lytse PC wie de dielname sa leech. Wa is d’r oan ‘e hân? In protte keatsers wolle
no leaver wer fuotbalje. Meastal giet dat om ien of yn in inkel gefal om
twa personen út in partoer. Dat wie noait net sa’n probleem, want dan frege jo
gewoan in oar. Mar troch it rankingsysteem mei feste partoeren yn de cyclus kin
dat net mear. Want as je fuotbalje kin je fansels net sizze dat je in blessuere
ha en dat dêrom in oaren meidocht.
Wat is no belangriker: it systeem of it keatsen?
Ik tink da’k op it slotfeest mar
ien ekstra nim want it koe wolris de lêste kear wêze!
woensdag 21 mei 2014
Kaatser met keizerlijke afstamming
Toen ik begin jaren tachtig van de vorige eeuw op het
Ryksargyf in Leeuwarden kwam, hing daar een prikbord met de tekst: “Het hout
waar u zelf uit gesneden bent, is belangrijker dan het hout van uw stamboom”. Een levensles voor stamboomonderzoekers.

Bovenstaande uitspraak komt vaak bij me op als
stamboomonderzoekers mij vol trots aanschieten met de mededeling dat ze
afstammen of verwant zijn aan een bekende of zelfs beroemde persoon. In kringen
van Friese stamboomonderzoekers is bijvoorbeeld de verwantschap met Grutte Pier
iets om ‘grutsk’ op te zijn. Dat mijn kinderen via hun moeder van deze ‘vrijheidsstrijder’
afstammen stemt mij wat minder gelukkig. Volgens de overlevering kieperde hij iedere
tegenstander die niet kon nazeggen ‘bûter, brea en griene tsiis, wa dat net
sizze kin is gjin oprjuchte Fries’ genadeloos overboord of maakte hij ze een
kopje kleiner met zijn “bidenhänder’. Het kan verkeren zei Bredero, maar of zo’n
voorvader nu iemand is om ‘grutsk’ op te zijn, betwijfel ik.

Ik kom hierop omdat stamboomonderzoeker Sytze Giezen mij
attent maakte op een verre voorvader van PC-winnaar Jochum Bouma uit
Oosterlittens. Sytze is een verwoed stamboomonderzoeker en is op mijn verzoek bezig
met een omvangrijk project. Nadat hij vorig jaar van alle PC-winnaars (vanaf
1854!) de stamreeksen heeft uitgezocht, is hij nu bezig om van alle PC-winnaars
de kwartierstaat uit te zoeken. Een omvangrijk maar ook boeiend project. Ik
mocht al eens van zijn onderzoek gebruik maken voor een artikel in De Keatsfreon
.[1]
Vandaag schoot hij me aan met de mededeling dat Jochum Bouma
(PC-winnaar 2008) afstamt van Karel de Grote! Voorwaar een bijzondere
ontdekking. Tussen Karel en Jochem zitten 41 generaties en het spoor verloopt
via grillige lijnen die heen en weer springen tussen mannelijke en vrouwelijke
voorouders. Maar via zijn overovergrootvader Dirk Bouma uit Oosterend
(1842-1915) komen we via aangetrouwde familie’s Hofstra, Van der Meulen, Antonides,
Verhoeck, Van Nes, Van Teylingen, Suys, Van der Burch en Van Montfoort bij de
graven van Holland en zo uiteindelijk bij keizer Karel de Grote.
In hoeverre Karel en Jochum uit hetzelfde hout zijn
gesneden, laat ik in het midden. Maar strijdbaar waren beide in
elk geval.
maandag 23 december 2013
Nieuwjaarswens
Weet dat kaetsen ende minnen
Eyst een overgaenden bal,
Anders maeck'et droeve sinnen
Anders heeft'et geenen val
Jacob Cats
Ik wens iedereen een liefdevol 2014
vrijdag 29 november 2013
Amerikanen keatsten yn Mantgum
Yn de digitale
Ljouwerter Krante [www.dekrantvantoen.nl ] kinne je prachtige ferhalen fiene oer
it keatsen út it ferline. Sa fûn ik foar in artikel yn De Keatsfreon oer in sulveren keatsbal út 1769 de advertinsje werom
wêryn’t dy wedstriid oankundige waard.
It is fansels geweldich dat je sokke ynformaasje no fia wat goochem
sykjen werom fine kinne.
Keatse by it stasjonskofjehûs, 1930
By it
sykjen nei âlde keatsútslaggen fan ús keatsferiening yn dy digitale LC stuite
ik op in wedstriidferslach fan 28 july 1930. No koe ik dat stik mei eigen
wurden neifertelle mar folle moaier wie it om it stik yn syn gehiel oer te
typen. Dat ha ik dien en sa kinne jim it hjir ek lêze:
“Mantgum,
26 juli. Heden hield de kaatsvereeniging ‘Jacob Klaver’ alhier onder leiding
van haar bestuur, een wedstrijd bij het Stationskoffiehuis, om prijzen van ƒ
24.- ƒ 15.- en ƒ 9.-
of 2x ƒ 4.50 waarbij stadsprijs- en premiewinnaars waren uitgesloten en waaraan 32
parturen deelnamen. Onder de medespelers waren 5 ‘Amerikanen’ die tot dezen
wedstrijd het initiatief hadden genomen; één hunner, de heer M. Fransbergen,
afkomstig van Mantgum, had een bedrag van ƒ 40,-- beschikbaar
gesteld, terwijl bovendien door een ingezetene een zilveren medaille was
uitgeloofd. De 1e
prijs viel ten deel aan G. Jellema te Winsum, M. v.d. Hem te Rauwerd en J. Blom
te Drachten; de 2e aan W. v.d. Sluis te Terzool, A. v.d. Woude te
Leeuwarden en K. Gaasterland te Oosterlittens; de 3e aan Joh.
Hoekstra te Baard, J. Gaastra te Wirdum en J. Bosma te Leeuwarden; de 4e
aan J. Kramer te Wirdum, Th. Hoekstra te Baard en D. Jippes te Hallum. Tot
koning is uitgeroepen G. Jellema, die als koningsprijs de zilveren medaille
ontving. Verscheidene spannende partijen zijn gespeeld; die om prijs en premie
beantwoordde echter niet geheel aan de gekoesterde verwachtingen. De
prijzen zijn uitgereikt door de heer Th. De Jong afkomstig van Britswerd, thans
te Paterson (U.S. ) die een humoristische toespraak hield, vooral het kaatsen
in Amerika betreffende, hoe men daar wel eens 50 km reist om een uitgeschreven
wedstrijd bij te wonen, terwijl ieder jaar op 14 juli de kaatsclub van Paterson
naar Rochester trekt, en in September omgekeerd, om elkander te bestrijden.
Spreker deelde nog mee, dat men getrouw de uitgebreide kaatsverslagen in
verschillende Friesche kranten volgt, zoodat men de kaatsers wel niet van
gezicht, maar toch bij name kent. Nadien droeg nog
de heer M. Fransbergen een berijmde toespraak voor, die blijkens de stille
aandacht, zeer in de smaak viel.”
Sjoch foar it orsjinele ferslach: http://tinyurl.com/6mamm8
Winners fan namme

Oant sa fier it ferslach yn de LC. Der steane fansels wol in tal aardige feiten yn dy’t om in neiere útlis freegje. Sa sil it net foar elkenien daliks dúdlik wêze wêr’t it Stationskoffiehuis stien hat en wat no einliks bedoeld wie mei it útsluten fan ‘stadsprijs- en premiewinnaars’. Wolno, it Stationskoffiehuis is it earste hûs oan de Galamawei rekkene fan it spoar ôf by Tsjeintgum. Dêr wennet no de famylje H. Aukes. Om tefoaren te kommen dat te sterke keatsers meidwaan soenen en de minderen dêrtroch wei bleauwen, waard it keatsers dy’t grutte partijen (sa as de PC yn de stêd Frjentsjer) wûn hienen net tastien om mei te dwaan. Dêrmei krige de partij wol minder oansjen mar waard de dielname grutter en de útslach minder foarsisber. Winner George (Jorke) Jellema en syn maat Marten van der Hem soenen letter wol stedspriiswinners wurde. Van der Hem wûn de PC yn 1934, 1936 en 1940, Jorke Jellema wûn wol ferskate prizen mar kaam op de PC net fierder as twa kear in tredde priis (1932 en 1933). De “Amerikanen” yn it ferslach hienen blykber wol in pear sinten te ferstriken want se stienen ek foar de prizen fan in jongespartij mei lúkse foarwerpen. (LC 21-07-1930)
By de foto's:
Boppe: It stasjonskofjehûs yn 1920.
Under: links George (Jorke) Jellema en rjochts Marten van der Hem
Boppe: It stasjonskofjehûs yn 1920.
Under: links George (Jorke) Jellema en rjochts Marten van der Hem
vrijdag 6 september 2013
Ranking, een explosief mengsel
De Lytse PC is traditiegetrouw de laatste KNKB wedstrijd
voor de Eerste Klas. Het is daarom een partij van terugkijken en afsluiten.
Terugkijkend kunnen we niet anders concluderen dan dat het kaatsen in het
afgelopen jaar werd gedomineerd door problemen en onduidelijkheden rondom de
RANKING. Een deel van die problemen werd, zonder dat de afgevaardigden dat in
de gaten hadden, veroorzaakt op de Algemene Vergadering. Daar werd m.i.
besloten dat de RANKING op de achtergrond
zou meetellen maar dat de TC dit jaar nog beslissend zou zijn voor selectie
van de parturen. Toen het kaatsseizoen eenmaal losbarste en de RANKING leidend werd verklaard, ontkende het HB de
beslissende rol van de TC.
Met mijn
historische achtergrond moest ik het gehele kaatsseizoen bij die ‘FANTASTISCHE
RANKING” telkens weer denken aan een voorval uit de Tweede Wereldoorlog. De
Engelse militaire staf boog zich eind 1942 over het probleem hoe zij de Duitse onderzeeërs
onschadelijk konden maken. Een lid van de genie stond op en meldde trots dat
hij dé oplossing had. Hij legde omstandig uit dat hij een zeer explosief
mengsel had uitgevonden dat onder de oceaan moest worden aangebracht. Nadat het
daar was aangestoken zou het water enorm verhitten. De onderzeeërs zouden naar
boven drijven en konden onschadelijk worden gemaakt. Dit idee vond een geweldig
onthaal bij de militaire top. Toch waagde een ondergeschikte militair het om
openlijk te vragen hoe het mengsel onder de oceaan moest worden aangebracht en
aangestoken. “Tja”, antwoordde de uitvinder, “nu vraagt u naar de details, ik
ben er echter alleen voor de grote lijnen.”
Al drie weken na het begin van het seizoen stuurde ik een
brief over het m.i. fundamenteel verkeerde
RANKING systeem naar het Bondsbureau. Ik kreeg een brief terug met
daarin de zinsnede: “Vertrouw erop
dat onderliggende berekeningen over 6 seizoenen ruimschoots voldoende basis
geven om de ranking toe te passen. Het zit fantastisch in elkaar!” Een snelle blik in Van Dale’s woordenboek leerde mij
al gauw dat fantastisch betekent: “niet werkelijk, voortgebracht door de
fantasie, voortbrengselen der verbeelding.” Daarmee werd het een stuk duidelijker.
Met mijn
historische achtergrond moest ik het gehele kaatsseizoen bij die ‘FANTASTISCHE
RANKING” telkens weer denken aan een voorval uit de Tweede Wereldoorlog. De
Engelse militaire staf boog zich eind 1942 over het probleem hoe zij de Duitse onderzeeërs
onschadelijk konden maken. Een lid van de genie stond op en meldde trots dat
hij dé oplossing had. Hij legde omstandig uit dat hij een zeer explosief
mengsel had uitgevonden dat onder de oceaan moest worden aangebracht. Nadat het
daar was aangestoken zou het water enorm verhitten. De onderzeeërs zouden naar
boven drijven en konden onschadelijk worden gemaakt. Dit idee vond een geweldig
onthaal bij de militaire top. Toch waagde een ondergeschikte militair het om
openlijk te vragen hoe het mengsel onder de oceaan moest worden aangebracht en
aangestoken. “Tja”, antwoordde de uitvinder, “nu vraagt u naar de details, ik
ben er echter alleen voor de grote lijnen.” maandag 8 juli 2013
Wêr wienen jim?
De ôfrûne wiken
gie it op de keatsfjilden allinnich mar oer Dé Ranking. Keatsers en
keatspartoeren dûkelen fan boppe nei ûnderen op de ranglist. Keatsers dy’t yn ferban
mei wurk op freed te middei net witte of sij wol/net oan dy partij meidwaan
kinne. Reboelje oer it tuskentiids ‘oan de knoppen fan it systeem draaie’,
keatsers dy’t net keatse mochten yn Winaem. Begjinnende keatsers dy’t
haadklasser waarden en oarsom. It makke it der foar elkenien net begrypliker op. En
om’t de KNKB gjin útlis joech hoe it systeem wurke die de tam tam syn wurk. Guon
keatsers wienen hast sa fier dat se har net mear opjaan woenen. Ek by de froulju
wie (en is) de ûnrêst grut. Koartsein de KNKB moast sa stadich oan iepenheid
fan saken jaan.
It earste wat Hendrik dan ek opmurk wie dat de opkomst ‘in oanfluiting’ wie. En dêrmei hie hy it hiel fatsoenlik ferwurde. Dat doch ik net. Lit ik it mar rjochtút sizze: It wie kloatsekeftich! No hienen al dy kritikasters de kans om fragen te stellen, miening te jaan, yn diskusje te gean, gâl te spuien en dan bliuwe se thús. Tsjonge, jonge, wat in beskamsume fertoaning.
Dat barde fan ‘e
jûn, moandei 8 july op it Bûnsburo. Ik gie der hinne yn de ferwachting dat it
dêr wolris drok wurde koe. Se soenen der allegear wol wêze: de feriening fan
keatsers, in ôffurdige fan de meast foaroansteande keatsers, coaches, sponsors,
ferieningbestjoerders, âlders, parse, technyske kommisje, kaderleden,
skiedsrjochters ensafuorthinne. Der mar betiid hinne, want jo moatte al plak ha
fansels.
Afijn, ik wie
kertier foar sânnen by it Bûnsburo en sawat tagelyk kaam der ek Marieke Beckers
fan Wytmarsum. We praten in piipfol en doe’t it hast sân oere wie, fregen we ús
ôf, as we wol op it goeie plak wienen, want der wie fierders noch net ien en de
doar fan it Bûnsburo siet op slot. Mar krekt foar sânen kaam der dochs mear
folk. Trije HB minsken, de nije Bûnsdirekteur Geert Faber, twa minsken fan de
webside, fjouwer oare froulju keatsers en Hendrik van der Velde as ienichste keatser
fan de manlju. It earste wat Hendrik dan ek opmurk wie dat de opkomst ‘in oanfluiting’ wie. En dêrmei hie hy it hiel fatsoenlik ferwurde. Dat doch ik net. Lit ik it mar rjochtút sizze: It wie kloatsekeftich! No hienen al dy kritikasters de kans om fragen te stellen, miening te jaan, yn diskusje te gean, gâl te spuien en dan bliuwe se thús. Tsjonge, jonge, wat in beskamsume fertoaning.
Tjeerd Dijkstra
joech út namme fan de KNKB in útlis oer de stân fan saken. Hy joech ta, dat
guon saken minder goed útpakten dan yn earste ynstânsje betocht en dat it systeem
noch lang net folslein is. Sa joech hy ek ta dat it kombinearjen fan punten út
de frije formaasje mei t.i.l. wedstriden nochris goed besjoen wurde moat en ek ‘plaatsing’
of ‘gestuurde loting’ yn de diskusje belutsen wurde moat. De oanwêzige froulju
kamen mei praktyske fragen oer de dielname op freed te middei of op sneon. Ek oer it ferskil yn rankingpunten foar
klassikers, sa as de PC en de Van Aismapartij moat noch neitocht wurde. It is dúdlik dat der noch in protte 'losse eindsjes' binne dy't om in oplossing freegje.
Dijkstra joech ek
eksakt de punten dy’t keatsers behelje kinne troch: oan wedstriden mei te dwaan
en troch omlopen te winnen. Mei dy kennis kinne keatsers dus sels harren
punten byhâlde en sjen as der gjin flaters makke wurde by de ynfier yn it systeem.
Want soks bliuwt fansels minskewurk. Tink allinnich mar ris oan it net goed
byhâlden fan de list by útfallers en ferfangers. It kin dus wichtich wêze dat
keatsers har eigen punten byhâlde. Wat dy punten binne, hâld ik no ek mar ris foar
mysels. Hienen jim der sels mar hinne gean moatten!
dinsdag 11 juni 2013
RANKING
Met ingang van het kaatsseizoen 2013 wordt bij de KNKB het Rankingsysteem gebruikt bij de selectie en plaatsing voor wedstrijden. Dit systeem zorgt voor onduidelijkheid bij spelers en betrokkenen. Een van die onduidelijkheden heeft de KNKB zelf in de hand gewerkt door te stellen dat:
- Het rankingssysteem op de achtergrond meedraait
- Leidend is voor selectie en plaatsing
Deze dubbelzinnigheid leidt tot verwarring. Want als een systeem leidend is, draait het natuurlijk niet mee op de achtergrond. Het was dan ook beter geweest als de ranking dit jaar nog niet leidend was geweest, maar dat de resultaten (op de achtergrond) open, duidelijk en transparant op de website van de KNKB waren te raadplegen. Dan had iedereen kunnen zien wat de gevolgen waren geweest als het compleet leidend was geweest, zonder alle handmatige aanpassingen en bijstellingen. Dan had ook de puntentelling gewoon openbaar kunnen zijn en had iedereen mee kunnen rekenen wat de gevolgen voor hem of haar waren geweest.
Doel van de individuele ranking lijkt mij niet verkeerd: een wijze van selectie en plaatsing voor wedstrijden waarbij de resultaten van de individuele speler doorslaggevend zijn. Geen invloed van TC-leden of anderen. Kortom een systeem waarbij individuele resultaten zich vertalen in een individuele ranking. Op zich een nobel streven. Maar mij lijkt dat we hier bij uitnodigingspartijen en d.e.l. een probleem hebben. Kaatsen is een teamsport. Je kunt individueel nog zo goed presteren, als je maten verzaken, leidt het meestal tot niets. Omgekeerd kan natuurlijk ook! Ik vraag me af of een individuele ranking gebaseerd op teamprestaties past bij het kaatsen. Is dit niet een innerlijke tegenstrijdigheid?
Voor een partuurranking geldt dit minder omdat je dan het team als eenheid neemt en die resultaten kun je wel goed met elkaar vergelijken.
En hoe zit het met de verschillen tussen Hoofdklasse en Eerste klas? Het kan toch niet zo zijn dat de punten die behaald worden op een Eerste klas partij net zo zwaar wegen als die op de hoofdklasse? En punten op een PC, tellen die net zo zwaar als die op een willekeurige andere partij? En kunnen, zoals Pieter van Althuis op Facebook aangaf, door een grotere deelname op een d.e.l. partij en het winnen van meerdere omlopen ook meer punten worden gewonnen? In dat geval kun je voor de ranking beter in Engelum de prijs winnen dan in Arum!
Het winnen van de 3e prijs bij de dames in de hoofdklasse is altijd gezien als een waardevolle prestatie. Maar die levert nu geen rankingpunten op omdat er hiervoor al is verloren in de partij voor deelname aan de finale. Hier moet m.i. toch een oplossing voor zijn te vinden, want anders verliest zo´n wedstrijd aan waarde. Ook kunnen parturen in de Dames Hoofdklasse niet blijven staan, maar in de Dames Eerste klasse wel en zo rankingpunten verdienen terwijl ze niet spelen! Zo kan een eerste klas trio dat blijft staan, een hoofdklasse partuur dat in de eerste omloop verliest, passeren in de ranking. Bijzonder!
Het is tevens nog maar de vraag of je het zelfde systeem dat je bij de heren gebruikt ook kunt en moet toepassen bij de dames. Het is een aantal betrokkenen duidelijk dat het dameskaatsen o.a. gebaat is bij (veel) meer d.e.l. wedstrijden dan nu het geval is. Het aantal VF wedstrijden bedraagt nu bijna het dubbele van het aantal d.e.l. wedstrijden en dat zou eigenlijk andersom moeten zijn.
Gestuurde loting. Bij een ranking hoort een gestuurde loting. Terecht, want anders zou het lot weleens heel vervelend kunnen uitpakken en dat is bij een ranking niet de bedoeling. Bij gestuurde loting bedoel ik hier het systeem zoals dat een aantal jaren geleden ook werd gebruikt bij `Yn it fjoer fan it spul`, waarbij alle teams in een halve competitie tegen elkaar uitkwamen.
Dat was m.i. een geslaagd experiment waar veel kaatsers tevreden over waren. Maar bij een ranking waarbij elke week de deelnemende parturen kunnen wisselen is een gestuurde loting m.i. niet bruikbaar. De deelnemende parturen zijn immers niet iedere week dezelfde. Het is bovendien de vraag of dit constante geschuif van parturen tussen Hoofdklasse en Eerste klas een toegevoegde waarde heeft voor spelers en voor de toeschouwers.
Tot slot: waarom krijgen spelers en betrokkenen geen inzagen in de puntentelling? Zij hebben toch recht om te weten hoeveel punten zij nog moeten halen om zich te plaatsen voor bijvoorbeeld een PC? De KNKB komt op haar website niet veel verder dan de uitspraak dat het een fantastisch systeem is en dat iedereen vertrouwen moet hebben dat het goed komt. (?) Ik vraag mij in alle redelijkheid af, hoe het zou zijn als de oud-kaatsers uit de technische commissie dit indertijd zelf was overkomen? Zouden zij dan ook alles gelaten hebben ondergaan?
Voorlopige conclusie: positieve ontwikkeling, maar door ongelukkige invoering en onvolledige communicatie veel onduidelijkheden.
zondag 26 mei 2013
Partuur Hempenius stunt bij debuut in dames hoofdklasse
Het is niet veel kaatsers gegeven om bij een debuut op het hoogste niveau direct met de krans huiswaarts te keren. Dat gebeurde vandaag bij de dames hoofdklasse in Berlikum. En het was ook nog eens dik verdiend. Want het debuterende trio Nicole Hempenius, Marte Altenburg en Renske Terwisscha van Scheltinga speelden vandaag zoals kaatsen gespeeld moet worden. Een degelijke op- en uitslag met op dé momenten waarom het er om gaat ‘gas op de plank’. Mooi om te zien was ook de coaching door Renske Terwisscha van Scheltinga. Als meest ervaren speelster van het trio stapte zij in de eerste omloop resoluut uit het perk om even te wisselen met Nicole Hempenius. Kritisch zijn op je eigen functioneren, de teamprestatie boven alles stellen en snijden in eigen vlees als het moet, dan hoef je geen coach langs de lijn. Daar kunnen veel kaatsers (en coaches langs de lijn!) een voorbeeld aan nemen.
Genoemd partuur kwam in de finale na een tweetal zwaar bevochten partijen. In de eerste omloop tegen het ook al debuterende trio Nynke Sinnema, Esther Wagenaar en Annelien Broersma werd het een benauwde 5-5 en 6-4 overwinning. Deze eindstand zou zich herhalen in de tweede omloop tegen het partuur van Sanne Velsma, Mariska Hoogland en Anke Marije Pompstra.
Partuur Van der Veen kwam ogenschijnlijk gemakkelijker in de finale. Maar achteraf waren hier de haarscheurtjes van de vliegende seizoenstart te bespeuren. In de eerste partij liet men de tegenstander Noorman cs na een 4-0 voorsprong bijna geheel terugkeren. Juist op tijd werd het ritme hervonden en het pleit met 5-4 en 6-2 in hun voordeel beslecht. De strijd tegen partuur Wagenaar, ‘op papier’ hun sterkste tegenstander, ging tot 3-3 gelijk op. Maar partuur Wagenaar dat in deze beginmaanden wisselvallig presteert, moest de foutjes aan hun kant gaandeweg de partij duur betalen en verloor uiteindelijk met 5-3 en 6-0.
