maandag 8 juli 2013

Wêr wienen jim?

De ôfrûne wiken gie it op de keatsfjilden allinnich mar oer Dé Ranking. Keatsers en keatspartoeren dûkelen fan boppe nei ûnderen op de ranglist. Keatsers dy’t yn ferban mei wurk op freed te middei net witte of sij wol/net oan dy partij meidwaan kinne. Reboelje oer it tuskentiids ‘oan de knoppen fan it systeem draaie’, keatsers dy’t net keatse mochten yn Winaem. Begjinnende keatsers dy’t haadklasser waarden en oarsom. It makke it der foar elkenien net begrypliker op. En om’t de KNKB gjin útlis joech hoe it systeem wurke die de tam tam syn wurk. Guon keatsers wienen hast sa fier dat se har net mear opjaan woenen. Ek by de froulju wie (en is) de ûnrêst grut. Koartsein de KNKB moast sa stadich oan iepenheid fan saken jaan.

Dat barde fan ‘e jûn, moandei 8 july op it Bûnsburo. Ik gie der hinne yn de ferwachting dat it dêr wolris drok wurde koe. Se soenen der allegear wol wêze: de feriening fan keatsers, in ôffurdige fan de meast foaroansteande keatsers, coaches, sponsors, ferieningbestjoerders, âlders, parse, technyske kommisje, kaderleden, skiedsrjochters ensafuorthinne. Der mar betiid hinne, want jo moatte al plak ha fansels.
Afijn, ik wie kertier foar sânnen by it Bûnsburo en sawat tagelyk kaam der ek Marieke Beckers fan Wytmarsum. We praten in piipfol en doe’t it hast sân oere wie, fregen we ús ôf, as we wol op it goeie plak wienen, want der wie fierders noch net ien en de doar fan it Bûnsburo siet op slot. Mar krekt foar sânen kaam der dochs mear folk. Trije HB minsken, de nije Bûnsdirekteur Geert Faber, twa minsken fan de webside, fjouwer oare froulju keatsers en Hendrik van der Velde as ienichste keatser fan de manlju.

It earste wat Hendrik dan ek opmurk wie dat de opkomst ‘in oanfluiting’ wie. En dêrmei hie hy it hiel fatsoenlik ferwurde. Dat doch ik net.  Lit ik it mar rjochtút sizze: It wie kloatsekeftich! No hienen al dy kritikasters de kans om fragen te stellen, miening te jaan, yn diskusje te gean, gâl te spuien en dan bliuwe se thús. Tsjonge, jonge, wat in beskamsume fertoaning.

Tjeerd Dijkstra joech út namme fan de KNKB in útlis oer de stân fan saken. Hy joech ta, dat guon saken minder goed útpakten dan yn earste ynstânsje betocht en dat it systeem noch lang net folslein is. Sa joech hy ek ta dat it kombinearjen fan punten út de frije formaasje mei t.i.l. wedstriden nochris goed besjoen wurde moat en ek ‘plaatsing’ of ‘gestuurde loting’ yn de diskusje belutsen wurde moat. De oanwêzige froulju kamen mei praktyske fragen oer de dielname op freed te middei of op sneon.  Ek oer it ferskil yn rankingpunten foar klassikers, sa as de PC en de Van Aismapartij moat noch neitocht wurde. It is dúdlik dat der noch in protte 'losse eindsjes' binne dy't om in oplossing freegje.
Dijkstra joech ek eksakt de punten dy’t keatsers behelje kinne troch: oan wedstriden mei te dwaan en troch omlopen te winnen. Mei dy kennis kinne keatsers dus sels harren punten byhâlde en sjen as der gjin flaters makke wurde by de ynfier yn it systeem. Want soks bliuwt fansels minskewurk. Tink allinnich mar ris oan it net goed byhâlden fan de list by útfallers en ferfangers. It kin dus wichtich wêze dat keatsers har eigen punten byhâlde. Wat dy punten binne, hâld ik no ek mar ris foar mysels. Hienen jim der sels mar hinne gean moatten!