zaterdag 31 december 2011

Ferbining tusken wurd en byld

Doe’t de keatsende toanielspiler Romke Toering yn ‘91 oan syn tachtichjierrige heit frege oft er nei it keatsen west hie, krige er as antwurd dat soks net mear hoegde want hy hie foar de radio sitten en “seach de ballen gewoan stuitsjen”. Ik ha de leste pear dagen faak oan dy útspraak fan Jaap Toering tocht. 

Dat hie yn myn gefal neat te krijen mei lûdsrapportaazjes mar mei it lêzen fan kranteferslaggen oer keatspartijen. In goed skreaun ferslach of ferhaal jout romte oan de ferbylding, skinkt machtige fiergesichten. Yn guon kranteferslaggen oer keatspartijen sjogge je Hotze Schuil mei it fingerke omheech nei de tsjinstanner wizen en hearre it hege nasale lûd fan Flip Soolsma. In prachtige skildering fan de aparte oanrin fan Ruurdt Rutten of Hendrik Sweering. Jurjen Dijkstra dy’t syn bûsdoek mar wer ris út de kontbûse hellet en Johan Halbesma dy’t mei “wa’t suust dou je” in boppeslach begeliedet. It binne bylden dy’t fêstlizze op de hurde skiif fan myn keatsgeheugen. Mar soms moatte dy bylden blykber wer ta libben brocht wurde.
Doe’t ik yn de ôfrûne wike foar de webside www.kaatshistorie.nl links oanbrocht tusken foto’s fan de PC en de ferslaggen yn de Ljouwerter Krante kaam dy ferbylding wer oan ‘e macht. Ik belibbe op ‘e nij de machteleazens fan Koos Veltman doe’t er mei in folle telegraaf op de PC fan 1991 oerrûn, de foarslach fan Tunno Schurer yn de PC-finale fan 1988 dy’t yn jûn waard en de ferwûndering fan Johannes Brandsma doe’t er dy dei gjin kening waard.
Fansels, hjoed de dei ha we tv-registraasje fan keatspartijen en kinne we partijen op in realistyske wize werom sjen. Mar sa frege ik my by it lêzen fan al dy prachtige ferslaggen ôf, is it net folle moaier om de ballen gewoan stuitsje te litten yn je eigen ferbylding...?

In tredde priis foar Coos Veltman mei Andre Tolsma en Piet Jetse Faber op de PC fan 1991. It is dúdlik oan Coos te sjen dat er noch altiten baalt as "in stekker".
Sjoch foar it ferslach fan de PC út 1991: http://tinyurl.com/8yg94d5
Sjoch foar de memorabele PC fan 1988 http://tinyurl.com/7ytav55





maandag 10 oktober 2011

Mantgumer peloteteam liet Winsum swemme

Yn de jierren tritich gie de ferneamde keatskening Klaas Kuiken fan St. Jabik troch de wike op it fytske nei de omlizzende doarpen en dage dêr ledekeatsers út om it mei syn trijen tsjin him allinnich op te nimmen. It gie dan meastentiids om fiif of tsien gûne. Kuiken liet de tsjinstanner dan de earste partij winne en pakte syn winst yn de twadde partij dêr’t de ynset dan steefêst it dûbele wie. It binne de moaie ferhalen út it ferline. Mar hoe sil der oer 50 jier praten wurde oer de weddenskip tusken it pelote-team fan Winsum en Mantgum? In bysûndere weddenskip út de simmer fan 2009...

Mantgum moast foar de pelotekompetysje noch ien wedstriid spylje en de tsjinstanner wie it sterke team fan Easterein. Foar Winsum wie it wichtich dat Mantgum wûn, dan wienen sij kampioen. Hja dagen it Mantgumer fiiftal út om harren best te dwaan tsjin de mannen út Easterein. It resultearre lang om let yn in weddenskip mei as ynset dat as de Mantgumers ferlearen sy yn de Boalserter feart swimme moasten fan Easterlittens nei Winsum. As de Mantgumers winne soenen dan moasten de Winsumers swimme fan Winsum nei Easterlittens. De pelotewedstriid fûn plak op in prachtige simmerjûn op it sportfjild yn Mantgum. De foartekens foar Mantgum wienen net sa best want twa spilers, Skelte Anema en Jehannes de Jong, wienen op fakânsje. Mar de ferfanging troch Bouwe de Bruin en Jan Heida koe besjen leie.
It pelote team fan Easterein hie trije selektearre spilers yn harren team en wie op foarhân sterk favoryt. Mar pelote is noch mear as keatsen in tûk spultsje en mei as grutte meastro Sjirk Gjalt de Groot gie it Mantgumer fiiftal fol fleur de striid oan. Mei Sjirk-Gjalt op trije en Wilco Fopma op fjouwer wie de ploech goed yn balâns. Beide mannen krigen in protte wurk te dwaan, mar lieten geweldich spel sjen. Mooglik hie Sjirk Gjalt in hekel oan swimmen, want hy sloech as yn syn jonge jierren. De iene nei de oare bal gie fleanend oer de boppe. Bouwe de Bruin liet sjen dat er in geweldige swipe yn de earm hie, troch de bal hast oer it perk hinne op te slaan. Tel der it degelike (tusken)spul fan Jan Heida en Jan-Geert Nutma by op en de winst fan 10-4 is ferklearre. In delegaasje fan it Winsumer pelote-team wie oanwêzich en waard nei ôfrin fuort en daliks útdage om mar efkes te oefenjen yn de Mantgumer feart.

Ik ha wolris tocht: “Soe it keatsen net wat oantrekliker en fanatiker spile wurde mei sokke (lúdike) weddenskippen?”. Tink ris yn wat in keatsstriid it wurde soe as Harns en Frjentsjer  elk jier tradisjoneel sa’n útdaging oangienen wêrby de ferliezer it hiele trajekt tusken beide stêden swimme moat. It trajekt fan de alvestêdetocht soe der in nije simmer attraksje by krije.

By de foto:
De Winsumer peloateploech dy't swimmend oankomt yn Easterlittens. Op de brêge in doek mei de tekst: "Finish, bedankt Pel. Winsum".

zondag 25 september 2011

WWW.KAATSHISTORIE.NL FOLDOCHT OAN BEHOEFTE

In keatswedstriid duorret meastentiids folle langer as de tiid dêr't dy yn ferspile wurdt. Freegje Gerrit Dijkstra nei syn PC finale út 1963 en hy kin in grut part fan dy partij no noch neifertelle. In oantal jierren lyn fertelle er my wêr’t it misgie: “We stienen 2-1 foar en doe hie Tjeerdema op 6-6 in bûtenslach”  en hoe’t de partij úteinlik ferlerne waard. Neffens de Ljouwerter Krante wie it in “tegenvallende finale” mei mar leafst 23 bûtenslaggen. (Dat koe doe dus ek!) Dat fan dy 23 bûtenslaggen ha ik net fan Dijkstra mar neipluze yn de Ljouwerter Krante. [ http://tinyurl.com/3myga6d ]
 

Keatse en neikeatse binne ûnlosmaaklik mei inoar ferbûn. De PC is dêrfan it summum. Hoefolle âld dielnimmers sitte net op de PC-tribune en fertelle nochris it ferhaal fan “en doe op dat momint…” It is in weromsjen op mominten dy’t in grutte yndruk neilitten ha. Om dy yndrukken, ferhalen en emoasjes wer in gesicht te jaan binne Keatsmuseum en Tresoar in gearwurking oangien om alle foto’s en films fan it keatsmuseum te scannen, te beskriuwen en op ynternet te pleatsen. It resultaat is te sjen op WWW.KAATSHISTORIE.NL
Noch lang net alle foto’s fan de KNKB binne digitalisearre mar dôchs wurdt kommend neijier al begûn mei in nij projekt. Dat binne de foto’s fan de CFK. In lyts priuwke dêrfan (sa’n 150 foto’s) is al beskikber, mar dat is fansels noch mar it begjin. In groep âld CFK’ers is dwaande om dit materiaal te beskriuwen en dêrnei mei assistinsje fan Tresoar te scannen en sichtber te meitsjen fia it ynternet.

Dat de webside foldocht oan in ferlet docht bliken út de besyksifers en de reaksjes dy’t ynstjoerd wurde. Yn de perioade fan augustus 2010 oant augustus 2011 waarden der troch de 84.497 besikers hast in miljoen (!!) foto’s besjoen.  Sokke grutte oantallen waarden absolút net ferwachte. En dan te witten dat men noch net iens op de helte is fan al it fotomateriaal dat noch leit te wachtsjen.  Want as de kolleksje fan it keatsmuseum klear is, wurdt der oerlis socht mei keatsferienings en partikuliere samlers om te sjen as hja ek bysûndere oanfollings ha.
En dan is it wurk noch lang net dien! Want wat soe it moai wêze as op termyn ek alle tûzenen keatslisten scand wurde en op WWW.KAATSHISTORIE.NL te besjen binne. Dan kin ek Rients Gratama  syn neiteam noch mei grutskens ferwize nei  de Freulelist fan 11 augustus 1948 dêr’t syn dielname op fêstlein is. En wat te sizzen  fan de prachtige foto fan “de mannen efter it stek”. Mei meiwurking fan Ate de Jong is syn prachtige ferhaal “De echten op it Bolwurk” pleatst by de foto. [ http://tinyurl.com/43xnhqc ]
We soenen it op priis stelle as it keatsfolk noch wat mear anekdoates en herinnerings ynstjoerde dy’t by it besjen fan de foto’s nei boppe komme.

Noch efkes oer de PC fan 1963. By in grut oantal foto’s en sa ek by dy fan de PC út 1963 wurde ferwizings makke nei de digitaal beskikbere Ljouwerter Krante. Dêrtroch kinne we lêze dat neffens PC foarsitter Mr. Klaas Bijlsma yn dat jier der ek in PC-besiker wie út de omkriten fan de poalsirkel.
http://tinyurl.com/3wpmeof  ] As soks wier is, witte wy fansels net.  Bijlsma makke it ferhaal wolris moaier en romantysker as dat it yn werklikheid wie. Mar dogge we dat net allegearre? En is soks ek net in bytsje de sjarme fan it (nei)keatsen?

zondag 18 september 2011

Lotsjen of sette?

 Op de Aldehoupartij waard hjoed yn myn omjouwing diskusjearre of der no wol of net setten wurdt by de gearstalling fan de listen. Fansels begjint sa’n diskusje altiten as men sels net gelokkich is mei de maten of mei de tsjinstanners. En as soks faak it gefal is, begjint men te tinken dat er opset yn it spul is. Immen bewearde dat der absolút “setten” wurdt, want hoe koe it oars dat Hendrik Tolsma wol trettjin kear Gert-Anne van der Bos as tsjinstanner hie.  San tinkwize kin fansels mei de selde arguminten fersmiten wurde, want in lottingsploech soe by bewust “setten” fan de dielnimmers wol útsjen dat se trettjin kear deselde partoeren oan inoar keppelje.

 Der waard, sa as dat meastentiids giet, dan ek frjemd yn om kletst sûnder dat men wit hoe’t it mei de lotting no offisjeel regele is. Ik ha doe’t ik thús kaam it wedstriidreglemint fan de KNKB der mar ris op nei sjoen.
Yn  haadstik V by artikel 8 stean in seistal bepalingen oer it lotsjen. Artikel 1 seit ûnder oare: “De loting geschiedt voor alle wedstrijden centraal op een door het hoofdbestuur te bepalen plaats en wijze. Het hoofdbestuur bepaalt voor welke wedstrijden de loting in het openbaar plaatsvindt en voor welke wedstrijden de vereniging zelf de loting verricht.” Artikel 5 jout in útsûndering: “Van de loting van de parturen mag slechts worden afgeweken op aanwijzing van de technische commissie.”
En yn artikel 6 stiet: “Een bij de loting aanwezige speler heeft het recht zijn eigen lot of dat van zijn partuur te trekken.”

Om oan alle ûndúdlikheid in ein te meitsjen soenen de keatsers fia de spilersrie in foarstel dwaan kinne dat der by elke lotting in spiler (of coach) oanwêzich is. De keatsers kinne ûnder inoar wol in list opstelle sa dat se by toerbeurt mar ien kear yn it seizoen nei it Bûnsburo moatte. Iepenbierens en transparânsje oer de gearstalling fan de wedstriidlisten liket my net allinnich in goeie mar ek in winsklike saak. Je foarkomme dêrmei in protte geklets yn ‘e romte.


Yllustraasje:
Lottingstrommel foar de militêre tsjintplicht (19de ieu)

