Mar sa frege ik my ôf, wat is no einliks dat ‘mear’ yn it keatsen dat Lettinga en my blykber sa rekket. Is dat it werkenbere en it gewoane, as bygelyks Hein Zijlstra fertelt dat er yn ‘e trein op reis nei de PC – mei fjouwer stikjes tarwe mei tsiis – in âlder echtpear begroetet dy’t tsjin him sizze: ‘sille jo ek nei de PC’ en ‘ha jo dan wol in kaartsje?’
Hein Zijlstra, kening fan de PC yn 1965 en hjir ‘gewoan op klompen’ wurdt yn 1966 taprutsen troch PC foarsitter Mr. Klaas Bijlsma.
Of binne it de nostalgyske ferhalen fan ‘och heden ja’ en ‘wist noch wol dat ...’. Is it de slach om it fjild en âlde kunde in klap op it skouder jaan. Is it nochris wer dy iene alles beslissende bal foar de geast helje, it ferskil tusken winst en ferlies. Sa as Hein Zijlstra seit oer syn ferlerne PC fan 1972: ‘Wy stienen fiif gelyk en kamen doe mei 6-2 foar. Doe hie ik wat weachje moatten, want ik hie ommers ien foar it brekken, Mar ik joech in opgoaier oan Bert en dy sloech er boppe. Mei alles oan ‘e hang sloech Andre Roosenburg de keats foarby.’ It wie it omkearde senario fan de troch Zijlstra behelle fiktoarje op de PC fan 1965 doe’t er op de stân fan 5-5 en 2-6 mei trije perfekte opslachballen de oerwinning pakte.
Oerkomt soks ús allegearre net yn it libben? Mominten fan yntins gelok, it gefoel dat je de hiele wrâld oankinne. Mar ek de oare kant, fan alderheislikst fertriet en dat je wol yn de grûn weisakje wolle. Spegelje wy ús deistich dwaan en litten net yn de keatserij? Binne wy dat sels net dy’t dêr op it fjild stean, mei al ús ‘lek en brek’? Falle en opstean, trochsette, winst en ferlies, fertrouwen jaan en fertrouwen beskamje, ûndogens en oprjochtens... Binne dat net de aspekten fan it deistich bestean dêr’t wy ús alle wiken op it keatsfjild yn spegelje? Is dat net it ‘mear’ fan it keatsen?Sjoch foar it komplete ferhaal oer de keatskarriêre fan Hein Zijlstra: http://tinyurl.com/673sxmm
Geen opmerkingen:
Een reactie posten