It is in opmerklik ferskynsel dat der yn de lêste 30 jier mear en mear in persoanlik tintsje jûn wurdt oan boargerlike stân advertinsjes. Sawol yn berte, houlik- en rou-advertinsjes fine we sa út en troch ek in ferwizing nei de keatserij. It meast komt it foar yn rou-advertinsjes wêrby de neibesteanden de bining fan de ferstoarne mei de keatserij noch ienris blike litte.
In weblog mei kollums en ynformaasje oer de sosjaal-kulturele en histoaryske eftergrûnen fan it keatsen. Ek mieningsfoarming en diskusje oer de aktualiteit fan it keatsen wurdt net út de wei gien.
zondag 28 november 2010
zaterdag 20 november 2010
Sin en ûnsin fan sosjale media foar de keatserij
Yn myn artikel "Keatsen op ynternet" publisearre yn De Keatsfreon fan 2009 ha ik in skôging jûn oer de doe nij opsette webside fan de KNKB. Yn dat artikel wie ik op syk nei de mooglikheden dy’t de KNKB oanboarre hie om it kontakt en de ynteraksje tusken keatsers, keatsleafhawwers, bestjoerders ensafuorthinne te fersterkjen. We binne no twa jier fierder, de ûntwikkelings gean troch. De KNKB is – neffens in meidieling op de algemiene neijiersgearkomste – dwaande mei it op ‘e nij besjen fan har webside. It is nijsgjirrich om te sjen hoe't de KNKB reagearret op de kânsen en bedrigings fan it brûken fan de sosjale media.
zondag 14 november 2010
De lêste slach
Keatsers of keatsleafhawwers ha somtiden boppe har rou-advertinsje in folle tillegraaf stean. In tillegraaf mei “alles oan ‘e hang” is it symboal fan de folsleinens fan it libben. De Berltsumer keatser Andries de Haan (1902 – 1988) hie boppe syn rou-advertinsje, dy’t stie yn de Ljouwerter krante fan 9-8-1988, in fariant op boppesteand symboal.
'It libben is krekt in keatstillegraaf. Blokje foar blokje, baltsje foar baltsje wurdt der oan heakke. Oant alles der oan hinget. Dan is it wachtsjen op de lêste slach.'
dinsdag 9 november 2010
Tiden hawwe tiden
Onderstaande bericht verscheen in de Leeuwarder Courant van 14 augustus 1908:
Men schrijft ons:
Op den kaatswedstrijd onder jongens, die freule de Vos van Steenwijk telken jare te Wommels aanbiedt, heeft de voorzitter van de Nederlandschen Kaatsbond een waarschuwend woord doen hooren tegen overdrijving in dezen tak van sport. De tallooze wedstrijden voor jongens geven aanleiding tot overspanning, het lichaam is nog niet bestand tegen deze krachtsinspanning, men heeft zich als jongen "verkaatst en verslagen" en het gevolg is, dat men later nooit meer een goede kaatser kan worden. En voor de jongens zelf èn voor de kaatssport zeide hij "Jong Friesland" aan niet naar alle wedstrijden te trekken, maar zich wat terug te houden, zooals vroegere kaatsers in hunne jeugd deden en die later matadors werden in dit balspel.
dinsdag 26 oktober 2010
Chris Wassenaar `in keatser fan formaat`
Ik ha sels ris neitocht as ik in bettere titel foar dizze útstalling betinke koe. Ik moat jim teloarstelle: dy ha ik net betinke kinnen. Ik bin dan einlikst ek wol wat jaloersk op Jelle Bangma dat hy dizze titel foar it boek oer Chris en dêrmei ek foar dizze útstalling, betocht hat. Ik hie dy titel namentlik ek betinke kinnen. En dêr ha ik trije redenen foar:
zondag 24 oktober 2010
Het lastige kaatsen op straat
Uit de Harlinger Courant van dinsdag 3 juli 1934:
Van verschillende ingezeten gewerd den Raad een adres [gezonden] om aan het kaatsen op straat paal en perk te stellen, daar hiervan veel schade en hinder wordt ondervonden.
Gelijk bekend, is het kaatsen op den publieken weg al eenigen malen in den Raad ter sprake geweest. Krachtens de laatstelijk (15 juni 1925) te dezen vastgestelde bepaling is het verboden op straat:
a. Met een voetbal te spelen;
b. Met andere dan holle ballen te kaatsen of te werpen, behalve op plaatsen, alwaar dit naar het oordeel van B. en W. geen hinder of gevaar veroorzaakt.
Blijkens het ontvangen adres en de vroeger over dit onderwerp gehouden besprekingen houdt deze regeling geen bevredigende oplossing in. Ook B. en W. bevalt zij niet, zoodat zij gaarne hunne medewerking verleenen om tot een beteren toestand te geraken. H.i. is deze slechts te bereiken door het kaatsen op straat algeheel te verbieden en slechts het aloude spelen met ballen door kinderen toe te staan. Zij geven toe, dat de uitdrukking ”kinderspel” vaag is, maar men moet en mag vertrouwen, dat de politie hieraan de juiste interpretatie zal weten te geven. Mitsdien geven zij den Raad in overweging in vorenaangegeven zin te besluiten.
donderdag 14 oktober 2010
Jacob Klaver no ek op wikipedia
Dyjinge dy’t it net sa hat mei keatsen en ynternet moatte dit stikje mar oerslaan. Mar dyjinge dy’t dat wol hat, moat seker fierder lêze. Want dit stikje giet oer it feit dat ynformaasje oer keatsen en keatsferienings no ek te finen is op de ynternasjonale ensyklopedyske side WIKIPEDIA.ORG. Dizze ensyklopedy wurdt makke troch besikers dy’t harren ynformaasje oer tal fan saken sels op it net sette of dy’t besteande ynformaasje oanfolje of ferbetterje. Ferliden jier kaam ik der by tafal efter dat immen (Ik soe graach witte wa?) ynformaasje oer ús keatsferiening - Jacob Klaver - op de side fan wikipedia tafoege hie. Dy ynformaasje wie korrekt mar op ûnderdielen net folslein. Ik ha – mei nammen oer de Lytse PC – in protte gegevens tafoege. Hjirby de ynformaasje op Wikipedia oer keatsferiening Jacob Klaver.
Abonneren op:
Posts (Atom)