woensdag 23 maart 2011

Keatsen 2.0

Ek de keatswrâld ûntkomt fansels net oan de dynamyk fan feroaring en fernijing op de digitale snelwei. Ien fan dy nije ûntwikkelings is de webside http://www.kaatshistorie.nl/ Dizze webside is it resultaat fan in gearwurking tusken Tresoar (Frysk, Histoarysk en Letterkundich Sintrum) en formeel sjoen de KNKB, mar yn de praktyk it Keatsmuseum. http://tinyurl.com/6e7aeer
Doel fan de gearwurking is om de komplete kolleksje foto’s en films fan it keatsmuseum te digitalisearjen en beskikber te stellen fia it ynternet. In wichtich doel wie om de groep keatsers, keatsleafhawwers en oare belutsenen yn aksje te krijen om de beskriuwingen te korrisjearjen en oan te foljen. Mar der wie ek it ferlangen dat besikers nei oanlieding fan in foto of film har oantinkens en ferhalen as reaksje tafoege soenen.
Om’t it feitlike wurk fan scanne en beskriuwe dien wurdt troch frijwilligers nimt it in protte tiid foar dat de hiele kolleksje beskikber is. Yntusken binne der sa’n 8000 foto’s en 40 filmkes te besjen op de webside. It is opmerklik dat der hast gjin dei foarby giet of der komt wol in reaksje op ien of meardere foto’s. Yn de twa jier dat de side no yn ‘e loft is, binne der sa’n 400 reaksjes binnen kaam. Meastentiids giet it om korreksjes of oanfollings op feitlike gegevens. Oantinkens of moaie ferhalen bliuwe wat fuort. Lâns it fjild hearre je somtiden de meast smoute ferhalen en anekdoates mar it keatsfolk is blykber skruten om soks te pleatsen op it ynternet. Doch binne der wol moaie foarbylden fan ynteraksje pleatst.
Sjoch dêrfoar de reaksjes by ûndersteande foto: http://tinyurl.com/4ert9qf 

It wurk giet stadich oan fierder en ûnderwilens is der in groepke dwaande om foto’s fan de CFK te sammeljen en dy fia de webside te publisearjen. Der binne ek al ferskate oanbiedings west fan ferienings en partikulieren dy’t har kolleksje wol fia dy site beskikber stelle wolle. Mar ûnder it motto “first things first” wurdt dy boat noch wat ôfhâlden.

Mar it fisioen is helder. Yn de takomst soe de side ek plak biede kinne oan (âlde) wedstriidlisten fan keatspartijen. Dan komme al dy min of mear anonime spilers dy’t wol meidien ha, mar net ta de priiswinners op de foto's hearden, wer ta libben. Kompleet mei de útslaggen fan earste en twadde omloop jout soks wer nij elan oan de winsk ta ynteraksje mei de keatswrâld. Sa soe bygelyks Rients Gratama op grutske wize syn pakesizzer sjen litte kinne dat er ea meidien hat oan de Freulepartij. En datselde jildt fansels foar in protte oare pakes.
Fierder dreame, soe it sels mooglik wêze dat yndividuele keatsers of keatsferienings op de side har eigen útstalling meitsje fan scande foto’s, wedstriidlisten, kranteferslaggen (keppele oan de digitaal beskikbere Ljouwerter Krante) en fansels mei in persoanlik ferhaal. Sa soe der in firtuele keatswrâld ûntstean kinne, mar oft dy tippe kin oan de fysike keatswrâld waach ik te betwiveljen. Foarearst sil it wol by dreamen bliuwe.

Sjoch foar in bysûndere reaksje ek: http://tinyurl.com/69ryrnv

Geen opmerkingen:

Een reactie posten