It keatsmuseum hat yn har kolleksje mear as 100 fideobannen mei dêrop koarte en lange fragminten fan keatspartijen en keatseveneminten. Dy samling is ea op summiere wize beskreaun en dêrtroch wie net goed bekend wat der no feitlik allegear op stie. Yn it kader fan it digitalisearingsprojekt mei Tresoar moat der dúdlikheid komme wat der no einliks op dy bannen stiet. In kwestje fan alle bannen op ‘e nij besjen en op nij beskriuwe.
Tusken kryst en âldjiersdij ha ik tegearre mei in bestjoerslid fan de museumkommisje dêr in begjin mei makke. De ien efter de knoppen mei it hin en wer spielen fan de bân en de oar oan it beskriuwen. Hoewol we nei twa dagen pas op ‘e helte binne, is no al dúdlik dat it in protte nije ynformaasje opsmyt. Der komt in soad nij materiaal tefoarskyn dat net op de magazynlist stie. Yn oare gefallen koenen we summiere beskriuwings oanfolje en de lingte fan de opname fêstlizze.
Op it lêst ha je kante eagen fan it sjen, mar it weromsjen fan prachtige keatsmominten makket dat sa’n dei ek samar omfljucht. Troch yn sa’n koart tiidsbestek dy films te besjen krij je ek in goed byld fan wat der yn de lêste 50/60 jier allegear feroare is. Ien fan de saken dy’t daliks opfalle is it weromrinnen fan it tal taskôgers op de Bûnspartij foar manlju. Dêr stiet tsjinoer dat de Froulju’s PC yn Weidum de lêste 15 jier in geweldige ûntwikkeling makke hat, dy’t resultearret yn gâns mear besikers. Fierders sjogge je ek de útwikeling yn keatsklean, partoercoaching, oankleien fan it fjild en de tanamme fan media oandacht by PC en Freulepartij.
Ien fan de moaiste mominten dy’t wy tsjinkamen wol ik jim net ûnthâlde. Tusken in opname fan de famkesbûnswedstriid út 1997 en de huldiging fan de winners fan de Jong Nederlandpartij stie in opname fan goed 30 minuten fan in pelotepartij yn Mullum út 1997. It is in wedstriid mei pleatslike spilers en âlde cracks as Piet Jetze Faber, Johannes Brandsma en Reinder Triemstra. Wat de opname sa aardich makket is dat de opmerkings fan spilers en publyk goed te hearren binne. Sa freget op in momint dat it spel efkes stil leit immen út it publyk oan Reinder: “Doe’t dat jonkje fan dij oek met?” Ut de kontekst is dúdlik dat dizze fraach slacht op Reinder syn soan Teake en it meidwaan oan de Freulepartij fan dat jier. No sa’n 13 jier letter hat “dat jonkje” yntusken de Freule en de PC wûn.
De opname mei boppesteand fragmint is nog net digitalisearre. Mar it filmke hjirûnder is ek hiel bysûnder.
Bron: www.kaatshistorie.nl
Geen opmerkingen:
Een reactie posten