Yn de jierren tachtich hie ik as bestjoerslid fan de pleatslike keatsferiening it tafersjoch oer de keatsballen. Yn de winter bewarre ik se op in wat fochtich plak om’t oars it lear troch útdroegjen skuorde. It kaam sels wolris foar dat ik yn de maaitiid de ballen in nacht yn in wiete doek bewarre om se dêrmei wat swierder te krijen. Om’t op KNKB partijen altiten mei in nije bal keatst wurde moast, waard der op ledepartijen altiten keatst mei brûkte ballen. Dat wienen meastentiids net sokke besten. Gauris wienen de stiknaalden kapot, de foarm ôfwikend en it gewicht fan de ballen wie lang net gelyk. In romroftich lid fan de feriening hie ris op in merkepartij eigen keatsballen fan ferskillend gewicht yn ‘e bûse. As er opslaan moast, ferwiksele hy gauris fan bal om dêrmei de tsjinstanner te ferskalkjen. Dat it gewicht en de kwaliteit fan in keatsbal fan ynfloed is op it spul is dan ek gjin nijs.
Gewicht en grutte fan in keatsbal binne ek lang net altiten it selde west. Yn de jubileumútjefte fan de KNKB ‘Kaatsen: lange traditie, levende sport’ (1997) skriuwt Josse de Haan yn in learsume bydrage dat der yn 1850 yn elk gefal 12 ferskillende soarten keatsballen wienen. Se ferskilden oanmerklik yn gewicht; de lichtste wie 15.4 gram en de swierste 70.4 gram.
Op 20 jannewaris 2006 kaam Tjalling van den Berg op in diskusjejûn yn de Tulip Inn mei it foarstel om serieus te eksperimintearjen mei oare keatsballen. Efterlizzende gedachte wie dat troch te spyljen mei in gruttere of lichtere bal der mear tuskenspul komme soe en dêrmei it keatsen oantrekliker foar it publyk. Ek op de diskusjedei fan 11 desimber 2010 yn it Hearrenfean wie dêr soarch oer de oantreklikens fan it keatsen en de rop om mear tuskenspul.
Yntusken is Van den Berg bûnscoach en kin hy syn eksperiminten mei de bal trochsette. Ik bin dêr tige benijd nei wêr’t it op út rint, want it is dúdlik dat der wat barre moat. As gewicht of grutte fan de keatsbal dêr oan meihelpe kin dat de oantreklikens fan it keatsen fergrutte wurdt, dan moatte we dat seker net út de wei gean.
Yn it filmke in ympresje fan it wurk fan keatsballemakker Jan Scheepvaart út Makkum
Geen opmerkingen:
Een reactie posten