dinsdag 23 augustus 2011

Keninklike ûnderskieding foar Jan Suierveld,inisjator en stimulator fan de FROULJUS-PC

Jan Suierveld is yn 1949 berne yn it sikehûs yn Ljouwert mar hat oant no ta altiten wenne yn Weidum. In doarp dêr’t net allinnich opgroeid, mar ek mei fergroeid is. Jan waard yn de rin fan de tiid in doarps- en ferieningsman. Hoewol’t er affiniteit hie mei alderhande saken gie syn measte belangstelling út nei de keatserij en de muzyk. 
Yn syn bernejierren wennen der yn Weidum in oantal bysûnder goeie keatsers. Fjouwer dêrfan, Hiddinga, De Groot, Haima en Talsma hienen sels de wichtichste keatswedstriid foar mannen, de PC, al ris wûn. Boppedat begûn (en dat is noch altiten sa) it keatsseizoen mei de Bangmapartij. In wedstriid neamt nei Jan syn pake fan memmekant.
Jan wie sels gjin grut keatstalint, mar de ynteresse foar dizze sport wie der net minder om. Yn it foarjier fan 1977, hy wie doe 27, stapte Jan nei it bestjoer fan keatsferiening Nije Kriich mei it fersyk om de wedstriid foar froulju in bysûndere status te jaan. Yn it boek “25 jier Frouljus-PC 1977-2001” seit er dêr sels oer: “Ik seach foar myn eagen it keatsfjild fan Weidum, dêr yn de kom fan it doarp, mei de tsjerke op de eftergrûn . Ik seach froulju keatsen mei de minsken dêr rijen dik omhinne. It wie de iere maaitiid fan 1977.” Jan kaam sels mei de namme FROULJUS-PC en it soe it begjin wurde fan in tradysje oant de dei fan hjoed.
Hoewol Jan op dat stuit (noch) gjin diel útmakke fan keatsferiening Nije Kriich waard him wol frege om by de organisaasje fan dy dei belutsen te wêzen en as dei-foarsitter de prizen út te rikken. It jier dêrnei betelle Jan út eigen bûse de keninginnepriis foar de bêste spylster fan de dei. Dy keninginnepriis wie syn inisjatyf en wurdt ek no noch elk jier útrikt. Fan ôf it begjin yn 1977 oant no ta bliuwde Jan tige belutsen by de FROULJUS-PC. Yn de perioade 1977 o/m 1997 en dêrnei fan 2002 oan no wie (is) hy de foarsitter fan dit unike sportevenemint. Yn de perioade 1997 o/m 2002 wie hy wol belutsen by de organisaasje mar tydlik gjin dei-foarsitter.
Mei troch syn net ôflittende enerzjy, stimulearjende ympulzen en goeie kontakten yn de keatswrâld wist er mei it bestjoer fan Nije Kriich de FROULJUS-PC útgroeie te litten ta in keatsklassiker fan alluere. It winnen fan dizze wedstriid stiet foar froulju keatsers gelyk oan it winnen fan de hearen PC yn Frjentsjer. Boppedat is it ûnmiskenber dat de útstrieling fan de FROULJUS-PC ek status ferheegjend west hat foar it oansjen fan it froulju keatsen en dêrmei ek oantrekliker as aktive sportbeöefening foar in groeiend oantal famkes en froulju.
Njonken it belangeleaze wurk foar de pleatslike keatsferiening yn syn wenplak is Jan Suierveld sûnt 2004 bestjoerslid fan it keatsmuseum yn Frjentsjer. Hy beherticht dêr de funksje “museale saken” en is ferantwurdlik foar behear en ûntslúting fan de kolleksje. Yn dy funksje is er as koördinator nau belutsen by it ambisjeuze projekt om alle foto’s en films fan it keatsmuseum fia ynternet beskikber te stellen.
Last but not least is Jan ek muzikant. Al fan ôf syn bernejierren is er lid fan de pleatselike harmony en  ferliden jier is er ûnderskieden foar 50 jier lidmaatskip. Yn 1981 waard er lid fan wat doe de Rykspolysjekapel wie. Letter is dizze nasjonale kapel ferselstannige yn wat no de Melody Percussion Band is. Jan bespilet dêr de ksylofoan.
Nei ôfrin fan de lotting foar de FrouljusPC waard Jan Suierveld ferrast troch boargemaster Liemburg. Mar foardat de boargemaster mei har speech begûn, joech se earst de gelegenheid oan syn muzykfreonen en oare kunde,  dy’t bûten stienen te wachtsjen, om njonken it keatsfolk plak te nimmen. De lytse seal fan it Weidumer doarpshûs barste hast út syn foegen safolle minsken kamen binnen. De Harmony kaam sels “mei slaande trom nei binnen” en doe’t dy útspile wienen, koe de boargemaster begjinne mei har taspraak. In taspraak dy’t fansels einige mei de bekende wurden “dat it Hare Majesteit heeft behaagd om Jan Suierveld te benoemen tot lid in de Orde van Oranje Nassau.”

It grutte tal minsken dat hjirfan tsjûge wêze koe, wie in prachtige wurdearring foar al it wurk dat Jan foar de mienskip dien hat en noch altiten docht.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten