woensdag 10 september 2014

Dielname Lytse PC: Om te janken


Al sûnt 1947 organisearret KF Jacob Klaver út Mantgum De Lytse PC. In partij dy’t troch de jierren hinne oansjen krige. Mei yllustere winners as Chris en Jacob Wassenaar, Sake Saakstra, Cornelis Terpstra, Stephan Kleefstra, Anne van Straten, Willem Hiemstra, Martinus Santema, Pieter de Boer, Jehannes van der Mey, André Tolsma, Simon Minnesma, Rinze Bleeker, Marten Feenstra., Rudmer van der Meer, Jochem Bouma, Germ Okkinga, Abe Kooistra en gean sa mar troch. [sjoch: http://fy.wikipedia.org/wiki/Lytse_PC ] Ferliden jier spite it Pieter van Althuis alle hierren op syn holle dat hy d’r krekt foar de finale ôfrekke. Want sa sei er: “sa’n partij wol je winne”.
 
Dit jier waard der troch it bestjoer ek wer fan alles út de kast helle om d’r in bysûndere dei fan te meitsjen.  Ik neam:
·         In prizepot fan € 1200,--.
·         Nei ôfrin gratis tagong ta in gesellich slotfeest mei live muzyk
·         Yn oerlis mei de keatsers útrikking fan de Janse Skaal
·         Utnoeging fan de winners fan 25 jier ferlyn
·         Keatsers dy’t ofskie nimmende maten tasprekke
·         In spesjale oanklaaing fan it fjild en alle linen beset mei karmasters.
·         Om it finanseel mooglik te meitsjen rinne frijwilligers har de skonken ûnder it gat wei foar in grutte lotteferkeap.
Dan sjogge jo de opjefte en dan krij je de triennen yn de eagen. It bestjoer is ferbjustere: 14 partoer! Noch nea yn de histoarje fan de Lytse PC wie de dielname sa leech. Wa is d’r oan ‘e hân? In protte keatsers wolle no leaver wer fuotbalje. Meastal giet dat om ien of yn in inkel gefal om twa personen út in partoer. Dat wie noait net sa’n probleem, want dan frege jo gewoan in oar. Mar troch it rankingsysteem mei feste partoeren yn de cyclus kin dat net mear. Want as je fuotbalje kin je fansels net sizze dat je in blessuere ha en dat dêrom in oaren meidocht.  
 
Wat is no belangriker: it systeem of it keatsen?
Ik tink da’k op it slotfeest mar ien ekstra nim want it koe wolris de lêste kear wêze!