zaterdag 20 november 2010

Sin en ûnsin fan sosjale media foar de keatserij

Yn myn artikel "Keatsen op ynternet" publisearre yn De Keatsfreon fan 2009 ha ik in skôging jûn oer de doe nij opsette webside fan de KNKB. Yn dat artikel wie ik op syk nei de mooglikheden dy’t de KNKB oanboarre hie om it kontakt en de ynteraksje tusken keatsers, keatsleafhawwers, bestjoerders ensafuorthinne te fersterkjen. We binne no twa jier fierder, de ûntwikkelings gean troch. De KNKB is – neffens in meidieling op de algemiene neijiersgearkomste – dwaande mei it op ‘e nij besjen fan har webside. It is nijsgjirrich om te sjen hoe't de KNKB reagearret op de kânsen en bedrigings fan it brûken fan de sosjale media.


Sosjale media
Wichtichste doel fan de sosjale media is om it kontakt tusken minsken te fergrutsjen, te yntinsivearjen en foaral ek flugger te meitsjen. Kearnaspekten dy’t op fora oer sosjale media elke kear wer opdûke binne: fergrutsjen fan belutsenheid, diele fan kennis en erfarings, it berikken fan grutte en nije doelgroepen en ek it ferbetterjen fan it bedriuwsimago. Wat binne foar de keatserij no de foar- en neidielen fan de sosjale media lyk as Hyves, Facebook, Flickr, Blogs, linkedin, Twitter, mar ek prikbuorden, gasteboeken en oare fora.
Yn 2007 levere de sykterm “kaatsen” op YOUTUBE 306 keatsfilmkes op. Dat binne der no 573 en dat is net in enoarme ferheging. It filmke oer de Froulju’s PC fan 2007, dat der noch altiten op stiet, wie doe 2300 kear besjoen en no mei 4450 kear, mear as ferdûbele. Mar hjir moat by oantekene wurde dat dy 2300 út 2007 berikt wienen yn in jier tiid. We binne no fjouwer fierder en dus ek hjir feitlik gjin enoarme stiging fan de besikerssifers. De community SPORTFANATEN, mei dêrûnder ek keatsfanaten en begûn op 1 augustus 2007, hie nei fjouwer moanne sa’n 8000 leden. Dat binne der no, fjouwer jier letter 9427. Gjin opmerklike stiging. De ynteraktive fotoside FLICKR hie doe ûnder it lemma “Pelota” sa’n 18.000 ôfbyldings en no mear as 107.000. Dat is wol in grutte stiging.

Yntusken is de keatserij net botte aktyf op HYVES. D’r binne wol ferskillende inisjativen mar werklik grutte communities binne der net. Baukje Stienstra dy’t al in tal de jierren de keatshyve beheard, hat mei 469 leden de grutste groep. De KNKB keatskids ha 90 leden. De KNKB is sûnt begjin fan dit jier ek aktyf op Twitter en hat dêr no sa’n 100 folgers.

It meast besochte foarum oer it keatsen is it gasteboek op de website www.kaatsen.nl. Dit foarum hat in stevich oantal feste besikers en ek in fêste groep dy’t reagearret. De reaksjes yn dit gasteboek wurde troch de behearder autorisearre. Yn hoefier dit foarum in positive bydrage levert oan de keatserij rinne, om it mar ris nuansearre te sizzen, de mienings út inoar.

Ien fan de grutste neidielen fan de sosjale media en benammen fan fora is dat der gauris in útglider makke wurdt. Al te faak komt it foar dat in miening ferkundige wurdt yn in emosjonele opwâling dêr’t de ynstjoerder letter spyt fan hat. Mar hy/sy hat ferfolgens gjin inkelde kontrolle oer syn berjocht en it kin him/har noch jierren efterfolgje op it ynternet. In oar net te ûnderskatten aspekt is dat de sosjale media gefoelich binne foar groepsgedrach. En hoewol guon psychologen dêr oars oer tinke is myn erfaring dat groepsgedrach ûnfoarsisber en nuodlik te regissearjen is. Soks kin ek frij maklik in kant út gean dy’t je hielendal net wolle.

Konklúzje
Mar no de hamfraach: Wat is de sin of ûnsin fan al dy Hyvers, Facebookers, tweets en reaksjes yn gasteboeken foar de keatserij? En hoe sit it no mei dy belutsenheid dêr’t al dy kommunikaasjegoeroes yn blogs har sa op foaroanstean litte?
Foarearst kom ik net folle fierder as de konklúzje dat it foar in oantal minsken in aardige boarterij en tiidferdriuw is. Se belibje der sels (in protte?) wille oan of ha nocht oan ûnnocht. Yn dy sin sille se wol belutsen wêze. Mar fan alle digitale diskusjes is de keatserij yntusken gjin hier better wurden. En de negative reaksjes dy’t meastentiids mear útfergrutte wurde as de positive, ha de keatserij yn de ôfrûne tiid gjin goed dien. En binne al dy folgers fan de keatshyve wol echt belutsen by it keatsen of giet it om in hiel oar groepsgefoel?

It hiele skala oan sosjale media (sm) docht mei tinken oan dy oare betsjutting fan sm: selskwelling en kwelling troch oaren. Rekke ús keninginne yn har krystboadskip fan 2009 net in tear punt doe’t se sei: “De virtuele ontmoetingen kunnen de leegte niet vullen”. Der is foarearst foar my mar ien werklik sosjale moetingsplek dy’t der ta docht: in befolke keatsfjild op in moaie simmerdei.

Besjoch foar de útspraak fan keningin Beatrix ek ûndersteand filmke:



Sjoch foar in moeting dy't der werlik ta docht nei ûndersteand filmke

Geen opmerkingen:

Een reactie posten