donderdag 15 september 2011

Keatsen yn Roemenië


Understeande tekst soe brûkt wurde op de wedstriidlist fan de Lytse PC fan 2011. Mar om’t it fjild trochweakke wie fan de rein koe dy keatspartij net trochgean. Dêrom hjir de tekst...
Doe’t op snein 28 augustus op de Van Aismapartij de earste omloop ferspile waard, sieten wy yn it fleantúch rjochting Cluj Napoca yn Roemenië. Doe’t wy krekt nei de landing oan it ein fan de middei mei de smartphone wer ferbining krigen, koenen we lêze dat Jan Dirk de Groot de nije kening wie fan de Bitgumer sneinspartij.
In pear oeren letter learde it ynternet ús dat Jan Dirk syn omkesizzer Gjalt de Groot, yn Mantgum de earste priis wûn hie by de pupillen A.
[hjir op arfgyffoto]  Sa’n lytse 2000 kilometer fan hûs en doch binne jo à la minút op ‘e hichte fan it keatsnijs. Om’t ik wol wat ha mei boppesteande winners frege ik my yn it fiere Cluj ôf, hokker fan dy twa no it meast bliid (of grutsk) west hat mei dizze priis.
De oare deis nei in bakje kofje doch mar efkes sjen op www.kaatsen.nl. Benijd nei it frouljuskeatsen yn Ljouwert stie dêr in hiel stik oer in ferkearde beslissing fan de skiedsrjochter. Fansels moast hjir wiidweidich ferslach fan dien wurde, want min nijs is meastentiids goed nijs foar de behearder fan dizze side. Dan ha jo wat te skriuwen is ‘t net sa? Oer it keatsen sels allinnich de útslach.
Woansdei 31 augustus wienen wy op besite by in Brabander dy’t yn it Roemeenske Medias wennet. Hy fertelde dat er mei syn skûtelantenne ek Omrop Fryslân krije koe en sadwaande ek wol ris nei it keatsen sjoen hie. Mar net bekend mei it spultsje, sei it him net sa folle. Mar it iepene my wol de eagen hoe wichtich dat soks wêze kin foar Friezen yn ‘e frjemdte dy’t soks wol begripe. Dyselde jûns hienen we yn in restaurant wer ynternetberik en koenen we de lotting foar it kommende wykein besjen.
Tongersdei 1 septimber sieten we oan de kofje by ús Roemeenske freondinne en har âlders. Sij gie sneon trouwen en wy hienen tankber gebrûk makke fan de útnoeging om der by te wêzen. Yn 2004 wie se mei har heit ús gast op de PC yn Frjentsjer. Har ympresjes hat se letter ferwurde yn in artikel foar De Keatsfreon.
[Sjoch dêrfoar: http://tinyurl.com/45ylqxa ] Ik frege har wat se fan dy PC dei - no sân jier letter - noch ûnthâlden hie. Dat wie boppe-al de sfear. Se wie ûnder de yndruk rekke fan de stilte foar in wichtich momint en de konsintraasje fan de spilers. Mar ek de sportiviteit fan ferliezers dy’t de winners felisitearen. Foar har heit wie de PC it hichtepunt fan syn Hollânske fakânsje west. Apart fûn hy foaral dat der hast gjin polysje wie wylst der ek bûten it keatsterrein allegearre minsken sieten en stienen te bierdrinken.
As dit stikje publisearre wurdt, is ús Roemeenske freondinne trout en binne wy wer werom yn Mantgum. We ha dan gjin gedonder mear mei wol of net ynternetberik of skûteltv. Al dy media binne fansels prachtige helpmiddels, mar der giet neat boppe it sels meimeitsjen fan in keatspartij. Dêr kin gjin smartphone tsjin op. As taskôger en leafhawwer hoopje ik op goed en spektakulêr keatsen mei wat my oanbelanget in ferrassende winner. En as we der dan nei ôfrin in feest fan meitsje kinne dat fergelykber is mei in Roemeenske brulloft, dan is it wis dat de Lytse PC fan 2011 einiget mei in boppeslach!


dinsdag 23 augustus 2011

Keninklike ûnderskieding foar Jan Suierveld,inisjator en stimulator fan de FROULJUS-PC

Jan Suierveld is yn 1949 berne yn it sikehûs yn Ljouwert mar hat oant no ta altiten wenne yn Weidum. In doarp dêr’t net allinnich opgroeid, mar ek mei fergroeid is. Jan waard yn de rin fan de tiid in doarps- en ferieningsman. Hoewol’t er affiniteit hie mei alderhande saken gie syn measte belangstelling út nei de keatserij en de muzyk. 
Yn syn bernejierren wennen der yn Weidum in oantal bysûnder goeie keatsers. Fjouwer dêrfan, Hiddinga, De Groot, Haima en Talsma hienen sels de wichtichste keatswedstriid foar mannen, de PC, al ris wûn. Boppedat begûn (en dat is noch altiten sa) it keatsseizoen mei de Bangmapartij. In wedstriid neamt nei Jan syn pake fan memmekant.
Jan wie sels gjin grut keatstalint, mar de ynteresse foar dizze sport wie der net minder om. Yn it foarjier fan 1977, hy wie doe 27, stapte Jan nei it bestjoer fan keatsferiening Nije Kriich mei it fersyk om de wedstriid foar froulju in bysûndere status te jaan. Yn it boek “25 jier Frouljus-PC 1977-2001” seit er dêr sels oer: “Ik seach foar myn eagen it keatsfjild fan Weidum, dêr yn de kom fan it doarp, mei de tsjerke op de eftergrûn . Ik seach froulju keatsen mei de minsken dêr rijen dik omhinne. It wie de iere maaitiid fan 1977.” Jan kaam sels mei de namme FROULJUS-PC en it soe it begjin wurde fan in tradysje oant de dei fan hjoed.
Hoewol Jan op dat stuit (noch) gjin diel útmakke fan keatsferiening Nije Kriich waard him wol frege om by de organisaasje fan dy dei belutsen te wêzen en as dei-foarsitter de prizen út te rikken. It jier dêrnei betelle Jan út eigen bûse de keninginnepriis foar de bêste spylster fan de dei. Dy keninginnepriis wie syn inisjatyf en wurdt ek no noch elk jier útrikt. Fan ôf it begjin yn 1977 oant no ta bliuwde Jan tige belutsen by de FROULJUS-PC. Yn de perioade 1977 o/m 1997 en dêrnei fan 2002 oan no wie (is) hy de foarsitter fan dit unike sportevenemint. Yn de perioade 1997 o/m 2002 wie hy wol belutsen by de organisaasje mar tydlik gjin dei-foarsitter.
Mei troch syn net ôflittende enerzjy, stimulearjende ympulzen en goeie kontakten yn de keatswrâld wist er mei it bestjoer fan Nije Kriich de FROULJUS-PC útgroeie te litten ta in keatsklassiker fan alluere. It winnen fan dizze wedstriid stiet foar froulju keatsers gelyk oan it winnen fan de hearen PC yn Frjentsjer. Boppedat is it ûnmiskenber dat de útstrieling fan de FROULJUS-PC ek status ferheegjend west hat foar it oansjen fan it froulju keatsen en dêrmei ek oantrekliker as aktive sportbeöefening foar in groeiend oantal famkes en froulju.
Njonken it belangeleaze wurk foar de pleatslike keatsferiening yn syn wenplak is Jan Suierveld sûnt 2004 bestjoerslid fan it keatsmuseum yn Frjentsjer. Hy beherticht dêr de funksje “museale saken” en is ferantwurdlik foar behear en ûntslúting fan de kolleksje. Yn dy funksje is er as koördinator nau belutsen by it ambisjeuze projekt om alle foto’s en films fan it keatsmuseum fia ynternet beskikber te stellen.
Last but not least is Jan ek muzikant. Al fan ôf syn bernejierren is er lid fan de pleatselike harmony en  ferliden jier is er ûnderskieden foar 50 jier lidmaatskip. Yn 1981 waard er lid fan wat doe de Rykspolysjekapel wie. Letter is dizze nasjonale kapel ferselstannige yn wat no de Melody Percussion Band is. Jan bespilet dêr de ksylofoan.
Nei ôfrin fan de lotting foar de FrouljusPC waard Jan Suierveld ferrast troch boargemaster Liemburg. Mar foardat de boargemaster mei har speech begûn, joech se earst de gelegenheid oan syn muzykfreonen en oare kunde,  dy’t bûten stienen te wachtsjen, om njonken it keatsfolk plak te nimmen. De lytse seal fan it Weidumer doarpshûs barste hast út syn foegen safolle minsken kamen binnen. De Harmony kaam sels “mei slaande trom nei binnen” en doe’t dy útspile wienen, koe de boargemaster begjinne mei har taspraak. In taspraak dy’t fansels einige mei de bekende wurden “dat it Hare Majesteit heeft behaagd om Jan Suierveld te benoemen tot lid in de Orde van Oranje Nassau.”

