vrijdag 5 augustus 2011

Keatsen en konflikten, in ûnfolslein oersjoch

It spel mei de lytse bal hat al sûnt der skriftlike oantekens fan bekend binne, oanlieding jûn ta strideraasje en konflikten. Yn midsieuske keuren en feroarderings stean gauris ferbodsbepalingen oer it keatsen. Dat hie dan te meitsjen mei it stikken slaan fan glêsruten mar faker noch mei it feroarsaakjen fan lawaai, opskuor, drankmisbrûk en fjochterij.  
Yn Winaem waarden yn 1791 mei sa’n regelmaat de glêzen fan it skoalmastershûs ynslein dat de keatsers al yn it foar jild klear hienen om de skea te beteljen. De bekende Gripepartij yn Froubuorren en Bitgum hat syn oarsprong yn in út ’e hân rûne fjochtpartij by de priisútrikking yn 1794. Goed 100 jier letter stienen yn Dokkum tsien jongemannen út Ternaard foar de kantonrjochter om’t hja de eigner fan it keatslân bekûgele hienen mei keatsballen fan drek en kowestront.
Boppesteande hat fansels net sa folle te krijen mei “it konflikt” fan de ôfrûne PC. Mar it tekent al de emosjonele sfear dy’t  by it keatsen sa ynienen de kop opstekke kin. It kin “samar” barre nei in diskutabele beslissing fan in skiedsrjochter of karmaster of troch in opmerking fan spilers ûnder inoar. Want der binne fansels keatsers dy’t yn it psychologyske wurdenspul inoar it bloed ûnder de neilen weihelje. Bysûnder oan it keatsen is de gearstalling fan de partoeren. Keatsers meitsje al sûnt minskeheugenis ôfspraken om mei inoar te spyljen. En ek al like lang binne der ferhalen bekend oer it skeinen fan sokke ôfspraken. Sels it yn alle iepenheid “stellen” mei oare maten kin liede ta it ferbrekken fan in freonskip. De relaasje tusken Johannes Brandsma en Reinder Triemstra is dêr in foarbyld fan.
“It konflikt” tusken Marten van der Leest en syn maten Herman Sprik en Folkert van der Weij is wol hiel bysûnder en neffens my in dizze foarm nea earder foarkommen. Der rint wolris in spiler mei in lilke harsens fan it fjild om’t syn maten him feroardiele ta “balkearder”, mar je maat op de wedstriiddei ynruilje foar in oar is nij. Mar hoewol’t ik de beslissing fan Herman en Folkert absolút net goed prate wol, hie Folkert yn de útstjoering fan Omrop Fryslân wol in punt doe’t er sei dat it troch de parse wol hiel slim útfergrutte wurdt. Der gie mear oandacht út nei “it konflikt” dan nei de winners fan de PC. Mar dêr stiet tsjinoer dat dyselde Folkert noch net sa lang lyn sels it slachtoffer wie fan skeind fertrouwen en dêr doe flink de balen fan hie. Hy wit hoe’t it wurket.
Om it histoarysk bewustwêzen fan guon keatsers en it omsittend laach op te frissen ha ik in lytse samling makke fan konflikten yn de keatserij. As earste in artikel út de LC fan 3-8-1996 oer it oan de kant setten fan Simon Minnesma nei de PC fan dat jier. Sjoch: http://tinyurl.com/3atsvwg Simon wie “erfaringsdeskundige” want twa jier derfoar waard er noch foar it keatseizoen begûn troch syn maten oan ‘e kant setten. Sjoch: http://tinyurl.com/3v4omq7 In protte heibel joech ek it oan ‘e kant setten fan Thomas van der Meer yn ’93. Trije jier efter inoar hie hy mei Erik Seerden en Rinze Bleeker de PC wûn en Thomas wie krekt dat jier PC kening wurden. “Yn en bûten it fjild grutte maten” sa like it, mar doe’t it efkes net rûn wie Thomas dochs “it bokje”. Sjoch:  http://tinyurl.com/3v4omq7 Hjir boppe ha ik al ferwiist nei de “stellerij” fan Johannes Brandsma mei Saakstra en Faber mar net minder opskuor joech yn ’87 syn kar foar in partoer mei Peter Rinia en Tunno Schurer. Sjoch: http://tinyurl.com/3klaphl

Nije wike ha we de Freulepartij. Ek al sa’n dei dêr’t foar de gearstalling fan de partoeren guon doarpen yn twaën ferdield en keatsferienings hast oan ten ûnder gien binne. Sels de oanfierder fan it iewich keatsklassemint wie der by belutsen. Sjoch: http://tinyurl.com/3vh7jv9

Ik ha ek nochris sjoen yn it boek “Keatserstaal” fan Pieter Breuker ut 1983 of dêr ek termen yn stean dy’t te meitsjen ha mei it “ofsizzen” fan de maten of it ferbrekken fan ôfspraken. Spitichernôch is dêr net in haadstik oan weit. Undersyk dêrnei soe noch hiel wat opsmite kinne. Mar of dat yn alle gefallen in ferriking is foar de keatserij lit ik hjir mar yn it midden.

Ferantwurding foto's: http://www.kaatshistorie.nl/
Boppen: De PC fan 1980. De finalepartoeren, f.l.n.r.: Sake Saakstra (Deinum), Piet Jetse Faber (Froubuorren) en Flip Soolsma (Boarnburgum); skiedsrjochter Taeke Krap (St. Jabik); Johannes Brandsma (Seisbierrum), Reinder Triemstra (St.Jabik) en Johannes van der Meij (Menaam). Keatsoanmerker is Erik Seerden fan Frjentsjer.
Under: De keatsferiening "KC De Boer" fan Stiens, winners fan de earste priis fan de 69ste Freulepartij yn 1971 te Wommels mei 47 partoer op 'e list.
Staend f.l.n.r: de winners fan 1921, Chris van der Woude, Johannes Paulides en Sierk Haitsma fan de keatsferiening "Jan Bogtstra" út Frjentsjer. Foaroan f.l.n.r.: Gosse Faber, Anne Rinkema en Piet Jetse Faber en coach (en heit) Pieter Faber sr.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten