Pinkstersneon, prachtich moai waar en de Jong Nederlân-partij yn Frjentsjer. Mar ik rûn yn Mantgum te kontribúsje-rinnen foar de feriening. Hjir in praatsje, dêr in bakje kofje, wat ôfwaaid doarpsnijs ensafuorthinne. Wol gesellich fansels, mar geandewei krige ik wol de smoar yn. De smoar yn? Ja, want by ferskate doarren krige ik de fraach: “Wa keatse hjoed en moandei foar ús doarp op de Bûnspartij?” Hieltyd moast ik teloarsteld antwurdzje: “Net ien!”
Ik sil op dit plak mar net útwreidzje oer it wêrom, mar it hat te krijen mei kriich, nocht, training, inisjatyf, oarswat, entûsjasme, sin, mentaliteit ensafh., dat dan begripe jo it wol.
Dyselde middeis siet ik by ús âldste lid Hindrik Jepma oan ‘e tafel. Doe’t ik de doar fan syn keamerke yn Nij Dekema iepen die, siet Jepma mei folle oandacht te harkjen mei it “live-ferslach” fan de Jong Nederlânpartij foar Radio Eenhoorn. Frjentsjer wie der krekt ôfrekke tsjin Tsjummearum. “Ja,” wist Jepma, “dy Christiaan de Rijke wie ferline wike noch kening.” En wa’t Jepma ken, dy wit dat it by myn fierdere besite allinnich mar oer keatsen gyng. Bygelyks oer syn útnoeging yn 1928 foar de 1e klassepartij yn De Ryp.

Tsjin fiven wie ik wer yn Mantgum. Ik seach ien fan ús kandidaat keatsers foar de Bûnspartij mei in baas frommeske oer de Galemawei panderjen. Ik seach se nochris nei en moast glimkje, doe’t ik tocht oan de wurden fan Hindrik Jepma: “Hâldt do de hannen mar yn ‘e bûse."
[Ek publisearre yn “Tuskenspul” ûnder redaksje fan
Josse de Haan en Baukje Wytsma. 1997.]
Foto: Mantgumer ôfdielingspartoer út 1928 mei f.l.n.r.
Jouke de Groot, Aant van Dellen en Hindrik Jepma.
In prachtich ferhaal. It docht my in bytsje tinken oan de iennige kear dat ik in earste priis mei keatsen wûn ha. Ik tink dat ik in jier as 14, 15 wie, myn maat (wy wiene mar mei syn beiden) wie in kop grutter en in pear jier âlder. It heucht my net oft ik wol of net in bal rekke ha. By it opslaan mocht ik hiel wat meters oerrinne. En dochs de earste priis! Dêrnei ha ik net wer keatst, want men moat op it hichtepunt fan de roem dermei ophâlde, no!
BeantwoordenVerwijderen