Keatsen is mear as keatsen. Mei in lytse oanpassing is dat de liende ûndertitel fan it boek dat Gerrit Lettinga skriuwde oer “De Haantsjes fan Holwert”. Hy wol dêr fansels mei sizze dat it by keatsen net allinnich giet om de sport mar ek om alles wat der om hinne bart. En – dat witte we allegearre – is net sa’n bytsje. Tink allinnich mar ris oan it gedoch mei it stellen fan nije maten, de no al sa’n 30 jier duorjende diskusje oer “de nap”, it seleksjebelied fan in TC en gean sa mar hinne. Jo kinne der jûnen oer trocheamelje. Sa kaam ik ris in kear by in buorman doe’t syn frou sei. “Meist der wol ynkomme as jimme it mar net oer ik keatsen ha.“ We ha dat in kertierke folhâlden en oan it ein fan de jûn, nei in protte bierkes, hienen wy it noch altiten oer it keatsen.
Keatsen is mear as keatsen. De anekdoates oer it keatsen binne talryk. Yn ien fan dy anekdoates spilet Wijtse Vlietstra – hoe kin it ek hast oars – de haadrol. It barde op de Lytse PC fan sa’n jier of tsien lyn. De keuken fan it krekt nije doarpshûs rûn noch net sa as hjoed de dei en sadwaande wie der gjin patat of in waarme hap. Mar in bestjoerslid hie spesjaal foar de twa skiedsrjochters gehakballen klearmakke en dy yn in pantsje meinommen. Doe’t de earste skiedsrjochter him yn de kantine melde foar syn gehakbaltsje gie hy by Wijtse Vlietstra oan it tafeltsje sitten. Doe’t de frou fan de betsjinning mei it gehakbaltsje kaam, sei Wijtse Vlietstra: “Mefrou, ha jo ek sa’n hearlike gehakbal foar my.” “hearre jo der dan ek by?” “Ja natuerlik,” sei Vlietstra, “Ik bin der altiten by.” En sa krige Wijtse Vlietstra in grauwe gehaktbal. Doe’t skiedsrjochter Jan Metselaar der ynkaam foar syn gehakbaltsje, koe Wijtse in glimlach net ûnderdrukke.
Keatsen is mear as keatsen. Wat te tinken fan it feest nei ôfrin. De lytse PC hie al yn it midden fan de 20ste ieu de bynamme “los fan it wiif partij.” It docht tinken oan Jan Monsma dy’t op in dûnserij by Duhoux in Wirdum tsjin de barman sei: “Geef mij noch mar un jonge, un ouwe kan ik thús wol krije.” Teman de Vries sei it krekt wat oars, mar it kaam op it selde del: “Je meie wol op je hannen sitten gean om je der net oan te fergripen.” Legindarysk wienen de feesten yn kafee Bonnema mei Groate Jo fan Berltsum dy’t in repertoire hie fan trije of fjouwer lieten en spiele op ien of twa snaren. Ik wit noch goed hoe’t Jaap Jansma fan Reduzum mei Esther van der Kooi as haadpriis de nacht yn kuiere. Mar ek oare doarpsgenoaten hienen dat keunstje al ris earder mei sukses tapast. En ek hjoed de dei rint der op de Fryske keatsfjilden in topkeatster rûn dy’t in gefolch is fan in românse fan heit en mem op de Lytse PC.
Keatsen is mear as keatsen. In jier as wat ferlyn kaam Pieter van Althuis op it feest nei de Lytse PC om in oer as tolve nei my ta. Hy sei: “Kuipers, wat soenen jo sizze as jo in soan ha dy’t te folle drank op hat en mei de auto noch nei hûs moat.” “Auto stean litte en plak sykje”, wie myn antwurd. “No dat hie ik ek tocht”, sei Pieter, “en derom tocht ik dat ik moai by jim sliepe koe.” “No dat moat altiten wêze Pieter, mar do wist ik ha trije troubere dochters en der sliepe ek noch twa freondinnen fan de famkes.” “Hja dêr ha’k wat fan heard,” sei Pieter en syn eagen glimken ferhearlikt. “Mar ik sil my gedrage as in hear.” Mei sa’n útspraak kin je fansels krekt as mei dy fan Vlietstra alle kanten út. Pieter is mei gien, fan de froulju ha ik gjin klachten heard en moarns betiid hie Pieter de tafel klear.
Foto's:
Rjochts boppe: Wijtse Vlietstra, kening op de PC fan 1955
Links ûnder: Pieter van Althuis, 2e priis op de PC fan 2010
Geen opmerkingen:
Een reactie posten