donderdag 26 november 2015


De ambachtsman, de artyst en de gûcheler.

Ferline wike skille Geart Oostra my, mei de fraach of ik de PC-winners tasprekke woe. Dy fraach kaam ryklik let want ik bin net immen dy’t soks samar út syn mouwe skoddet. Twa minúten foar tolve dus. Folle betinktiid koe net lije en yn in dwaze bui ha ik dêr mar yn tastimt. Troch in lichamelik ûngemak ha ik dit jier foar it earst sûnt 1985 net op de PC west. En hoewol  ik it wol folge ha fia radio en tv belibje jo sa’n dei dochs oars as oars. It bliuwt allegear wat op ôfstân. Ik wol it dan ek net ha oer jim PC-winst, dêr is einliks ek al genôch oer sein en it feroaret it byld dat ik fan jim ha dochs ek net. Ik ha jim alle trije al sûnt jim jongesjierren keatsen sjoen, earst foaral by it t.e.l. en de ôfdielingspartijen en letter yn de frije formaasje.  Ek oer jim frije formaasjepartoer is al genôch skreaun, wat soe ik dêr noch oan tafoegje kinne? Ik ha my sels dan ek de fraach stelt: ‘Hoe soe ik dy mannen no yn ien wurd typearje kinne? En wat betsjut dy typearring dan?’ Ik kaam ta de folgjende trije types: De Ambachtsman, de Artyst en de Gûcheler.
Daniël is foar my de ambachtsman, Taeke de artyst en Gert-Anne de gûcheler. Om my te ferdjipjen yn dizze trije ferskillende types ha ik der earst mar ris wat literatuer op nei slein en dat hat my ynspirearre ta de folgjende beskriuwing. Ik wol begjinne mei
DE AMBACHTSMAN
Om de ambachtsman wat better te begripen ha ik it boek DE AMBACHTSMAN bestudearre. It is skreaun troch de ferneamde sosjolooch Richard Sennett ferbûn oan de New York University. Dat boek spruts my daliks oan want op de foarside stiet al daliks in hân. Dochs it wichtichste ark fan in keatser.  As je it boek lêze dan kom je ta de konklúzje dat Sennett foar it beskriuwen fan de ideale ambachtsman Daniël Iseger foar eagen hân hat. Hy beskriuwt de ambachtsman as immen dy’t slypje moat oan syn feardichheden en dy’t nei jierren fan hurd wurkjen in spesjalist is op syn terrein. En as ‘r ien kear sa fier is, dan hat syn wurk ek in soarte fan ‘automatisme’. It liket as kostet it gjin muoite om elke kear deselde hege kwaliteit te berikken. In ambachtsman, seit Sennett, wit nei jierrenlange trainings wat er kin en soks soarget foar fertrouwen en rest. Hy is baas oer de matearje. Sennet hat it hjir dus gewoan oer Daniël.
Sennett stelt dat in ambachtsman altiten in goeie ferbining makket tusken hersens- each en hân. Hy seit letterlik; “Tezamen met het oog en enige lichaamscoördinatie kan de hand zo veel moois voortbrengen.’  En hy seit ek dat in ambachtsman altyd foarút tinkt. Hy wit wat er kin en docht wat er wol. En troch erfaring wit hy wat it resultaat wurde sil.
It bysûndere fan in ambachtsman is neffens Sennett ek dat je tinke dat je soks sels ek kinne. Mar it tsjindiel is it gefal. Hjir moast ik daliks tinke oan de opslach fan Daniël. Syn opslach liket sa ienfâldich, in leek soe sizze: ‘it binne opgoaiers’. Dochs ha de measte perkspilers der in gloeiende hekel oan. Ik wol einigje mei in sitaat fan Sennet dat neffens my perfekt past by Daniël: ‘Ambachtelijkheid is meer dan louter vakmanschap. Het staat voor het verlangen om het werk goed te doen, niet omdat het moet, maar omdat een ambachtsman altijd streeft naar perfectie.’
DE ARTYST
Yn tsjinstelling ta de ambachtsman dy’t jierrenlang slypje moat om in hege kwaliteit te berikken hat de artyst fan jongs af oan in unyk talint. In talint dat al yn de âldheid troch Plato en Aristoteles yn ferbân brocht waard mei estetika of om yn gewoan Frysk te sizzen: ‘mei súverheid.’ It wurk fan in artyst hat sa’t it wurd einliks al seit altyd in artistike wearde. It is moai om nei te sjen, mar it jout meastentiids mear dan dat, it is net allinnich moai, it is genietsjen. It wurk fan in artyst hat dan ek altyd te krijen mei emoasje, mei gefoel, mei freugde en fertriet. Fertaalt nei de artyst dy’t ik yn Taeke herken, is dat it genietsjen nei it boppe slaan fan in hast ûnmooglike opslach, mar ek dat je meilibje mei de pine dy’t ‘r ferbite moast doe’t it ferline jier net woe. Mar by de artyst giet it net allinnich om it boppeslaan op himsels mar foaral oer de wize wêrop. By Taeke is dat it linige yn de lichemsbeweging, de soepele beweging fan de earmtakke en de súverens fan de slach. Neffens Plato en Aristoteles estetika yn optima foama.
By artysten en keatsers moat ik altyd tinke oan de útspraak fan de legindaryske keatser Wytse Vlietstra. Hy neamde himsels ’in materialist’ en fûn dat er in min betelle artyst wie yn it sirkus Rodenhuis. Rodenhuis wie doe Bûnsfoarsitter.
Keatsers en jild. Dat hat altyd al in bysûndere relaasje west. Doe’t âlde Jan Reitsma ris frege waard om mei te dwaan oan in merkepartij yn Boazum frege hy 10,-- startjild en doe’t de timmerman fan it doarp him frege as hy mei him en syn knecht stelle woe, dy er dat allinnich foar 5,-- de man. En doe’t Reitsma nei ôfrin as kening de krânse krige, ferkocht er dy oan de timmerbaas foar in ryksdaalder. Artysten moatte sels de priis stelle om troch de tiid te kommen.
 Tsja as Taeke  in artyst is, hoe sit it dan mei syn finansjele stellerij? Wat kin sa’n jonge no freegje foar in optreden? Ik ha ris efkes googelt  op ynternet om te sjen wat oare artysten freegje. Fan de Hollânske artysten is Marco Borsato de djoerste. Jo kinne him foar 27.500,-- in heal oerke ynhiere. Guus Meeuwis sjongt foar 20.000,--  mar fersekert jo dêrby fan Brabânske gesellichheid. Jantje Smit komt foar 14.000,-- en Frans Bauer foar 10.000,-- Wolle jo wat goedkeaper dan komme jo by Dries Roelevink of Bonnie St. Clair foar 2000,-- mar foar dy leste moat der wol in flesse wyn by. En wolle jo foar in prikje dan kin je ek Rinus út Liwwadden ynhiere. Hy komt foar 700,-- op syn scooter en nimt Ramona mei.
Yn dat ljocht besjoen moat Taeke in fermogen fertsjinje. De hiele simmer elk wykein optredens. En it bliuwt dan net beheind ta in heal oerke. Nee, de man makket der meastentiids in show fan dy’t samar  5 oant 6 oeren duorje kin. Soks moat der finansjeel flink ynklappe. It is dan ek wol hyl bysûnder dat er fan ‘e jûn foar syn oanwêzigens hielendal neat freget.
Ik wie einliks ek wol benijd wat de fiskus seit oer de ynkomsten fan artysten. Ik ha dan ek it boekje ‘artiest en fiscus’ d’r op nei slein. Foar de fiskus is in artyst ‘iedereen die zich op een of andere wijze creatief uit, zodanig dat dat voor andere mensen te bekijken, te beluisteren en of te bevoelen is. Hij/zij levert een artistieke prestatie. En it makket foar de fiskus neat út of je berops of amateur binne.

Taeke falt neffens my alhiel binnen dizze definysje en kin dus mar oppasse as it giet om syn ynkomsten want neffens dit boekje giet it by de belêstingoanjefte fan artysten noch wolris ferkeard. Of se dogge hielendal gjin oanjefte, of de boekhâlding ûntbrekt of se jouwe gjin ynkomsten op. Mar dit handige boekje jout ek tips foar artysten as it giet om ôftrekposten en ik wol Taeke as superartyst dochs efkes wize op wat mooglikheden. Alderearst de reiskosten. Dy binne allinnich ôftrekber as it giet om altyd deselde route tusken wenjen en wurk. De route nei de wedstriden is elk wykein oars dus dat falt of. Mar it hin- en wer riden nei de trainings kin mei 57ct de km as ôftrekpost meinommen wurde. Net ûnoantreklik liket my. In oefenromte oan hûs kin opfiert wurde as kostenpost foar ferwaarming,  ljocht en ôfskriuwing fan ynventaris.  De keats- en trainingsklean en it keatsark, tink oan de keatsmof, binne foar 100% ôftrekber. In spesjale tarieding fan in meardaagse training kin neffens my skowt wurde ûnder it kopke stúdzjereis en is dan foar 75% mei te nimmen. Fakliteratuer sa as De Keatsfreon en De Wis In en ek telefoankosten falle hjir wer net ûnder. Mar net ûnoantreklik is it dat ferbliuwskosten foar 75% ôftrekber binne. En it is foar keatsers nuttich om te witten dat by ferbliuwskosten spesifyk konsumpsjes neamt wurde. Dit hie foar de artysten ûnder de keatsers út earder tiid ek wol in aardige duit skele kinnen.
Ik bin oer Taeke begûn mei Plato en de estetika. Ik wol dêr wat him oanbelanget ek mei einigje. En wol mei in sitaat fan Plato: ‘Schoonheid is zichtbaar geworden liefde’. Ik fertaal dat dan mar as: ‘Leafde foar de estetika yn de keatserij’.
DE GÛCHELER
Dan komme we no as lêste by De Gûcheler. Van Dale omskriuwt in gûcheler as immen dy’t wat docht wêrfan je net begripe hoe’t it kin. In oar wurd foar gûcheler is yllúzjonist. In gûcheler jout jo de yllúzje dat it allegearre hyl ienfâldich is wat er docht, mar dochs snappe jo net hoe’t it kin. In gûcheler bringt jo fia ferwûndering en ferbazing nei ûnbegryp. Stikem fynt in gûcheler it moai om de taskôger in fertwiveling efter te litten.  Soks jildt ek allegearre foar it opslachwurk fan Gert- Anne.
Tsjinstanners meitsje har noch wolris de yllúzje dat se in bal fan him reitsje kinne, mar meastentiids stean se fan ferwûndering en ferbazing mei fol ûnbegryp te sjen wêr’t de bal bedarre is. Se ha wol in oanloop sjoen mar gjin bal. En ha jim dan wolris letten op it gesicht fan de gûcheler oan de opslach? Hy hat der súver skik yn om syn tsjinstanners yn fertwiveling efter te litten.
Om in gûcheler wat better te begripen ha ik it boek oer de Fryske gûcheler Professor Bergini der op nei lêzen. De man hite gewoan Ybe van Zandbergen mar hy makke dúdlik dat it skeelt as je as  gûchelers in namme ha dy’t wat heimsinnich oan docht. Hy makke fan it leste part fan syn namme dan ek Bergini. Ik soe Gert-Anne dan ek sterk in oerweging jaan wolle om him Bosini te neamen.
Prof. Bergini jout oan dat in gûcheltrúk it beste wurket as de taskôger of de persoan wêr’t in trúk mei úthelle wurdt, net wit wat de gûcheler fan plan is. Dêrtroch witte se net wêr’t se op lette moatte.  Des te grutter de mate fan ûnfoarspelberens des te grutter it effekt. As we it ha oer ûnfoarspelberens yn de opslach dan ha we it fansels oer Bosini. As earste wit allinnich hysels – meastentiids -  wêr’t er de bal bringt, lit stean dat de tsjinstanner him dêr op tariede kin. En foar de taskôgers is syn opslach faak ien grutte foarm fan optysk bedroch. Troch syn fingerflugge hânbewegingen ha je gjin idee wêr’t de bal út syn hannen no einliks bedarret.
It is meskyn net by elkenien bekend mar ús lân hat in hege namme op te hâlden as it giet oer wrâldferneamde gûchelers. We hienen yn Fred Kaps immen dy’t meardere kearen wrâldkampioen gûcheljen wie. Tusken 1955 en 1979 waard hast altiten in Nederlanner wrâldkampioen gûchelen. Ek dêrnei koe Nederlân goed meikomme en we ha no yn Hans Klok wer in wrâldferneamde yllúzjonist.
Oer de nijste yllúzjonist hoege wy net lang nei te tinken. Dat is fansels Bosini. Ik ha begrepen dat er  foar folgend jier ek al in nije siswize hat foar it opslaan fan de earste bal yn de partij. Dat wurdt net langer: ‘ ít giet oan’, mar ‘hokus pokus pats’.  
Spitigernôch kin ik jim dizze trije boeken NET mei jaan. Ik ha se te lien út de biblioteek, mar ik ha wol wat oars te lêzen foar jim meinommen. Ut namme fan De Freonen fan it Keatsmuseum  mei ik sawol de earste as twadde priiswinners fan de ôfrûne PC it jierboek De Keatsfreon oanbiede. Fansels hopet dizze Freoneklup dat jim yn de takomst ek lid wurde. It lidmaatskip is net ôftrekber by de belestingen, mar ik ha begrepen dat 15,-- foar in jierslidmaatskip hast it selde is as in rûntsje bier yn de klaaiboks, en dat lêste mei wol ôflutsen wurde. Dus dat moat altiten slagje.
                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                   

Geen opmerkingen:

Een reactie posten