maandag 9 april 2012

Hjerstkeatsen

Keatsmoffen wachtsje ynfette
op nije tiden fan gloarje

In mem naait medaljes
oan in fersliten findel

Keatslinen krije yn 'e hjerstsinne
har gerak en kleur werom

Keatskrânsen wurde wer
ta keale wylgehoepels

De tiid lûkt linen
fan doe nei skielk

Geen opmerkingen:

Een reactie posten