vrijdag 29 november 2013

Amerikanen keatsten yn Mantgum


Yn de digitale Ljouwerter Krante [www.dekrantvantoen.nl ] kinne je prachtige ferhalen fiene oer it keatsen út it ferline. Sa fûn ik foar in artikel yn De Keatsfreon oer in sulveren keatsbal út 1769 de advertinsje werom wêryn’t dy wedstriid oankundige waard.  It is fansels geweldich dat je sokke ynformaasje no fia wat goochem sykjen werom fine kinne.
Keatse by it stasjonskofjehûs, 1930

By it sykjen nei âlde keatsútslaggen fan ús keatsferiening yn dy digitale LC stuite ik op in wedstriidferslach fan 28 july 1930. No koe ik dat stik mei eigen wurden neifertelle mar folle moaier wie it om it stik yn syn gehiel oer te typen. Dat ha ik dien en sa kinne jim it hjir ek lêze:
“Mantgum, 26 juli. Heden hield de kaatsvereeniging ‘Jacob Klaver’ alhier onder leiding van haar bestuur, een wedstrijd bij het Stationskoffiehuis, om prijzen van ƒ 24.-  ƒ 15.- en ƒ 9.- of 2x ƒ 4.50 waarbij stadsprijs- en premiewinnaars waren uitgesloten en waaraan 32 parturen deelnamen. Onder de medespelers waren 5 ‘Amerikanen’ die tot dezen wedstrijd het initiatief hadden genomen; één hunner, de heer M. Fransbergen, afkomstig van Mantgum, had een bedrag van ƒ 40,-- beschikbaar gesteld, terwijl bovendien door een ingezetene een zilveren medaille was uitgeloofd. De 1e prijs viel ten deel aan G. Jellema te Winsum, M. v.d. Hem te Rauwerd en J. Blom te Drachten; de 2e aan W. v.d. Sluis te Terzool, A. v.d. Woude te Leeuwarden en K. Gaasterland te Oosterlittens; de 3e aan Joh. Hoekstra te Baard, J. Gaastra te Wirdum en J. Bosma te Leeuwarden; de 4e aan J. Kramer te Wirdum, Th. Hoekstra te Baard en D. Jippes te Hallum. Tot koning is uitgeroepen G. Jellema, die als koningsprijs de zilveren medaille ontving. Verscheidene spannende partijen zijn gespeeld; die om prijs en premie beantwoordde echter niet geheel aan de gekoesterde verwachtingen. De prijzen zijn uitgereikt door de heer Th. De Jong afkomstig van Britswerd, thans te Paterson (U.S. ) die een humoristische toespraak hield, vooral het kaatsen in Amerika betreffende, hoe men daar wel eens 50 km reist om een uitgeschreven wedstrijd bij te wonen, terwijl ieder jaar op 14 juli de kaatsclub van Paterson naar Rochester trekt, en in September omgekeerd, om elkander te bestrijden. Spreker deelde nog mee, dat men getrouw de uitgebreide kaatsverslagen in verschillende Friesche kranten volgt, zoodat men de kaatsers wel niet van gezicht, maar toch bij name kent. Nadien droeg nog de heer M. Fransbergen een berijmde toespraak voor, die blijkens de stille aandacht, zeer in de smaak viel.”
Sjoch foar it orsjinele ferslach: http://tinyurl.com/6mamm8
Winners fan namme
Oant sa fier it ferslach yn de LC. Der steane fansels wol in tal aardige feiten yn dy’t om in neiere útlis freegje. Sa sil it net foar elkenien daliks dúdlik wêze wêr’t it Stationskoffiehuis stien hat en wat no einliks bedoeld wie mei it útsluten fan ‘stadsprijs- en premiewinnaars’. Wolno, it Stationskoffiehuis is it earste hûs oan de Galamawei  rekkene fan  it spoar ôf by Tsjeintgum. Dêr wennet no de famylje H. Aukes. Om tefoaren te kommen dat te sterke keatsers meidwaan soenen en de minderen dêrtroch wei bleauwen, waard it keatsers dy’t grutte partijen (sa as de PC yn de stêd Frjentsjer) wûn hienen net tastien om mei te dwaan. Dêrmei krige de partij wol minder oansjen mar waard de dielname grutter en de útslach minder foarsisber. Winner George (Jorke) Jellema en syn maat Marten van der Hem soenen letter wol stedspriiswinners wurde. Van der Hem wûn de PC yn 1934, 1936 en 1940, Jorke Jellema wûn wol ferskate prizen mar kaam op de PC net fierder as twa kear in tredde priis (1932 en 1933). De  “Amerikanen” yn it ferslach hienen blykber wol in pear sinten te ferstriken want se stienen ek foar de prizen fan in jongespartij mei lúkse foarwerpen. (LC 21-07-1930)

By de foto's:
Boppe: It stasjonskofjehûs yn 1920.
Under: links George (Jorke) Jellema en rjochts Marten van der Hem
 
 

Geen opmerkingen:

Een reactie posten