Een finale derhalve tussen het partuur Van der Veen, dat tot nu toe alle Vrije Formatie wedstrijden wist te winnen en het debuterende trio Hempenius. Trio Van der Veen startte voortvarend en kwam met 2-0 voor. Maar daarna kwam partuur Hempenius door foutloos en degelijk spel niet alleen terug maar ook vóór in de partij. Op spellen gelijk en 6-4 plaatste Hempenius een zitbal en nam brutaal de leiding. In plaats van tactisch en beheerst de tegenaanval in te zetten, werd getracht met ‘op de boven slaan’ het tij te keren. Dit pakte verkeerd uit toen Sjoukje Visser op 3-2 en 6-6 de bal ‘kwaad’ sloeg. Op 4-4 en 6-6 veroverde Nicole Hempenius met een ‘skroeier’ op Sjoukje Visser het vijfde bordje. In het laatste eerst wist Marte Altenburg op 6-4 de kleine kaats met een geplaatste slag te passeren. Een prachtige en verdiende overwinning voor dit debuterende trio. Als zij dit solide spel kunnen handhaven zijn zij een aanwinst voor de hoofdklasse.
Foto: Henk Hempenius
Foto: Henk Hempenius
maandag 20 mei 2013
Ferrassende winner op de 22ste Wiebe Koldijk partij
It frouljuskeatsen liet hjoed yn Jorwert wer ris sjen wêrom it betiden in hege attraksjewearde hat. Moaie keatserij, spannende partijen en ferrassende útslaggen, yngrediïnten dêr’t it publyk foar komt. Op foarhân seach it dêr hielendal net nei út, want yn tsjinstelling ta oare jierren wie der gjin “gestuurde loting” en dat soarge foar in dielnimmerslist mei op papier te foarsizzen útslaggen. Mar dat soe oars rinne dizze middei en krekt soks makket keatsen sa aardich.
Ferrassings wienen der daliks al yn de earste omloop. It sterke partoer fan Iris van der Veen, Mariska Hoogland en Fenna Zeinstra makken neat klear tsjin Lisette Wagenaar, Feikje Bouwhuis en Bianca van der Veen. Se krigen net in earst oan de telegraaf en dat wie einliks in blamaazje. (5-0 en 6-6). Dat selde kin sein wurde fan de striid tusken Sanne Velsma, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma tsjin it partoer fan Ilse Noorman, Maaike Osinga en Anke Marije Pompstra. Partoer Velsma bakte d’r net folle fan en Ilse Noorman stie yn dizze partij sekuer en degelik op te slaan. ((1-5 en 2-6). Mar foar Harmke en Leonie wie der in nije kâns want beide waarden bylotte troch blessueres fan Imke van der Leest en Margriet Bakker. It wiere Leonie mei want se krige mei Marije Hiemstra en Manon Scheepstra in sterk partoer. Dochs moasten sij yn de earste partij tsjin Nynke Sybrandy, Klasine Huistra en Geke de Boer alle silen bysette om de oerwinning binnen te heljen. Dat slagge mei pine en muoite. Nei in 4-1 efterstân wie it Leonie dy’t har partoer foar in ôfgong besparre. Sy ruile mei Manon dy’t gjin antwurd hie op de heech opsleine ballen. It ein soe úteinlik, yn harren foardiel, komme op 5-4 en 6-6. De lêste partij fan de earste omloop gie tusken de partoeren fan Joukje Kuperus, Martine Tiemersma en Wiljo Sybrandy tsjin Nelie Steenstra, Sjoukje Visser en de bylotte Harmke Siegersma. It soe in partij wurde dy’t yn it begjin frij wat gelyk op rûn mar troch wat ûngelokkich spul fan mei namme Martine Tiemersma (talintfol, mar hjoed efkes net) gie de oerwinning dochs noch frij royaal nei Steenstra cs (2-5 en 4-6).
Yn de twadde omloop wie der in prachtige partij tusken de partoeren fan Steenstra en Hiemstra. It wie in spannende partij mei faak in seis gelyk oan de telegraaf en mei fiere boppeslaggen fan de perkspilers. It wie úteinlik partoer Hiemstra dat mei 5-4 en 6-6 oan it langste ein luts. In moaie en ek wer ferrassende partij keatsen Noorman cs tsjin it partoer fan Lisette Wagenaar. Dizze lesten kamen mei 3-1 foar mar koenen net trochdrukke. It perk Osinga, Pompstra sloech goed fan har ôf en mei degelik keatsen wisten sy mei in perfekte sitbal fan Ilse Noorman op 5-4 en 6-4 de partij yn harren foardiel te beslikken.
De heale finale gie tusken de partoeren Steenstra en Wagenaar. Dizze lêsten setten goed útein en kamen mei twa spul om neat foar. Troch wikseljen yn it perk (Visser efteryn en Siegersma foaryn) begûn it by harren te rinnen. Hja rammellen in nustje ballen oer de boppe en de partij drige te kanteljen. Krekt op ‘e tiid, by in stân fan 4-3 en 6-6, wisten se de opmars fan de tsjinstanner te kearen. Dochs soe it fiif earsten gelyk wurde mar op dy stân stienen Feikje en Bianca oan de goeie kant. Want de opslach wie by Steenstra cs krekt wat te moai en mei troch trije boppeslaggen yn it lêste earst wie de tredde priis foar partoer Wagenaar. (5-5 en 6-2). Bysûnder wie dat Harmke Siegersma troch bylotten fjouwer kear keatste mar úteinlik dochs mei lege hannen nei hûs gie.
De finale soe iensidich wurde, tocht men. Partoer Noorman hie twa kear foar in ferrassing soarge en trije kear dat soe dochs wol in lytse sensaasje wêze. Yn it begjin gie de partij dan ek sa as ‘de kenners’ dat foarsein hienen. It perk Scheepstra/ Van der Graaf wie sterk en nuodlik te bespyljen troch de opslach fan Noorman en Osinga. Mar nei in 3-1 efterstân kaam partoer Noorman dochs wer yn ‘e striid. It waard trije earsten gelyk mar doe’t sy in 6-2 foar sprong ferlearen en dernei flot op in 4-3 en 6-0 efterstân stienen, like harren lot beslikke. Mar hja hellen in Houdine act te foarskyn en kamen dochs op fjouwer earsten gelyk. Dêrnei kaam de Maaike Osinga show. Sy soarge mei in sterke útslach en twa sterke opslachballen foar in 5-4 foarsprong. Tsja, en as je dan sa ticht by de oerwinning binne, begjint it by de oaren ek te jûkjen. Doe’t Anke Marije Pompstra op 5-4 en 4-6 de keats foarby sloech, stienen sy samar op matchpoint. It wie op dy stân dat Manon Scheepstra, dy’t de foarbêst oernommen hie fan de wikselfallige Marije Hiemstra, de bal bûten de linen sloech. (5-4 en 6-6).
Al mei al in moaie keatserij en propaganda foar it frouljuskeatsen. De KNKB soe hjir de les út leare moatte dat krekt it t.i.l. it frouljukeatsen sa aardich makket. In overkill oan frije formaasje partijen dêr sit - útsein de sterke partoeren - net ien op te wachtsjen. Spitich wie einliks ek wol dat der krekt as alle oare foarôfgeande jierren gjin dielname wie fan jonge talinten út de earste klasse. Dat flaterke moat einliks folgend jier wer rjochtsetten wurde.
Foto 1: Sjoerd Dotinga
Foto 2: Henk Hempenius
zaterdag 18 mei 2013
Grinzer warskôget keatswrâld
Freedtejûn 5 april 2013. Yn Motel De Valk te Frjentsjer hâldt René Ahlers, yn syn funksje as Bûnsdirekteur fan de KNKB, syn lêste speech. Hy die dêr in opmerklike útspraak oer it takomstperspektyf fan it keatsen. Hy sei: - ik sitear út ‘e holle – ‘Als er niet op korte termijn iets veranderd, dan is het kaatsen over tien jaar alleen nog te bewonderen in het kaatsmuseum.’ In útspraak dêr’t je op syn minst fan ferwachtsje soenen dat immen fan it oanwêzige keatsfolk dêr op reagearre soe. Mar it bliuw stil, aaklich stil. Bûnsfoarsitter Sipke Saakstra helle in bosk blommen fan efter de kûlizen, betanke Ahlers foar al syn wurk en gie oer ta it ferfolch fan de wurklist. Ik wie ferbjustere.
Dêr sit ferdoarje it hiele keatsparlemint byinoar en dan seit in Bûnsdirekteur dat de sport dêr’t jo mei hert en siel oan ferbûn binne op stjerren nei dea is. Dan slacht it hert je dochs mal yn it liif om, soenen je tinke. Mar sa’k sei, it bliuw stil. En net iens stil om’t se krekt as ik sels ferbjustere of yn shock ferkearden. It wie of hâlden se de earen ticht foar wurden dy’t se net hearre woenen. Want, en dat is de oare kant fan de museummedalje, Ahlers spruts wiere wurden. En sa’t wy witte, wiere wurden ha in skel lûd en skelle lûden dogge sear...
Spitigernôch joech Ahlers net in wiidweidige analyze wat neffens him de oarsaken fan dy alarmearjende útspraak binne. Hy neamde koart in pear saken: feroarjende maatskiplike omstannichheden, ekonomyske krises (foar elk probleem te brûken), de konkurrinsje fan it Muorrekeatsen en de tanimmende populariteit fan it keatsen mei de “Zachte Bal”. Neffens my fergeat er in noch in wichtich aspekt en dat is de enoarm weromrinnende belangstelling fan it publyk. Sport hat syn wearde as aktive lichemsbeweging, mar net yn it lêste plak ek foar taskôgers as passyf meibelibjen en genietsjen. It keatsen hat (hie?) yn Fryslân mei troch dy passive belangstelling in besteansrjocht. Noch yn de jierren njoggentich fan de tweintichste ieu kamen der nei de Bûnspartij inkele tûzenen taskôgers. Oantallen dêr’t in Bûnsbestjoerder no allinnich noch mar fan dreame kin. It is dêrom ek net foar neat dat it NK foar junioaren net mear troch it Bûn sels organisearre wurdt. Te djoer, want te min ynkomsten fan beteljende besikers. Ek foar de PC rint de animo werom. Koenen je in tal jierren werom mei muoite oan in kaart komme, no binne se oant op de dei sels rûnom te krijen. In faai teken.
Der leit yntusken wol in kreas rapport fan Wallendal cs mar yngripende feroarings om it tij fan de weromrinnende belangstelling (ek de belangstelling om oan senioarewedstriden diel te nimmen, rint werom) te kearen, wurde net foarlein. Yntusken nimt de dielname oan wylde partijen ta, (Kippetjespartij mei mear as 100 partoer!), binne der al mar mear ‘Zachte Bal’ wedstriden en ha keatsbestjoerders gjin nocht mear om in foaroansteande partij te organisearjen. Ferliden jier wienen der op de Ale de Jong partij yn Wommels om de Gouden Klokjes mar 16 partoer en mear karmasters dan besikers. It hat, sa ha’k begrepe, de lêste kear west.
De boppeste foto jout in byld fan de Bûnspartij yn 1966. De ûnderste is fan de Bûnspartij yn 1992.
Boarne: www.kaatshistorie.nl
Dat it iene giet en it oare komt, is net slim, sa is’t no ienris. Mar as wy it slaan tsjin in muorre of it keatsen mei in Zachte Bal leaver dogge dan it Fryske spul en as it Bûn in spesjale trener oanlûkt foar it Muorrekeatsen en it Zachte Bal keatsen mei nimt yn syn keatsaginda en webside dan is it op syn minst saak dat je in lange termynfysje ha wêr’t je mei it besteande keatsen nei ta wolle. Faaks sjogge minsken fan bûten soks better as wy sels.
