dinsdag 7 december 2010

KNKB-TV

Yn 2007 eksperimintearre de KNKB foar it earst mei keatsútstjoering fia it ynternet. De froulju’s PC yn Weidum hie de primeur. It jier dêrop waard mei ridlik sukses eksperimintearre op de Jong Nederlân en Bûnspartij. (Hokker feriening komt mei in foarstel om de ridikule namme NK ôf te skaffen?). De útstjoerings wienen kwalitatyf noch net altiten geweldich, mar it wie dúdlik dat soks meastentiids lei oan de kwaliteit fan de kabelferbining by de betreffende feriening. It nut fan de útstjoerings die bliken út sawol it tal besikers as ek út de reaksjes.


We binne no fjouwer keatsseizoenen fierder en we kinne konkludearje dat it eksperimint ynhâldlik einliks nea goed evaluearre is. Der is wol evaluearre mei de betreffende ferienings oer de plussen en minnen fan de pleatslike útstjoerings, mar der is – foar sa fier ik wit – nea in iepenbiere notysje west wêryn konklúzjes oer it hiele eksperimint beskreaun binne. Dat is tige spitich, want ik bin einlikst wol hyl nijsgjirrich wat de fisy fan de KNKB is op de mooglikheden fan ynternetútstoerings.

Jild, jild en nochris jild, wie de reden dat de KNKB yn 2010 net trochgie mei de útstjoerings ûnder har ferantwurdlikheid. Dat der gjin jild is alla, en ik kin begripe dat je yn sokke sitewaasjes gjin ûnferantwurde útjeften dogge en werom gean nei de basistaken. Foar sa fier gjin probleem. Mar dat der op it Bûnsburo gjin rapport leit dêr’t konklúzjes yn lutsen wurde oer de mooglikheden fan dit medium foar de takomst is sonde fan de tiid en de enerzjy en dêrmei ek jildfergriemerij. Ik doar hjir de stelling wol te ferdigenjen dat de KNKB mei it net goed oppakken fan de mooglikheden fan KNKB-TV in protte jild en oandacht foar de keatserij lizze lit.

Ik smyt mar ris in pear baltsjes op. Dêr binne in protte minsken dy’t om in ferskaat oan redenen net yn de gelegenheid binne om nei it keatsen ta te gean, mar it keatsen graach folgje. Tink dêrby oan minsken dy’t siik binne of fysyk net by steat binne om nei it keatsfjild te kommen, minken yn sikehúzen en soarchynstellings etc. Foar âlderen yn soarchynstellings kin ienfâldich in útstjoering regele wurde op in sintraal te besjen televyzjetastel. Soks hat dêr ek noch winsklik sosjale aspekten. Der binne ek heiten en memmen dy’t om de soarch foar harren (jonge) bern net fan hûs kinne. Sy soenen grif tusken de bedriuwen troch wat flitsen fan it keatsen folgje wolle. En wat te tinken fan al dy Friezen om útens, sawol yn de rest fan Nederlân as ek dêr bûten. Hoe fierder fan it Sjûkelân, hoe grutter it langstmen nei it spul mei de lytse bal.

En dan jild, want it kin fansels net foar neat. Je ha de technisy dy’t de útstjoering mooglik meitsje moatte en in ferslachjouwer dy’t in deskundich kommentaar jaan moat. Foar in bedrach sa rûchwei tusken de 1000 en 1500 euro is sa’n útstjoering te realisearjen. Mei in berik fan sa’n 7000 a 8000 besikers foar de útstjoering fan de Freule yn 2010 is oantoand dat dêr in merk foar is. En wêr’t in merk is, is hannel, is jild. Hoe faak komme de reklame úterings op de boarding yn byld? En tink ris oan al dy minúten dat de shirt- en broekjesponsors yn byld binne. Fierders binne der by it keatsen genôch “deade mominten” om in reklameboadskip sjen of hearre te litten. Of noch better, lit in sponsor him ferbine oan de totale útstjoering. En wa wit is der wol in bedriuw te finen dy’t alle útstjoerings bekostigje wol.

Benaudens dat troch de ynternet útstjoering der (noch) minder minsken nei it fjild komme is in al lang efterhelle tinkwize. It selde waard sein fan musea dy’t harren kolleksje op ynternet presintearren. De praktyk wiist út dat minsken dêrtroch allinnich mar mear motivearre wurde om it ek yn it echt te besjen. Sa is it net allinnich mei keunst mar ek mei sport. Ik bin der fan oertsjûge dat TV útstjoerings fan it keatsen in posityf effekt ha op it tal besikers op it fjild.

Twa tûzend tweintich, jûns nei it iten noch efkes sjen nei “uitzending gemist” en nochris genietsje fan de prachtige finale fan de Eisinga partij op De Ryp.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten