donderdag 30 december 2010

Doe’t dat jonkje fan dij oek met?

It keatsmuseum hat yn har kolleksje mear as 100 fideobannen mei dêrop koarte en lange fragminten fan keatspartijen en keatseveneminten. Dy samling is ea op summiere wize beskreaun en dêrtroch wie net goed bekend wat der no feitlik allegear op stie. Yn it kader fan it digitalisearingsprojekt mei Tresoar moat der dúdlikheid komme wat der no einliks op dy bannen stiet. In kwestje fan alle bannen op ‘e nij besjen en op nij beskriuwe.
Tusken kryst en âldjiersdij ha ik tegearre mei in bestjoerslid fan de museumkommisje dêr in begjin mei makke.  De ien efter de knoppen mei it hin en wer spielen fan de bân en de oar oan it beskriuwen. Hoewol we nei twa dagen pas op ‘e helte binne, is no al dúdlik dat it in protte nije ynformaasje opsmyt.  Der komt in soad nij materiaal tefoarskyn dat net op de magazynlist stie. Yn oare gefallen koenen we summiere beskriuwings oanfolje en de lingte fan de opname fêstlizze.
Op it lêst ha je kante eagen fan it sjen, mar it weromsjen fan prachtige keatsmominten makket dat sa’n dei ek samar omfljucht. Troch yn sa’n koart tiidsbestek dy films te besjen krij je ek in goed byld fan wat der yn de lêste 50/60 jier allegear feroare is. Ien fan de saken dy’t daliks opfalle is it weromrinnen fan it tal taskôgers op de Bûnspartij foar manlju. Dêr stiet tsjinoer dat de Froulju’s PC yn Weidum de lêste 15 jier in geweldige ûntwikkeling makke hat, dy’t resultearret yn gâns mear besikers. Fierders sjogge je ek de útwikeling yn keatsklean, partoercoaching, oankleien fan it fjild en de tanamme fan media oandacht by PC en Freulepartij.
Ien fan de moaiste mominten dy’t wy tsjinkamen wol ik jim net ûnthâlde. Tusken in opname fan de famkesbûnswedstriid út 1997 en de huldiging fan de winners fan de Jong Nederlandpartij stie in opname fan goed 30 minuten fan in pelotepartij yn Mullum út 1997. It is in wedstriid mei pleatslike spilers en âlde cracks as Piet Jetze Faber, Johannes Brandsma en Reinder Triemstra. Wat de opname sa aardich makket is dat de opmerkings fan spilers en publyk goed te hearren binne. Sa freget op in momint dat it spel efkes stil leit immen út it publyk oan Reinder:  “Doe’t dat jonkje fan dij oek met?” Ut de kontekst is dúdlik dat dizze fraach slacht op Reinder syn soan Teake en it meidwaan oan de Freulepartij fan dat jier. No sa’n 13 jier letter hat “dat jonkje” yntusken de Freule en de PC wûn.  

De opname mei boppesteand fragmint is nog net digitalisearre. Mar it filmke hjirûnder is ek hiel bysûnder.
Bron: www.kaatshistorie.nl

donderdag 23 december 2010

It keatsmomint fan Syds Krap

Haadkarmaster Syds Krap hie op de PC dit jier in lestige opjefte. In karmastersploech en twa skiedsrjochters dy't oan it himd trochwiet wienen. It wie in hiele toer foar him om dizze ploech goed by de les te hâlden. Mar der kaam ek in protte media oandacht op him ôf oer it wol/net trochsetten fan de partij. It is dan ek net ferwonderlik dat hij ûndersteande reaksje stjoerde oer IT KEATSMOMINT 2010:

"Het kaatsmoment 2010 is de laatst slag op de PC van dit jaar. Aan een dag met alle zaken die je niet op een kaatsveld wilt meemaken kwam er een eind aan toch een historische dag met zeer terechte winnaars. Uiteraard de blessures en de zeer overvloedige regen maakten de dag tot wat wij allen hebben ondervonden."

Spesjaal foar Syds hjir ien fan de earste foto's dy't nei de lêste slach makke is fan de nije kening. Ik tink dat der net earder in PC kening sa smoarch út de striid kommen is.


dinsdag 21 december 2010

It keatsmomint fan Jan Metselaar

Metselaar stjoerde my ûndersteande tekst dy't ik hjir folslein sitear:
"Het kaatsmoment van 2010 is en blijft het doorgaan van de PC 2010. Onder erbarmelijke omstandigheden werd doorgekaatst. De kaatssport - en zeker de PC - werd door de zware regenval, gedurende zeer lange tijd, op de 4e augustus geen goed gedaan. Je ziet dat er veel meer belangen meespreken dan dat kleine balletje en de handschoen. Negen van de tien keer dat partuur Gert-Anne van der Bos c.s.  het zullen winnen van het partuur Pieter van Althuis c.s. Maar het (recente) verleden heeft vaker aangetoond dat een eerste klas partuur op de heilige grond ver boven hun kunnen uittorenen.
Inmiddels is duidelijk dat het Sjûkelân opgeknapt zal worden, of het een garantie is, dat dergelijke uitzonderlijke omstandigheden nogmaals zullen voorkomen blijft een gissing. Maar deze kaatsarena zal altijd het mekka van de kaatssport moeten blijven."