De boppeste foto jout in byld fan de Bûnspartij yn 1966. De ûnderste is fan de Bûnspartij yn 1992.
Boarne: www.kaatshistorie.nl
zondag 24 maart 2013
By it ferstjerren fan Wijtse Vlietstra
Op 21 maart l.l. ferstoar op 82-jarige leeftyd âld keatser en PC -winner (1949 en 1955) Wijtse Vlietstra fan Frjentsjer. Rynk Bosma skreaude yn in treflike weromblik op it (keats)libben fan Vlietstra dat wat betreft it tal anekdoates “vermoedelijk meer verhalen over hem in omloop zijn dan de jaren die hij heeft geleefd.” Ien fan dy anekdoates wol ik it keatsfolk net ûnthâlde.
It barde op de Lytse PC fan rûnom de ieuwiksel . De keuken fan it krekt nije doarpshûs yn Mantgum wie noch net hielendal klear en sadwaande wie der gjin patat of in waarme hap. Mar in bestjoerslid fan de keatsferiening hie spesjaal foar beide skiedsrjochters in gehakbal klearmakke en dy yn in pantsje meinommen. Se koenen dan yn de rin fan de middei waarm makke wurde. De betsjinning wie ynljochte dat it allinnich bedoeld wie foar de twa skiedsrjochters.
Yn de pauze foar de finale melde de earste skiedsrjochter him yn de kantine foar syn gehakbaltsje en gie by Wijtse Vlietstra oan it tafeltsje sitten. Doe’t de frou fan de betsjinning mei it gehakbaltsje kaam, sei Wijtse Vlietstra: “Mefrou, ha jo ek sa’n hearlike gehakbal foar my.” “Hearre jo der dan ek by?” “Ja natuerlik,” sei Vlietstra, “Ik bin der altiten by.” En sa krige Wijtse Vlietstra ek in grauwe gehaktbal. Doe’t twadde skiedsrjochter Jan Metselaar der ynkaam foar syn gehakbaltsje, striek Wijtse krekt syn hân mei in foldien gefoel oer it mânske liif.
donderdag 17 januari 2013
Stamreeks Chris Wassenaar
Iedereen zijn hobby. Zo vindt Sytze Giezen het aardig om de stamboom uit te zoeken van bekende Friezen. Zo achterhaalde hij de roots van Epke Zonderland en wist te bewijzen dat beachvolleyballer Richard Schuil verwant is aan kaatser Hotze Schuil. Vorige week verraste hij mij met een stamreeks van Chris Wassenaar die terugliep tot in de 12e eeuw.
Giezen kon voor zijn onderzoek gebruik maken van ’De Friese Wassenaars’ een familieonderzoek uit 1963 door W. Tsj. Fleer. Bij bestudering van de stamreeks valt op dat topkaatser Chris zijn voornaam tot 12 generaties in de vaderlijke lijn kan terug vinden. Een unieke situatie!
Eind 16e eeuw (ca. 1583) was Christiaen Stevensz Wassenaar de eerste die de naam Chris in de familie bracht. De voorouders van Chris Wassenaar behoorden begin 16e eeuw tot de eerste bewoners van de toen ingepolderde sliklanden in het noorden van Friesland, de tegenwoordige gemeente Het Bildt. Het waren de vier zonen van Willem Stevenzoon die in 1504 vanuit Zuid Holland naar Noord Friesland trokken. De vier broers: Steven, Barthout, Cornelis en Claas vestigden zich met hun vrouwen op Het Bildt. Steven in de hoek van de Koudeweg nabij Berlikum, Barthout ten Oosten van de Kadalsterweg bij St. Jacobiparochie. Cornelis vestigde zich ook onder St. Jacobiparochie en wel wel waar thans de eerste boerderij staat, West van het Hoekje en Zuid van de Middelweg. Claas kwam te wonen op de eerste boerderij ten Westen van de Noorderweg onder St. Anna Parochie en zuid van de Oudebildtdijk.
Historicus Kees Kuiken heeft in een familieonderzoek aangetoond dat ook de vermaarde kaatser Klaas Kuiken [zie: http://www.kaatshistorie.nl/biografie.php?bioid=22&o=1] een afstammeling is van Willem Stevenszoon. Hij kan nu met recht de ‘Godfather van Het Bildt’ worden genoemd.
Stamreeks van Chris WASSENAAR
Generatie I
1 Chris WASSENAAR, Kaatser, geboren op 27‑02‑1973 te Tzummarum.
Generatie II
2 Siete WASSENAAR. Geboren op 04-02-1946 St. Jacobiparochie.
Gehuwd op 25‑09‑1970 te St.Annaparochie met
Uit dit huwelijk:
Generatie III
4 Christiaan WASSENAAR, Landbouwer, geboren 03-07-1916 in St. Jacobiparochie, overleden op 04‑07‑1984 te Minnertsga.
Gehuwd met
5 Jacobje KOUWENHOVEN, geboren 02-02-1919 Assen, overleden op 09‑07‑1982 te Minnertsga. Dochter van Hendrik Kouwenhoven en Catharina Zwiers.
Uit dit huwelijk:
Generatie IV
8 Job Christiaan WASSENAAR, Werkman, geboren op 22‑03‑1886 te Minnertsga, overleden op 23‑01‑1969 te Minnertsga op 82‑jarige leeftijd.
Gehuwd op 26‑jarige leeftijd op 16‑05‑1912 te Het Bildt met de 23‑jarige
9 Trijntje KRAMER, geboren op 18‑04‑1889 te Minnertsga, overleden op 04‑07‑1971 te Minnertsga op 82‑jarige leeftijd, dochter van Johannes Kramer en van Janke Holwerda.
Uit dit huwelijk:
Generatie V
16 Christiaan WASSENAAR, Arbeider/Gardenier, geboren op 17‑04‑1848 te St.Jacobiparochie, overleden op 11‑11‑1923 te Leeuwarden op 75‑jarige leeftijd.
