woensdag 20 april 2011

Keatsteam “De Fjouwersprong”

Dit foarjier makke Jindra ten Kate bekend dat sy dit jier net keatse sil. Sy is yn ferwachting fan har earste berntsje en dat is fansels in goeie reden om net te keatsen. It wie foar har keatsmaten Bianca van der Veen en Afke Kuipers it begjin fan in lange syktocht nei in oare foarynse. Dat wie net sa maklik want alle partoeren hienen al stelt en de mooglikheden wienen beperkt. Keatsters dy’t ophâlden wienen, waarden benadere en hoewol guon betinktiid fregen en der serieus oer neitochten, slagge it net.
Doe’t yn maart bekend waard dat Judy Bergsma troch in knibbelblessuere dit jier ek net spylje koe, sieten ek Nynke en Wiljo Sybrandy sûnder foarynse. De fjouwer froulju rekken yn petear en it late ta de ôfspraak om in team te foarmjen en mei syn fjouweren te keatsen. Soks liket hast op flokken yn ‘e tsjerke en we litte har dan ek sels oan it wurd om út te lizzen hoe’t se dat ha wolle.

Keatse mei syn fjouweren?
“We ha oerlis hân mei Ymkje Broersma en mei de Dames TC (Technyske Kommisje) want wy woenen einliks wol keatse as in team fan fjouwer persoanen mei de mooglikheid ta wikseljen ûnder de partij. Bûnscoach Tjalling van den Berg hie dat in kear oppere mar it docht bliken dat soks no noch in stap te fier is. De KNKB wol dêr (noch) net yn mei gean. Wy fine dat spitich want it soe de mooglikheid jaan kinne foar taktysk keatsen, wêrby’t je ynspylje op de tsjinstanner en de spelsitewaasje fan dat momint.
Mar wy krigen fan de KNKB te hearren dat it wol mooglik is om elke wedstriid in oare spiler op te stellen. Dat hat alles te krijen mei de nije regeljouwing foar ynfallen, bylotsjen ensafuorthinne. Partoeren binne no sels ferantwurdlik foar wa der meidocht en hoege dêroer net mear yn oerlis te gean mei in TC of skiedsrjochter. Dy mooglikheid joech ús kânsen om dôchs mei syn fjouweren te keatsen.
Om’t wy mei syn fjouweren in protte skowe kinne yn funksjes ha wy ôfpraten dat wy yn de Frije Formaasje om beurten meidogge. As der elk wykein ien Frije Formaasje wedstriid is, dan hat elk fan ús ien kear yn ‘e moanne in dei frij.”

Oplossings of problemen?
“Problemen binne der genôch mar wy tinke yn oplossings. Dêr komt by dat wy in goed gefoel ha by inoar en dat it ûnder inoar klikt. Wy ha de saken goed trochpraat en ha ek kwa training en sponsering de saken goed op oarder. Sjirk Gjalt de Groot út Mantgum is ús trainer en Lânboumeganisaasjebedriuw D. Kuipers út Greonterp en Wytmarsum is haadsponser. Fierders wurde wy stipe troch Intersport út Ljouwert en skoanensaak Klaversma út Mantgum. We binne al in oantal wiken goed oan it trainen en sille kommend wykein in hiele dei mei noch trije oare partoeren in lyts trainingstoernoai hâlde.”

De Fjouwersprong
“De namme fan ús team hat fansels te krijen mei it feit dat we mei syn fjouweren binne. Mar it is ek symboalysk foar de mooglikheden dy’t wy as team ha. Nynke en Afke kinne foarbêst opslaan, Nynke, Wiljo en Bianca kinne foaryn en Wiljo en Bianca beide ek efteryn. As it moat kin elkenien de foar best of de foar minst opslach oernimme.
Boppedat jout fjouwersprong oan dat je op in krúspunt stean. Miskyn stean wy mei dizze opsje wol oan de basis fan in nije wize fan teamkeatsen. De KNKB kin ús yn dat opsicht folgje as in “testcase” foar it keatsen yn teams. Ek foar de sponsers is it oantreklik, want by in blessuere bliuwt it team yntakt en wurdt de sponsernamme útdroegen.

We moatte it mar ris besjen, foarearst sille wy sa keatse en we sjogge wol hoe’t it ferrint. Ek dat is in soarte fan fjouwersprong, je witte yn it keatsen doch noait hoe’t it komt. Mar wy ha der gewoan hartstikke nocht oan en sjogge it wol sitten.”
                                                                                                                 


                                                         
                                                           

Geen opmerkingen:

Een reactie posten