Dwersbongelje, narje, en kliere binne gjin hjoeddeistige eigenaardichheden fan minsken. Se binne fan alle tiden, fan alle rangen en stannen en komme foar yn steden, doarpen en gehuchten. It giet ek net foarby oan it keatsen, no net en eartiids seker net! As je de midsieuske keuren en feroarderingen der op nei lêze dan liket it wol as soe it keatsen de grutste oarsaak wêze fan út de hân rûne braspartijen en doarpsrûzjes. En hoewol’t ik gjin saakkundige bin op etymologysk gebiet soe ik der net frjemd fan opsjen dat it wurd “baldadigens” ek syn oarsprong hat yn “it spul mei de lytse bal”.
Winaam 1791
Hoe’t it ek is, it wurd “baldadigens” spilet yn elts gefal sawol letterlik as figuerlik in belangrike rol yn in skeel oan it ein fan de 18de ieu tusken de skoalmaster fan Winaam en de keatsende jongfeinten fan it doarp. De skoalmaster wenne yn it skoalmastershûs dat doe njonken de tsjerke stie. Der wie genôch romte nêst tsjerke en skoalmastershûs om te keatsen en dat waard dêr dan ek op geregelde tiden dien.
Mar keatsballen wiene hurd en de ruten tin, dat der fleach mei gauwens in bal troch de glêzen. Dat wie min nei it sin fan de skoalmaster en oare buorlju. In klacht bij de grytman R. van Haarsolte liede ta in ferbod en by oertrêding sels ta in boete fan trije gûne.
Skoalmaster bleau sa in oantal jierren frijwarre fan stikkene ruten, mar it keatsersbloed liet him ek yn Winaam net samar delbêdzje. In pear jier letter wurdt der dochs wer keatst foar de ruten fan ús skoalmaster. En dizze kear fleane de ballen noch faker troch de glêzen. Yn in brief fan 2 juny 1791, dy’t bewarre bleaun is, kleit de skoalmaster “dat sij nu kort na elkander ses maal vele glasen hebben ingeslagen, dan een, dan twee tegelijk.” En yn dyselde brief freget ús pleage master oan de tsjerkfâlden “in hoeverre hij dat alles lijden moet”. It is ek wol min of te mear dúdlik dat de man mei opset narre wurdt, want der wie in ein fierderop genôch plak “alwaar sij minder gevaar en meerder ruimte hebben, daar sij voor desen soo lang gekaatst hebben.” Mar de keatsers hiene it dizze kear goochem oanpakt, hja hiene foarôf tastimming frege – en ek krigen - by de grytman “om bij het scholehuis te mogen kaatsen, met die verdere vrijheid om de glaasen welke zij inslaan met betalen te konnen voldoen.” It liket der yn de jammerklacht fan de skoalmaster wol op dat de keatsers al fan te foaren jild meinommen ha om de ruten te beteljen sadat der gjin gedonder fan komme kin. Nei ôfrin fan it keatsen “vragen zij al lagchend en spottend wat zij schuldig zijn en brengen telkens tot verschoning de permissie van de Grietman bij, dat se met betalen konnen voldoen.”
Mar it jild fergoede net alles, de argewaasje bliuwt en master fielt him yn syn ear oantaast as er ek noch útskolden wurdt “voor een dwarsbongel die boven de Grietman wil zijn, en met meer andere vuile praatjes, waardoor hij voor den minsten jongen moet swijgen en uit den weg gaan om hen te laaten geworden.”
Master hat it der mar moeilik mei! En hy eindige syn brief dan ek mei de fersuchting: “dat, indien sij soo onbepaald mogen voortgaan, gelijk zij zeggen te zullen doen, dat dan de ondergeschrevene wegens de stantplaats van het schoolhuis in dit geval de ongelukkigste bewoonder is in de geheele buuren.”
Ferantwurding:
It argyfstik dêr't út siteart is, komt út it famyljeargyf Beyma Thoe Kingma ynventaris nûmer 2378 dat bewarre wurdt by Tresoar yn Ljouwert. It argyfstik is te lêzen fia de hjirûnder steande links. It is wol oan te rieden om gebrûk te meitsjen fan de mooglikheid om de tekst te fergrutsjen.
By de ôfbylding:
Kadastrale kaart fan Winaam, begjin 18de ieu. It skoalmastershûs mei nûmer 362 stiet boppe de tsjerke.
In fergrutting fan de ôfbylding is te besjen fia de ûndersteande link:
Geen opmerkingen:
Een reactie posten