maandag 25 juli 2011

Ynstruksjefilm foar bûtenlânske PC besikers

Elk hat it wolris meimakke. Jo sitte op ‘e PC en dan eamelje guon minsken oer wa, wa is en hoe’t it spul no einliks yn inoar stekt. It is dúdlik dat jo dan te meitsjen ha mei “eendagstoeristen” dy’t troch kunde meitroand binne om ek ris in PC mei te meitsjen. As jo njonken sokke minsken sitte, is dat net altiten oangenaam. Krekt op beslissende mominten freegje se de meast ûnnoazele saken of se moatte op sa’n stuit yn de tribune foar jo lâns om efkes te pisjen. Hoe krije se soks yn 'e plasse!
Mar ik moat earlik wêze. Ik ha sels ek ris in hiele dei bûtenlânske gasten mei hân nei de PC. En jo ûntkomme der dan net oan om harren sa no en dan wat tekst en útlis te jaan. Yn 2004 hie ik freonen út Roemeenje oer de flier en dy ha ’k meinommen nei de PC. It waard ien fan myn moaiste PC’s. We hienen harren yn it foar de spulrigels al útlein en ek ballen en moffen sjen litten. Mar dat wie fansels lang net genôch om it spul yn syn hiele hear en sfear te begripen. De Roemeenske freon mei syn dochter ha har de hiele dei poer best fermakke. De PC wie foar harren yn alderlei opsichten in “iepenbiering”. Net allinnich de sport, mar foaral de stylfolle tradysjes en benammen de sfear fan sportiviteit en kammeraatskip dy’t foar harren rûnom merkber wie. Dat safolle minsken sa yntins stil wêze koenen en sa meilibje koenen mei spul en spilers fûnen sy hiel bysûnder om mei te meitsjen. En doe’t hja mei syn beiden efkes in rûntsje makke hienen oer de kermis en werom kamen, wie harren ferbazing noch grutter. Ik wit noch hoe’t ús freon mei de holle skodde en it ûnbegryplik fûn dat er safolle minsken op terras en strjitte sieten te bier drinken mar dat er gjin inkelde polysjeman sjoen hie. En ek by de yngong ta it PC-terrein hoegde er allinnich mar syn kaartsje sjen te litten. Hy waard net iens fûllearre! No, dat wie by harren wol oars as er wat te rêdden wie.  
Op sa’n momint besef je pas hoe bysûnder de sfear en de entoeraazje op sa’n PC dei einliks is. We binne dan blykber ien grutte famylje en meitsje der mei inoar in heechtijdei fan. Net foar neat spruts Master B. eartiids fan in “bjusterbaarlik barren”. In term dy’t wat mei oanbelanget ek altiten ferbûn bliuwt oan de PC.
Foar al dy Friezen dy’t bûtenlânske gasten meinimme nei de PC ha ik hjir in Ingelsktalich ynstruksjefilmke mei ûnder oaren bylden fan de PC finale út 1983. Mooglik makket dat de utlis ûnder de partij wat minder needsaaklik en kin it omsittend laach noflik fan it spul genietsje.

Ferantwurding film: www.kaatshistorie.nl

zaterdag 16 juli 2011

Keatswrâld partisipant by World Sport for All Games?


De Ljouwerter Krante kopte sneon 16 july op de foarside mei it nijs dat Fryslân him ynkoarten oanmelde sil as kandidaat om yn 2016 it ynternasjonale sportevenemint World Sport of All Games te organisearjen. It is in sportevenemint dêr’t sa’n 7500 sporters oan meidogge en it giet benammen om demonstraasjes fan sporten dy’t net sa bekend binne en gjin ynternasjonale útstrieling ha.
De provinsje wol foar it ûnderbringen fan sporters, begelieders en belangstellenden ek in berop dwaan op de befolking. Konkrete ideeën dêroer binne der noch net, mar de LC  skriuwt oer it ymprovisaasjetalint yn Fryslân sa as by de Slachtemarathon en de Alvestêdetocht.  Fierderop yn it blêd sprekt Anne Jochum de Vries fan ûndersyksburo Oranjewoud al oer it keatsen as ûnderdiel fan it sportprogramma.



“Mar”,  sa frege ik mei ôf, “lizze hjir net mear kânsen foar de KNKB?”. Soe de KNKB him net aktyf opstelle moatte rjochting de provinsje om te sjen wat hja mei har krapoan 15.000 leden betsjutte kin foar de organisaasje. Want partisipaasje fan de KNKB hoecht fansels net beheind te bliuwen ta in keatsdemonstraasje of it bywenjen fan in offisjele keatspartij. De ferienings soenen har fia de KNKB oanmelde kinne om sporters of gasten in ûnderkommen oan te bieden. Yn Mantgum ha wy dêr al in pear jier ûnderfining mei opdien by it ynternasjonale kuorbalevenemint yn Ljouwert. De pleatslike kuorbalferiening hie op him nommen om ferbliuw te fersoargjen foar in bûtenlâns kuorbalteam en har begelieders. It gie om sa’n 15 persoanen en it slagge elk jier.
Wat ha je dêr no oan? Hear ik roppen. Sa'n fraach is in opgoaier en ienfâldich wêrom te keatsen. Foar de gastgesinnen is it gewoan hartstikke aardich. It is in noflik ûnderbrekken fan de daaglikse gong fan saken en it jout in protte geselligens. Foar de feriening jout it ek “bining” fan sawol de aktive as de minder aktive leden. In grut tal minsken binne dan yn tou en elk docht soks, om dat er dêr aardichheid oan hat. En krekt aardichheid ha om mei inoar wat te dwaan, is foar in feriening ferskrikkelik wichtich. It is it semint, en it ferbân tusken de leden. Leuke dingen mei inoar dwaan is miskyn wol de basis foar in feriening. Fansels krije de gastgesinnen  ek de mooglikheid om mei te gean nei de wedstriden en ek dat jout “bining” mei de sport en de feriening. It soarget foar “moeting” fan leden op in wat oare wize as op it keatsfjild.
Mar der is foar it Bûn noch mear profyt te beheljen. Aktive maatskiplike partisipaasje sil troch de polityk, maatskiplike organisaasjes en sponsoaren fan de KNKB heechlik wurdearre wurde. Je binne yn byld as in sportbûn dy’t fierder tinkt dan allinnich har eigen belang en dy’t ek each hat foar oare sporten en sporters. Soks sil net daliks liede ta gruttere jildstreamen mar it kin it Bûn wol oansjen en achting opleverje. En is acht(ing) net mear as tûzend? De KNKB moat mar ris in bâltsje opsmite by de provinsje.