It grutte tal minsken dat hjirfan tsjûge wêze koe, wie in prachtige wurdearring foar al it wurk dat Jan foar de mienskip dien hat en noch altiten docht.

vrijdag 5 augustus 2011

Keatsen en konflikten, in ûnfolslein oersjoch

It spel mei de lytse bal hat al sûnt der skriftlike oantekens fan bekend binne, oanlieding jûn ta strideraasje en konflikten. Yn midsieuske keuren en feroarderings stean gauris ferbodsbepalingen oer it keatsen. Dat hie dan te meitsjen mei it stikken slaan fan glêsruten mar faker noch mei it feroarsaakjen fan lawaai, opskuor, drankmisbrûk en fjochterij.  
Yn Winaem waarden yn 1791 mei sa’n regelmaat de glêzen fan it skoalmastershûs ynslein dat de keatsers al yn it foar jild klear hienen om de skea te beteljen. De bekende Gripepartij yn Froubuorren en Bitgum hat syn oarsprong yn in út ’e hân rûne fjochtpartij by de priisútrikking yn 1794. Goed 100 jier letter stienen yn Dokkum tsien jongemannen út Ternaard foar de kantonrjochter om’t hja de eigner fan it keatslân bekûgele hienen mei keatsballen fan drek en kowestront.
Boppesteande hat fansels net sa folle te krijen mei “it konflikt” fan de ôfrûne PC. Mar it tekent al de emosjonele sfear dy’t  by it keatsen sa ynienen de kop opstekke kin. It kin “samar” barre nei in diskutabele beslissing fan in skiedsrjochter of karmaster of troch in opmerking fan spilers ûnder inoar. Want der binne fansels keatsers dy’t yn it psychologyske wurdenspul inoar it bloed ûnder de neilen weihelje. Bysûnder oan it keatsen is de gearstalling fan de partoeren. Keatsers meitsje al sûnt minskeheugenis ôfspraken om mei inoar te spyljen. En ek al like lang binne der ferhalen bekend oer it skeinen fan sokke ôfspraken. Sels it yn alle iepenheid “stellen” mei oare maten kin liede ta it ferbrekken fan in freonskip. De relaasje tusken Johannes Brandsma en Reinder Triemstra is dêr in foarbyld fan.
“It konflikt” tusken Marten van der Leest en syn maten Herman Sprik en Folkert van der Weij is wol hiel bysûnder en neffens my in dizze foarm nea earder foarkommen. Der rint wolris in spiler mei in lilke harsens fan it fjild om’t syn maten him feroardiele ta “balkearder”, mar je maat op de wedstriiddei ynruilje foar in oar is nij. Mar hoewol’t ik de beslissing fan Herman en Folkert absolút net goed prate wol, hie Folkert yn de útstjoering fan Omrop Fryslân wol in punt doe’t er sei dat it troch de parse wol hiel slim útfergrutte wurdt. Der gie mear oandacht út nei “it konflikt” dan nei de winners fan de PC. Mar dêr stiet tsjinoer dat dyselde Folkert noch net sa lang lyn sels it slachtoffer wie fan skeind fertrouwen en dêr doe flink de balen fan hie. Hy wit hoe’t it wurket.
Om it histoarysk bewustwêzen fan guon keatsers en it omsittend laach op te frissen ha ik in lytse samling makke fan konflikten yn de keatserij. As earste in artikel út de LC fan 3-8-1996 oer it oan de kant setten fan Simon Minnesma nei de PC fan dat jier. Sjoch: http://tinyurl.com/3atsvwg Simon wie “erfaringsdeskundige” want twa jier derfoar waard er noch foar it keatseizoen begûn troch syn maten oan ‘e kant setten. Sjoch: http://tinyurl.com/3v4omq7 In protte heibel joech ek it oan ‘e kant setten fan Thomas van der Meer yn ’93. Trije jier efter inoar hie hy mei Erik Seerden en Rinze Bleeker de PC wûn en Thomas wie krekt dat jier PC kening wurden. “Yn en bûten it fjild grutte maten” sa like it, mar doe’t it efkes net rûn wie Thomas dochs “it bokje”. Sjoch:  http://tinyurl.com/3v4omq7 Hjir boppe ha ik al ferwiist nei de “stellerij” fan Johannes Brandsma mei Saakstra en Faber mar net minder opskuor joech yn ’87 syn kar foar in partoer mei Peter Rinia en Tunno Schurer. Sjoch: http://tinyurl.com/3klaphl

Nije wike ha we de Freulepartij. Ek al sa’n dei dêr’t foar de gearstalling fan de partoeren guon doarpen yn twaën ferdield en keatsferienings hast oan ten ûnder gien binne. Sels de oanfierder fan it iewich keatsklassemint wie der by belutsen. Sjoch: http://tinyurl.com/3vh7jv9

Ik ha ek nochris sjoen yn it boek “Keatserstaal” fan Pieter Breuker ut 1983 of dêr ek termen yn stean dy’t te meitsjen ha mei it “ofsizzen” fan de maten of it ferbrekken fan ôfspraken. Spitichernôch is dêr net in haadstik oan weit. Undersyk dêrnei soe noch hiel wat opsmite kinne. Mar of dat yn alle gefallen in ferriking is foar de keatserij lit ik hjir mar yn it midden.

Ferantwurding foto's: http://www.kaatshistorie.nl/
Boppen: De PC fan 1980. De finalepartoeren, f.l.n.r.: Sake Saakstra (Deinum), Piet Jetse Faber (Froubuorren) en Flip Soolsma (Boarnburgum); skiedsrjochter Taeke Krap (St. Jabik); Johannes Brandsma (Seisbierrum), Reinder Triemstra (St.Jabik) en Johannes van der Meij (Menaam). Keatsoanmerker is Erik Seerden fan Frjentsjer.
Under: De keatsferiening "KC De Boer" fan Stiens, winners fan de earste priis fan de 69ste Freulepartij yn 1971 te Wommels mei 47 partoer op 'e list.
Staend f.l.n.r: de winners fan 1921, Chris van der Woude, Johannes Paulides en Sierk Haitsma fan de keatsferiening "Jan Bogtstra" út Frjentsjer. Foaroan f.l.n.r.: Gosse Faber, Anne Rinkema en Piet Jetse Faber en coach (en heit) Pieter Faber sr.

maandag 25 juli 2011

Ynstruksjefilm foar bûtenlânske PC besikers

Elk hat it wolris meimakke. Jo sitte op ‘e PC en dan eamelje guon minsken oer wa, wa is en hoe’t it spul no einliks yn inoar stekt. It is dúdlik dat jo dan te meitsjen ha mei “eendagstoeristen” dy’t troch kunde meitroand binne om ek ris in PC mei te meitsjen. As jo njonken sokke minsken sitte, is dat net altiten oangenaam. Krekt op beslissende mominten freegje se de meast ûnnoazele saken of se moatte op sa’n stuit yn de tribune foar jo lâns om efkes te pisjen. Hoe krije se soks yn 'e plasse!
Mar ik moat earlik wêze. Ik ha sels ek ris in hiele dei bûtenlânske gasten mei hân nei de PC. En jo ûntkomme der dan net oan om harren sa no en dan wat tekst en útlis te jaan. Yn 2004 hie ik freonen út Roemeenje oer de flier en dy ha ’k meinommen nei de PC. It waard ien fan myn moaiste PC’s. We hienen harren yn it foar de spulrigels al útlein en ek ballen en moffen sjen litten. Mar dat wie fansels lang net genôch om it spul yn syn hiele hear en sfear te begripen. De Roemeenske freon mei syn dochter ha har de hiele dei poer best fermakke. De PC wie foar harren yn alderlei opsichten in “iepenbiering”. Net allinnich de sport, mar foaral de stylfolle tradysjes en benammen de sfear fan sportiviteit en kammeraatskip dy’t foar harren rûnom merkber wie. Dat safolle minsken sa yntins stil wêze koenen en sa meilibje koenen mei spul en spilers fûnen sy hiel bysûnder om mei te meitsjen. En doe’t hja mei syn beiden efkes in rûntsje makke hienen oer de kermis en werom kamen, wie harren ferbazing noch grutter. Ik wit noch hoe’t ús freon mei de holle skodde en it ûnbegryplik fûn dat er safolle minsken op terras en strjitte sieten te bier drinken mar dat er gjin inkelde polysjeman sjoen hie. En ek by de yngong ta it PC-terrein hoegde er allinnich mar syn kaartsje sjen te litten. Hy waard net iens fûllearre! No, dat wie by harren wol oars as er wat te rêdden wie.  
Op sa’n momint besef je pas hoe bysûnder de sfear en de entoeraazje op sa’n PC dei einliks is. We binne dan blykber ien grutte famylje en meitsje der mei inoar in heechtijdei fan. Net foar neat spruts Master B. eartiids fan in “bjusterbaarlik barren”. In term dy’t wat mei oanbelanget ek altiten ferbûn bliuwt oan de PC.
Foar al dy Friezen dy’t bûtenlânske gasten meinimme nei de PC ha ik hjir in Ingelsktalich ynstruksjefilmke mei ûnder oaren bylden fan de PC finale út 1983. Mooglik makket dat de utlis ûnder de partij wat minder needsaaklik en kin it omsittend laach noflik fan it spul genietsje.

Ferantwurding film: www.kaatshistorie.nl

zaterdag 16 juli 2011

Keatswrâld partisipant by World Sport for All Games?


De Ljouwerter Krante kopte sneon 16 july op de foarside mei it nijs dat Fryslân him ynkoarten oanmelde sil as kandidaat om yn 2016 it ynternasjonale sportevenemint World Sport of All Games te organisearjen. It is in sportevenemint dêr’t sa’n 7500 sporters oan meidogge en it giet benammen om demonstraasjes fan sporten dy’t net sa bekend binne en gjin ynternasjonale útstrieling ha.
De provinsje wol foar it ûnderbringen fan sporters, begelieders en belangstellenden ek in berop dwaan op de befolking. Konkrete ideeën dêroer binne der noch net, mar de LC  skriuwt oer it ymprovisaasjetalint yn Fryslân sa as by de Slachtemarathon en de Alvestêdetocht.  Fierderop yn it blêd sprekt Anne Jochum de Vries fan ûndersyksburo Oranjewoud al oer it keatsen as ûnderdiel fan it sportprogramma.



“Mar”,  sa frege ik mei ôf, “lizze hjir net mear kânsen foar de KNKB?”. Soe de KNKB him net aktyf opstelle moatte rjochting de provinsje om te sjen wat hja mei har krapoan 15.000 leden betsjutte kin foar de organisaasje. Want partisipaasje fan de KNKB hoecht fansels net beheind te bliuwen ta in keatsdemonstraasje of it bywenjen fan in offisjele keatspartij. De ferienings soenen har fia de KNKB oanmelde kinne om sporters of gasten in ûnderkommen oan te bieden. Yn Mantgum ha wy dêr al in pear jier ûnderfining mei opdien by it ynternasjonale kuorbalevenemint yn Ljouwert. De pleatslike kuorbalferiening hie op him nommen om ferbliuw te fersoargjen foar in bûtenlâns kuorbalteam en har begelieders. It gie om sa’n 15 persoanen en it slagge elk jier.
Wat ha je dêr no oan? Hear ik roppen. Sa'n fraach is in opgoaier en ienfâldich wêrom te keatsen. Foar de gastgesinnen is it gewoan hartstikke aardich. It is in noflik ûnderbrekken fan de daaglikse gong fan saken en it jout in protte geselligens. Foar de feriening jout it ek “bining” fan sawol de aktive as de minder aktive leden. In grut tal minsken binne dan yn tou en elk docht soks, om dat er dêr aardichheid oan hat. En krekt aardichheid ha om mei inoar wat te dwaan, is foar in feriening ferskrikkelik wichtich. It is it semint, en it ferbân tusken de leden. Leuke dingen mei inoar dwaan is miskyn wol de basis foar in feriening. Fansels krije de gastgesinnen  ek de mooglikheid om mei te gean nei de wedstriden en ek dat jout “bining” mei de sport en de feriening. It soarget foar “moeting” fan leden op in wat oare wize as op it keatsfjild.
Mar der is foar it Bûn noch mear profyt te beheljen. Aktive maatskiplike partisipaasje sil troch de polityk, maatskiplike organisaasjes en sponsoaren fan de KNKB heechlik wurdearre wurde. Je binne yn byld as in sportbûn dy’t fierder tinkt dan allinnich har eigen belang en dy’t ek each hat foar oare sporten en sporters. Soks sil net daliks liede ta gruttere jildstreamen mar it kin it Bûn wol oansjen en achting opleverje. En is acht(ing) net mear as tûzend? De KNKB moat mar ris in bâltsje opsmite by de provinsje.

