zaterdag 29 januari 2011

Neitins oan keatsfreon Gert Gort

‘Kiek, deze foto dêr bin ik hartstikke trots op. Ik won der in 2006 de silveren kamera met, in de sektor keunst en kultuur.’ Aan het woord is Gert Gort, nieuws- en sportfotograaf. Hij laat me een prachtige foto zien van een kunstproject op het strand van Terschelling tijdens het Oerol-festival van dat jaar. Het project heet ‘25 jaarringen’ en is bedacht en uitgevoerd door kunstenaar Rob Sweere. ‘Er zaten die middag wel vijftien fotografen in de duinen, die bijna allemaal dezelfde foto’s schoten. Die van mij werd door de jury uitgekozen vanwege de uitsnede die ik ervan gemaakt had. Zoiets beleef je maar eens in je leven. Schitterend!’
Sa begûn ik yn De Keatsfreon fan 2009 in stik oer keatsfotograaf Gert Gort. Hjoed skriuw ik oer him om’t er der net mear is. Gert is freed te jûn 28 jannewaris 2011 troch in tragysk auto ûngelok om it libben kaam. Hy waard yn de auto net goed, rekke fan de dyk, knalde tsjin in peal en wie op slach dea. Ferskriklik, wat in tragedy.
Freed 8 jannewaris hienen we ôfpraat om foto’s te besjen dy’t geskikt wienen as yllustraasje by artikels yn De Keatsfreon.  It lêste part fan de middei en it begjin fan de jûn ha ik by him west yn syn beskieden wenning oan it Herenwaltje yn Harns. In wenning mei foto’s, hûnderten, tûzenen, tsientûzenen foto’s. Foar it grutste part allegearre op syn lytse solderke yn in grutte argyfkast. Mar ek stapels CD’s dêr er syn foto’s op tema yn fêstlein hie.

Harlinger Johnny Ligthart op it keatsfjild fan KV Eendracht portretearre op 7-7-2004 troch Gert Gort.
Gert, hie prachtige ferhalen oer wat er meimakke as fotograaf en taksysjauffeur. Want dat lêste wie der om syn basisfersekering en fêste ynkommen feilich te stellen. Ferhalen oer in bommelding op Schiphol dêr’t er siet te wachtsjen op immen dy’t er ophelje moast. ‘Mochten we dy ruumte niet uut, en stuurden ze in robot op wieltsjes om it fertrek te ondersoeken. Had ik mien kamera niet metnommen.’ Dêrnei gie hy nea sûnder in kamera op paad. En dan dy kear dat de auto fan politikus  Janmaat yn Harns te wetter rekke en dat hy de ienichste fotograaf wie dy’t dêr in foto fan hie. Oer it harkjen nei de polysjesender en dat er as ienichste oanwêzich wie by de arrestaasje fan in ûntsnapte gefangene.
Mar hoewol’t de ferhalen prachtich wienen kaam ik begjin jannewaris fansels foar syn keatsfoto’s. We hienen it der fia de mail al wat oer hân en hy hie al in moai protsje selektearre foar it 2011nûmer fan De Keatsfreon.  Klassike aksjefoto’s fan Géjanne Buma en Afke Hijlkema, mar ek in geweldige searje foto’s oer de PC fan 2010. We ha doe de ôfspraak makke dat dy foto’s yn it hert fan it blêd komme soenen. Yn it hert fan it blêd...  
In moai byld en earbetoan oan in beskieden en ynnimmende keatsfreon. Gert mocht mar 49 jier wurde.



donderdag 27 januari 2011

Gedichtedei 2011

Hjoed, tongersdei 27 jannewaris, is it Nasjonale Gedichtedei. Dêrom hjir twa fan de - wat my oanbelanget - moaiste gedichten út de keatsliteratuer. It ûndersteande gedicht is út 1969 en skreaun troch Josse de Haan. It gedicht yn it filmke wurdt lêzen troch Piter Boersma dy’t syn 'Keatsgedicht' skreaun hat yn 1973.
Freulegoud
Nei de PC wurdt it mienens:
Nije wike Wommels sân dagen noch mar
En dan sille de ballen goud jilde moatte
Foar ien dei hat de freule it plak ynnaam fan ‘e sinne.

It wurk stiet stil, mar switten wurdt der omraak
Boppe, foar, kwea, bûten, de gjalpen spatte omheech
It folk om ‘e touwen yt, praat en raast
Dan is it stil: alles oan ‘e hang.

Trije figueren sakje of, trije springe omheech
Sa is it libben: stjerre en oerwinne.
Yn Wommels leart men ferliezen en winnen
Mar komme docht men wer elts jier oppenij.

Wij hawwe de priis, it goud
Hjoed wiene wy master op alle wapens
Moarn yn ‘e krante: grutte koppen
En letter? Ja, doe, och wat wie it godlik moai.

Josse de Haan

zaterdag 22 januari 2011

Hillige Grûn

[bewurking fan in earder publisearre stik yn “Tuskenspul” Boalsert, 1997.]
Ôfrûne jier wie ha we in PC hân dêr’t, tink ik, noch lang oer praat wurde sil. En spitigernôch sil it dan meastentiids net gean oer de sportive prestaasjes mar oer it waar en de kondysje fan it fjild. Dat fjild is al sûnt myn bernejierren - dy’t yn Frjentsjer lizze – it meast hillige stikje grûn dat ik betinke kin. Man oh man, wat is dêr yn al dy jierren net mei ompielt om it yn goede kondysje te hâlden foar dy iene dei yn it jier.

Foto: Gert Gort                                 
It bringt mei wêrom nei mids jierren tachtich. Ik hie doe de gewoante om mei myn maten de sneontejûn útein te setten mei in pear boomkes skutjasse yn De Bogt fen Guné. Wy sieten op ús fêste plakje rjochts fan ‘e syddoar dat útsjocht op it Sjûkelân. It lân dat sûnt 1856 it Mekka is fan keatsend Fryslân. It wie in oere as alve en wy sieten rêstich te kaartspyljen. Ynienen hearden wy geraas en geskel út  ‘e rjochting fan it keatsfjild. It lawaai kaam stadichoan tichteby en wy seagen twa man dy’t oer it gettenizeren stek klommen. De iene (wy koenen him net) hie in amer en in gripe by him. De oare koenen wy better, dat wie  ‘reade Klaas Salverda’ dy’t terreinopsichter wie by de gemeente. Yn it skimer fan de Bogtferljochting like syn holle troch opwining en lilkens noch reader as oars. Troch syn lûde stim koene wy goed heare dat er raasde: ‘Hoe helje jo it yn ‘e harsens om yn dizze Hillige Grûn om wjirms te sykjen? Witte jo dan net dat hjir snein keatst wurde moat? Jo ferniele de hiele seade.’ De wjirmsiker andere: ‘Ja mar, hjir binne fan dy fette wjirms en boppedat dol ik allinnich by de kant lâns, dêr hat dochs gjinien lêst fan?’ ‘Dat kin my neat skele, âlde de reade, ‘as it bekend wurdt dat hjir de bêste wjirms fan Frjentsjer omwrotte, dan sjocht it hjir ynkoarten nachts swart fan wjirmsikers. Dan kinne wy dit keatsfjild better brûke as folkstúntsje.’
Om in lang ferhaal koart te meitsjen, de amer bleau leech, it Sjûkelân is noch altiten Hillige Grûn, mar sûnt 2010 net langer ûnskeinber.

zaterdag 15 januari 2011

Streepkeskoade yn de keatserij

Yn de nekrologyen oer de dizze wike ferstoarne krûdenier Albert Heijn waard mei grut respekt skreaun oer syn tapassing fan de streepkeskoade by it ôfrekkenjen fan produkten. De kasjêre yn de supermerk brûkt in scanner dy’t  de streepkeskoade lêst en fertaalt yn in bedrach op it kassabontsje. Yndie in geweldige fynst fan Albert Heijn.
It brocht mei oan it tinken oer de QR-koade. De letters QR stean foar Quick Response en is einliks neat mear as in twadiminsjonale streepkeskoade. Mar efter dy QR-koade sit krekt as by de streepkes fan Albert Heijn in wrâld fan ynformaasje en it wurket einlikst ek it selde.  Mei in mobyltsje (net sa’n âlderwetsk ding út de foarige ieu dêr’t je allinnich mar mei telefonearje kinne) nim je in foto fan de QR-koade. Dy foto wurdt troch in QR lêzer yn it mobyltsje omsetten yn in URL en dy bringt je op in side mei ynformaasje. De QR-lêzer yn de telefoan is basearre op it selde prinsipe as de prizenscanner fan AH.
Mar wat kinne we no mei san QR-koade yn de keatserij? Litte we mar ris begjinne mei de kommersje. Op de boardings rûnom it fjild pleatst elk bedriuw in eigen QR-koade. Besikers oan keatspartijen dy’t wat mear oer dat bedriuw witte wolle, rjochtsje harren mobyl op dy spesifike koade, meitsje in foto en komme sa op de webside fan dat bedriuw. En wat te tinken fan de wedstriidshirts. De marketing ôfdieling fan de Friesland Bank sil net sa folle muoite ha om yn de grutte F op it shirt in QR-koade te ferwurkjen. Op it broekje kin de keatser in QR-koade oanbringe nei syn eigen privee-sponsor. In bytsje kommersjeel tinkend bedriuw soe sels foar de keatskommunity spesjale oanbiedings dwaan kinne. Ferienings kinne der gebrûk fan meitsje troch de QR-koade te fermelden op de wedstriidlist en de bestjoerstinte. De PC kin de houten buorden mei priiswinners oan it keatsmuseum skinke, want sy pleatse, as se dit lêze, fansels daliks in QR-koade op it bestjoerskoepeltsje.  De PC liket in bolwurk fan tradysje, mar dat is úterlike skyn en ik sjoch harren der best foar oan om dit as earste ta te passen.
Op wedstriidshirt en trainingspak fan de keatser kin ek in QR-koade dy’t ferwiist nei ynformaasje oer de keatser sels. Dat kin nei syn persoanlike webside mar ek nei in spesifike side op Wikipedia dêr’t ynformaasje oer him/har stiet.  In QR-koade op in keatsbal liket my hielendal geweldich, mar it fotografearjen dêrfan ûnder it spul  sil wol in poepetoer wurde.
Ek yn mear algemiene sin kin je de QR-koades brûke foar promoasje en útstrieling fan de keatserij. Yn gearwurking mei it gemeentebestjoer fan Frjentsjer soe der op tal fan plakken yn Frjentsjer in QR-koade pleatst wurde kinne, dy’t ferwize nei in relaasje mei de keatserij. Soks kin dan ek nochris ferbûn wurde mei Street view fan GoogleMaps.
Grotere kaart weergeven Ik sjoch it al foar my. Ik riid Frjentsjer yn fan út de rjochting Winsum en wachtsjend foar de iepensteande Van Harinxmabrêge meitsje ik gau in foto fan de QR-koade dy’t pleatst is op de muorre fan Hotel De Bleek.  http://tinyurl.com/5w3e6r9 Sa krij ik in bulte ynformaasje oer keatswedstriden op dit âlde keatsfjild en ek dat hjir it bestjoer fan de PC altiten fergadert. En dat lêste is doch aardich, want dat wie my net bekend. De brêge giet wêr omleech en ik riid fierder. Op it “Oud Kaatsveld” wurdt my fia de streepkeskoade op it strjitnammebuordsje fertelt dat op dit plak de earste wedstriden fan de PC west ha. By “De Stadsherberg” fan de Bootsma’s krij ik in âlde foto te sjen út de jierren fyftich doe’t besikers oan de PC dêr harren fyts stalle koenen.  Ik parkear myn auto op in plak tsjinoer it bolwurk.
 As ik it parkearplak ferlit sjoch ik in boerd mei in QR-koade dy’t ferwiist nei Street View fan GoogleMaps mei in rintocht lâns plakken dy’t te  meitsjen ha mei de keatserij. Ik ha dy tocht ris rûn en wol jim der hjir in priuwke fan jaan. It begûn by it âlde wenhûs fan Jan Bogtstra http://tinyurl.com/5uwktft oan de Godsacker http://tinyurl.com/5up8e2c mei dernjonken it hjoeddeistige stee fan âld PC-foarsitter Van der Meij. Op it ein fan de Dykstrjitte kaam ik fia de streepkeskoade by in âlde foto fan de mûne http://tinyurl.com/63td9r9 op de Molepôlle dêr’t de earste foarsitter fan de PC Bote Gosses Bruinsma, mûnder west hat. Oer de Zuiderkade dêr’t Rients Koopmans wenne hat, gie it mei in ombocht troch de Groenmarkt dêr’t PC oprjochters Bekker en Ypma hast buorlju wienen en fansels lâns it Keatsmuseum yn de âlde Cammingha Stins. Troch de QR-koade by “De Kontsjekikers” op De Breedeplaats wit ik no dat Klaas en Wiebren van Wieren model stean ha foar dit prachtige byld.
De tocht brocht mei fansels ek by it Sjûkelân dêr’t op de tuorren in pear QR-koades pleatst wienen.
Mei ien QR-koade koe men hjir net ta. By de Bogt fen Guné krige ik ynformaasje oer de wantesamling fan Skelte Dijkstra en by it wenhûs fan Jurjen Leicht op it fuottenein fan it Hocquard, eartiids Kleyenburg, waard my fertelt hoe’t je keatsballen meitsje. En dan al dy wen- en of bertehûzen fan ferneamde keatsers út Frjentsjer. It binne der te folle om hjir allegear op te neamen. Mar foar PC-winner Gerrit Langerak (1965) dy’t ea ús buorman wie yn De Leane wol ik in útsûndering meitsje. http://tinyurl.com/6djk46s  Sa is sa’n digitale reis ek noch in sentimental journey.
Oer in jier of tsien, sil dit, krekt as it “live” folgjen fan in keatspartij op je mobyltsje, hyl gewoan wêze en ha we net iens mear yn ‘e gaten wannear soks einliks begûn is. Ek hjir wer de parallel mei Albert Heijn, want wa wit noch yn hokker jier de streepkeskoade by AH ynfierd is?

maandag 10 januari 2011

Aan mijn volgers…

In de afgelopen maanden heb ik veel positieve reacties gehad op mijn weblog stukjes. Zoiets werkt natuurlijk altijd inspirerend. Een aantal van die reacties kreeg ik binnen via mijn e-mail. Reden hiervan was dat het beantwoorden via het reactieformulier onder de blog voor verwarring en onduidelijkheid zorgde.
Met ingang van vandaag is het plaatsen van een reactie gemakkelijker gemaakt. Het hoeft niet langer via een google account, maar het kan ook gewoon onder je eigen naam of zelfs anoniem. Dat laatste is minder gewenst, maar ik sluit niet uit om anonieme reacties te plaatsen.
Een reactie wordt niet direct automatisch geplaatst. Alle reacties worden door mij eerst gelezen en daarna wel/niet geplaatst. Het plaatsen van kritische bijdragen ga ik niet uit de weg, maar ik bepaal zelf of “de toon, die de muziek maakt” mij aanstaat.

zaterdag 8 januari 2011

De FAN fan ...

Dizze simmer hie Omrop Fryslân op har tillefisy útstjoerings in rubryk my boppesteande oanhef. It gie oer it skûtsjesilen en eltse dei fregen se in taskôger wêr’t hy/sy FAN fan wie. No ha ik neat my skûtsjesilen, en it praat oer de ferskate skûtsjeskippers gie dan ek foar it grutste part oan my foarby. Mar ik tocht by mysels: Stel no dat Omrop Fryslân mei dizze fraach de keatsfjilden ôfstrúnde en my de mikrofoan ûnder de noas treau my de fraach: “En fan wa bin jo no in FAN?”

Ik ha dat ris efkes yn my om gean litten. Piet-Jetse wie myn idoal fan eartiids en einliks ha ik dernei gjin útsprutsen favoriten mear hân. Of miskien doch wol ………….? Want je ha natuerlik as je op de fjilden omspane altiten in bepaalde foarkar foar in partoer. En dat wurdt ek meastentiids bepaalt troch ien of mear spilers fan dat trio. Yn wezen binne jo dus eltse wedstriid yn mear of minder mate in FAN fan…….

Sa giet it ek op de PC. Jo ûntkomme der net oan, it iene partoer leit jo krekt efkes wat mear oan it hert dan it oare. En soms kin dy foarkar dan ek oerslaan op jo buorman of miskien wol op in moai protsje minsken dy’t om jo hinne sitte. Op de PC kinne jo oan de atmosfear priuwe hokker partoer de geunst fan it publyk hat. Soks hinget gewoan yn ‘e loft.
As ik dan doch kleur bekenne moat oer myn favoryt op de lêste PC dan is dat einliks wat pynlik. Want oer jo FAN skriuw je meastentiids allinnich yn de oertreffende trep. Jo FAN kin it faaks net sa gau foar jo bedjerre. Mar myn FAN hat my dit jier op de PC yn Frjentsjer doch bot teloarsteld.

Doe’t ik de lotting moandeis op de radio folge, hie ik der in o sa goed gefoel oer. Syn partoer siet yn de boppeste helt fan de list. En dat like geunstich. En dan ek noch yn de earste omloop tsjin in earste klas partoer mei in debutant dy’t net altyd like stabyl is. Ek yn de twadde omloop seach ik kânsen. Mei in plakje op de tredde list soe de PC foar myn favoryt net mear stikken kinne. It wie imers syn 7de PC en noch noait hie hy dêr in pryske wûn. Winne yn de twadde omloop soe him en syn maten (dy’t ek noch noait in pryske pakten op de PC) fleugels jaan. It publyk priuwde dat der dy dei in grutte ferrassing yn de loft siet. Se gienen efter myn partoer stean en mei eltse boppeslach soe de wave spontaan troch de tribunes gean. Dat wie wyn op de mole fan myn favoryt. Hy is no ienris in echte publykspiler, ien dy’t keatst omdat ‘r fan it spultsje hâldt. Ien dy’t him meldt by tsjinstanners en it folk lâns de linen as er ien oer alles hinne slacht. Se soenen de finale helje. In partoer yn de “winning mood” mei in foarynse dy’t keatste sa as er noch nea keatst hie. De motor en ynspirator fan it partoer.

Syn efterynse soe my hege driuwers de perkspilers ta wanhoop bringe. De ballen foelen as fûgelstront omleech. En ek troch de sinne koene se net in bal reitsje. Soks woe it publyk sjen. Entûsjasme, wilskreft en âlderwetske taktyk, kombinearre mei in partoer yn in “underdog” posysje. It koe net stikken en se wûnen de PC. Myn idoal stie yn it midden foar de tinte. Noch nea hie er kening west. Triennen fan gelok. It gie my dwers troch alles hinne. Wat in gelok my sa’n idoal.

Mar sa gie it net. Myn idoal koe yn de earste partij net hielendal yn ’e rol komme. De hege opslachballen fan syn efterynse waarden gauris boppeslein. En hoewol de foarbêst yn de earste helt fan de party goed stie te keatsen, hie hy yn de leste twa earsten te folle missers. It waard doch “alles oan de hang”. In keatske foar de middelline. De bal waard knap opslein en myn FAN krige de bal foaryn. Hy koe de party mei ien klap rêde. Hy rekke de bal net lekker. Earst like it noch of soe de bal der doch foarby gean, mar hy waard keart foar de keats. In dream spatte útien. Winne en ferlieze yn ien momint.

Hjoed, wer in PC. Dizze kear ien mei in wat mindere status en oansjen. Mar wol in earste klas partij dy’t heart by de klassikers. En hokker keatskeningen ha hjir net de priis wûn? Sake Saakstra, Drewis Smedinga, Klaas-Anne Terpstra, Pieter Tienstra, neam se mar op. Wat soe it moai wêze as dêr de namme bei kaam fan myn idoal. En dan moandeis mei grutte letters op de sportside fan de Ljouwerter Krante: “Peter Dijkstra, kening op de Lytse PC yn Mantgum” .


Dizze tekst is skreaun yn 2002 foar de wedstriidlist fan de Lytse PC yn Mantgum. Peter Dijkstra koe it dy dei (ek) net winne. Mar hy makke alles yn ien klap goed yn syn lêste wedstriid op de Lytse PC fan 2005. Hy naam op in geweldige wize ôfskie fan de aktive keatserij troch dy partij te winnen. Hy keatste doe mei Yde Klaas Dijkstra fan Makkum en René Anema fan Balk. Peter waard doe foar de twadde kear yn syn keatskarriêre kening fan de partij.