In tal jierren lyn wie ik as begelieder fan ús ôfdielingspartoer yn Aldeleie. It wie in snein. Mar net in gewoane snein. Al foar njoggenen sieten wy yn de auto en doe’t wy tsjin healwei tsienen by it fjild kamen begûn it te reinen. It soe dy dei net wêr droech wurde. Lokkich hie ik in paraplu meinommen. En wapene mei dit reinskerm ha ik my út moreel plichtsbesef efter in perkline deljûn. It wie net allinnich reinich mar ek winderich en ferrekte kâld.
Us partoer rekke der yn de earste omloop ôf. Mar hja koene alle trije wêr yn ‘e krite by de saneamde “opstapwedstriid” troch inoar lotsjen. Alle trije rekken der wer yn de earste omloop ôf, mar ien fan harren waard bylotte. De twa oaren koene har yn in âld keet ferkleie en ha de rest fan de dei ferklomme omrûn. Nei twa oeren hie ik myn morele plicht wol dien en besocht ik om in waarm plakje te finen. Mar der wie gjin kantine en it kafee wie sletten. De bylotter wûn úteinlik de tredde priis yn de ferliezersronde. Wy moasten oant healwei seizen wachtsje foardat wy nei hûs ta koene. Mei it wetter yn de skuon en oan it bot ta ferklomme binne wy ôfset.
By it fuort gean eamele ik noch wat tsjin in bestjoerslid oer it minne waar, dat der gjin goeie akkommodaasje wie en sokssawat. Ik wit noch goed wat er sei: “Ach ja, jo moatte mar sa tinke it is yn it keatsen krekt as yn de leafde, jo begjinne fol freugde en wille, mar jo moatte somtiden wol in bytsje gek wêze om it fol te hâlden”.
Tsja, keatsgek of fereale op it spultsje, it leit ferrekte ticht by inoar. Dat jildt net allinnich foar de keatsers dy’t neist training sawol sneons en sneins der mei besteld binne, mar ek foar al dy karmasters, jeugdbegelieders, tc-leden, skiedsrjochters en net te ferjitten de âlders. Ien fan dy âlders wie de heit fan René Janse. Wêr’t René keatste dêr wiene Andrys Janse en meastentiids syn frou Gretha ek. En om’t it yn de leafde net fan ien kant komme kin wie it in prachtich gebaar fan de earste klas keatsers om harren keatsleafde yn 2004 te wurdearjen mei de yn it libben roppen priis foar de meast trouwe supporter.
Hjoed sil Andrys Janse der net mear by wêze. Hy is yn it ôfrûne winterskoft nei in slimme sykte ferstoarn. Yn him ferliest it keatsen immen dy’t symboal stie foar de kop fan dit stikje “keatsen is leafde”.
Fjouwer septimber 2004, Lytse PC Mantgum. It begjin fan in weardefolle tradysje. De útrikking fan in wikselskaal oan de meast trouwe besiker fan it earste klas keatsen.
Fjouwer septimber 2004, Lytse PC Mantgum. It begjin fan in weardefolle tradysje. De útrikking fan in wikselskaal oan de meast trouwe besiker fan it earste klas keatsen.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten