maandag 13 december 2010

De takomst fan it keatsen

Sneon 11 desimber wie der op it nije Bûnsburo fan de KNKB yn It Hearrenfean in diskusjedei oer de takomst fan it keatsen. In dei fan foaral ynventarisaasje en útwikseling fan mieningen en ideeën.  Sa’n lytse 50 minsken mei in miening oer it keatsen wienen oanwêzich. It wie in goed opsette dei, mei belutsen en pasjonearre keatsleafhawwers. Der hienen om my wol wat mear jonge aktive beöefeners fan it spultsje oanwêzich wêze kinnen, mar alla.
By it tema oer de keatsdei en it oantal keatspartijen hie ik de kâns om myn stokhynderke te beriden. Soks moat op sa’n stuit (!) koart en foar de fûst wei. Dêrom hjir yn útwreide foarm nochris myn fysje.
Oanrin
It is dúdlik dat de ferhâldings tusken man/frou en tusken wurk en frije tiid hyl oars binne dan rûchwei 30/40 fjirtich jier ferlyn. We sjogge dat aktive keatsers folle earder stoppe om’t hja oandacht jaan wolle oan privee en wurk. Foarbylden hjirfan binne û.o. Rinse Bleeker, Douwe Groenendijk en Auke van der Graaf. Mar ek op in leger nivo sjogge we itselde by de earste klasse. Minimaal trije kear yn de wike traine, it hiele wykein keatse en net yn de simmer mei fakânsje.  Ik wit ek wol dat je der wat foar oer ha moatte, mar foar de húshâlding hâldt soks fansels wol in kear op. Soenen sokken net wat langer trochkeatst ha as der minder partijen (ien wedstriid yn it wykein) west hienen?
Oar aspekt is dat ek taskôgers harren tiid oars ferdiele moatte. Sawol manlju as froulju wurkje beide en moatte yn it wykein harren frije tiid ferdiele tusken húshâlding en bern. De tiid om dan twa deidielen op it keatsfjild troch te bringen is dan nuodlik.

Opslach
Meitsje in kar. Lit de jeugd oant en mei 16 jier keatse op sneon. Bring dêrnjonken in skieding oan tusken it keatsen op sneon en snein foar de keatsers boppe de 16 jier. Op snein allinnich partijen dy’t in ferplichtend karakter ha. Dit binne partijen mei offisjele KNKB skiedsrjochters en selektearre spilers moatte hjir ferplicht ferskine fanwege in ranking systeem en kinne har op sokke partijen pleatse foar de PC.
Foar de sneonspartijen soe ik dat foar de groep 16+ hielendal weilitte wolle. Op sneon gjin offisjele partijen dy’t mei telle foar haadklasse punten, gjin rankingsystemen etc. Sokke partijen kinne wol diel út meitsje fan de wedstriidkalinder fan de KNKB, mar it hoecht net. Ferienings binne hielendal frij om sa’n sneonspartij te organisearjen en elkenien (ek haadklassers) is frij om oan sa’n partij wol/net mei te dwaan. Je soenen it “wylde partijen” neame kinne.
Foar ferienings dy’t no in sneonspartij ha en dy net kwyt wolle hoecht soks dan net in probleem te wêzen. In besteande haadklasse partij op sneon krijt dan in oare statuer. In feriening kin op sneon in partij organisearje en sels bepale wat de wedstriidfoarm is, hoefolle en hokker partoer sij wol/net talitte. Foar sa’n sneonspartij is in feriening net bûn oan alderhande rigeltsjes. De keatser en it spul stean sintraal. In feriening soe best op eigen kar acht partoer talitte kinne wêrûnder twa partoer âld haadklasse keatsers.
Utgongspunt: Foar de folwoeksenen sneins it offisjele reglemintearre keatsen en de sneon frij litte. De jongerein keatst op sneon.

Tuskenspul
Om de lingte fan de keatsdei te bekoartsjen soenen je eksperimintearje kinne om de jeugd sneons om 13.00 oere begjinne te litten. Heit en mêm kinne dan moarns noch boadskipje en wat húsmanje.
Om binnen in ridlike tiid út te kommen soenen je eksperimintearje kinne mei in earste omloop fan seis earsten en dêrnei twa spul út. Mar dan net op NK’s en  Freulepartij want soks docht doch wol in grutte oanslach op de basis fan it spul.

Neipetear
Myn gedachtegong is basearre op it sukses fan it strjittekeatsen yn Ljouwert en Harns, mar ek troch de grutte dielname oan “wylde partijen” yn ‘e Noard/east hoeke. En wat te tinken fan “de kippetjespartij” en de Pelote PC yn Winsum?  Dat binne oars organisearre partijen, mar wol mei in massale dielname. Mooglik moatte we ta nei keatspartijen mei in wat frijer karakter en lossere organisaasjefoarm.









Geen opmerkingen:

Een reactie posten