woensdag 22 juni 2011

Bysûndere keningspriis út 1909 feilt

Ofrûne moandei te jûn (20 juny) waard by feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts in bysûndere keningspriis ferkocht. It gie om in prachtich moaie keatsbal dy’t hiel fyn gravearre wie en oan de boppekant in kroantsje hie. (sjoch de ôfbylding).
Nijsgjirrich nei de eftergrûn fan de priis ha ik my dêr ris yn ferdjippe. Yn it jubileumboek fan keatsferiening LKC út Ljouwert stiet (side 126) de folgjende ynformaasje: “Op 25 en 26 juli 1909 won het partuur van A. Brouwer, J. Reitsma en J. van der Schel de eerste prijs. De Arumer Jan van der Schel werd uitgeroepen tot koning en ontving een bijzonder waardevolle zilveren bal, die beschikbaar was gesteld door Jhr. Mr. A.E. van Boelens van Eysinga. “
It gie om in wedstriid fan 18 partoer wêrûnder twa partoer Belgen. Dêrmei krige de partij ek it predikaat “Internationale kaatswedstrijd”. Yn de Ljouwerter Krante fan 20, 21, 26 en 28 july 1909 waard ferslach dien fan dizze “ynternasjonale”. It die bliken dat it beide dagen min waar wie. It waaide hurd en der waard in protte bûten slein (soms in earst efter in oar) en sadwaande gjin jûchhei stimming oer it nivo fan de wedstriden. Alles moatte wy fansels besjen yn syn eigen tiid, en soks is net altiten ienfâldich. Want hoe moat je de fierste boppeslach troch Hendrik van Haitsma út Frjentsjer mei 53.65 m. no einliks ynskatte? Der stiet noch spesjaal by “vanuit het achterperk”. Hjoed de dei soe sa’n slach net iens de boppe helje.
De keningspriis waard op de feiling ynsetten foar in bedrach fan 450,-- en waard úteinlik ferkocht foar in bedrach fan 1000,--. De nije eigner is bekend by it bestjoer fan it keatsmuseum en mooglik kin de priis nochris yn it museum útstalt wurde.
Sjoch foar de kranteferslaggen:

maandag 20 juni 2011

De erfenis fan Jacob Klaver (diel 2)

Sa as yn diel 1 beskreaun, is der nei it ferstjerren fan de pakesizzer fan Jacob Klaver it ien en oar oer de nammejouwer fan ús keatsferiening boppe wetter kommen. It houtsnijwurk is fansels prachtich erfguod en in moai oantinken oan de nammejouwer en earste foarsitter fan de keatsferiening yn Mantgum dy't nei him neamt is. Mar der is mear.

Fan mear keatshistoarysk belang is dan ek de ûntdekking fan in foto fan Jacob Klaver yn in famylje-album. Oant no ta wie der mar ien foto fan Jacob Klaver bekend en dêrop wie hy te sjen as in âld man. Op de foto dy’t no foar it ljocht kommen is, sjogge we Jacob Klaver as in jongfeint. Sawol foar de keatshistoarje as ek foar keatsferiening Jacob Klaver yn Mantgum is dizze foto in prachtige fynst. De foto siet yn it famylje-album njonken in kaartsje fan syn houliksoankundiging en njonken in foto fan syn takomstige frou. It hat der dan ek alle skyn fan dat de foto heechstwierskynlik makke is yn 1877 doe’t er op 22 jierrige leeftiid troude mei Geertje Andriesse fan Hûns. It jier dêrfoar hie er yn Frjentsjer mei “alles oan de hang” de PC wûn. Jacob Klaver dy’t berne wie yn 1855 is 90 jier wurden en ferstoar op 19 desimber 1946 by syn dochter Janna yn Hurdegaryp, dêr’t er ek te hôf brocht is.

vrijdag 17 juni 2011

De erfenis fan Jacob Klaver (diel 1)

Woansdei 2 juny 2010, wie ik te gast by de oerpakesizzer fan Jacob Klaver. Dizze man dy’t net neamt wurde wol, wie mei syn heit op 9 maaie 2003 as “special guest” oanwêzich op de resepsje fan it ieufeest fan ús keatsferiening. As noch libbene neiteam fan keatskening Jacob Klaver krigen hja doe út hannen fan foarsitter Anne Muller as earste it jubileumboek oanbean. Hoewol dizze famylje de bining mei de keatssport ferlern hie, wie it oantinken oan Jacob Klaver wol sa grut dat hja yn de jierren tachtich fan de tweintichste ieu meibetelle ha oan de tinkstien op it tsjerkhôf yn Mantgum. In famylje mei grut histoarysk besef.
Doe’t de heit fan de oerpakesizzer begjin dit jier ferstoar kaam der guod foar it ljocht dat makke wie troch Jacob Klaver. It materiaal bestiet út ambachtlik houtsnijwurk fan in mear dan gewoane kwaliteit. Jacob Klaver syn heit wie timmerman yn Winsum en dat berop hat hy sels yn syn begjinjierren ek útoefene. Yn de jierren tachtich fan de njoggentjinde ieu waard er postkantoarhâlder yn Mantgum. It houtfykjen en nifeljen mei guts en beitel hat er blykber nea ferleard. In oantal bewarre bleaune meubelstikken en foarwerpen stjûge dêr fan. Wy ha dy erfstikken fotogravearre en sa as oantinken oan Jacob Klaver festlein.

Op de foto dy’t hjirby stiet, sjogge jim ien fan dy stikjes hûsflyt. It is in kistje dêr’t de eigner no wat jern en oar naaiguod yn bewarret. Mar op de binnenkant fan it deksel stean de inisjalen J.K. en de datum 28-6-1922. Op dy datum waard Janna Klaver, in dochter fan de keatskening, 25 jier en it sil dêrom grif in jierdeisgeskink fan har heit west ha. Foar it besjen fan mear houtsnijwurk fan jacobklaver ferwiis ik jim nij ûndersteande link:
<a href= “http://picasaweb.google.com/jellea/ErfenisJacobklaver#” target=blank>klik hier>/a>

