Freedtejûn 5 april 2013. Yn Motel De Valk te Frjentsjer hâldt René Ahlers, yn syn funksje as Bûnsdirekteur fan de KNKB, syn lêste speech. Hy die dêr in opmerklike útspraak oer it takomstperspektyf fan it keatsen. Hy sei: - ik sitear út ‘e holle – ‘Als er niet op korte termijn iets veranderd, dan is het kaatsen over tien jaar alleen nog te bewonderen in het kaatsmuseum.’ In útspraak dêr’t je op syn minst fan ferwachtsje soenen dat immen fan it oanwêzige keatsfolk dêr op reagearre soe. Mar it bliuw stil, aaklich stil. Bûnsfoarsitter Sipke Saakstra helle in bosk blommen fan efter de kûlizen, betanke Ahlers foar al syn wurk en gie oer ta it ferfolch fan de wurklist. Ik wie ferbjustere.
Dêr sit ferdoarje it hiele keatsparlemint byinoar en dan seit in Bûnsdirekteur dat de sport dêr’t jo mei hert en siel oan ferbûn binne op stjerren nei dea is. Dan slacht it hert je dochs mal yn it liif om, soenen je tinke. Mar sa’k sei, it bliuw stil. En net iens stil om’t se krekt as ik sels ferbjustere of yn shock ferkearden. It wie of hâlden se de earen ticht foar wurden dy’t se net hearre woenen. Want, en dat is de oare kant fan de museummedalje, Ahlers spruts wiere wurden. En sa’t wy witte, wiere wurden ha in skel lûd en skelle lûden dogge sear...
Spitigernôch joech Ahlers net in wiidweidige analyze wat neffens him de oarsaken fan dy alarmearjende útspraak binne. Hy neamde koart in pear saken: feroarjende maatskiplike omstannichheden, ekonomyske krises (foar elk probleem te brûken), de konkurrinsje fan it Muorrekeatsen en de tanimmende populariteit fan it keatsen mei de “Zachte Bal”. Neffens my fergeat er in noch in wichtich aspekt en dat is de enoarm weromrinnende belangstelling fan it publyk. Sport hat syn wearde as aktive lichemsbeweging, mar net yn it lêste plak ek foar taskôgers as passyf meibelibjen en genietsjen. It keatsen hat (hie?) yn Fryslân mei troch dy passive belangstelling in besteansrjocht. Noch yn de jierren njoggentich fan de tweintichste ieu kamen der nei de Bûnspartij inkele tûzenen taskôgers. Oantallen dêr’t in Bûnsbestjoerder no allinnich noch mar fan dreame kin. It is dêrom ek net foar neat dat it NK foar junioaren net mear troch it Bûn sels organisearre wurdt. Te djoer, want te min ynkomsten fan beteljende besikers. Ek foar de PC rint de animo werom. Koenen je in tal jierren werom mei muoite oan in kaart komme, no binne se oant op de dei sels rûnom te krijen. In faai teken.
Der leit yntusken wol in kreas rapport fan Wallendal cs mar yngripende feroarings om it tij fan de weromrinnende belangstelling (ek de belangstelling om oan senioarewedstriden diel te nimmen, rint werom) te kearen, wurde net foarlein. Yntusken nimt de dielname oan wylde partijen ta, (Kippetjespartij mei mear as 100 partoer!), binne der al mar mear ‘Zachte Bal’ wedstriden en ha keatsbestjoerders gjin nocht mear om in foaroansteande partij te organisearjen. Ferliden jier wienen der op de Ale de Jong partij yn Wommels om de Gouden Klokjes mar 16 partoer en mear karmasters dan besikers. It hat, sa ha’k begrepe, de lêste kear west.
De boppeste foto jout in byld fan de Bûnspartij yn 1966. De ûnderste is fan de Bûnspartij yn 1992.
Boarne: www.kaatshistorie.nl
Dat it iene giet en it oare komt, is net slim, sa is’t no ienris. Mar as wy it slaan tsjin in muorre of it keatsen mei in Zachte Bal leaver dogge dan it Fryske spul en as it Bûn in spesjale trener oanlûkt foar it Muorrekeatsen en it Zachte Bal keatsen mei nimt yn syn keatsaginda en webside dan is it op syn minst saak dat je in lange termynfysje ha wêr’t je mei it besteande keatsen nei ta wolle. Faaks sjogge minsken fan bûten soks better as wy sels.
De boppeste foto jout in byld fan de Bûnspartij yn 1966. De ûnderste is fan de Bûnspartij yn 1992.
Boarne: www.kaatshistorie.nl
Geen opmerkingen:
Een reactie posten