vrijdag 29 november 2013

Amerikanen keatsten yn Mantgum


Yn de digitale Ljouwerter Krante [www.dekrantvantoen.nl ] kinne je prachtige ferhalen fiene oer it keatsen út it ferline. Sa fûn ik foar in artikel yn De Keatsfreon oer in sulveren keatsbal út 1769 de advertinsje werom wêryn’t dy wedstriid oankundige waard.  It is fansels geweldich dat je sokke ynformaasje no fia wat goochem sykjen werom fine kinne.
Keatse by it stasjonskofjehûs, 1930

By it sykjen nei âlde keatsútslaggen fan ús keatsferiening yn dy digitale LC stuite ik op in wedstriidferslach fan 28 july 1930. No koe ik dat stik mei eigen wurden neifertelle mar folle moaier wie it om it stik yn syn gehiel oer te typen. Dat ha ik dien en sa kinne jim it hjir ek lêze:
“Mantgum, 26 juli. Heden hield de kaatsvereeniging ‘Jacob Klaver’ alhier onder leiding van haar bestuur, een wedstrijd bij het Stationskoffiehuis, om prijzen van ƒ 24.-  ƒ 15.- en ƒ 9.- of 2x ƒ 4.50 waarbij stadsprijs- en premiewinnaars waren uitgesloten en waaraan 32 parturen deelnamen. Onder de medespelers waren 5 ‘Amerikanen’ die tot dezen wedstrijd het initiatief hadden genomen; één hunner, de heer M. Fransbergen, afkomstig van Mantgum, had een bedrag van ƒ 40,-- beschikbaar gesteld, terwijl bovendien door een ingezetene een zilveren medaille was uitgeloofd. De 1e prijs viel ten deel aan G. Jellema te Winsum, M. v.d. Hem te Rauwerd en J. Blom te Drachten; de 2e aan W. v.d. Sluis te Terzool, A. v.d. Woude te Leeuwarden en K. Gaasterland te Oosterlittens; de 3e aan Joh. Hoekstra te Baard, J. Gaastra te Wirdum en J. Bosma te Leeuwarden; de 4e aan J. Kramer te Wirdum, Th. Hoekstra te Baard en D. Jippes te Hallum. Tot koning is uitgeroepen G. Jellema, die als koningsprijs de zilveren medaille ontving. Verscheidene spannende partijen zijn gespeeld; die om prijs en premie beantwoordde echter niet geheel aan de gekoesterde verwachtingen. De prijzen zijn uitgereikt door de heer Th. De Jong afkomstig van Britswerd, thans te Paterson (U.S. ) die een humoristische toespraak hield, vooral het kaatsen in Amerika betreffende, hoe men daar wel eens 50 km reist om een uitgeschreven wedstrijd bij te wonen, terwijl ieder jaar op 14 juli de kaatsclub van Paterson naar Rochester trekt, en in September omgekeerd, om elkander te bestrijden. Spreker deelde nog mee, dat men getrouw de uitgebreide kaatsverslagen in verschillende Friesche kranten volgt, zoodat men de kaatsers wel niet van gezicht, maar toch bij name kent. Nadien droeg nog de heer M. Fransbergen een berijmde toespraak voor, die blijkens de stille aandacht, zeer in de smaak viel.”
Sjoch foar it orsjinele ferslach: http://tinyurl.com/6mamm8
Winners fan namme
Oant sa fier it ferslach yn de LC. Der steane fansels wol in tal aardige feiten yn dy’t om in neiere útlis freegje. Sa sil it net foar elkenien daliks dúdlik wêze wêr’t it Stationskoffiehuis stien hat en wat no einliks bedoeld wie mei it útsluten fan ‘stadsprijs- en premiewinnaars’. Wolno, it Stationskoffiehuis is it earste hûs oan de Galamawei  rekkene fan  it spoar ôf by Tsjeintgum. Dêr wennet no de famylje H. Aukes. Om tefoaren te kommen dat te sterke keatsers meidwaan soenen en de minderen dêrtroch wei bleauwen, waard it keatsers dy’t grutte partijen (sa as de PC yn de stêd Frjentsjer) wûn hienen net tastien om mei te dwaan. Dêrmei krige de partij wol minder oansjen mar waard de dielname grutter en de útslach minder foarsisber. Winner George (Jorke) Jellema en syn maat Marten van der Hem soenen letter wol stedspriiswinners wurde. Van der Hem wûn de PC yn 1934, 1936 en 1940, Jorke Jellema wûn wol ferskate prizen mar kaam op de PC net fierder as twa kear in tredde priis (1932 en 1933). De  “Amerikanen” yn it ferslach hienen blykber wol in pear sinten te ferstriken want se stienen ek foar de prizen fan in jongespartij mei lúkse foarwerpen. (LC 21-07-1930)

By de foto's:
Boppe: It stasjonskofjehûs yn 1920.
Under: links George (Jorke) Jellema en rjochts Marten van der Hem
 
 

vrijdag 6 september 2013

Ranking, een explosief mengsel

De Lytse PC is traditiegetrouw de laatste KNKB wedstrijd voor de Eerste Klas. Het is daarom een partij van terugkijken en afsluiten. Terugkijkend kunnen we niet anders concluderen dan dat het kaatsen in het afgelopen jaar werd gedomineerd door problemen en onduidelijkheden rondom de RANKING. Een deel van die problemen werd, zonder dat de afgevaardigden dat in de gaten hadden, veroorzaakt op de Algemene Vergadering. Daar werd m.i. besloten dat de RANKING op de achtergrond zou meetellen maar dat de TC dit jaar nog beslissend zou zijn voor selectie van de parturen. Toen het kaatsseizoen eenmaal losbarste en de RANKING leidend werd verklaard, ontkende het HB de beslissende rol van de TC.

Al drie weken na het begin van het seizoen stuurde ik een brief over het m.i. fundamenteel verkeerde  RANKING systeem naar het Bondsbureau. Ik kreeg een brief terug met daarin de zinsnede: “Vertrouw erop dat onderliggende berekeningen over 6 seizoenen ruimschoots voldoende basis geven om de ranking toe te passen. Het zit fantastisch in elkaar!” Een snelle blik in Van Dale’s woordenboek leerde mij al gauw dat fantastisch betekent: “niet werkelijk, voortgebracht door de fantasie, voortbrengselen der verbeelding.” Daarmee werd het een stuk duidelijker.
Met mijn historische achtergrond moest ik het gehele kaatsseizoen bij die ‘FANTASTISCHE RANKING” telkens weer denken aan een voorval uit de Tweede Wereldoorlog. De Engelse militaire staf boog zich eind 1942 over het probleem hoe zij de Duitse onderzeeërs onschadelijk konden maken. Een lid van de genie stond op en meldde trots dat hij dé oplossing had. Hij legde omstandig uit dat hij een zeer explosief mengsel had uitgevonden dat onder de oceaan moest worden aangebracht. Nadat het daar was aangestoken zou het water enorm verhitten. De onderzeeërs zouden naar boven drijven en konden onschadelijk worden gemaakt. Dit idee vond een geweldig onthaal bij de militaire top. Toch waagde een ondergeschikte militair het om openlijk te vragen hoe het mengsel onder de oceaan moest worden aangebracht en aangestoken. “Tja”, antwoordde de uitvinder, “nu vraagt u naar de details, ik ben er echter alleen voor de grote lijnen.”

maandag 8 juli 2013

Wêr wienen jim?

De ôfrûne wiken gie it op de keatsfjilden allinnich mar oer Dé Ranking. Keatsers en keatspartoeren dûkelen fan boppe nei ûnderen op de ranglist. Keatsers dy’t yn ferban mei wurk op freed te middei net witte of sij wol/net oan dy partij meidwaan kinne. Reboelje oer it tuskentiids ‘oan de knoppen fan it systeem draaie’, keatsers dy’t net keatse mochten yn Winaem. Begjinnende keatsers dy’t haadklasser waarden en oarsom. It makke it der foar elkenien net begrypliker op. En om’t de KNKB gjin útlis joech hoe it systeem wurke die de tam tam syn wurk. Guon keatsers wienen hast sa fier dat se har net mear opjaan woenen. Ek by de froulju wie (en is) de ûnrêst grut. Koartsein de KNKB moast sa stadich oan iepenheid fan saken jaan.

Dat barde fan ‘e jûn, moandei 8 july op it Bûnsburo. Ik gie der hinne yn de ferwachting dat it dêr wolris drok wurde koe. Se soenen der allegear wol wêze: de feriening fan keatsers, in ôffurdige fan de meast foaroansteande keatsers, coaches, sponsors, ferieningbestjoerders, âlders, parse, technyske kommisje, kaderleden, skiedsrjochters ensafuorthinne. Der mar betiid hinne, want jo moatte al plak ha fansels.
Afijn, ik wie kertier foar sânnen by it Bûnsburo en sawat tagelyk kaam der ek Marieke Beckers fan Wytmarsum. We praten in piipfol en doe’t it hast sân oere wie, fregen we ús ôf, as we wol op it goeie plak wienen, want der wie fierders noch net ien en de doar fan it Bûnsburo siet op slot. Mar krekt foar sânen kaam der dochs mear folk. Trije HB minsken, de nije Bûnsdirekteur Geert Faber, twa minsken fan de webside, fjouwer oare froulju keatsers en Hendrik van der Velde as ienichste keatser fan de manlju.

It earste wat Hendrik dan ek opmurk wie dat de opkomst ‘in oanfluiting’ wie. En dêrmei hie hy it hiel fatsoenlik ferwurde. Dat doch ik net.  Lit ik it mar rjochtút sizze: It wie kloatsekeftich! No hienen al dy kritikasters de kans om fragen te stellen, miening te jaan, yn diskusje te gean, gâl te spuien en dan bliuwe se thús. Tsjonge, jonge, wat in beskamsume fertoaning.

Tjeerd Dijkstra joech út namme fan de KNKB in útlis oer de stân fan saken. Hy joech ta, dat guon saken minder goed útpakten dan yn earste ynstânsje betocht en dat it systeem noch lang net folslein is. Sa joech hy ek ta dat it kombinearjen fan punten út de frije formaasje mei t.i.l. wedstriden nochris goed besjoen wurde moat en ek ‘plaatsing’ of ‘gestuurde loting’ yn de diskusje belutsen wurde moat. De oanwêzige froulju kamen mei praktyske fragen oer de dielname op freed te middei of op sneon.  Ek oer it ferskil yn rankingpunten foar klassikers, sa as de PC en de Van Aismapartij moat noch neitocht wurde. It is dúdlik dat der noch in protte 'losse eindsjes' binne dy't om in oplossing freegje.
Dijkstra joech ek eksakt de punten dy’t keatsers behelje kinne troch: oan wedstriden mei te dwaan en troch omlopen te winnen. Mei dy kennis kinne keatsers dus sels harren punten byhâlde en sjen as der gjin flaters makke wurde by de ynfier yn it systeem. Want soks bliuwt fansels minskewurk. Tink allinnich mar ris oan it net goed byhâlden fan de list by útfallers en ferfangers. It kin dus wichtich wêze dat keatsers har eigen punten byhâlde. Wat dy punten binne, hâld ik no ek mar ris foar mysels. Hienen jim der sels mar hinne gean moatten!

 

 

dinsdag 11 juni 2013

RANKING

Met ingang van het kaatsseizoen 2013 wordt bij de KNKB het Rankingsysteem gebruikt bij de selectie en plaatsing voor wedstrijden. Dit systeem zorgt voor onduidelijkheid bij spelers en betrokkenen. Een van die onduidelijkheden heeft de KNKB zelf in de hand gewerkt door te stellen dat:
  • Het rankingssysteem op de achtergrond meedraait
  • Leidend is voor selectie en plaatsing
Deze dubbelzinnigheid leidt tot verwarring. Want als een systeem leidend is, draait het natuurlijk niet mee op de achtergrond. Het was dan ook beter geweest als de ranking dit jaar nog niet leidend was geweest, maar dat de resultaten (op de achtergrond) open, duidelijk en transparant op de website van de KNKB waren te raadplegen. Dan had iedereen kunnen zien wat de gevolgen waren geweest als het compleet leidend was geweest, zonder alle handmatige aanpassingen en bijstellingen. Dan had ook de puntentelling gewoon openbaar kunnen zijn en had iedereen mee kunnen rekenen wat de gevolgen voor hem of haar waren geweest.

Doel van de individuele ranking lijkt mij niet verkeerd: een wijze van selectie en plaatsing voor wedstrijden waarbij de resultaten van de individuele speler doorslaggevend zijn. Geen invloed van TC-leden of anderen. Kortom een systeem waarbij individuele resultaten zich vertalen in een individuele ranking. Op zich een nobel streven. Maar mij lijkt dat we hier bij uitnodigingspartijen en d.e.l. een probleem hebben. Kaatsen is een teamsport. Je kunt individueel nog zo goed presteren, als je maten verzaken, leidt het meestal tot niets. Omgekeerd kan natuurlijk ook! Ik vraag me af of een individuele ranking gebaseerd op teamprestaties past bij het kaatsen. Is dit niet een innerlijke tegenstrijdigheid?
Voor een partuurranking geldt dit minder omdat je dan het team als eenheid neemt en die resultaten kun je wel goed met elkaar vergelijken.
En hoe zit het met de verschillen tussen Hoofdklasse en Eerste klas? Het kan toch niet zo zijn dat de punten die behaald worden op een Eerste klas partij net zo zwaar wegen als die op de hoofdklasse? En punten op een PC, tellen die net zo zwaar als die op een willekeurige andere partij? En kunnen, zoals Pieter van Althuis op Facebook aangaf, door een grotere deelname op een d.e.l. partij en het winnen van meerdere omlopen ook meer punten worden gewonnen? In dat geval kun je voor de ranking beter in Engelum de prijs winnen dan in Arum!
Het winnen van de 3e prijs bij de dames in de hoofdklasse is altijd gezien als een waardevolle prestatie. Maar die levert nu geen rankingpunten op omdat er hiervoor al is verloren in de partij voor deelname aan de finale. Hier moet m.i. toch een oplossing voor zijn te vinden, want anders verliest zo´n wedstrijd aan waarde. Ook kunnen parturen in de Dames Hoofdklasse niet blijven staan, maar in de Dames Eerste klasse wel en zo rankingpunten verdienen terwijl ze niet spelen! Zo kan een eerste klas trio dat blijft staan, een hoofdklasse partuur dat in de eerste omloop verliest, passeren in de ranking. Bijzonder!
Het is tevens nog maar de vraag of je het zelfde systeem dat je bij de heren gebruikt ook kunt en moet toepassen bij de dames. Het is een aantal betrokkenen duidelijk dat het dameskaatsen o.a. gebaat is bij (veel) meer d.e.l. wedstrijden dan nu het geval is. Het aantal VF wedstrijden bedraagt nu bijna het dubbele van het aantal d.e.l. wedstrijden en dat zou eigenlijk andersom moeten zijn.
Gestuurde loting. Bij een ranking hoort een gestuurde loting. Terecht, want anders zou het lot weleens heel vervelend kunnen uitpakken en dat is bij een ranking niet de bedoeling. Bij gestuurde loting bedoel ik hier het systeem zoals dat een aantal jaren geleden ook werd gebruikt bij `Yn it fjoer fan it spul`, waarbij alle teams in een halve competitie tegen elkaar uitkwamen.
Dat was m.i. een geslaagd experiment waar veel kaatsers tevreden over waren. Maar bij een ranking waarbij elke week de deelnemende parturen kunnen wisselen is een gestuurde loting m.i. niet bruikbaar. De deelnemende parturen zijn immers niet iedere week dezelfde. Het is bovendien de vraag of dit constante geschuif van parturen tussen Hoofdklasse en Eerste klas een toegevoegde waarde heeft voor spelers en voor de toeschouwers. 
Tot slot: waarom krijgen spelers en betrokkenen geen inzagen in de puntentelling? Zij hebben toch recht om te weten hoeveel punten zij nog moeten halen om zich te plaatsen voor bijvoorbeeld een PC? De KNKB komt op haar website niet veel verder dan de uitspraak dat het een fantastisch systeem is en dat iedereen vertrouwen moet hebben dat het goed komt. (?) Ik vraag mij in alle redelijkheid af, hoe het zou zijn als de oud-kaatsers uit de technische commissie dit indertijd zelf was overkomen? Zouden zij dan ook alles gelaten hebben ondergaan?
Voorlopige conclusie: positieve ontwikkeling, maar  door ongelukkige invoering en onvolledige communicatie veel onduidelijkheden.

zondag 26 mei 2013

Partuur Hempenius stunt bij debuut in dames hoofdklasse

Het is niet veel kaatsers gegeven om bij een debuut op het hoogste niveau direct met de krans huiswaarts te keren. Dat gebeurde vandaag bij de dames hoofdklasse in Berlikum. En het was ook nog eens dik verdiend. Want het debuterende trio Nicole Hempenius, Marte Altenburg en Renske Terwisscha van Scheltinga speelden vandaag zoals kaatsen gespeeld moet worden. Een degelijke op- en uitslag met op dé momenten waarom het er om gaat ‘gas op de plank’. Mooi om te zien was ook de coaching door Renske Terwisscha van Scheltinga.  Als meest ervaren speelster van het trio stapte zij in de eerste omloop resoluut uit het perk om even te wisselen met Nicole Hempenius. Kritisch zijn op je eigen functioneren, de teamprestatie boven alles stellen en snijden in eigen vlees als het moet, dan hoef je geen coach langs de lijn. Daar kunnen veel kaatsers (en coaches langs de lijn!) een voorbeeld aan nemen. 
Genoemd partuur kwam in de finale na een tweetal zwaar bevochten partijen. In de eerste omloop tegen het ook al debuterende trio Nynke Sinnema, Esther Wagenaar en Annelien Broersma werd het een benauwde 5-5 en 6-4 overwinning. Deze eindstand zou zich herhalen in de tweede omloop tegen het partuur van Sanne Velsma, Mariska Hoogland en Anke Marije Pompstra.
Partuur Van der Veen kwam ogenschijnlijk gemakkelijker in de finale. Maar achteraf waren hier de haarscheurtjes van de vliegende seizoenstart te bespeuren. In de eerste partij liet men de tegenstander Noorman cs na een 4-0 voorsprong bijna geheel terugkeren. Juist op tijd werd het ritme hervonden en het pleit met 5-4 en 6-2 in hun voordeel beslecht. De strijd tegen partuur Wagenaar, ‘op papier’ hun sterkste tegenstander, ging tot 3-3 gelijk op. Maar partuur Wagenaar dat in deze beginmaanden wisselvallig presteert, moest de foutjes aan hun kant gaandeweg de partij duur betalen en verloor uiteindelijk met 5-3 en 6-0.
Een finale derhalve tussen het partuur Van der Veen, dat tot nu toe alle Vrije Formatie wedstrijden wist te winnen en het debuterende trio Hempenius. Trio Van der Veen startte voortvarend en kwam met 2-0 voor. Maar daarna kwam partuur Hempenius door foutloos en degelijk spel niet alleen terug maar ook vóór in de partij. Op spellen gelijk en 6-4 plaatste Hempenius een zitbal en nam brutaal de leiding. In plaats van tactisch en beheerst de tegenaanval in te zetten, werd getracht met ‘op de boven slaan’ het tij te keren. Dit pakte verkeerd uit toen Sjoukje Visser op 3-2 en 6-6 de bal ‘kwaad’ sloeg. Op 4-4 en 6-6 veroverde Nicole Hempenius met een ‘skroeier’ op Sjoukje Visser het vijfde bordje. In het laatste eerst wist Marte Altenburg op 6-4 de kleine kaats met een geplaatste slag te passeren. Een prachtige en verdiende overwinning voor dit debuterende trio. Als zij dit solide spel kunnen handhaven zijn zij een aanwinst voor de hoofdklasse.

Foto: Henk Hempenius

maandag 20 mei 2013

Ferrassende winner op de 22ste Wiebe Koldijk partij

It frouljuskeatsen liet hjoed yn Jorwert wer ris sjen wêrom it betiden in hege attraksjewearde hat. Moaie keatserij, spannende partijen en ferrassende útslaggen, yngrediïnten dêr’t it publyk foar komt. Op foarhân seach it dêr hielendal net nei út, want yn tsjinstelling ta oare jierren wie der gjin “gestuurde loting” en dat soarge foar in dielnimmerslist mei op papier te foarsizzen útslaggen. Mar dat soe oars rinne dizze middei en krekt soks makket keatsen sa aardich. 
Ferrassings wienen der daliks al yn de earste omloop. It sterke partoer fan Iris van der Veen, Mariska Hoogland en Fenna Zeinstra makken neat klear tsjin Lisette Wagenaar, Feikje Bouwhuis en Bianca van der Veen. Se krigen net in earst oan de telegraaf en dat wie einliks in blamaazje. (5-0 en 6-6). Dat selde kin sein wurde fan de striid tusken Sanne Velsma, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma tsjin it partoer fan Ilse Noorman, Maaike Osinga en Anke Marije Pompstra. Partoer Velsma bakte d’r net folle fan en Ilse Noorman stie yn dizze partij sekuer en degelik op te slaan. ((1-5 en 2-6).  Mar foar Harmke en Leonie wie der in nije kâns want beide waarden bylotte troch blessueres fan Imke van der Leest  en Margriet Bakker. It wiere Leonie mei want se krige mei Marije Hiemstra en Manon Scheepstra in sterk partoer. Dochs moasten sij yn de earste partij tsjin Nynke Sybrandy, Klasine Huistra en Geke de Boer alle silen bysette om de oerwinning binnen te heljen. Dat slagge mei pine en muoite. Nei in 4-1 efterstân wie it Leonie dy’t har partoer foar in ôfgong besparre. Sy ruile mei Manon dy’t gjin antwurd hie op de heech opsleine ballen. It ein soe úteinlik, yn harren foardiel, komme op 5-4 en 6-6. De lêste partij fan de earste omloop gie tusken de partoeren fan Joukje Kuperus, Martine Tiemersma en Wiljo Sybrandy tsjin Nelie Steenstra, Sjoukje Visser en de bylotte Harmke Siegersma. It soe in partij wurde dy’t yn it begjin frij wat gelyk op rûn mar troch wat ûngelokkich spul fan mei namme Martine Tiemersma (talintfol, mar hjoed efkes net) gie de oerwinning dochs noch frij royaal nei Steenstra cs (2-5 en 4-6).
Yn de twadde omloop wie der in prachtige partij tusken de partoeren fan Steenstra en Hiemstra. It wie in spannende partij mei faak in seis gelyk oan de telegraaf en mei fiere boppeslaggen fan de perkspilers. It wie úteinlik partoer Hiemstra dat mei 5-4 en 6-6 oan it langste ein luts. In moaie en ek wer ferrassende partij keatsen Noorman cs tsjin it partoer fan Lisette Wagenaar. Dizze lesten kamen mei 3-1 foar mar koenen net trochdrukke. It perk Osinga, Pompstra sloech goed fan har ôf en mei degelik keatsen wisten sy mei in perfekte sitbal fan Ilse Noorman op 5-4 en 6-4 de partij yn harren foardiel te beslikken.

De heale finale gie tusken de partoeren Steenstra en Wagenaar.  Dizze lêsten setten goed útein en kamen mei twa spul om neat foar. Troch wikseljen yn it perk (Visser efteryn en Siegersma foaryn)  begûn it by harren te rinnen. Hja rammellen in nustje ballen oer de boppe en de partij drige te kanteljen. Krekt op ‘e tiid, by in stân fan 4-3 en 6-6, wisten se de opmars fan de tsjinstanner te kearen. Dochs soe it fiif earsten gelyk wurde mar op dy stân stienen Feikje en Bianca oan de goeie kant. Want de opslach wie by Steenstra cs krekt wat te moai en mei troch trije boppeslaggen yn it lêste earst wie de tredde priis foar partoer Wagenaar. (5-5 en 6-2). Bysûnder wie dat Harmke Siegersma troch bylotten fjouwer kear keatste mar úteinlik dochs mei lege hannen nei hûs gie.
De finale soe iensidich wurde, tocht men. Partoer Noorman hie twa kear foar in ferrassing soarge en trije kear dat soe dochs wol in lytse sensaasje wêze. Yn it begjin gie de partij dan ek sa as ‘de kenners’ dat foarsein hienen. It perk Scheepstra/ Van der Graaf wie sterk en nuodlik te bespyljen troch de opslach fan Noorman en Osinga. Mar nei in 3-1 efterstân kaam partoer Noorman dochs wer yn ‘e striid. It waard trije earsten gelyk mar doe’t sy in 6-2 foar sprong ferlearen en dernei flot op in 4-3 en 6-0 efterstân stienen, like harren lot beslikke. Mar hja hellen in Houdine act te foarskyn en kamen dochs op fjouwer earsten gelyk.  Dêrnei kaam de Maaike Osinga show. Sy soarge mei in sterke útslach en twa sterke opslachballen foar in 5-4 foarsprong. Tsja, en as je dan sa ticht by de oerwinning binne, begjint it by de oaren ek te jûkjen. Doe’t Anke Marije Pompstra op 5-4 en 4-6 de keats foarby sloech, stienen sy samar op matchpoint.  It wie op dy stân dat Manon Scheepstra, dy’t de foarbêst oernommen hie fan de wikselfallige Marije Hiemstra, de bal bûten de linen sloech. (5-4 en 6-6).
Al mei al in moaie keatserij en propaganda foar it frouljuskeatsen. De KNKB soe hjir de les út leare moatte dat krekt it t.i.l. it frouljukeatsen sa aardich makket. In overkill oan frije formaasje partijen dêr sit - útsein de sterke partoeren - net ien op te wachtsjen. Spitich wie einliks ek wol dat der krekt as alle oare foarôfgeande jierren gjin dielname wie fan jonge talinten út de earste klasse. Dat flaterke moat einliks folgend jier wer rjochtsetten wurde.

Foto 1: Sjoerd Dotinga
Foto 2: Henk Hempenius



zaterdag 18 mei 2013

Grinzer warskôget keatswrâld

Freedtejûn 5 april 2013. Yn Motel De Valk te Frjentsjer hâldt René Ahlers, yn syn funksje as Bûnsdirekteur fan de KNKB, syn lêste speech. Hy die dêr in opmerklike útspraak oer it takomstperspektyf fan it keatsen. Hy sei: - ik sitear út ‘e holle – ‘Als er niet op korte termijn iets veranderd, dan is het kaatsen over tien jaar alleen nog te bewonderen in het kaatsmuseum.’ In útspraak dêr’t je op syn minst fan ferwachtsje soenen dat immen fan it oanwêzige keatsfolk dêr op reagearre soe. Mar it bliuw stil, aaklich stil. Bûnsfoarsitter Sipke Saakstra helle in bosk blommen fan efter de kûlizen, betanke Ahlers foar al syn wurk en gie oer ta it ferfolch fan de wurklist. Ik wie ferbjustere.
Dêr sit ferdoarje it hiele keatsparlemint byinoar en dan seit in Bûnsdirekteur dat de sport dêr’t jo mei hert en siel oan ferbûn binne op stjerren nei dea is. Dan slacht it hert je dochs mal yn it liif om, soenen je tinke. Mar sa’k sei, it bliuw stil. En net iens stil om’t se krekt as ik sels ferbjustere of yn shock ferkearden. It wie of hâlden se de earen ticht foar wurden dy’t se net hearre woenen. Want, en dat is de oare kant fan de museummedalje, Ahlers spruts wiere wurden.  En sa’t wy witte, wiere wurden ha in skel lûd en skelle lûden dogge sear...

Spitigernôch joech Ahlers net in wiidweidige analyze wat neffens him de oarsaken fan dy alarmearjende útspraak binne. Hy neamde koart in pear saken: feroarjende maatskiplike omstannichheden, ekonomyske krises (foar elk probleem te brûken), de konkurrinsje fan it Muorrekeatsen en de tanimmende populariteit fan it keatsen mei de “Zachte Bal”. Neffens my fergeat er in noch in wichtich aspekt en dat is de enoarm weromrinnende belangstelling fan it publyk. Sport hat syn wearde as aktive lichemsbeweging, mar net yn it lêste plak ek foar taskôgers as passyf meibelibjen en genietsjen.  It keatsen hat (hie?) yn Fryslân mei troch dy passive belangstelling in besteansrjocht. Noch yn de jierren njoggentich fan de tweintichste ieu kamen der nei de Bûnspartij inkele tûzenen taskôgers. Oantallen dêr’t in Bûnsbestjoerder no allinnich noch mar fan dreame kin. It is dêrom ek net foar neat dat it NK foar junioaren net mear troch it Bûn sels organisearre wurdt. Te djoer, want te min ynkomsten fan beteljende besikers. Ek foar de PC rint de animo werom. Koenen je in tal jierren werom mei muoite oan in kaart komme, no binne se oant op de dei sels rûnom te krijen. In faai teken.
Der leit yntusken wol in kreas rapport fan Wallendal cs mar yngripende feroarings om it tij fan de weromrinnende belangstelling (ek de belangstelling om oan senioarewedstriden diel te nimmen, rint werom) te kearen, wurde net foarlein. Yntusken nimt de dielname oan wylde partijen ta, (Kippetjespartij mei mear as 100 partoer!), binne der al mar mear ‘Zachte Bal’ wedstriden en ha keatsbestjoerders gjin nocht mear om in foaroansteande partij te organisearjen. Ferliden jier wienen der op de Ale de Jong partij yn Wommels om de Gouden Klokjes mar 16 partoer en mear karmasters dan besikers. It hat, sa ha’k begrepe, de lêste kear west.

Dat it iene giet en it oare komt, is net slim, sa is’t no ienris. Mar as wy it slaan tsjin in muorre of it keatsen mei in Zachte Bal leaver dogge dan it Fryske spul en as it Bûn in spesjale trener oanlûkt foar it Muorrekeatsen en it Zachte Bal keatsen mei nimt yn syn keatsaginda en webside dan is it op syn minst saak dat je in lange termynfysje ha wêr’t je mei it besteande keatsen nei ta wolle. Faaks sjogge minsken fan bûten soks better as wy sels.   


De boppeste foto jout in byld fan de Bûnspartij yn 1966. De ûnderste is fan de Bûnspartij yn 1992.
Boarne: www.kaatshistorie.nl