maandag 10 oktober 2011

Mantgumer peloteteam liet Winsum swemme

Yn de jierren tritich gie de ferneamde keatskening Klaas Kuiken fan St. Jabik troch de wike op it fytske nei de omlizzende doarpen en dage dêr ledekeatsers út om it mei syn trijen tsjin him allinnich op te nimmen. It gie dan meastentiids om fiif of tsien gûne. Kuiken liet de tsjinstanner dan de earste partij winne en pakte syn winst yn de twadde partij dêr’t de ynset dan steefêst it dûbele wie. It binne de moaie ferhalen út it ferline. Mar hoe sil der oer 50 jier praten wurde oer de weddenskip tusken it pelote-team fan Winsum en Mantgum? In bysûndere weddenskip út de simmer fan 2009...

Mantgum moast foar de pelotekompetysje noch ien wedstriid spylje en de tsjinstanner wie it sterke team fan Easterein. Foar Winsum wie it wichtich dat Mantgum wûn, dan wienen sij kampioen. Hja dagen it Mantgumer fiiftal út om harren best te dwaan tsjin de mannen út Easterein. It resultearre lang om let yn in weddenskip mei as ynset dat as de Mantgumers ferlearen sy yn de Boalserter feart swimme moasten fan Easterlittens nei Winsum. As de Mantgumers winne soenen dan moasten de Winsumers swimme fan Winsum nei Easterlittens. De pelotewedstriid fûn plak op in prachtige simmerjûn op it sportfjild yn Mantgum. De foartekens foar Mantgum wienen net sa best want twa spilers, Skelte Anema en Jehannes de Jong, wienen op fakânsje. Mar de ferfanging troch Bouwe de Bruin en Jan Heida koe besjen leie.
It pelote team fan Easterein hie trije selektearre spilers yn harren team en wie op foarhân sterk favoryt. Mar pelote is noch mear as keatsen in tûk spultsje en mei as grutte meastro Sjirk Gjalt de Groot gie it Mantgumer fiiftal fol fleur de striid oan. Mei Sjirk-Gjalt op trije en Wilco Fopma op fjouwer wie de ploech goed yn balâns. Beide mannen krigen in protte wurk te dwaan, mar lieten geweldich spel sjen. Mooglik hie Sjirk Gjalt in hekel oan swimmen, want hy sloech as yn syn jonge jierren. De iene nei de oare bal gie fleanend oer de boppe. Bouwe de Bruin liet sjen dat er in geweldige swipe yn de earm hie, troch de bal hast oer it perk hinne op te slaan. Tel der it degelike (tusken)spul fan Jan Heida en Jan-Geert Nutma by op en de winst fan 10-4 is ferklearre. In delegaasje fan it Winsumer pelote-team wie oanwêzich en waard nei ôfrin fuort en daliks útdage om mar efkes te oefenjen yn de Mantgumer feart.

Ik ha wolris tocht: “Soe it keatsen net wat oantrekliker en fanatiker spile wurde mei sokke (lúdike) weddenskippen?”. Tink ris yn wat in keatsstriid it wurde soe as Harns en Frjentsjer  elk jier tradisjoneel sa’n útdaging oangienen wêrby de ferliezer it hiele trajekt tusken beide stêden swimme moat. It trajekt fan de alvestêdetocht soe der in nije simmer attraksje by krije.

By de foto:
De Winsumer peloateploech dy't swimmend oankomt yn Easterlittens. Op de brêge in doek mei de tekst: "Finish, bedankt Pel. Winsum".