zondag 24 maart 2013

By it ferstjerren fan Wijtse Vlietstra

Op 21 maart l.l. ferstoar op 82-jarige leeftyd âld keatser en PC -winner (1949 en 1955) Wijtse Vlietstra fan Frjentsjer.  Rynk Bosma skreaude yn in treflike weromblik op it (keats)libben fan Vlietstra dat wat betreft it tal anekdoates “vermoedelijk meer verhalen over hem in omloop zijn dan de jaren die hij heeft geleefd.” Ien fan dy anekdoates wol ik it keatsfolk net ûnthâlde.
It barde op de Lytse PC fan rûnom de ieuwiksel . De keuken fan it krekt nije doarpshûs yn Mantgum wie noch net hielendal klear en sadwaande wie der gjin patat of in waarme hap. Mar in bestjoerslid fan de keatsferiening hie spesjaal foar beide skiedsrjochters in gehakbal klearmakke en dy yn in pantsje meinommen.  Se koenen dan yn de rin fan de middei waarm makke wurde. De betsjinning wie ynljochte dat it allinnich bedoeld wie foar de twa skiedsrjochters.
Yn de pauze foar de finale melde de earste skiedsrjochter him yn de kantine foar syn gehakbaltsje en gie by Wijtse Vlietstra oan it tafeltsje sitten. Doe’t de frou fan de betsjinning mei it gehakbaltsje kaam, sei Wijtse Vlietstra: “Mefrou, ha jo ek sa’n hearlike gehakbal foar my.” “Hearre jo der dan ek by?” “Ja natuerlik,” sei Vlietstra, “Ik bin der altiten by.” En sa krige Wijtse Vlietstra ek in grauwe gehaktbal.  Doe’t twadde skiedsrjochter Jan Metselaar der ynkaam foar syn gehakbaltsje, striek Wijtse krekt syn hân mei in foldien gefoel oer it mânske liif.