vrijdag 11 mei 2012

In frisse bal

Sport en spul gean spitigernôch te faak lykop. It begryp sportiviteit hat sûnt de Freule fan 1949 gâns oan gewicht en kleur ferlern. Op dy memorabele Freuledei joech Cor Binsma fan Huzum yn de finale tsjin Ljouwert op de stân fan 5-5 en 6-6 daliks ta dat hy by it foarbyslaan fan de bal dizze earst “oan han” hie. De slach wie ferlern en de partij ek, mar Binsma wie foar altiten winner fan ivige rom op it mêd fan sportiviteit. Sjoch: http://tinyurl.com/7og8c6t
Mar is it hjoed de dei no echt sa oars as eartiids mei it begryp sportiviteit? Ik tink it einliks net. It hinget gewoan ôf fan de persoan. Ek no ha je skelmers en dogenieten mar ek keatsers dy’t ynsjogge dat it allegearre mar betreklik is en dat je mei earlik wêze miskyn wol in partij ferlieze mar der úteinlik mear mei winne.
Fansels wie Cor Binsma ek doe unyk mei syn tajaan fan in ferkearde slach. Want dat it der eartiids ek wolris oars om en ta gie stie yn de Ljouwerter Krante fan 17 july 1933. “ ‘t Was kaatsen te Wirdum en H.I.  44 jaar, arbeider te Wirdum stond met een maat in het perk. Onder de toeschouwers bevind zich ook A. Berger, die met I. op een niet al te besten voet stond. Bij het kaatsen beging I. een kleine onregelmatigheid, die niet door de keurmeester, maar wel door Berger werd geconstateerd. ‘t Bestuur riep toen: “een nieuwe bal”. Hierop werd I. zo woedend, dat hij Berger uitschold voor al wat leelijk was. Hierop werd Berger kwaad en wilde I. te lijf. En dat zou ook gebeurd zijn als vier man Berger niet hadden vastgehouden. Deze verzekerde bewaring achtte I. echter niet afdoende. Hij trok de klomp uit en ging Berger hiermee te lijf en met zoo’n kracht, dat er een dokter aan te pas moest komen. “
Dêr bliuwde it net by. It kaam ta in proses ferbaal en Berger moast foarkomme. De rjochter feroardiele him ta in boete fan 10 gûne of 10 dagen finzenis.  En soks allegear om in frisse bal.

V.l.n.r.: Sietse Bijlsma (Franeker), Corrie Binsma (Apeldoorn) en Ate Monsma (Bolsward). De prijswinnaars bij de heren in de leeftijdscategorie van 51 t/m 60 jaar op de KNKB-jubileumkaatspartij te Huizum in 1987.

Foto: http://www.kaatshistorie.nl/