dinsdag 12 oktober 2010

Te let...

As neitins oan Pieter de Boer, winner fan de Lytse PC yn 1947 en 1951

“Te let …..” is yn de keatserij in oantsjutting foar in slach dy’t net op tiid ynsetten wurdt en dêrtroch meastentiids resultearet yn in misslach. Te let, wie foar my dit keatsjier de ôfspraak foar in ynterview mei de trije generaasjes De Boer út Hjerbeam. Pake Pieter, soan Fokke en pakesizzer Peter. Se ha alle trije keatst op sawol de Lytse as ek op de Grutte PC en it like my nijsgjirrich om ris mei harren trijen te praten oer de keatserij. Ik hie dêr de ôfrûne winter al mei omrûn, mar it wie der hieltiten net fan kommen. Der wie altiten wol wat oars.......
Op it NK junioaren moete ik Fokke en we makken de ôfspraak dat ik mei syn heit in dei ôfprate soe foar in ynterview. No woe it tafal dat Pieter de Boer yn it selde âlderein kompleks wenne as myn eigen heit en dêr rûn ik him tsjin it liif. Hy hie al fan Fokke heard oer it ynterview en we makken in ôfspraak foar freed te jûn. Hy noege my út yn syn keamer om dêr noch efkes syn medaljes te besjen. Dêr njonken dy medaljekast ha we it noch in hiel skoft oer it keatsen hân. Wat hie dy man in moaie ferhalen........
Tongersdei te jûn skille Fokke mei de boadskip dat heit net sa goed by sûp en stút wie en we stelden it petear in wike út. In wike letter skille Fokke my op freed te jûn krekt foar iterstiid: “It petear kin wêr net troch gean, heit is fan ‘e middei nei it sikehûs brocht, it giet net goed en it petear kin ynearsten net troch gean.” Underwilens wist ik dat Pieter de Boer kanker hie en de fraach wie oft er wol wer thús komme soe. In pear dagen letter gie ik mei fakânsje nei it bûtenlân. En earne midden yn Roemenie lêsde ik in wike letter op de ynternetside fan Braaksma dat Pieter de Boer ferstoarn wie. Ik wie te let.......
Dochs hat Pieter de Boer my noch in bysûnder ferhaal fertelt. It gie oer de earste PC yn 1947. Ik wist út ‘e holle dat by ús keatsferiening net bekend wie, wa dy earste Lytse PC wûn hat. “Dat wie ik, sei Pieter de Boer. En myn maat wie jim boargemaster.” “Mei ús boargemaster?”, frege ik. “Ja, mei .....eh... Hoekstra hite er leau”k. Hy hat it grutste part fan de dei allinnich balkeart, mar we wûnen al de priis.”
Pieter de Boer wist ek noch de namme fan de tredde maat, mar ik wie sa stom om dat net daliks op te skriuwen, en no bin ik dy namme fergetten. Ik kin it him net mear freegje. Wer in slach “te let”...



Sjoch foar mear ynformaasje oer boppesteande foto:
http://www.kaatshistorie.nl/fotofilm.php?id=258&q=piet de boer&afbnr=4

BY

Geen opmerkingen:

Een reactie posten