zaterdag 24 maart 2012

Wat he se no wer betocht?

Tiisdei te jûn 20 maart hienen we ús jierlikse foarjiersgearkomst fan de pleatslike keatsferiening. We ha in warber bestjoer dat allemachtich syn bêst docht om oer alle einen en kanten it keatsen libben te hâlden. Dit jier mar leafst in list mei twaentweintich (!) keatsaktiviteiten wêrûnder njoggen foar de bern. Fan Pankoekkeatsen oant Olympysk keatsen en fan Lytse PC oant Iepen Kampioenskip Pearke Teatsen. In prachtich klupblêd, in nije webside, nije trainingspakken foar de jeugd en noch altiten “swarte sifers” op de jierrekken. In feriening dêr’t je as lid grutsk op wêze kinne.
Mar de stimming yn de gearkomst waard der by punt 8 fan de wurklist net better op. By it punt KNKB-saken krigen we “vers van de pers” it nijs dat it Bûn mei in “bekerkompetysje” komt foar ôfdielingspartoeren. Dizze “FRIESLAND BANK CUP moat krekt as by it fuotbaljen ferspile wurde yn trije of fjouwer foarrondes en de oerbleaune ferienings spylje de finaleronde yn Dronryp. De foarrondes moatte spile wurde by ien fan de dielnimmende ferienings. De winnende feriening krijt in bedrach, sawol bij de manlju as de froulju, fan mar leafst  1500.-- en foar de twadde en tredde priis is in bedrach beskikber fan 1000.—en 500.--. Gjin gekke bedragen foar ferienings mei topkeatsers. It gehiel moat al starte foar it begjin fan it keatsseizoen op woansdei 18 april en de finaleronde is feststeld op sneon 15 septimber.
By fragen út de seal dy bliken dat ús bestjoer fan neat wist. Sels hie ik mei de foarsitter begjin maart op it ledeberie fan de KNKB west en ek dêr wie der mei gjin wurd oer praten. Ut in belrûntsje lâns in pear oare ferienings dy bliken dat dy ek net ynformearre wienen. It komt allegearre as in tongerslach by klearljochte dei.
Yn in begeliedend skriuwen fan de KNKB stean in pear foardielen foar publyk en keatsers dêr’t my de lever fan begjint te kideljen. Ik sil in oantal hjirnei behannelje en in pear kanttekens by pleatse.
1. Goede en serieuze voorbereiding op kaatsseizoen.  Amahoela... tinke se no echt op it Bûnsburo dat de ledekeatsers fan Mantgum, Weidum, Jorwert en al dy oare lytse ferienings no al yn de rin fan maart begjinne te trainen foar in partijtsje keatsen yn april?
2. Goede ontwikkelingsmogelijkheden voor eigen team. Hoe fersinne se it!  Us eigen ledekeatsers dogge al mei oan de Greidhoekekompetysje, de pelotekompetysje, it pelotekampioenskip, it ledekeatsen op freed tejûn en dernjonken wolle we ek graach dat se meidogge oan strjittekeatsen, famyljekeatsen, merkekeatsen, Pearketeatsen, Barbequekeatsen, Blomkepartij, Trije kear Lotsjen Partij, Ids van der Ende Partij en de Mienskipspartij. Dêrnjonken kinne ús keatsers as se wolle hast elk wykein wol terjochte by keatsen yn buordoarpen of op KNKB partijen. Sparringpartners en ûntwikkelingsmooglikheden genôch soe’k sizze.
3. Meer binding met eigen supporters en publiek. Tinke se by it Bûn no echt dat ús leden massaal nei it keatsfjild komme as ús ledekeatsers tsjin in toppartoer út St. Jabik of Dronryp keatse? Se komme earder as Mantgum tsjin Jorwert keatse moat yn de pelotekompetysje. Dêr ha se wat mei. Mar mei in ynmaakpartijtsje yn de “FRIESLAND BANK CUP” krije de keatsers echt gjin bining mei har supporters.
4. Kans op it winnen van een hoofdprijs. Dat sil de keatsers woarst wêze! It prizejild giet ommers nei de feriening. It is sels mooglik dat topkeatsers wegerje sille om hjir oan mei te dwaan, want se moatte it wykein ek wer. Mooglik dogge se allinnich mei as se de helte sels hâlde meie. En woenen we net komme ta minder wedstriden foar de topkeatsers?

Ek de oare optochte foardielen ha in heech fantasijgehalte. Saken as ekstra opbringsten út catering (ien oerke keatse, bakje kofje en gau nei hûs!) spanning, belutsenheid en seleksjemooglikheden binne allinnich realistysk foar tsien of tolve (grutte) ferienings mei topkeatsers. Foar it grutste part fan de meast lytse ôfdielings slacht dit as in tange op in baarch.

En dan noch wat. Hoe komt it mei de status fan ús besteande NK foar senioaren?  Yn it ferline hie dit de binende namme fan BÛNSPARTIJ. In wedstriid dêr’t lytse feriening ek neat te sykjen ha, mar as je middeis noch op it Sjûkelân stean, is de dei goed. Boppedat hat it fan âlds ek in heech famyljegehalte. It Bûn as keatsfamylje dy’t ienris yn it jier by inoar komt. Je dogge dan as lytste út de grutte famylje gewoan mei, ek al ha je gjin inkele kâns op in priis. Dizze mei jild optúgde FRIESLAND BANK CUP set ús besteande Bûnspartij dy’t fan âlds de ôfdielingspartij wie, yn it skaad. Hjir sjit it Bûn yn syn eigen skonk.

En wêrom is der gjin kontakt opnaam mei de organisatoaren fan De Greidhoeke kompetysje? Dizze ferienings stekke harren nekke út mei in inisjatyf om benammen it keatsen “yn de breedte” te stimulearjen. In ôfdielingspartij foar froulju, junioaren en manlju senioaren, meast ledekeatsers mei as doel, net om in grut jild bedrach te winnen, mar om te keatsen. Om mei inoar wille te meitsjen, foar bining tusken minsken op lokale skaal. Om’t De Greidhoekekompetysje ek in ôfdielingswedstriid is, kin ik mei foarstelle dat de inisjatyfnimmers fan dizze partij harren flink ôfsketten fiele.

Ta beslút. Yn Bûnsfermiddens wurdt faak praat oer draachflak, oer bining, oer iepenheid, oer mei inoar. Dêr is yn dit gefal hielendal neat, mar dan ek neat fan te merken. Ha we fan Wiebe Wieling no net opstutsen dat bining, belibbing en mienskipssin net te keap is mei jild?

zaterdag 17 maart 2012

Trije Amearikanen yn 1930 op ‘e list yn De Ryp

It bart net sa faak dat keatsers fan bûten de lânsgrinzen oan keatspartijen yn Fryslân meidogge. Yn de earste twa desennia fan de 20ste ieu wienen der mei regelmaat “ynternasjonale” keatsmoetings en dienen der yn ferskillende gearstallings Belgen mei oan keatspartijen. Ferneamd is yn dat opsicht de PC oerwinning fan 1917 troch de Belgen August van Lierde, Emile Hoyois en George Herphelin.
Mar trije Amearikanen dy’t oan in keatspartij meidogge en dan ek noch wol op in ôfdielingspartij dat is by myn witten mar ien kear fertoand. It barde op snein 13 juny 1930 yn De Ryp. “Het was een kalme Zondag op kaatsgebied gisteren, geen enkele groote wedstrijd; hiervan maakte “Sjirk de Wal” gebruik om een wedstrijd van afdeelingsparturen in te leggen. De slechte weersomstandigheden van daags te voren hadden plaats gemaakt voor uitstekende kaatsweer, dus kon een goede wedstrijd worden verwacht, ook omdat de lijst vele goede parturen bevatte.” http://tinyurl.com/7qvl25m
Der stienen 15 partoer op ‘e list mei sterke dielnimmers út Bitgum, Ljouwert, Huzum, Dokkum, St, Jacob, Wytmarsum, en Harns. Alle toppers út dy tiid dienen mei. En dan stie dêr sa mar in partoer tusken mei IJ. Smid, T. de Jong en H. Joustra út Paterson yn Amearika. Hja wienen lid fan keatsferiening U.T.Y.  dat betsjutte “Untspanning Troch Ynspanning”. De mannen koenen it net risse tsjin C. Tijssen, D. Ganzinga en H. Park fan de organisearjende feriening. De LC skriuwt: “De internationalisten uit Paterson zijn niet in staat het te bolwerken. Zij zijn allen van Friesch origine en hunne deelname zal meer als een attractie zijn bedoeld. In vroeger jaren was o.a. Smid, afkomstig uit Dronrijp een zeer goed speler. De tegenstanders zijn op eigen terrein de baas en gunnen de Amerikanen niet meer dan een 1 spel.”.
It wie net de ienichste keatspartij dêr’t de “Amearikanen” har dat fearnsjier sjen lieten. Want ek yn Mantgum, Wiuwert, Britswert, Itens, Bitgum en sels Aldebiltsyl stienen de mannen út Paterson op ‘e list. De Jong wûn sels yn Itens, Britswert en Aldebiltsyl in priis. Yn Mantgum stelden se mei-inoar de prizen beskikber foar in jongespartij. En foar in senioarepartij skonk de emigrant M. Fransbergen sels fjirtich gûne.  http://tinyurl.com/6mamm8o
Dizze Fryske emigranten lieten har yn 1928 fotografearje nei ôfrin fan har jierlikse keatswedstriid yn Rochester.  Links it partoer út Paterson mei Theunis de Jong, Lou Zijlstra en Sam Riemersma. It rjochter partoer mei Sibolt de Jong, Freerk Taconis en Bertus de Wolf kaam út Rochester. Yn it midden Pier Meintema mei medalje.
Foto: http://www.tresoar.nl/

It keatsen libbe yn Paterson. Yn de LC fan 23-6-1930 http://tinyurl.com/7ssawbu  stiet in ferslach fan in keatspartij yn Paterson. Der kamen mar leafst 75 dielnimmers op of. En it is ek bekend dat de keatsferienings fan Rochester en Paterson yn dy tiid elk jier in kear yn beide plakken tsjin  elkoar keatsten. Doe’t in Amerikaanske sjoernalist dy’t it spultsje fansels nea earder sjoen hie, dêr in ferslach fan makke skriuwde hy dat dizze sport “kear um bliksum” neamt waard. It is dêrmei dúdlik dat ek de keatstaal mei ferhuze nei “It lân fan dream en winsken”.
De Fryske Amearikanen gienen mei in opmerklike keatspriis wêrom nei Paterson. Hja lieten by Juwelier Bolman yn Ljouwert in sulveren wikselpriis meitsje. De priis bestie út in skyld mei in keatser en in tillegraaf en ûnder it skyld in lytse sulveren keatsbal. It gehiel moat blykber de muoite wurdich west ha want Bolman prizige yn in advertinsje sels oan dat it yn syn etalaazje te besjen wie. http://tinyurl.com/7l55kj5


zaterdag 3 maart 2012

Tjalling van den Bosch al op jonge leeftijd “uitblinker”.

Achlumer Tjalling van der Bosch is het meest bekend vanwege  zijn deelname aan de krachtsport.  In die sport werd hij ooit “Sterkste Man” van Nederland. Maar Tjalling is daarnaast een verdienstelijk dammer en deed namens Kaatsvereniging Achlum ook een aantal keren mee op Bondswedstrijden.
Minder bekend is zijn optreden op vierjarige leeftijd als “fluitist” in de pauze voor de finale van de Freulepartij in 1959. Bij mijn weten is zijn fluitspel niet tot grote hoogte gestegen en is het in de muziek bij dit ene optreden gebleven. Maar gevoel voor theater zat er blijkbaar al jong in.
Bron: Leeuwarder Courant, 6 augustus 1959.