zaterdag 2 april 2011

Ids Roukema fan Harns wûn yn 1913 in keninklike priis


“Volgaarne in bovenaangeduid verzoek voldoende heb ik de eer u Hoogweledele mede te delen dat de aloude Friesche kaatssport zich heeft staande gehouden en in een gedeelte der Provincie door de bevolking ook in hare onderste lagen met groote voorliefde wordt beoefend.”

In ynteressant dossier


It sitaat wêrmei dit artikel begjint komt út in brief fan de Kommissaris fan de Keningin yn Fryslân. De brief makket diel út fan in ynteressant dossier dat bewarre wurdt ûnder no. 9872 yn it argyf fan it Provinsjaal Bestjoer yn it argyf fan Tresoar yn Ljouwert. It pak papier stiet yn de ynventaris omskreaun as: “Stukken betreffende het bevorderen van sport, spel en recreatie, 1908 – 1914.” Dit makke mei nijsgjirrich en al ridlik gau siet ik yn de stapel papier te snuffeljen. En dêr tusken papieren oer hurddraverijen, reedriden en sylwedstriden fûn ik ek in fjouwertal fellen papier dy’t te krijen hiene mei in ynternasjonale keatswedstriid út 1913.

In fersyk fan de PC oan de Keninginne

It earste fel wie in brief fan de privee sekretaris fan de Keninginne. Hij frege oan de Kommissaris fan de Keninginne om him advys te jaan oer “een verzoekschrift van de Permanente Commissie der Franeker kaatspartij.” Omdat der fan dit fersyk gjin kopy bewarre is wurdt net rjocht dúdlik hoe’t de PC it fersyk ynklaaid hat en wat se krekt frege ha. Ek sneupwurk yn it Keninklik Húsargyf hat nea opsmiten. Der is gjin brief fan de PC út dy tiid bewarre. Ut it brief fan de Kommissaris, blykt allinnich dat der frege is om trije medaljes foar it priiswinnend partoer fan in ynternasjonale wedstriid tusken trije Fryske en trije Belgyske partoeren.
It antwurd fan de Kommissaris bestiet út trije feltsjes tekst. Hy begjint syn advys mei in ferwizing nei it keatsen as folkssport (sjuch ynlieding) en skriuwt fierder dat “onder de wedstrijden die jaarlijks gehouden worden, die van de Permanente Commissie vele jaren de allereerste plaats hebben ingenomen.”
Fierders ferwiist de brief nochris nei it ynternasjonale aspekt fan de keatspartij en de Kommissaris beslút mei: “te adviseeren aan het verzoek der Permanente Commissie te voldoen zowel om reden het hier een belangrijke wedstrijd geldt, in een intens populaire tak van volkssport, als omdat de Permanente Commissie zich gedurende haar 60 jarig bestaan zeer verdienstelijk heeft gemaakt voor de handhaving van het aloude Friesche kaatsspel. Zij heeft daarvoor wel de erkenning verdiend welke ongetwijfeld gelegen is in het beschikbaar stellen van prijzen door U.M.”
Dochs waard de fraach fan de PC net hielendal honoreare want op de wedstriidlist kin wij lêze dat der net trije medaljes skonken waarden mar dat allinnich de keningspriis bestiet út in “groote zilveren medaille uitgeloofd door Hare Majesteit de Koningin.”

It keningshûs en de PC
It wie net de earste, en ek net de leste kear dat de PC mei sukses in fersyk yntsjinne by it Keninklik Hûs. De earste kear wie yn 1878, doe’t Kening Willem III finansjele stipe joech foar de gouden horloazjes by it fiifentweintich jierrich bestean fan de PC. Yn 1895 joech Keninginne – Regintesse Emma “twee groote zilveren medailles” oan de kening fan de PC. Ek nei 1913 is de PC noch ferskate kearen stipe troch it Keninklik Hûs. Sa joech Keninginne Wilhelmina ek noch eareprizen yn 1923, 1928, 1933, 1938 en 1948. Keninginne Juliana folge yn 1953 by it ieufeest fan de PC. De leste kear dat soks barde wie yn 1998, mei it jubileum fan de K.N.K.B., doe’t Keninginne Beatrix de tradisjonele bân tusken PC en it Keninklik Hûs fernijde mei it jaan fan trije medaljes foar it priiswinnend partoer. Ek de famylje fan de Kommissaris is fan grutte betsjutting west foar de “sponsoring” fan de PC. Want de heit fan P.A.V. baron van Harinxma thoe Slooten, dy’t ek Kommissaris yn Fryslân west hie, hie al yn 1883 de sulveren wandelbal as wikselpriis joen foar de kening fan dizze wichtige keatspartij.  

De ynternasjonale fan 1913

Yn tsjinstriid mei de tsjinwurdich sa fûleindich bewarre tradysjes fan de PC waard by it 60 jierrich jubileum yn 1913 ôfwykt fan de feste woansdei wêrop de partij spile wurdt. (mar dat barde yn de begjin jierren wol mear.) Der wie dat jier gjin PC op de fiifde woansdei yn july mar dus in ynternasjonale wedstriid tusken trije Belgyske en trije Fryske partoeren. Ek de list wie wat oars as oars. Der wie ôfpraat dat elk Belgysk partoer ienkear tsjin elk Frysk partoer keatse soe. It publyk koe dus njoggen kear genietsje fan in Fryslân – België. Ut in ferslach fan dizze partij yn de Franeker Courant fan 31 july docht bliken dat de Belgen muoite hiene mei de opslach mar dat harren útslach besjen leie koe. Fan de njoggen partijen wie der seis kear in Fryske oerwinning. It publyk koe doe noch âlderwetsk genietsje fan in protte tuskenspul en de ferslachjouwer skriuwt entûsjast oer “tric-tracs, Victoria- en Herculesslagen”. De ein oerwinning gie nei it Fryske partoer fan C. Werkhoven, A. Smidts en I. Roukema fan Harns. Hja wûnen dat jier ek de echte PC dy’t die moandeis foarôfgeand plak fûn hie. De “groote zilveren medaille” foar de kening fan de partij, dy’t oanbean wie troch Keninginne Wilhelmina, waard wûn troch I. Roukema. It keatsmuseum hat gjin prizen fan de Harnzer Ids Roukema en ek syn neisaten witte net precies wat der mei syn prizen bart is. Der wurdt fan grute dat Roukema syn earemetaal smelte litten hat. Mocht dat sa wêze, dan sil dermei ek grif it ein fan de Keninklike medalje wol besegele wêze.

Ferantwurding foto's:
De boppeste foto komt út it argyf fan Tresoar. Dêrop sjogge we keningin Wilhelmina yn geselskip fan Kommissaris P.A.V. Van Harinxma Thoe Slooten dy't op besite is yn Fryslan. De foto is datearre: septimber 1934 mar it is net bekend wêr't de foto makke is en by welk evenemint. Soe it op de Aldehoupartij wêze kinne?
De ûnderste foto komt fan it keatsmuseum. Fia dizze link krij je noch mear fotoos fan "Ids Fan Harns". http://tinyurl.com/3f8zlxr

De tekst is earder publisearre yn keatsblêd Wis In. 

Geen opmerkingen:

Een reactie posten