Gehuwd op 35‑jarige leeftijd op 03‑05‑1883 te Het Bildt met de 27‑jarige
17 Klaasje TEMPEL, geboren op 10‑06‑1855 te St.Jacobiparochie, overleden op 25‑03‑1895 te St.Jacobiparochie op 39‑jarige leeftijd, dochter van Klaas Heins Tempel en van Mietje Jurjens de Groot.
Uit dit huwelijk:
Generatie VI
32 Jop Christiaan WASSENAAR, Gardenier, geboren op 08‑05‑1815 te St.Jacobiparochie, overleden op 13‑01‑1900 te St.Jacobiparochie op 84‑jarige leeftijd.
Gehuwd op 32‑jarige leeftijd op 16‑12‑1847 te Het Bildt met de 31‑jarige
33 Hiltje Jacobs TJEPKEMA, geboren op 01‑11‑1816 te Vrouwenparochie, overleden op 01‑02‑1881 te St.Jacobiparochie op 64‑jarige leeftijd, dochter van Jacob Tjepkes Tjepkema en van Trijntje Taekes Miedema.
Uit dit huwelijk:
Generatie VII
64 Christiaan Jobs WASSENAAR, Gardenier, geboren op 12‑08‑1774 te St.Jacobiparochie, overleden op 24‑02‑1837 te St.Jacobiparochie op 62‑jarige leeftijd.
Gehuwd met
65 Neeltje Alberts BUUREN, geboren op 28‑11‑1777 te St.Jacobiparochie, overleden op 03‑08‑1845 te St.Jacobiparochie op 67‑jarige leeftijd, dochter van Albert Dirks en van Houkjen Jentjes.
Uit dit huwelijk:
Generatie VIII
128 Job Arjens WASSENAAR, Landbouwer, geboren circa 1735 te St.Jacobiparochie, overleden op 13‑04‑1809 te St.Jacobiparochie.
Gehuwd voor de kerk op 29‑08‑1756 te St.Jacobiparochie met
129 Pietje Annes MUG, overleden op 26‑04‑1803 te St.Jacobiparochie, dochter van Anne Binnerts en van Liefke Jarigs.
Uit dit huwelijk:
Generatie IX
256 Arjen Christiaans WASSENAAR, Mr.Timmerman/Landbouwer, geboren circa 1709 te St.Jacobiparochie, volgens de quotisatiekohieren van 1749 was Arjen Christiaans "redelijk wel gesteld", bestond zijn gezin uit 4 volwassenen en 1 kind en bedroeg de belastingaanslag £44‑9.
Pachter plaats 18 hoek Groenedijk.
Gehuwd voor de kerk op 20‑04‑1732 te St.Jacobiparochie met
Uit dit huwelijk:
Generatie X
512 Christiaan Arjens WASSENAAR, Mr.Timmerman en wagenmaker, geboren op 03‑11‑1665 te Vrouwenparochie, overleden voor 1719.
Gehuwd voor de kerk op 42‑jarige leeftijd op 26‑02‑1708 te St.Jacobiparochie met
Uit dit huwelijk:
Generatie XI
1024 Arjen Christiaanszn. WASSENAAR, Mr.Brouwer, geboren circa 1630.
Gehuwd met
Uit dit huwelijk:
Generatie XII
2048 Christiaen Stevensz WASSENAAR, Landbouwer/Kerkvoogd, geboren circa 1583 te St.Annaparochie.
Gehuwd met
Uit dit huwelijk:
Generatie XIII
4096 Steven Willems WASSENAAR, geboren circa 1555, overleden circa 1628.
Gehuwd met
Uit dit huwelijk:
Generatie XIV
8192 Willem Stevensz. de Olde WASSENAAR.
Gehuwd voor de kerk circa 1555 met
Uit dit huwelijk:
Generatie XV
16384 Steven Willemsz. WASSENAAR, geboren circa 1474 te Sassenheim, overleden voor 1537 te Molenschot onder St.Jacobiparochie.
Gehuwd voor de kerk circa 1520 met
Uit dit huwelijk:
Generatie XVI
32768 Willem Stevensz. WASSENAAR, geboren 1445/1455 te Sassenheim.
Gehuwd met
32769 Emerents Gerrits van POELGEEST.
Uit dit huwelijk:
Generatie XVII
65536 Steven Huygensz. WASSENAAR, geboren circa 1410 te Sassenheim.
Kinderen:
Generatie XVIII
131072 Hughe Jacobsz. WASSENAAR, geboren circa 1385 te Leiden. In 1424 welgeborene Sassenheim.
Kinderen:
Generatie XIX
262144 Jacob Barthoutsz. WASSENAAR, geboren circa 1350 te Leiden. In 1377 poorter Leiden, 1384 gen. in Zuidwijk.
Kinderen:
Generatie XX
524288 Barthout Mourijnsz. van WASSENAER, Schout van Zuidwijk 1357, geboren circa 1320.
Kinderen:
Generatie XXI
1048576 Mourijn Bartholomeuszn. van WASSENAER.
Kinderen:
Generatie XXII
2097152 Bartholomeus Jacobsz. van WASSENAER.
Kinderen:
Generatie XXIII
4194304 Jacob Bartholomeusz. van WASSENAER, geboren circa 1230, overleden circa 1272 te Vroonen. Neef van Dirk 2 in 1264, overleden als ridder in 1272 tegen de West‑Friezen bij Vroonen.
Kinderen:
Generatie XXIV
8388608 Bartholomeus van WASSENAER, geboren circa 1200.
Kinderen:
Generatie XXV
16777216 Dirk 1 van WASSENAER, geboren circa 1170. Vermoedelijk gehuwd met Bertha van Teijlingen.
Kinderen:
Generatie XXVI
33554432 Philips van WASSENAER, geboren circa 1140. Philips was later gehuwd met Agnes Persijn (dochter van Jan Persijn ridder en heer van Waterland).
Gehuwd met
33554433 Agnes Dirks PERSIJN van WATERLANT, geboren circa 1176, overleden circa 1223 te Monnickendam.
Uit dit huwelijk:
Abonneren op:
Posts (Atom)










