zondag 27 februari 2011

Somtiden falt alles te plak

Yn 2003 bestie keatsferiening Jacob Klaver út Mantgum 100 jier. Foar it jubileum feest wûnen wy graach antwurd ha op twa fragen dêr’t wy gjin rie mei wisten. De earste fraach hie te meitsjen mei de Freulewinst fan ús feriening yn 1924. Twa fan de trije winners, Hendrik Jepma en Jouke de Groot, wienen bekend yn it doarp. De twa mannen hienen dêr hast har hiele fierdere libben wenne, mar fan de tredde maat Adolf Mulder wie neat, mar dan ek neat bekend. Jepma en De Groot wienen ûndertusken ferstoarn en harren famylje wisten ek neat oer Mulder. Om’t it ien fan de grutste, sa net it grutste wapenfeit wie út de keatshistoarje fan ús keatsferiening woenen we soks wol graach ris boppe wetter ha.
De twadde fraach hie te krijen mei de neibesteanden fan Jacob Klaver. By it bestjoer wie bekend dat Jacob Klaver gjin manlike neisaten hie en dat in famylje Brouwers yn de jierren tachtich meibetelle hie oan in tinkstien foar Jacob Klaver op it tsjerkhôf yn Mantgum. Mar wêr’t dy famylje wenne en hoe’t it krekt siet mei de famyljerelaasje dat wie net bekend. It soe doch moai wêze, om famylje fan Jacob Klaver op ús jubileumjûn te hawwen en harren it jubileumboek oan te bieden.
Twa fragen dêr’t wy Jan en Alleman nei fregen. Mar hoe’t wy ek ús best dienen, it slagge net en ûndertusken wie it jubileumjier al útein set. Mar sa as faker lei de oplossing tichteby dan wy tochten. Op myn wurk by Tresoar skeat ik op in dei in beropsgenealooch oan mei de fraach as hy ek ûndersyk dien hie nei minsken mei de famyljenamme Brouwers. Op syn fraach werom ik dat witte woe, kaam ik mei it ferhaal oer de nammejouwer fan ús keatsferiening en dat in famylje Brouwers dêr mooglik anneks mei wie. Syn antwurd wie koart mar helder: “Dat is net sa’n dreech probleem, Jacob Klaver wie myn oerpake.” Ik wie ferstuivere. Rûn ik skoften om mei in fraach dy’t mei dwers siet en lei it antwurd om ‘e hoeke. Hoe simpel kin it libben wêze!
Datselde wie it gefal mei it antwurd op de fraach oer de tredde maat yn it Freulepartoer fan 1924. Nei oanlieding fan in stik oer ús jubileum yn de Ljouwerter krante dêr’t ek referearre waard oan wa ‘t no einliks Adolf Mulder wie, waard ik skille troch immen út Seisbierrum. “Goejûn, jo prate mei Adolf Mulder út Seisbierrum...... Nee, ik bin net de Adolf Mulder dy’t jo sykje, want dat wie myn pake, mar ik ha wol syn Freuleklokje krigen om’t ik nei him ferneamt bin.” It die bliken dat de heit fan Freulewinner Adolf Mulder yn de jierren tweintich in jier arbeider west hie yn Mantgum. Nei dat jier hie de man him bestelt by in boer earne oars en sadwaande wie de famylje Mulder net bekend bleaun yn it doarp. Sawol de famylje Brouwers as ek Adolf Mulder – dy’t it freulehorloazje meinommen hie – wienen ús gast op de jubileumjûn.
Dy jubileumjûn (21 juny 2003) wie ek om in hyl oare reden bysûnder. Op deselde dei dat wy ús grutte jubileumpartij hienen, waard der yn Dronryp keatst om it NK by de skoalfamkes. Foar Mantgum keatsten dêr de trije suskes Elaine, Thalia en Kataya Reitsema. Fia de telefoan waard der kontakt hâlden mei Dronryp. En doe’t de suskes úteinlik yn de finale kamen, waard de jubileumpartij stillein om mei syn allen te harkjen nei in live ferslach op radio Eenhoorn. Nei in 4-5 efterstân wisten de Reitsema’s  úteinlik te winnen fan St. Anne. It wie dy jûn fansels dûbeld feest yn in ôfladen doarpssintrum.  

Geen opmerkingen:

Een reactie posten