It frouljuskeatsen liet hjoed yn Jorwert wer ris sjen wêrom it betiden in hege attraksjewearde hat. Moaie keatserij, spannende partijen en ferrassende útslaggen, yngrediïnten dêr’t it publyk foar komt. Op foarhân seach it dêr hielendal net nei út, want yn tsjinstelling ta oare jierren wie der gjin “gestuurde loting” en dat soarge foar in dielnimmerslist mei op papier te foarsizzen útslaggen. Mar dat soe oars rinne dizze middei en krekt soks makket keatsen sa aardich.
Ferrassings wienen der daliks al yn de earste omloop. It sterke partoer fan Iris van der Veen, Mariska Hoogland en Fenna Zeinstra makken neat klear tsjin Lisette Wagenaar, Feikje Bouwhuis en Bianca van der Veen. Se krigen net in earst oan de telegraaf en dat wie einliks in blamaazje. (5-0 en 6-6). Dat selde kin sein wurde fan de striid tusken Sanne Velsma, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma tsjin it partoer fan Ilse Noorman, Maaike Osinga en Anke Marije Pompstra. Partoer Velsma bakte d’r net folle fan en Ilse Noorman stie yn dizze partij sekuer en degelik op te slaan. ((1-5 en 2-6). Mar foar Harmke en Leonie wie der in nije kâns want beide waarden bylotte troch blessueres fan Imke van der Leest en Margriet Bakker. It wiere Leonie mei want se krige mei Marije Hiemstra en Manon Scheepstra in sterk partoer. Dochs moasten sij yn de earste partij tsjin Nynke Sybrandy, Klasine Huistra en Geke de Boer alle silen bysette om de oerwinning binnen te heljen. Dat slagge mei pine en muoite. Nei in 4-1 efterstân wie it Leonie dy’t har partoer foar in ôfgong besparre. Sy ruile mei Manon dy’t gjin antwurd hie op de heech opsleine ballen. It ein soe úteinlik, yn harren foardiel, komme op 5-4 en 6-6. De lêste partij fan de earste omloop gie tusken de partoeren fan Joukje Kuperus, Martine Tiemersma en Wiljo Sybrandy tsjin Nelie Steenstra, Sjoukje Visser en de bylotte Harmke Siegersma. It soe in partij wurde dy’t yn it begjin frij wat gelyk op rûn mar troch wat ûngelokkich spul fan mei namme Martine Tiemersma (talintfol, mar hjoed efkes net) gie de oerwinning dochs noch frij royaal nei Steenstra cs (2-5 en 4-6).
Yn de twadde omloop wie der in prachtige partij tusken de partoeren fan Steenstra en Hiemstra. It wie in spannende partij mei faak in seis gelyk oan de telegraaf en mei fiere boppeslaggen fan de perkspilers. It wie úteinlik partoer Hiemstra dat mei 5-4 en 6-6 oan it langste ein luts. In moaie en ek wer ferrassende partij keatsen Noorman cs tsjin it partoer fan Lisette Wagenaar. Dizze lesten kamen mei 3-1 foar mar koenen net trochdrukke. It perk Osinga, Pompstra sloech goed fan har ôf en mei degelik keatsen wisten sy mei in perfekte sitbal fan Ilse Noorman op 5-4 en 6-4 de partij yn harren foardiel te beslikken.
De heale finale gie tusken de partoeren Steenstra en Wagenaar. Dizze lêsten setten goed útein en kamen mei twa spul om neat foar. Troch wikseljen yn it perk (Visser efteryn en Siegersma foaryn) begûn it by harren te rinnen. Hja rammellen in nustje ballen oer de boppe en de partij drige te kanteljen. Krekt op ‘e tiid, by in stân fan 4-3 en 6-6, wisten se de opmars fan de tsjinstanner te kearen. Dochs soe it fiif earsten gelyk wurde mar op dy stân stienen Feikje en Bianca oan de goeie kant. Want de opslach wie by Steenstra cs krekt wat te moai en mei troch trije boppeslaggen yn it lêste earst wie de tredde priis foar partoer Wagenaar. (5-5 en 6-2). Bysûnder wie dat Harmke Siegersma troch bylotten fjouwer kear keatste mar úteinlik dochs mei lege hannen nei hûs gie.
De finale soe iensidich wurde, tocht men. Partoer Noorman hie twa kear foar in ferrassing soarge en trije kear dat soe dochs wol in lytse sensaasje wêze. Yn it begjin gie de partij dan ek sa as ‘de kenners’ dat foarsein hienen. It perk Scheepstra/ Van der Graaf wie sterk en nuodlik te bespyljen troch de opslach fan Noorman en Osinga. Mar nei in 3-1 efterstân kaam partoer Noorman dochs wer yn ‘e striid. It waard trije earsten gelyk mar doe’t sy in 6-2 foar sprong ferlearen en dernei flot op in 4-3 en 6-0 efterstân stienen, like harren lot beslikke. Mar hja hellen in Houdine act te foarskyn en kamen dochs op fjouwer earsten gelyk. Dêrnei kaam de Maaike Osinga show. Sy soarge mei in sterke útslach en twa sterke opslachballen foar in 5-4 foarsprong. Tsja, en as je dan sa ticht by de oerwinning binne, begjint it by de oaren ek te jûkjen. Doe’t Anke Marije Pompstra op 5-4 en 4-6 de keats foarby sloech, stienen sy samar op matchpoint. It wie op dy stân dat Manon Scheepstra, dy’t de foarbêst oernommen hie fan de wikselfallige Marije Hiemstra, de bal bûten de linen sloech. (5-4 en 6-6).
Al mei al in moaie keatserij en propaganda foar it frouljuskeatsen. De KNKB soe hjir de les út leare moatte dat krekt it t.i.l. it frouljukeatsen sa aardich makket. In overkill oan frije formaasje partijen dêr sit - útsein de sterke partoeren - net ien op te wachtsjen. Spitich wie einliks ek wol dat der krekt as alle oare foarôfgeande jierren gjin dielname wie fan jonge talinten út de earste klasse. Dat flaterke moat einliks folgend jier wer rjochtsetten wurde.
Foto 1: Sjoerd Dotinga
Foto 2: Henk Hempenius
Geen opmerkingen:
Een reactie posten