zondag 22 januari 2012

Rients Gratama tachtich

Tiisdei 23 jannewaris wurdt Rients Gratama 80 jier. In leeftyd wêrby de measte minsken it ark fan it deistich wurk al lang dellein ha. Of om yn keatstermen te bliuwen, de mof hinget dan by de measten al yn de wylgen. Sa net by ús Rients. Noch dizze moanne brocht er mei syn libbensgesel Carla van der Heijde in berneboekje út “Hein en syn Hin”.  It is in prachtich foarbyld fan it multytalint dat Rients is. Op syn webside www.rientsgratama.nl neamt er himsels: “cabaratier, acteur, schrijver, dichter, presentator.”
Mar Rients is ek keatser. Fansels net sa’n grutten dy’t rom en gloarje by inoar slein hat op Freule, PC of Bûnspartijen. Mar elkenien dy’t keatst (hat) en him keatser fielt, is keatser. En sa is it ek mei Rients. Yn syn jeugd hat er folop keatst en meidien oan de Freule. Yn De Keatsfreon fan 2005 seit er dêr oer yn in ynterview mei Baukje Wytsma: “Doe’t ik op 11 augustus 1948 meikeatste op de Freulepartij yn Wommels, wie dat foar my ek in belevenis, ek al rekken wy der yn de twadde omloop ôf. Wy wiene kânshawwers, mar ferlearen fan Berltsum as it my net mist. Reduzum wûn de partij, mei lytse Uilke Tolsma as balkearder. Soks ferjitst noait wer.”
Keatsen as teater, it Sjûkelân as skouboarch. In reden werom Rients hast nea yn Frjentsjer ûntbrekt op de jierlikse heechtij dei fan it keatsen. Net yn de pommeranten tribune, nee gewoan op de earste rige fan de banken rûn it fjild. Dêr tusken syn eigen folk fan mannen mei platte pet en froulju  mei kofje en broadsjes fielt er him thús. Rients is dan Rients en as de pûde mei King pipermuntsjes rûn giet, dielt er like hurd mei as elkenien.
Op de site www.kaatshistorie.nl fûn ik bygeande foto. It is Rients mei Hilbert Dijkstra en Dirk Yde Sjaarda. Hja dienen mei yn de revu by it 100 jierrich bestean fan de KNKB yn 1997. As promoasje spilen sy in partijtsje tsjin de âlde keatskrigers Hotze Schuil, Aebe Haima en Frans Helfrich. Ik wit net as Rients yn 2009 ek op de PC west hat, mar it hie fansels prachtich west as hy op dy dei tsjûge west hat fan de twadde priis dy’t Dirk Yde dat jier behelle op de PC.
It is te hoopjen dat we Rients noch faak sjen meie op de keatsbanken en dat er him noch  in moai oantal jierren keatser neame kin.