zaterdag 15 januari 2011

Streepkeskoade yn de keatserij

Yn de nekrologyen oer de dizze wike ferstoarne krûdenier Albert Heijn waard mei grut respekt skreaun oer syn tapassing fan de streepkeskoade by it ôfrekkenjen fan produkten. De kasjêre yn de supermerk brûkt in scanner dy’t  de streepkeskoade lêst en fertaalt yn in bedrach op it kassabontsje. Yndie in geweldige fynst fan Albert Heijn.
It brocht mei oan it tinken oer de QR-koade. De letters QR stean foar Quick Response en is einliks neat mear as in twadiminsjonale streepkeskoade. Mar efter dy QR-koade sit krekt as by de streepkes fan Albert Heijn in wrâld fan ynformaasje en it wurket einlikst ek it selde.  Mei in mobyltsje (net sa’n âlderwetsk ding út de foarige ieu dêr’t je allinnich mar mei telefonearje kinne) nim je in foto fan de QR-koade. Dy foto wurdt troch in QR lêzer yn it mobyltsje omsetten yn in URL en dy bringt je op in side mei ynformaasje. De QR-lêzer yn de telefoan is basearre op it selde prinsipe as de prizenscanner fan AH.
Mar wat kinne we no mei san QR-koade yn de keatserij? Litte we mar ris begjinne mei de kommersje. Op de boardings rûnom it fjild pleatst elk bedriuw in eigen QR-koade. Besikers oan keatspartijen dy’t wat mear oer dat bedriuw witte wolle, rjochtsje harren mobyl op dy spesifike koade, meitsje in foto en komme sa op de webside fan dat bedriuw. En wat te tinken fan de wedstriidshirts. De marketing ôfdieling fan de Friesland Bank sil net sa folle muoite ha om yn de grutte F op it shirt in QR-koade te ferwurkjen. Op it broekje kin de keatser in QR-koade oanbringe nei syn eigen privee-sponsor. In bytsje kommersjeel tinkend bedriuw soe sels foar de keatskommunity spesjale oanbiedings dwaan kinne. Ferienings kinne der gebrûk fan meitsje troch de QR-koade te fermelden op de wedstriidlist en de bestjoerstinte. De PC kin de houten buorden mei priiswinners oan it keatsmuseum skinke, want sy pleatse, as se dit lêze, fansels daliks in QR-koade op it bestjoerskoepeltsje.  De PC liket in bolwurk fan tradysje, mar dat is úterlike skyn en ik sjoch harren der best foar oan om dit as earste ta te passen.
Op wedstriidshirt en trainingspak fan de keatser kin ek in QR-koade dy’t ferwiist nei ynformaasje oer de keatser sels. Dat kin nei syn persoanlike webside mar ek nei in spesifike side op Wikipedia dêr’t ynformaasje oer him/har stiet.  In QR-koade op in keatsbal liket my hielendal geweldich, mar it fotografearjen dêrfan ûnder it spul  sil wol in poepetoer wurde.
Ek yn mear algemiene sin kin je de QR-koades brûke foar promoasje en útstrieling fan de keatserij. Yn gearwurking mei it gemeentebestjoer fan Frjentsjer soe der op tal fan plakken yn Frjentsjer in QR-koade pleatst wurde kinne, dy’t ferwize nei in relaasje mei de keatserij. Soks kin dan ek nochris ferbûn wurde mei Street view fan GoogleMaps.
Grotere kaart weergeven Ik sjoch it al foar my. Ik riid Frjentsjer yn fan út de rjochting Winsum en wachtsjend foar de iepensteande Van Harinxmabrêge meitsje ik gau in foto fan de QR-koade dy’t pleatst is op de muorre fan Hotel De Bleek.  http://tinyurl.com/5w3e6r9 Sa krij ik in bulte ynformaasje oer keatswedstriden op dit âlde keatsfjild en ek dat hjir it bestjoer fan de PC altiten fergadert. En dat lêste is doch aardich, want dat wie my net bekend. De brêge giet wêr omleech en ik riid fierder. Op it “Oud Kaatsveld” wurdt my fia de streepkeskoade op it strjitnammebuordsje fertelt dat op dit plak de earste wedstriden fan de PC west ha. By “De Stadsherberg” fan de Bootsma’s krij ik in âlde foto te sjen út de jierren fyftich doe’t besikers oan de PC dêr harren fyts stalle koenen.  Ik parkear myn auto op in plak tsjinoer it bolwurk.
 As ik it parkearplak ferlit sjoch ik in boerd mei in QR-koade dy’t ferwiist nei Street View fan GoogleMaps mei in rintocht lâns plakken dy’t te  meitsjen ha mei de keatserij. Ik ha dy tocht ris rûn en wol jim der hjir in priuwke fan jaan. It begûn by it âlde wenhûs fan Jan Bogtstra http://tinyurl.com/5uwktft oan de Godsacker http://tinyurl.com/5up8e2c mei dernjonken it hjoeddeistige stee fan âld PC-foarsitter Van der Meij. Op it ein fan de Dykstrjitte kaam ik fia de streepkeskoade by in âlde foto fan de mûne http://tinyurl.com/63td9r9 op de Molepôlle dêr’t de earste foarsitter fan de PC Bote Gosses Bruinsma, mûnder west hat. Oer de Zuiderkade dêr’t Rients Koopmans wenne hat, gie it mei in ombocht troch de Groenmarkt dêr’t PC oprjochters Bekker en Ypma hast buorlju wienen en fansels lâns it Keatsmuseum yn de âlde Cammingha Stins. Troch de QR-koade by “De Kontsjekikers” op De Breedeplaats wit ik no dat Klaas en Wiebren van Wieren model stean ha foar dit prachtige byld.
De tocht brocht mei fansels ek by it Sjûkelân dêr’t op de tuorren in pear QR-koades pleatst wienen.
Mei ien QR-koade koe men hjir net ta. By de Bogt fen Guné krige ik ynformaasje oer de wantesamling fan Skelte Dijkstra en by it wenhûs fan Jurjen Leicht op it fuottenein fan it Hocquard, eartiids Kleyenburg, waard my fertelt hoe’t je keatsballen meitsje. En dan al dy wen- en of bertehûzen fan ferneamde keatsers út Frjentsjer. It binne der te folle om hjir allegear op te neamen. Mar foar PC-winner Gerrit Langerak (1965) dy’t ea ús buorman wie yn De Leane wol ik in útsûndering meitsje. http://tinyurl.com/6djk46s  Sa is sa’n digitale reis ek noch in sentimental journey.
Oer in jier of tsien, sil dit, krekt as it “live” folgjen fan in keatspartij op je mobyltsje, hyl gewoan wêze en ha we net iens mear yn ‘e gaten wannear soks einliks begûn is. Ek hjir wer de parallel mei Albert Heijn, want wa wit noch yn hokker jier de streepkeskoade by AH ynfierd is?

Geen opmerkingen:

Een reactie posten