Dizze simmer hie Omrop Fryslân op har tillefisy útstjoerings in rubryk my boppesteande oanhef. It gie oer it skûtsjesilen en eltse dei fregen se in taskôger wêr’t hy/sy FAN fan wie. No ha ik neat my skûtsjesilen, en it praat oer de ferskate skûtsjeskippers gie dan ek foar it grutste part oan my foarby. Mar ik tocht by mysels: Stel no dat Omrop Fryslân mei dizze fraach de keatsfjilden ôfstrúnde en my de mikrofoan ûnder de noas treau my de fraach: “En fan wa bin jo no in FAN?”
Ik ha dat ris efkes yn my om gean litten. Piet-Jetse wie myn idoal fan eartiids en einliks ha ik dernei gjin útsprutsen favoriten mear hân. Of miskien doch wol ………….? Want je ha natuerlik as je op de fjilden omspane altiten in bepaalde foarkar foar in partoer. En dat wurdt ek meastentiids bepaalt troch ien of mear spilers fan dat trio. Yn wezen binne jo dus eltse wedstriid yn mear of minder mate in FAN fan…….
Sa giet it ek op de PC. Jo ûntkomme der net oan, it iene partoer leit jo krekt efkes wat mear oan it hert dan it oare. En soms kin dy foarkar dan ek oerslaan op jo buorman of miskien wol op in moai protsje minsken dy’t om jo hinne sitte. Op de PC kinne jo oan de atmosfear priuwe hokker partoer de geunst fan it publyk hat. Soks hinget gewoan yn ‘e loft.
As ik dan doch kleur bekenne moat oer myn favoryt op de lêste PC dan is dat einliks wat pynlik. Want oer jo FAN skriuw je meastentiids allinnich yn de oertreffende trep. Jo FAN kin it faaks net sa gau foar jo bedjerre. Mar myn FAN hat my dit jier op de PC yn Frjentsjer doch bot teloarsteld.
Doe’t ik de lotting moandeis op de radio folge, hie ik der in o sa goed gefoel oer. Syn partoer siet yn de boppeste helt fan de list. En dat like geunstich. En dan ek noch yn de earste omloop tsjin in earste klas partoer mei in debutant dy’t net altyd like stabyl is. Ek yn de twadde omloop seach ik kânsen. Mei in plakje op de tredde list soe de PC foar myn favoryt net mear stikken kinne. It wie imers syn 7de PC en noch noait hie hy dêr in pryske wûn. Winne yn de twadde omloop soe him en syn maten (dy’t ek noch noait in pryske pakten op de PC) fleugels jaan. It publyk priuwde dat der dy dei in grutte ferrassing yn de loft siet. Se gienen efter myn partoer stean en mei eltse boppeslach soe de wave spontaan troch de tribunes gean. Dat wie wyn op de mole fan myn favoryt. Hy is no ienris in echte publykspiler, ien dy’t keatst omdat ‘r fan it spultsje hâldt. Ien dy’t him meldt by tsjinstanners en it folk lâns de linen as er ien oer alles hinne slacht. Se soenen de finale helje. In partoer yn de “winning mood” mei in foarynse dy’t keatste sa as er noch nea keatst hie. De motor en ynspirator fan it partoer.
Syn efterynse soe my hege driuwers de perkspilers ta wanhoop bringe. De ballen foelen as fûgelstront omleech. En ek troch de sinne koene se net in bal reitsje. Soks woe it publyk sjen. Entûsjasme, wilskreft en âlderwetske taktyk, kombinearre mei in partoer yn in “underdog” posysje. It koe net stikken en se wûnen de PC. Myn idoal stie yn it midden foar de tinte. Noch nea hie er kening west. Triennen fan gelok. It gie my dwers troch alles hinne. Wat in gelok my sa’n idoal.
Mar sa gie it net. Myn idoal koe yn de earste partij net hielendal yn ’e rol komme. De hege opslachballen fan syn efterynse waarden gauris boppeslein. En hoewol de foarbêst yn de earste helt fan de party goed stie te keatsen, hie hy yn de leste twa earsten te folle missers. It waard doch “alles oan de hang”. In keatske foar de middelline. De bal waard knap opslein en myn FAN krige de bal foaryn. Hy koe de party mei ien klap rêde. Hy rekke de bal net lekker. Earst like it noch of soe de bal der doch foarby gean, mar hy waard keart foar de keats. In dream spatte útien. Winne en ferlieze yn ien momint. Hjoed, wer in PC. Dizze kear ien mei in wat mindere status en oansjen. Mar wol in earste klas partij dy’t heart by de klassikers. En hokker keatskeningen ha hjir net de priis wûn? Sake Saakstra, Drewis Smedinga, Klaas-Anne Terpstra, Pieter Tienstra, neam se mar op. Wat soe it moai wêze as dêr de namme bei kaam fan myn idoal. En dan moandeis mei grutte letters op de sportside fan de Ljouwerter Krante: “Peter Dijkstra, kening op de Lytse PC yn Mantgum” .
Dizze tekst is skreaun yn 2002 foar de wedstriidlist fan de Lytse PC yn Mantgum. Peter Dijkstra koe it dy dei (ek) net winne. Mar hy makke alles yn ien klap goed yn syn lêste wedstriid op de Lytse PC fan 2005. Hy naam op in geweldige wize ôfskie fan de aktive keatserij troch dy partij te winnen. Hy keatste doe mei Yde Klaas Dijkstra fan Makkum en René Anema fan Balk. Peter waard doe foar de twadde kear yn syn keatskarriêre kening fan de partij.
De FAN van….Pracht verhaal. Of je wilt of niet een ieder heeft wel een voorkeur voor een speler of partuur. Had dat vroeger ook. Ja vroeger. De laatste jaren helaas niemand meer. Oorzaak?
BeantwoordenVerwijderenDenk te weinig kwaliteit oftewel constantheid in het spel is de oorzaak voor mij. Of moet ik zeggen: Gebrek aan persoonlijkheden? De laatste waar ik een fan van was, was Johan Okkinga uit Arum en zijn maten. Die gedrevenheid van hem zal het wel geweest zijn. Johan had daarvoor illustere voorgangers zoals: Frans Helfrich, Hotze Schuil, Klaas en Wiep van Wieren en niet vergeten De Brand: Johannes Brandsma. Daar aan denkend krijg ik nog kippenvel. Prachtig wat een talent was dat zeg.
Verloren die mannen, had ik wel effe de smoor in voor een tijdje. Komen ze er niet weer? Natuurlijk wel, alleen het duurt wel wat lang. Beter/gerichter trainen?
Wat je site aangaat: Doorgaan – herbergt kwaliteit!!!!! Variatie prachtig.
Hier zitten vele kaatsliefhebbers op te wachten.
O ja, volgens mij heb jij er nu zelf ook een fan bij en wel: Peter Dijkstra uit Beetgum.
By him kinst net mear stikken.
Germ Gjaltema