zondag 27 februari 2011

Somtiden falt alles te plak

Yn 2003 bestie keatsferiening Jacob Klaver út Mantgum 100 jier. Foar it jubileum feest wûnen wy graach antwurd ha op twa fragen dêr’t wy gjin rie mei wisten. De earste fraach hie te meitsjen mei de Freulewinst fan ús feriening yn 1924. Twa fan de trije winners, Hendrik Jepma en Jouke de Groot, wienen bekend yn it doarp. De twa mannen hienen dêr hast har hiele fierdere libben wenne, mar fan de tredde maat Adolf Mulder wie neat, mar dan ek neat bekend. Jepma en De Groot wienen ûndertusken ferstoarn en harren famylje wisten ek neat oer Mulder. Om’t it ien fan de grutste, sa net it grutste wapenfeit wie út de keatshistoarje fan ús keatsferiening woenen we soks wol graach ris boppe wetter ha.
De twadde fraach hie te krijen mei de neibesteanden fan Jacob Klaver. By it bestjoer wie bekend dat Jacob Klaver gjin manlike neisaten hie en dat in famylje Brouwers yn de jierren tachtich meibetelle hie oan in tinkstien foar Jacob Klaver op it tsjerkhôf yn Mantgum. Mar wêr’t dy famylje wenne en hoe’t it krekt siet mei de famyljerelaasje dat wie net bekend. It soe doch moai wêze, om famylje fan Jacob Klaver op ús jubileumjûn te hawwen en harren it jubileumboek oan te bieden.
Twa fragen dêr’t wy Jan en Alleman nei fregen. Mar hoe’t wy ek ús best dienen, it slagge net en ûndertusken wie it jubileumjier al útein set. Mar sa as faker lei de oplossing tichteby dan wy tochten. Op myn wurk by Tresoar skeat ik op in dei in beropsgenealooch oan mei de fraach as hy ek ûndersyk dien hie nei minsken mei de famyljenamme Brouwers. Op syn fraach werom ik dat witte woe, kaam ik mei it ferhaal oer de nammejouwer fan ús keatsferiening en dat in famylje Brouwers dêr mooglik anneks mei wie. Syn antwurd wie koart mar helder: “Dat is net sa’n dreech probleem, Jacob Klaver wie myn oerpake.” Ik wie ferstuivere. Rûn ik skoften om mei in fraach dy’t mei dwers siet en lei it antwurd om ‘e hoeke. Hoe simpel kin it libben wêze!
Datselde wie it gefal mei it antwurd op de fraach oer de tredde maat yn it Freulepartoer fan 1924. Nei oanlieding fan in stik oer ús jubileum yn de Ljouwerter krante dêr’t ek referearre waard oan wa ‘t no einliks Adolf Mulder wie, waard ik skille troch immen út Seisbierrum. “Goejûn, jo prate mei Adolf Mulder út Seisbierrum...... Nee, ik bin net de Adolf Mulder dy’t jo sykje, want dat wie myn pake, mar ik ha wol syn Freuleklokje krigen om’t ik nei him ferneamt bin.” It die bliken dat de heit fan Freulewinner Adolf Mulder yn de jierren tweintich in jier arbeider west hie yn Mantgum. Nei dat jier hie de man him bestelt by in boer earne oars en sadwaande wie de famylje Mulder net bekend bleaun yn it doarp. Sawol de famylje Brouwers as ek Adolf Mulder – dy’t it freulehorloazje meinommen hie – wienen ús gast op de jubileumjûn.
Dy jubileumjûn (21 juny 2003) wie ek om in hyl oare reden bysûnder. Op deselde dei dat wy ús grutte jubileumpartij hienen, waard der yn Dronryp keatst om it NK by de skoalfamkes. Foar Mantgum keatsten dêr de trije suskes Elaine, Thalia en Kataya Reitsema. Fia de telefoan waard der kontakt hâlden mei Dronryp. En doe’t de suskes úteinlik yn de finale kamen, waard de jubileumpartij stillein om mei syn allen te harkjen nei in live ferslach op radio Eenhoorn. Nei in 4-5 efterstân wisten de Reitsema’s  úteinlik te winnen fan St. Anne. It wie dy jûn fansels dûbeld feest yn in ôfladen doarpssintrum.  

zondag 20 februari 2011

‘Moast ris begripe ju, dat jonkje docht mei’

‘Keatsen, is mear as keatsen.’ Ik ha dizze parafraze fan Gerrit Lettinga syn boek oer De Haantsjes fan Holwert al ris earder sitearre. Ik moast der wer oan tinke doe’t ik op de webside fan ‘KV De Trije Doarpen’ út Deinum in prachtich ferhaal lêsde oer de keatskarriêre fan Hein Zijlstra fan Deinum.
Mar sa frege ik my ôf, wat is no einliks dat ‘mear’ yn it keatsen dat Lettinga en my blykber sa rekket. Is dat it werkenbere en it gewoane, as bygelyks Hein Zijlstra fertelt dat er yn ‘e trein op reis nei de PC – mei fjouwer stikjes tarwe mei tsiis – in âlder echtpear begroetet dy’t tsjin him sizze: ‘sille jo ek nei de PC’ en ‘ha jo dan wol in kaartsje?’







