zondag 14 november 2010

De lêste slach

Keatsers of keatsleafhawwers ha somtiden boppe har rou-advertinsje in folle tillegraaf stean. In tillegraaf mei “alles oan ‘e hang” is it symboal fan de folsleinens fan it libben.  De Berltsumer keatser Andries de Haan (1902 – 1988) hie boppe syn rou-advertinsje, dy’t stie yn de Ljouwerter krante fan 9-8-1988, in fariant op boppesteand symboal.
'It libben is krekt in keatstillegraaf. Blokje foar blokje, baltsje foar baltsje wurdt der oan heakke. Oant alles der oan hinget. Dan is it wachtsjen op de lêste slach.'
Andries Andries de Haan keatste yn it grutte spul fan 1919 oant 1942. Syn earste grutte sukses behelle er yn 1917 doe’t er mei Eeltje van den Akker en syn broer Sape de twadde priis wûn op de Freule. Yn 1922 behelle er foar Berltsum de tredde priis op de Bûnspartij.  Jierrenlang foarme er mei Sape en sweager Teake Laverman it ôfdielingspartoer fan Berltsum. Noch twa kear soe er in tredde priis winne, yn 1924 en 1932. Doe’t de glâns fan syn karriêre der einlikst al wat ôf wie, wist er mei syn maten yn 1938 en 1939 doch noch twa kear de Bûnspartij te winnen. In oerwinning op de PC siet der net ien. Twa kear stie hy yn de finale en beide kearen waard ferlern. Yn 1924 mei Teake Laverman en Piter Helfrich en yn 1934 mei Hans Knol en syn broer Sape. Syn broer Sape dy’t yn 1932 by de ynstelling fan 1e en 2e klas net talitten waard ta de 1e klas, wûn yn dat jier wol de PC. Hy triomfearre mei doarpsgenoat Jan van der Lei en Klaas Kuiken fan St. Jabik. Andries de Haan behelle yn “it grutte spul” 223 punten en waard fiif kear keazen ta kening fan de partij.



Op de foto it ôfdielingspartoer fan Berltsum dy’t yn 1924 de tredde priis wûnen op de Bûnspartij. F.l.n.r. Teake Laverman, Andries Andries de Haan en Sape Andries de Haan. It wie in famyljepartoer want Teake Laverman wie trout oan in suster fan de broers De Haan.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten