maandag 11 oktober 2010

keatsgedicht

Ids Jousma keatste tusken 1918 en 1930. Neffens tiidgenoaten de bêste efterynse dy't der ea west hat. "Idske" sa as syn poppenamme wie, wie de earste keatser dy't it saneamde klaverke fjouwer wûn. (Winst op Freulepartij, Jong Nederlân, Bûnspartij en PC) . Hjirûnder in gedicht fan Jan Visser oer dizze legendaryske keatser.


Ik wie tolve

Idske Jousma sjoch ik noch foar my
As feintsje mei de slachterskoer.
Gjin sterveling sloech de keatsbal
Sa licht en linich de fjilden oer.
Sels wie ik doe tolve, in lytse
Triuwer dy’ t krekt de opslach helle.
Idske wie myn ideaal, ik woe al
Syn fuotstappen wol stelle.

Wy wiene net botte tsjerks, mar yn Holwert
Haw ik wol stil lein te bidden.
Efter de krite, neist Idske syn trui,
Hiel gewoan yn it fermidden.
Grutte Hear fan it keatsen, in earm
Lykas Idske woe ik graach ha.
Ik kom dan folle faker yn tsjerke
Sekerwier, dat siz ik jo ta.

De Heare die neat; hat faaks
Myn lytse wurden net iens ferstien.
It keatsen bin ik trou bleauwn, de
Tsjerke bin ‘k nea wer hinne gien.


BY

Geen opmerkingen:

Een reactie posten