Dat barde fan ‘e
jûn, moandei 8 july op it Bûnsburo. Ik gie der hinne yn de ferwachting dat it
dêr wolris drok wurde koe. Se soenen der allegear wol wêze: de feriening fan
keatsers, in ôffurdige fan de meast foaroansteande keatsers, coaches, sponsors,
ferieningbestjoerders, âlders, parse, technyske kommisje, kaderleden,
skiedsrjochters ensafuorthinne. Der mar betiid hinne, want jo moatte al plak ha
fansels.
Afijn, ik wie
kertier foar sânnen by it Bûnsburo en sawat tagelyk kaam der ek Marieke Beckers
fan Wytmarsum. We praten in piipfol en doe’t it hast sân oere wie, fregen we ús
ôf, as we wol op it goeie plak wienen, want der wie fierders noch net ien en de
doar fan it Bûnsburo siet op slot. Mar krekt foar sânen kaam der dochs mear
folk. Trije HB minsken, de nije Bûnsdirekteur Geert Faber, twa minsken fan de
webside, fjouwer oare froulju keatsers en Hendrik van der Velde as ienichste keatser
fan de manlju. It earste wat Hendrik dan ek opmurk wie dat de opkomst ‘in oanfluiting’ wie. En dêrmei hie hy it hiel fatsoenlik ferwurde. Dat doch ik net. Lit ik it mar rjochtút sizze: It wie kloatsekeftich! No hienen al dy kritikasters de kans om fragen te stellen, miening te jaan, yn diskusje te gean, gâl te spuien en dan bliuwe se thús. Tsjonge, jonge, wat in beskamsume fertoaning.
Tjeerd Dijkstra
joech út namme fan de KNKB in útlis oer de stân fan saken. Hy joech ta, dat
guon saken minder goed útpakten dan yn earste ynstânsje betocht en dat it systeem
noch lang net folslein is. Sa joech hy ek ta dat it kombinearjen fan punten út
de frije formaasje mei t.i.l. wedstriden nochris goed besjoen wurde moat en ek ‘plaatsing’
of ‘gestuurde loting’ yn de diskusje belutsen wurde moat. De oanwêzige froulju
kamen mei praktyske fragen oer de dielname op freed te middei of op sneon. Ek oer it ferskil yn rankingpunten foar
klassikers, sa as de PC en de Van Aismapartij moat noch neitocht wurde. It is dúdlik dat der noch in protte 'losse eindsjes' binne dy't om in oplossing freegje.
Dijkstra joech ek
eksakt de punten dy’t keatsers behelje kinne troch: oan wedstriden mei te dwaan
en troch omlopen te winnen. Mei dy kennis kinne keatsers dus sels harren
punten byhâlde en sjen as der gjin flaters makke wurde by de ynfier yn it systeem.
Want soks bliuwt fansels minskewurk. Tink allinnich mar ris oan it net goed
byhâlden fan de list by útfallers en ferfangers. It kin dus wichtich wêze dat
keatsers har eigen punten byhâlde. Wat dy punten binne, hâld ik no ek mar ris foar
mysels. Hienen jim der sels mar hinne gean moatten!
Geen opmerkingen:
Een reactie posten