zondag 28 november 2010

Fan "boppeslach" oant "lêste slach" yn boargerlike stân advertinsjes

It is in opmerklik ferskynsel dat der yn de lêste 30 jier mear en mear in persoanlik tintsje jûn wurdt oan boargerlike stân advertinsjes. Sawol yn berte, houlik- en rou-advertinsjes fine we sa út en troch ek in ferwizing nei de keatserij. It meast komt it foar yn rou-advertinsjes wêrby de neibesteanden de bining fan de ferstoarne mei de keatserij noch ienris blike litte.


Yn myn blog “De lêste slach” ha ik dêr ek oer skreaun. Mar doe gie it allinnich oer de rou-advertinsje fan Andries de Haan (LC 9-8-1988). Mar yn myn argyfke mei keatsoantekens fûn ik ek noch in mapke mei allerhanne keatsadvertinsjes. Hjir in koarte skôging fan it materiaal.

Fan de keatsfamylje Groen binne twa rou-advertinsjes mei in ferwizing nei it keatsen. Yn de LC fan 8-4-1986 waard it ferstjerren fan Gerrit Groen fan St. Anne begelaat mei de tekst: ’t Sjûkelân was voor hem bekend terrein. Maar nooit zal er meer een boppeslach voor onze hait zijn.” By it ferstjerren fan syn soan Bote stie der yn de LC fan 11 oktober 2005 in ôfbylding fan in keatsmof mei keatsbal. Ek kunde en freonen brochten harren keatsfreon Bote in lêste keatsgroet mei teksten as: “Us keatspraatsje is oer” en “Foar ús wie Bote de kening op it keatsfjild”.

De ôfbylding wie bysûnder want meastentiids wurdt allinnich in keatstillegraaf brûkt. Sa as yn de advertinsje fan Teake van der Zee (LC 22-2-2005).
De rou-advertinsje fan Johan Jansen (LC17-10-2001) hie in tillegraaf en dernjonken de tekst: "Trije spul is út, de lêste slach is fallen." Opmerklik is dat by lang net alle tillegraven yn rou-advertinsjes "alles oan é hang" hinget. Symboalysk sjoen soe dat einliks wol moatte, want dêrnei is it dien.

De rou-advertinsje fan Jaap Pander (LC 17-2-2005) hie as eftergrûn in keatser dy’t yn aksje is. Yn it ôfrûne jier ha ik twa rou-advertinsjes opmurken mei in keatseigen beskriuwing. Dat wienen de advertinsjes fan Pieter de Haan (LC 10-4-2010) mei de tekst “It is mear as trije spul” en dy fan Frans Helfrich mei in keatstillegraaf en byskrift: “It spul is út, de lêste slach is fallen.”

Eigentiids en boartlik wie de advertinsje dy’t de bern fan Wieb en Coby van Wieren yn de LC pleatsen (20-3-2004) by it 25 jierrich houliksfeest fan har heit en mem. Sjoch de ôfbylding. Boartlik, humoristysk en trefseker wie de berte-advertinsje fan Tryntsje Bouma. (LC 29-12-1990) Har âlden Stoffel en Tine Bouma út Easterein dienen entûsjast kundskip: “Nei goed 8 jier baltsjeferdriuwen einliks in boppeslach”.


As der lêzers binne dy’t my ferwize kinne nei noch mear boargerlike stân advertinsjes mei keatsferwizings dan hear ik dat graach. Stjoer mar yn fia it reakskjeformulier.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten