vrijdag 28 december 2012

Nij elan en Belgen op de PC

Doe’t ik oan it begjin fan dit seizoen myn krityske kanttekens publisearre oer de FRIESLAND BANK CUP krige ik fuort en daliks fan immen út it KNKB kader de opmerking dat ik net mei problemen komme moast mar mei oplossings. Soks is fansels altiten in ‘deadogger’ want dan soenen je nea wer mei krityk komme kinne. Mar goed, it hat my dochs net loslitten en hjirûnder wol ik besykje om in bydrage te leverjen oan de diskusje wêr’t we mei it keatsen nei ta moatte.
1.      Oantal wedstriden
It is foar my dúdlik dat in protte keatsers, harren partners en ek guon âlders fan jeugdkeatsers muoite ha mei de ferplichting om elk wykein twa kear der op út te gean. Want je binne fansels wol de hiele dei kwyt! Ik pleitsje dan ek foar in wedstriidkalinder wêryn der foar de jeugd o/m 16 jier allinnich KNKB-wedstriden binne op sneon en allinnich KNKB-wedstriden foar 16+ op snein. Utsein in tal klassikers dy’t it bewys levere ha dat se besteansrjocht ha op in oare dei.
Foar- en neidielen:
Der binne foar alle kategoryen minder offisjele wedstriden. Ik tink dat benammen de jeugd dat net sa aardich fynt. Sy wolle oer it generaal best wol twa kear yn it wykein keatse. In oar neidiel is dat it punteklassemint troch it minder tal wedstriden yn relaasje ta oare generaasjes in fertekent byld jout. Mar dat liket my net sa wichtich. Ek yn it ferline wie it tal wedstriden net elk jier gelyk.
Foardielen binne der foar de keatsers en âlders dy’t op sneon graach noch wat tiid foar harren sels ha wolle. (It soe wol in ûndersyk wurdich wêze om in grut oantal (top)keatsers dy’t jong ophâlden binne te freegjen as se langer trochkeatst hienen as der allinnich KNKB-wedstriden west hienen op snein.)  
Ferienings kinne yn dy sitewaasje ek mear in berop dwaan op stipe by KNKB-wedstriden dy’t se sels organisearre. De jeugd kin op snein belutsen wurde by in haadklassepartij en 16-plussers by de organisaasje fan jeugdwedstriden op sneon.

2.      Wedstriidfoarmen
Der is in protte ferlet fan oare en nije wedstriidfoarmen en ek fan in wat minder stringe regeljouwing.  Ik soe de útdaging wol oandoarre om op sneon foar de keatsers fan 16+ alternative (keats)partijen te organisearjen. Mar dan partijen dy’t net falle ûnder de ‘ferplichtings’ fan de KNKB. Partijen dêr’t de feriening hielendal sels baas binne. Sjoch nei it sukses fan alternative wedstriidfoarmen sa as Lanenkaatsen, Zachte Bal PC, Horecapartij Ljouwert, Pelotekampioenskip yn Littens, Pelote PC yn Winsum en dan ha ik it noch net iens oer it bûnte ferskaat oan lokale partijen (‘Kippetjespartij’ mei sa’n 100 partoer!) en alternative wedstriidfoarmen as pearkekeatsen, teatsen, muorrekeatsen ensafuorthinne. De KNKB joech sels mei de FRIESLAND BANK CUP al oan dat se dy kant mear út wolle. Ek de diskusje oer wol/net in Bûnspartij op it Sjûkelân en it rûlearjen fan de JONG NEDERLÂN kin hjir yn meinommen wurde. 
Foar- en neidielen:
As neidiel sil de KNKB akseptearje moatte dat der mear (alternative) wedstriden komme dêr’t se gjin sizzenskip oer hawwe. Ferienings mei in spesifike partij op sneon of snein sille dy ynleverje moatte. (Jongespartij Frjentsjer, Lytse PC yn Mantgum en Van Aismapartij op sneon yn Bitgum etc.) Soks docht sear en sil in diskusje wurde mei in protte emoasje, mar it belang fan it keatsen is grutter dan it belang fan in lokale feriening.
Foardielen binne der foar keatsers mei in spesifyk talint of ûntwikkele feardichheid. Sy krije mear mooglikheden om him/har te ûntjaan. Foar ferienings lizze der ek nije kânsen om bûten it formele wedstriidroaster fan de KNKB alternative partijen te organisearjen.

3.      Mear ynternasjonale útwikselings
Yn it ferline wienen der gauris folle mear ien of twa daagse toernoaien mei Belgyske peloateploegen. Om’t ek it peloaten yn België yn in swiere dip sit, soe ik der foar fiele om mei de Belgen te oerlizzen as der ien of meardere kearen yn it jier yn de wedstriidroasters fan beide lannen tiid frij makke wurde kin foar sokke toernoaien. En ik soe sels de diskusje net út de wei gean wolle om it ek foar Belgen mooglik te meitsjen om - krekt as yn in fier ferline - mei te dwaan oan de PC.

4.      Mear gebrûk fan moderne media
 In pear jier ferlyn is der, nei myn betinken, suksesfol eksperimintearre mei internet-TV. De kwaliteit fan de útstjoerings wie net altiten geweldich, mar troch de ferbettere technyk is soks in kwestje fan tiid. Tink mar oan de útstjoerings fan Omrop Fryslân fan de lêste jierren en dy fan 20 jier ferlyn. Dei en nacht ferskil!
Boppedat is it in geweldige tsjinstferliening oan in grut tal keatsleafhawwers dy’t net by steat binne om live by in keatspartij te wezen. Tink oan Friezen om útens, mar ek âlderen, siken, minsken mei in handikap ensafuorthinne. Boppedat bin ik der fan oerstjûge dat mei profesjonele marketing soks ek noch finansjeel út kin.