maandag 20 december 2010

It keatsmomint fan Geart Oostra

Geart Oostra, duo-foarsitter fan keatsferiening Jacob Klaver út Mantgum, stjoerde my boppesteande foto. As argumint foar It Keatsmomint fan 2010 neamde hy dat "it tige wichtich is dat bern yn kontakt komme mei harren idoalen." It keatsteam "Construction7" fersoarge ôfrûne simmer in keatsclinic foar de Mantgumer bern. Oan de útdrukking op it snútsje fan it jonge baaske it te sjen dat er yn alle opsichten opsjucht by keatstopper Teake Triemstra. Neffens Geart Oostra wie de clinic in grut sukses "de Mantgumer keatsjeugd wie optein!"

zondag 19 december 2010

It keatsmomint fan Peter Broekhuizen

Myn oprop hat al daliks sukses. Peter Broekhuizen, skriuwer fan KV Eendracht út Harns, hat ûndersteande foto ynstjoerd mei dêr by de tekst:

"It moaiste momint foar KF Eendracht yn Harns: us 50+ partoer wûn de 50+ Bûn yn St. Nyk.
Keatsen docht bliken in “lifetime sport” te wêzen. Pollie, Eddy en Jehannes keatsten as jonge goden!"



zaterdag 18 december 2010

Keatsmomint 2010

Hjirby noadigje ik alle keatsers, keatsbestjoerders, keatsbelutsenen en foaral keatsleafhawwers út om te kommen ta IT KEATSMOMINT fan 2010.
Stjoer jim KEATSMOMINT 2010 nei my ta fia it reaksjeformulier dat hjir ûnder stiet. Mar it mei ek gewoan troch in e-mail nei: th.kuipers@kpnmail.nl
Privee-mominten, haadklassemominten, ferieningsmominten, triomf en tragyk, fan sitbal oant boppeslach it makket net út. Stjoer my jim ferhalen, foto’s of filmkes. De meast bysûndere wurdt publisearre yn dizze blog.
Foar Folkert Oosterbos wie 11 septimber 2010 yn elk gefal in moaie dei. Fyftich jier nei syn winst op de Lytse PC waard er as earegast troch KF Jacob Klaver nochris yn ‘e krânse set.

vrijdag 17 december 2010

Hâld do de hannen mar yn ‘e bûse

Pinkstersneon, prachtich moai waar en de Jong Nederlân-partij yn Frjentsjer. Mar ik rûn yn Mantgum te kontribúsje-rinnen foar de feriening. Hjir in praatsje, dêr in bakje kofje, wat ôfwaaid doarpsnijs ensafuorthinne. Wol gesellich fansels, mar geandewei krige ik wol de smoar yn. De smoar yn? Ja, want by ferskate doarren krige ik de fraach: “Wa keatse hjoed en moandei foar ús doarp op de Bûnspartij?” Hieltyd moast ik teloarsteld antwurdzje: “Net ien!”

maandag 13 december 2010

De takomst fan it keatsen

Sneon 11 desimber wie der op it nije Bûnsburo fan de KNKB yn It Hearrenfean in diskusjedei oer de takomst fan it keatsen. In dei fan foaral ynventarisaasje en útwikseling fan mieningen en ideeën.  Sa’n lytse 50 minsken mei in miening oer it keatsen wienen oanwêzich. It wie in goed opsette dei, mei belutsen en pasjonearre keatsleafhawwers. Der hienen om my wol wat mear jonge aktive beöefeners fan it spultsje oanwêzich wêze kinnen, mar alla.
By it tema oer de keatsdei en it oantal keatspartijen hie ik de kâns om myn stokhynderke te beriden. Soks moat op sa’n stuit (!) koart en foar de fûst wei. Dêrom hjir yn útwreide foarm nochris myn fysje.

dinsdag 7 december 2010

KNKB-TV

Yn 2007 eksperimintearre de KNKB foar it earst mei keatsútstjoering fia it ynternet. De froulju’s PC yn Weidum hie de primeur. It jier dêrop waard mei ridlik sukses eksperimintearre op de Jong Nederlân en Bûnspartij. (Hokker feriening komt mei in foarstel om de ridikule namme NK ôf te skaffen?). De útstjoerings wienen kwalitatyf noch net altiten geweldich, mar it wie dúdlik dat soks meastentiids lei oan de kwaliteit fan de kabelferbining by de betreffende feriening. It nut fan de útstjoerings die bliken út sawol it tal besikers as ek út de reaksjes.