dinsdag 26 oktober 2010

Chris Wassenaar `in keatser fan formaat`

Ik ha sels ris neitocht as ik in bettere titel foar dizze útstalling betinke koe. Ik moat jim teloarstelle: dy ha ik net betinke kinnen. Ik bin dan einlikst ek wol wat jaloersk op Jelle Bangma dat hy dizze titel foar it boek oer Chris en dêrmei ek foar dizze útstalling, betocht hat. Ik hie dy titel namentlik ek betinke kinnen. En dêr ha ik trije redenen foar:
De earste reden hat syn eftergrûn yn 2002 doe’t ik op fakânsje wie yn Itaalje. We ha doe yn Toscane it lytse berchdoarp Ciciano besocht. In doarpke net grutter as Doanjum. Dêr moast neffens de ynformaasje dy’t ik fan Pieter Breuker krigen hie, keatst wurde. Ik gie dêr mei myn frou hinne en doe’t we dêr kamen wie it siesta en it doarp lei op ien ear.
We ha dêr doe wat omstrúnt en om in oer as trije binne we it kafee ynstrûpt. Nei in wat muoisum petear waard in famke helle dy’t Ingelsk koe. We makken dúdlik dat we yntresse hienen yn it Italiaanske keatsen. Ynienen kaam der aksje en al frij gau siet der in âld man by ús oan it tafeltsje dy’t ús de earen fol tetterre. We krigen foto’s te sjen en hy naam ús mei nei it klubgebou fan de pleatslike keatsferiening. In kreas gebou mei klaairomten en in romte dy’t trochgean moast foar MUSEUM. We krigen in prachtige film te sjen oer it regionaal kampioenskip Palla-eh sa as it keatsen dêr neamt wurdt.  
Mar hy liet ús ek alderhande soarten keatsballen sjen. En ferdraaid hy hie ek in Fryske keatsbal. Hy hie dy keatsbal krigen doe’t er yn Valencia wie mei it Italaanske team. En op dy keatsbal stienen twa foar ús bekende nammen: K.A. Terpstra en C. Wassenaar. Doe’t ik de namme Wassenaar útspruts skode de man syn hannen in heale meter út inoar en sei op syn Italiaansk: “queste scarpe” of te wol: “sokke skoanen”. Chris wie foar him letterlik in keatser fan formaat.

Mar ik kin jim gerêst stelle dat it net allinnich om Chris syn lichemslingte gie. De man rekke net útpraat oer syn keatskwaliteiten.
Myn twadde reden hat alles te meitsjen mei Chris syn keatskwaliteiten. It wie yn it lêste keatswykein fan 1995. Chris stie doe op de râne fan earste klas en haadklasse en dy mei op de Lytse PC yn Mantgum dêr’t ik wenje. Chris wie doe winner mei Reinoud Monsma en Jan Willem van Beem. Ik siet yn de keningskommisje en de kar foar Chris wie unanym. In dei letter wie hy op de Aldehoupartij wer by Reinoud en hie Leo Leeuwen as foarynse. En wer wûn Chris de priis. It wie foar my dúdlik, hjir stie in keatser fan formaat.
De tredde reden wêrop ik Chris kinnen leart ha, sil sa’n jier of tsien lyn wêze. Der wie yn de sporthal fan Frjentsjer in kennismakkingsdei foar de jongste groepen. Chris wie dêr ek om mei te helpen. Op it ein fan de middei mochten de bern besykje om tsjin him te toulûken. Chris makke der in geweldige show fan. Myn jongste dochter neamde him doe de GVR: “De Grote Vriendelijke Reus”. Dêr koe sels Wout Zijlstra in puntsje oan sûchje. It einige mei in stoeipartij wêrop in allemachtich grut oantal bern besochten om him omfier te krijen. As boechbyld fan de KNKB wie Chris sûnder dat er it sels beseft hat op dat momint yn pedagogysk, didaktysk en minsklike sin “immen fan formaat”.
Dat Chris ek yn sportyf opsicht in keatser fan formaat wurden is, dat er in boek en in film oer him makke is en dat er sels in lintsje krigen hat, binne aspekten fan formaat. Mar miskyn hat er dy middei mei de bern yn de Frjentsjerter sporthal noch wol de moaiste earetitel fertsjinne “In minsk fan formaat”.
NB.
Ut sprutsen by de iepening fan de útstalling oer Chris, op sneon 23 oktober 2010 yn it keatsmuseum te Frjentsjer.
Sjoch foar bylden oer Chris nei ûndersteand filmke:


En foar in oersjoch fan syn keatsprestaasjes op:

Geen opmerkingen:

Een reactie posten