Hein Zijlstra, kening fan de PC yn 1965 en hjir ‘gewoan op klompen’ wurdt yn 1966 taprutsen troch PC foarsitter Mr. Klaas Bijlsma.







Of binne it de nostalgyske ferhalen fan ‘och heden ja’ en ‘wist noch wol dat ...’. Is it de slach om it fjild en âlde kunde in klap op it skouder jaan. Is it nochris wer dy iene alles beslissende bal foar de geast helje, it ferskil tusken winst en ferlies. Sa as Hein Zijlstra seit oer syn ferlerne PC fan 1972: ‘Wy stienen fiif gelyk en kamen doe mei 6-2 foar. Doe hie ik wat weachje moatten, want ik hie ommers ien foar it brekken, Mar ik joech in opgoaier oan Bert en dy sloech er boppe. Mei alles oan ‘e hang sloech Andre Roosenburg de keats foarby.’ It wie it omkearde senario fan de troch Zijlstra behelle fiktoarje op de PC fan 1965 doe’t er op de stân fan 5-5 en 2-6 mei trije perfekte opslachballen de oerwinning pakte.

Oerkomt soks ús allegearre net yn it libben? Mominten fan yntins gelok, it gefoel dat je de hiele wrâld oankinne. Mar ek de oare kant, fan alderheislikst fertriet en dat je wol yn de grûn weisakje wolle. Spegelje wy ús deistich dwaan en litten net yn de keatserij? Binne wy dat sels net dy’t dêr op it fjild stean, mei al ús ‘lek en brek’? Falle en opstean, trochsette, winst en ferlies, fertrouwen jaan en fertrouwen beskamje, ûndogens en oprjochtens... Binne dat net de aspekten fan it deistich bestean dêr’t wy ús alle wiken op it keatsfjild yn spegelje? Is dat net it ‘mear’ fan it keatsen?


Sjoch foar it komplete ferhaal oer de keatskarriêre fan Hein Zijlstra:  http://tinyurl.com/673sxmm


woensdag 16 februari 2011

Mediawiisheid foar keatsers

‘Mediawijsheid is alle kennis en vaardigheden en de mentaliteit die mensen nodig hebben om bewust, kritisch en actief mee te doen in de wereld van vandaag en morgen, waarin media een bepalende hoofdrol spelen.’ (Bron: Raad voor cultuur)

Yn myn blogs ha ik in oantal kearen hyl eksplisyt oandacht jûn oan it gebrûk fan sosjale media foar de keatserij. Ik ha dêrby foaral sjoen nei it effekt (needsaak, nut en ûnsin) dat de sosjale media ha foar de keatscommunity. Ik ferwiis op dit plak nei myn blogs fan 14 oktober 2010 oer Wikipedia, fan 20 novimber 2010 oer sosjale media yn it algemien, fan 7 desimber oer KNKB-TV en fan 15 jannewaris oer QR-kodes. Yn dizze bijdrage wol ik it ha oer de mooglikheden en it gebrûk fan in pear sosjale fora foar yndividuele keatsers of keatsleafhawwers.

Litte we mar ris begjinne mei dy lêste kategory en keatsleafhawwers wize op in mooglikheid om keatsynformaasje út te wikseljen of te finen. It giet oer in sosjaal netwurk foar minsken dy’t ynteressearre binne yn boeken of útjeften oer keatsen. De sosjale netwurksiden  http://www.dizzie.nl/  mar ek  http://www.boekensalon.nl/ ferbine minsken dy’t in passy ha foar boeken. Keatsleafhawwers dy’t keatsboeken sammelje kinne op dizze sites mei inoar yn kontakt komme, harren keatskolleksje op dy side bekend meitsje en ynformaasje oer dy kolleksje mei oaren diele. Guon dy’t fierder sjogge dan allinnich de Fryske keatsboeken en harren ynteresse ferbreedzje nei bygelyks it pelota yn Baskenlân, kinne gebrûk meitsje fan de ynternasjonale boekeside http://www.librarything.com/.



Ek op it mêd fan de muzyk binne der sosjale netwurken ( http://www.deezer.com/  of  http://www.last.fm/ ). Mooglik kinne de fans fan Jan Hospes [ http://tinyurl.com/47o8kwp ] har hjir sammelje. Mar fansels kinne je ek gewoan op youtube sykje nei in clip of demo fan je favorite keatsende muzikant (of muzyk meitsjende keatser).

In sosjaal medium dêr’t sawol de KNKB as ek yndividuele keatsers (ik ha noch gjin keatsferienings oantroffen) gebrûk fan meitsje, is Twitter. De KNKB twittert funksjoneel oer aktiviteiten en inisjativen en jout sa no en dan in nijsitem. Bauke Nicolai twittert benammen oer muorrekeatsen en hy hat my al in oantal kearen ferrast my prachtige tweets oer it muorrekeatsen yn Amearika. Bûnscoach Tjalling van den Berg [Eco_coach] twittert fansels oer Eco-coachen en alles wat dêr mei anneks is. Oer it brûken fan Twitter troch yndividuele keatsers ha ik gjin hege keatspet op. It nivo fan harren tweets hat in heech kroechpraat gehalte en yn guon gefallen freegje je ôf, as se wol yn de gaten ha dat de hiele wrâld harren geëamel folgje kin. En as it no by geëamel bleau, is soks noch net sa slim mar om no persoanlike en yntime saken fia dit medium wrâldkundich te meitsjen, liket my net sa handich. Ik wachtsje wat dat oangeande op de earste tweet wêrby immen syn maat iepenlik meidielt dat er út it partoer setten is.

Sels twitter ik no sa’n trije moanne en behein my ta it safolle mooglik jaan fan objektive en kontrolearbere ynformaasje oer keatshistoarje, keatskultuer en sa no en dan wat aktuele saken. Foar wa my folgje wol op twitter: @ThKuipers. De tweets binne ek te lêzen op de linker side fan dizze blog. Spitigernôch wurde de links yn de tweets hjirneist blokt troch it programma fan blogspot. Mar fia  http://www.twitter.com/  slagget dat fansels wol.

vrijdag 11 februari 2011

Eksperimintearje mei keatsballen

Yn de jierren tachtich hie ik as bestjoerslid fan de pleatslike keatsferiening it tafersjoch oer de keatsballen. Yn de winter bewarre ik se op in wat fochtich plak om’t oars it lear troch útdroegjen skuorde. It kaam sels wolris foar dat ik yn de maaitiid de ballen in nacht yn in wiete doek bewarre om se dêrmei wat swierder te krijen. Om’t op KNKB partijen altiten mei in nije bal keatst wurde moast, waard der op ledepartijen altiten keatst mei brûkte ballen. Dat wienen meastentiids net sokke besten. Gauris wienen de stiknaalden kapot, de foarm ôfwikend en it gewicht fan de ballen wie lang net gelyk. In romroftich lid fan de feriening hie ris op in merkepartij eigen keatsballen fan ferskillend gewicht yn ‘e bûse. As er opslaan moast, ferwiksele hy gauris fan bal om dêrmei de tsjinstanner te ferskalkjen. Dat it gewicht en de kwaliteit fan in keatsbal fan ynfloed is op it spul is dan ek gjin nijs.
Gewicht en grutte fan in keatsbal binne ek lang net altiten it selde west. Yn de jubileumútjefte fan de KNKB ‘Kaatsen: lange traditie, levende sport’ (1997) skriuwt Josse de Haan yn in learsume bydrage dat der yn 1850 yn elk gefal 12 ferskillende soarten keatsballen wienen. Se ferskilden oanmerklik yn gewicht; de lichtste wie 15.4 gram en de swierste 70.4 gram.
Op 20 jannewaris 2006 kaam Tjalling van den Berg op in diskusjejûn yn de Tulip Inn mei it foarstel om serieus te eksperimintearjen mei oare keatsballen. Efterlizzende gedachte wie dat troch te spyljen mei in gruttere of lichtere bal der mear tuskenspul komme soe en dêrmei it keatsen oantrekliker foar it publyk. Ek op de diskusjedei fan 11 desimber 2010 yn it Hearrenfean wie dêr soarch oer de oantreklikens fan it keatsen en de rop om mear tuskenspul.
Yntusken is Van den Berg bûnscoach en kin hy syn eksperiminten mei de bal trochsette. Ik bin dêr tige benijd nei wêr’t it op út rint, want it is dúdlik dat der wat barre moat. As gewicht of grutte fan de keatsbal dêr oan meihelpe kin dat de oantreklikens fan it keatsen fergrutte wurdt, dan moatte we dat seker net út de wei gean.









Yn it filmke in ympresje fan it wurk fan keatsballemakker Jan Scheepvaart út Makkum


dinsdag 8 februari 2011

Oer gehakballen en oare râneferskynsels op de Lytse PC

Keatsen is mear as keatsen. Mei in lytse oanpassing is dat de liende ûndertitel fan it boek dat Gerrit Lettinga skriuwde oer “De Haantsjes fan Holwert”. Hy wol dêr fansels mei sizze dat it by keatsen net allinnich giet om de sport mar ek om alles wat der om hinne bart. En – dat witte we allegearre – is net sa’n bytsje. Tink allinnich mar ris oan it gedoch mei it stellen fan nije maten, de no al sa’n 30 jier duorjende diskusje oer “de nap”, it seleksjebelied fan in TC en gean sa mar hinne. Jo kinne der jûnen oer trocheamelje.  Sa kaam ik ris in kear by in buorman doe’t syn frou sei. “Meist der wol ynkomme as jimme it mar net oer ik keatsen ha.“ We ha dat in kertierke folhâlden en oan it ein fan de jûn, nei in protte bierkes, hienen wy it noch altiten oer it keatsen.
Keatsen is mear as keatsen. De anekdoates oer it keatsen binne talryk. Yn ien fan dy anekdoates spilet Wijtse Vlietstra – hoe kin it ek hast oars – de haadrol. It barde op de Lytse PC fan sa’n jier of tsien lyn. De keuken fan it krekt nije doarpshûs rûn noch net sa as hjoed de dei en sadwaande wie der gjin patat of in waarme hap. Mar in bestjoerslid hie spesjaal foar de twa skiedsrjochters gehakballen klearmakke en dy yn in pantsje meinommen. Doe’t de earste skiedsrjochter him yn de kantine melde foar syn gehakbaltsje gie hy by Wijtse Vlietstra oan it tafeltsje sitten. Doe’t de frou fan de betsjinning mei it gehakbaltsje kaam, sei Wijtse Vlietstra: “Mefrou, ha jo ek sa’n hearlike gehakbal foar my.” “hearre jo der dan ek by?” “Ja natuerlik,” sei Vlietstra, “Ik bin der altiten by.” En sa krige Wijtse Vlietstra in grauwe gehaktbal.  Doe’t skiedsrjochter Jan Metselaar der ynkaam foar syn gehakbaltsje, koe Wijtse in glimlach net ûnderdrukke.

Keatsen is mear as keatsen. Wat te tinken fan it feest nei ôfrin. De lytse PC hie al yn it midden fan de 20ste ieu de bynamme “los fan it wiif partij.” It docht tinken oan Jan Monsma dy’t op in dûnserij by Duhoux in Wirdum tsjin de barman sei: “Geef mij noch mar un jonge, un ouwe kan ik thús wol krije.” Teman de Vries sei it krekt wat oars, mar it kaam op it selde del: “Je meie wol op je hannen sitten gean om je der net oan te fergripen.” Legindarysk wienen de feesten yn kafee Bonnema mei Groate Jo fan Berltsum dy’t in repertoire hie fan trije of fjouwer lieten en spiele op ien of twa snaren. Ik wit noch goed hoe’t Jaap Jansma fan Reduzum mei Esther van der Kooi as haadpriis de nacht yn kuiere. Mar ek oare doarpsgenoaten hienen dat keunstje al ris earder mei sukses tapast. En ek hjoed de dei rint der op de Fryske keatsfjilden in topkeatster rûn dy’t in gefolch is fan in românse fan heit en mem op de Lytse PC.
Keatsen is mear as keatsen. In jier as wat ferlyn kaam Pieter van Althuis op it feest nei de Lytse PC om in oer as tolve nei my ta. Hy sei: “Kuipers, wat soenen jo sizze as jo in soan ha dy’t te folle drank op hat en mei de auto noch nei hûs moat.” “Auto stean litte en plak sykje”, wie myn antwurd. “No dat hie ik ek tocht”,  sei Pieter, “en derom tocht ik dat ik moai by jim sliepe koe.” “No dat moat altiten wêze Pieter, mar do wist ik ha trije troubere dochters en der sliepe ek noch twa freondinnen fan de famkes.” “Hja dêr ha’k wat fan heard,” sei Pieter en syn  eagen glimken ferhearlikt. “Mar ik sil my gedrage as in hear.” Mei sa’n útspraak kin je fansels krekt as mei dy fan Vlietstra alle kanten út. Pieter is mei gien, fan de froulju ha ik gjin klachten heard en moarns betiid hie Pieter de tafel klear.

Foto's:
Rjochts boppe: Wijtse Vlietstra, kening op de PC fan 1955
Links ûnder: Pieter van Althuis, 2e priis op de PC fan 2010