donderdag 2 juni 2011

In frisse bal

Yn it gasteboek fan de webside kaatsen.nl is de al in pear jier geande diskusje oer de takomst fan it keatsen wer oprakele. In tal aspekten passearje yn dy diskusje op ‘e nij de revu. It giet ûnder oare oer de emoasjes en it skynber oars belibjen fan it spul troch de keatsers, de ôfnimmende belangstelling fan it tal taskôgers, de iensidichheid fan it spul troch direkte winst, de lingte fan de partijen ensafuorthinne. Sa as yn de header fan dizze BLOG oankundige wol ik “de diskusje oer de aktualiteit fan it keatsen net út de wei gean” en jou hjir myn fisy.
Yn dy hiele diskusje is neffens my “de Belgyske mof” it fertrekpunt. Tsjinstanners fan dy mof argumintearje dat dêrtroch it spul net allinnich feroare is, mar ek syn oarspronklike oantreklikheid ferlern hat. In oantreklikheid dy’t neffens dizze tsjinstanners leit yn it tuskenspul, yn it taktysk foarbyslaan fan in keats, yn it dellizzen fan in bal troch de hoeke.  Yn sa’n spul mei taktysk keatsen en mear tuskenspul komme ek mear emoasjes los dan by in spul dat basearre is op direkte winst. In spul mei emoasjes, mei inoar mûnling útdaagjende spilers is oantrekliker foar it publyk dan wat guon ûndergean as de hjoeddeiske tsjerkhôf stimming.  It belibjen, it ûndergean, it opdwaan fan in ûnderfining binne aspekten dy’t minsken nei in museum, nei in pretpark mar ek nei in sport ta lûke. In sport mei in begraffenisstimming is foar de dea opskreaun.
Ik kin yn de ynhâldlike kant fan de diskusje in ein meigean yn it stânpunt fan Gerrit Lettinga. Hy wurdt troch guon ferwiten dat er negatyf wêze soe.  Hy hat in polemyske styl en komt mooglik ferbittere oer. Mar fersjoch jim net op syn keatshert!  Hy is in grut keatsleafhawwer, in romantikus dy’t pasjonearre is troch keatsers dy’t belibbing útstriele. (Lês syn boek: “Kaatsen, meer dan kaatsen. De Haantsjes fan Holwert”. ) Lettinga wol meikeatse, partij kieze, emoasje fiele en heal om heal mei de smoar yn thúskomme as SYN favorite partoer ferlern hat. Ik fiel dat mei him mei, wol ek meikeatse en sjoch ek leaver in bal troch de hoeke dellein dan in keats fan trije meter dy’t oer alles hinne reage wurdt. Krekt as Lettinga wol ik ek meigenietsje fan it útdaagjen fan de tsjinstanner en fan in opskerpjende kwinkslach nei in moaie triktrak. Net foar neat ha ik syn alles sizzende “kaatsen, meer dan kaatsen”  mear as ien kear sitearre. Keatsen, is mear as keatsen!
Mar, sa freegje ik mei wolris ôf, is de diskusje oer it hjoeddeiske keatsen net in diskusje tusken doe en no, tusken wat is en wat west hat? Is it net de honger fan myn generaasje nei de tiid fan Tamme Velstra, (“Hé daar!”), Flip Soolsma, De Van Wierens, Piet Jetze, De Brand etc.? Is it net langstme nei in tiid dêr’t by in bytsje haadklasse partij 1000 oant 1500 man in normale saak wie? Binne it de tinzen oan  tribúnes grotfol minsken op in Bûnspartij?
Mei boppesteande fragen yn de efterholle wykt myn stânpunt ôf fan dyjinge dy’t de Belgyske mof der út ha wolle en ferwachtsje dat dêrmei it keatsen syn oantreklikheid werom kriget en wer in libben spektakel wurdt dêr’t minsken op ôf komme.  As dat wier wêze soe, dan moat it moarn barre, mar ik ha dêr myn fraachtekens by. De jonge generaasje keatsers hat neat mei Tamme, Flip en Wiep. It binne foar harren deselde nammen as yn myn jonge jierren Ids Jousma en Klaas Kuiken. In ferline mei oare nammen, mei  in oare foarm fan keatsen, mei in oar belibjen fan it spul.  
De Belgyske mof hoecht der om my dan ek net út, mar der moat wol eksperimintearre wurde om de oantreklikheid fan it spul werom te krijen. In oantreklikheid dy’t foar my leit yn it “tuskenspul”. Krekt as je by tennis genietsje fan in rally moat yn it keatsen it tuskenspul werom komme. Dat kin ek mei it behâld fan de Belgyske mof. Yn 2006 hâlde Tjalling van den Berg op in diskusjejûn yn de Tulip Inn al in waarm pleidoai foar eksperiminten mei in oare bal. In bal dy’t wat grutter en minder massyf wêze moast. In bal dy’t troch syn massa net sa maklik “oer alles hinne giet” en dêrtroch it tuskenspul befoardert. Sa’n bal stiet noch altiten op it ferlanglistje fan Tjalling en no’t hy yn de posysje is om dêr werklik wat oan te dwaan, moat it ek barre. Wat my oanbelanget leaver moarn dan juster. Noch dit jier in eksperimintele haadklasse partij mei gruttere ballen?  Yn 2013 ynfier fan in keatsbal dy’t krekt sa’n ynfloed ha sil op it spul as de Belgyske mof? In ynfloed rjochting mear tuskenspul, nei mear ynteraksje tusken spilers, nei mear minsken om de linen, nei keatsen dat mear as keatsen is?

maandag 30 mei 2011

Mantgumer keatsrom fan eartiids

As it ûnthâld it ôflitte wit, dan is der sa no en dan noch stipe yn it argyf. Sa fûn ik op de webside www.kaatshistorie.nl in foto út 1932 mei dêrop trije Mantgumer keatsers. It wienen net de earste de beste. It wie it “gouden ôfdielingspartoer” fan Jacob Klaver fan ein tweintiger-, begjin tritiger jierren. It wienen opslagger Jouke de Groot mei  de perkspilers  Aant van Dellen en Hendrik Jepma. Dizze mannen hienen foar in stunt soarge troch op de PC fan 1928 de fjirde priis te winnen.
No is einlikst it wurd “stunt’ foar dy fjirde priis op de PC fan 1928 net hielendal terjochte. Want der dienen yn 1928 mar 12 partoer mei en der wienen seis prizen. Mei in moai lot hoegden je mar ien kear te winnen foar in pryske. It Mantgumer trio hie nûmer 10 en wûn allinnich de earste partij. Dat wie trouwens gjin gemaklike oerwinning want se keatsten san kear seis gelyk. Mar goed, de mannen stienen jûns wol foar de tinte.
De Groot, Van Dellen en Jepma gienen yn dy tiid in protte tegearre op paad. Se keatsten sawol op frije formaasje as ek op ôfdielingspartijen hast altiten yn deselde gearstalling. Sa ek op 11 july 1932 yn Terzool. Keatsferiening ‘De Trije Doarpen’ (Tersoal, Sibrandabuorrens en Poppenwier) bestie 25 jier en hie acht ôfdielingspartoeren útnoege. Ek it Mantgumer trijetal wie fan de partij. Mei help fan de Ljouwerter Krante is it ferrin fan de keatserij hast slach foar slach te folgjen.
Us Mantgumer partoer moast yn de earste omloop tsjin Raard mei G. Douma, J.W. Venema en O. Leenstra. De partij ferrûn spektakulêr. Om en om waarden de buordsjes binnenhelle en it waard úteinlik ‘alles oan ‘e hang’. Doe wie Mantgum krekt wat fortúnliker.  Hoe’t dy’t lêste slach gie, stiet spitigernôch net yn it ferslach. Yn de twadde omloop wie Jirnsum de tsjinstanner. Dat gie in stik makliker en de winst waard binnenhelle op 5-2 en 6-2. Yn de finale moasten de Mantgumers it opnimme tsjin it thúspartoer fan Tersoal mei J. Riemersma, A. De Vries en W. Punter. De Groot en Jepma hienen te folle bûten en sadwaande gie de winst nei Tersoal. Neffens it kranteferslach bestienen de prizen út ‘luxe voorwerpen’. Wat dat krekt west hat, sille we wol nea witte, want ús matsjedoaren binne der al lang net mear en yn it ûnthâld fan de famylje sil it ek wol weirekke wêze. Of soe der doch immen wêze dy’t hjir mear oer sizze kin....? 

BIj de foto:
It Mantgumer trio stiet efter mei f.l.n.r. : Aant van Dellen, Jouke de Groot en Hendrik Jepma. De folchoarder fan de winners út Tersoal en de man rjochts is my net bekend.

Foar wa it kranteferslach oer dizze partij lêze wol is hjir de link:
http://tinyurl.com/3pbzzw3

maandag 16 mei 2011

DE UTDAGING

It keatsseizoen is los. Tiid foar útdagings en nije inisjativen.  Dêr wol ik net by efterbliuwe en kom mei  “DE UTDAGING”. Ik daach elkenien út om mei in oanplakbiljet (affysje) fan syn of har keatsferiening  in sa bysûnder mooglike foto te meitsjen.  Dat bysûndere kin te meitsjen ha mei plak, sitewaasje, persoanen mar fansels ek mei artistike kwaliteit.



















Dy foto kinne jim dan digitaal nei my tastjoere[th.kuipers@kpnmail.nl] mei in begeliedend skriuwen wannear en wêr’t de foto makke is. Fansels moat ek de namme en it kontaktadres fan de fotograaf meistjoert wurde. Mei it opstjoeren fan de foto akseptearje jim ek dat de foto publisearre wurde mei op dizze blog. De foto sil net sûnder oerlis mei de eigner foar oare doeleinen brûkt wurde. Der kin opstjoert wurde oant de Aldehoupartij fan 2011. Foar de moaiste foto stel ik in itensbon beskikber fan 50,-- euro.

maandag 9 mei 2011

Baldadigens yn Winaam

Dwersbongelje, narje, en kliere binne gjin hjoeddeistige eigenaardichheden fan minsken. Se binne fan alle tiden, fan alle rangen en stannen en komme foar yn steden, doarpen en gehuchten. It giet ek net foarby oan it keatsen, no net en eartiids seker net! As je de midsieuske keuren en feroarderingen der op nei lêze dan liket it wol as soe it keatsen de grutste oarsaak wêze fan út de hân rûne braspartijen en doarpsrûzjes. En hoewol’t ik gjin saakkundige bin op etymologysk gebiet soe ik der net frjemd fan opsjen dat it wurd “baldadigens” ek syn oarsprong hat yn “it spul mei de lytse bal”. 

Winaam 1791
Hoe’t it ek is, it wurd “baldadigens” spilet yn elts gefal sawol letterlik as figuerlik in belangrike rol yn in skeel oan it ein fan de 18de ieu tusken de skoalmaster fan Winaam en de keatsende jongfeinten fan it doarp. De skoalmaster wenne yn it skoalmastershûs dat doe njonken de tsjerke stie. Der wie genôch romte nêst tsjerke en skoalmastershûs om te keatsen en dat waard dêr dan ek op geregelde tiden dien.
Mar keatsballen wiene hurd en de ruten tin, dat der fleach mei gauwens in bal troch de glêzen. Dat wie min nei it sin fan de skoalmaster en oare buorlju. In klacht bij de grytman R. van Haarsolte liede ta in ferbod en by oertrêding sels ta in boete fan trije gûne.
Skoalmaster bleau sa in oantal jierren frijwarre fan stikkene ruten, mar it keatsersbloed liet him ek yn Winaam net samar delbêdzje. In pear jier letter wurdt der dochs wer keatst foar de ruten fan ús skoalmaster.  En dizze kear fleane de ballen noch faker troch de glêzen. Yn in brief fan 2 juny 1791, dy’t bewarre bleaun is,  kleit de skoalmaster “dat sij nu kort na elkander ses maal vele glasen hebben ingeslagen, dan een, dan twee tegelijk.” En yn dyselde brief freget ús pleage master oan de tsjerkfâlden “in hoeverre hij dat alles lijden moet”. It is ek wol min of te mear dúdlik dat de man mei opset narre wurdt, want der wie in ein fierderop genôch plak “alwaar sij minder gevaar en meerder ruimte hebben, daar sij voor desen soo lang gekaatst hebben.” Mar de keatsers hiene it dizze kear goochem oanpakt, hja hiene foarôf tastimming frege – en ek krigen - by de grytman “om bij het scholehuis te mogen kaatsen, met die verdere vrijheid om de glaasen welke zij inslaan met betalen te konnen voldoen.”  It liket der yn de jammerklacht fan de skoalmaster wol op dat de keatsers al fan te foaren jild meinommen ha om de ruten te beteljen sadat der gjin gedonder fan komme kin. Nei ôfrin fan it keatsen “vragen zij al lagchend en spottend wat zij schuldig zijn en brengen telkens tot verschoning de permissie van de Grietman bij, dat se met betalen konnen voldoen.”
Mar it jild fergoede net alles, de argewaasje bliuwt en master fielt him yn syn ear oantaast as er ek noch útskolden wurdt “voor een dwarsbongel die boven de Grietman wil zijn, en met meer andere vuile praatjes, waardoor hij voor den minsten jongen moet swijgen en uit den weg gaan om hen te laaten geworden.”

Master hat it der mar moeilik mei! En hy eindige syn brief dan ek mei de fersuchting: “dat, indien sij soo onbepaald mogen voortgaan, gelijk zij zeggen te zullen doen, dat dan de ondergeschrevene wegens de stantplaats van het schoolhuis in dit geval de ongelukkigste bewoonder is in de geheele buuren.”

Ferantwurding:
It argyfstik dêr't út siteart is, komt út it famyljeargyf Beyma Thoe Kingma ynventaris nûmer 2378 dat bewarre wurdt by Tresoar yn Ljouwert. It argyfstik is te lêzen fia de hjirûnder steande links. It is wol oan te rieden om gebrûk te meitsjen fan de mooglikheid om de tekst te fergrutsjen.

By de ôfbylding:
Kadastrale kaart fan Winaam, begjin 18de ieu. It skoalmastershûs mei nûmer 362 stiet boppe de tsjerke.
In fergrutting fan de ôfbylding is te besjen fia de ûndersteande link: