zaterdag 30 april 2011

Jan Bogtstra foar de rjochter

“Skelle, skelle doet niet seer, skop onder de kont dat helpt wat meer.” Dit rymke út myn Frjentsjerter jeugd sket my yn it sin doe’t ik yn de argiven fan de Ljouwerter Arrondissemintsrjochtbank de namme tsjin kaam fan Jan Bogtstra. Wat wie der bard dat dizze ferneamde keatspromotor út Frjentsjer, yn de skandebank siet?


BOGTSTRA OER DE ROAIE
It is acht july 1892. Jan Bogtstra dy’t de kost fertsjinnet mei de hannel yn distillearre dranken wurket thús yn syn winkel op de Godsacker yn Frjentsjer. Hy krijt die dei besite fan twa manlju dy’t er goed kin, mar leaver net te faak sjocht. It binne de Frjentsjerters Johannes van Gogh en Anne Postema beide amtners fan de belêstingtsjinst. 

De mannen meitsje Bogtstra mei gauwens dúdlik wêr’t se foar komme. Se jouwe him in bekeuring omdat hij sterke drank ferkeapet oan minsken dy’t derfoar gjin fergunning ha. Yn it prosesferbaal ferklearret Van Gogh “dat hij wel onlangs iemand ontmoette die met een kruik drank de winkel van beklaagde verliet zonder document. En dat hij dien man toen gewaarschuwd heeft die kruik terug te brengen en zich van een document te voorzien.”
Doe’t se Bogtstra derop oan sprutsen, moat hij sein ha dat “de wet van 1862 zoo lastig voor hem was en dat daar vroeger nooit over is gesproken.”. Hij joech dermei min of te mear ta dat er weet hie fan syn oertrêding.
Frjemd genôch wie de oertrêding fan de drankwet út 1862 net de reden dat Bogtstra foar de rjochter dage waard. Nei’t de amtners him de bekeuring jûn hiene wie er ferskrikkelik lulk wurden. Hij hie de mannen útskolden en beledige. Us keatsbestjoerder hie fansels witte moatten dat je yn it hjitst fan de striid josels behearskje moatte. Dat jild by it keatsen mar seker ek as jo te krijen ha mei “kommiezen van ‘s rijksbelastingdienst” dy’t yn funksje binne.
Bogtstra waard driftich en ropte de mannen ta “wat bent jullie goddommesche mooie kerels.” Want neffens syn ferwar hiene se him tasein  “dat zij nog wel eens iets door de vingers zagen en er niet op zouden letten.” Doe’t Van Gogh derop antwurde: “It is wel mogelijk, maar daaraan behoeven wij ons niet te houden.” gie Bogtstra hielendal oer de roaie. Hy bitste de mannen ta “je bent apen, ‘t is een jesuitische behandeling en je bent verraders en schoeljes.” Dit akseptearje de amtners net en sadwaande kaam it ta in proses.
As Bogtstra foarkomme moat ûntkent hij allinnich dat er de mannen “schoeljes” neamt hat. Fierders seit er dat it gjin opset wie om de mannen te beledigjen mar dat “hij ze in drift heeft geuit meenende door hen valsch behandeld te zijn.”  

OARDIEL EN VONNIS
Op 17 septimber 1892 waard der rjocht sprutsen. De rjochter kaam yn syn oardiel ta de konklúzje dat “wettig en overtuigend is bewezen het misdrijf van eenvoudige beleedigings aangedaan aan ambtenaren gedurende de rechtmatige uitoefening hunner bediening.” Hij feroardielet Jan Bogtstra ta it beteljen fan “eene geldboete van vijfentwintig gulden, bij niet betaling binnen twee maanden na den dag waarop de rechterlijke uitspraak kan worden ten uitvoer gelegd, te vervangen door hechtenis van tien dagen en in de kosten van het geding.”

Al mei al kaam de driftbui Jan Bogtstra djoer te stean. Fiifentweintich gûne boete, fermeardert mei fiif gûne proseskosten en dan noch de kosten fan syn abbekaat Mr. Bernardus van Loon dy’t him bystie foar de rjochtbank. No lykje disse bedragen yn ús eagen mar in skiterich leech bedrach, mar dat wie it doe net. In arbeider fertsjinne doe sa’n trije knaken yn ‘e wike dat it wie in minne set. Efternei betink ik my dat it mar goed is dat Bogtstra it rymke út de ynlieding net tapast hat. In “skop onder de kont” by in “kommies van rijksbelastingen” joech miskien wol ferromming fan frustraasje mar fest en seker ek gâns wat mear jildpine dan in “eenvoudige beleediging”.


Verantwoording foto's:
De afbeelding van Jan Bogtstra is te vinden op de site http://www.kaatshistorie.nl/
Met daarbij aanvullende informatie: http://tinyurl.com/3as3zcx
De ansichtkaart van de Godsacker te Franeker is te vinden op: http://www.tresoar.nl/
via de link: http://tinyurl.com/3somora Bogtstra woonde in het vijfde huis links.

 















Geen opmerkingen:

Een reactie posten