[bewurking fan in earder publisearre stik yn “Tuskenspul” Boalsert, 1997.]
Ôfrûne jier wie ha we in PC hân dêr’t, tink ik, noch lang oer praat wurde sil. En spitigernôch sil it dan meastentiids net gean oer de sportive prestaasjes mar oer it waar en de kondysje fan it fjild. Dat fjild is al sûnt myn bernejierren - dy’t yn Frjentsjer lizze – it meast hillige stikje grûn dat ik betinke kin. Man oh man, wat is dêr yn al dy jierren net mei ompielt om it yn goede kondysje te hâlden foar dy iene dei yn it jier.
Foto: Gert Gort
It bringt mei wêrom nei mids jierren tachtich. Ik hie doe de gewoante om mei myn maten de sneontejûn útein te setten mei in pear boomkes skutjasse yn De Bogt fen Guné. Wy sieten op ús fêste plakje rjochts fan ‘e syddoar dat útsjocht op it Sjûkelân. It lân dat sûnt 1856 it Mekka is fan keatsend Fryslân. It wie in oere as alve en wy sieten rêstich te kaartspyljen. Ynienen hearden wy geraas en geskel út ‘e rjochting fan it keatsfjild. It lawaai kaam stadichoan tichteby en wy seagen twa man dy’t oer it gettenizeren stek klommen. De iene (wy koenen him net) hie in amer en in gripe by him. De oare koenen wy better, dat wie ‘reade Klaas Salverda’ dy’t terreinopsichter wie by de gemeente. Yn it skimer fan de Bogtferljochting like syn holle troch opwining en lilkens noch reader as oars. Troch syn lûde stim koene wy goed heare dat er raasde: ‘Hoe helje jo it yn ‘e harsens om yn dizze Hillige Grûn om wjirms te sykjen? Witte jo dan net dat hjir snein keatst wurde moat? Jo ferniele de hiele seade.’ De wjirmsiker andere: ‘Ja mar, hjir binne fan dy fette wjirms en boppedat dol ik allinnich by de kant lâns, dêr hat dochs gjinien lêst fan?’ ‘Dat kin my neat skele, âlde de reade, ‘as it bekend wurdt dat hjir de bêste wjirms fan Frjentsjer omwrotte, dan sjocht it hjir ynkoarten nachts swart fan wjirmsikers. Dan kinne wy dit keatsfjild better brûke as folkstúntsje.’
Om in lang ferhaal koart te meitsjen, de amer bleau leech, it Sjûkelân is noch altiten Hillige Grûn, mar sûnt 2010 net langer ûnskeinber.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten