maandag 11 oktober 2010

Opslach

By it keatsen is it in goeie gewoante dat je foar it spul begjint inoar dat witte litte troch de hân op te stekken. It is in symboalysk signaal fan "it giet oan". No bin ik noch net sa fier dat ik in digitale gadget pleatse kin om sa'n signaal fisueel dúdlik te meitsjen, dus moat it mar tekstueel.



In weblog oer keatsen. Wêrom docht in minsk soks en wêrta moat it liede? It earste is makliker út te lizzen as it twadde. It hat te meitsjen mei leafde. Leafde foar it spultsje en alles wat dêr mei anneks is. Dat is begûn doe't ik as jonkje jûns efter it iepen sleapkeamerrút lei te harkjen nei de beurzjende manlu dy't simmerjûns by ús foar hûs op it stekje sieten te swetsen oer it keatsen. Ferhalen oer winst en ferlies, oer anekdoates út it ferline en fansels oer skelmjen en ûndogenske streken fan de tsjinstanner. Ik rekke sa yn de bân fan de leafde foar dizze sport. In leafde dy't oan de dei fan hjoed stân hâlden hat.
De twadde reden is nuodliker. Krekt as yn de leafde witte je by de earste tút noch net wêr't je einliks oan begjinne. Litte we it der dêrom mar op hâlde dat it wêrta fan dizze weblog in soarte fan doaltocht is, in doaltocht sûnder ein. Is it sa ek net yn de leafde? In einleas sykjen nei mominten fan gelok en tiidleasens.

BY

1 opmerking: