donderdag 14 oktober 2010

Jacob Klaver no ek op wikipedia


Dyjinge dy’t it net sa hat mei keatsen en ynternet moatte dit stikje mar oerslaan. Mar dyjinge dy’t dat wol hat, moat seker fierder lêze. Want dit stikje giet oer it feit dat ynformaasje oer keatsen en keatsferienings no ek te finen is op de ynternasjonale ensyklopedyske side WIKIPEDIA.ORG. Dizze ensyklopedy wurdt makke troch besikers dy’t harren ynformaasje oer tal fan saken sels op it net sette of dy’t besteande ynformaasje oanfolje of ferbetterje. Ferliden jier kaam ik der by tafal efter dat immen (Ik soe graach witte wa?) ynformaasje oer ús keatsferiening - Jacob Klaver - op de side fan wikipedia tafoege hie. Dy ynformaasje wie korrekt mar op ûnderdielen net folslein. Ik ha – mei nammen oer de Lytse PC – in protte gegevens tafoege. Hjirby de ynformaasje op Wikipedia oer keatsferiening Jacob Klaver.

De link

Dizze side bestiet út ien skerm mei fiif ûnderdielen:
  1. Wichtichste partijen
    Mei in link nei de Lytse PC en Jong Famme Partij. Ut dit lêste docht bliken dat dizze partij al yn har tredde jier sjoen wurdt as in soarte fan “Klassiker”.
  2. Suksessen fan de feriening
    Hjir stekt Thalia Reitsema der boppe út mei fjouwer Bûnsoerwinnings en ien twadde priis. Mar ek de Freulewinst yn 1924 en de twadde priis fan Skelte Anema, Bouwe de Bruin en Bonne van der Wal op de skoaljongesbûn stiet fermeld.
  3. Suksessen fan yndividuele leden
    Hjir stean spitigernôch, mar sa is it no ienris, allinnich froulju beskreaun. Kopfrou is Ljipkje Reitsma mei twa kear winst op de Frouljus PC en twa kear in twadde priis op dyselde partij. Aktueel is de side mei de fermelding dat Afke Kuipers yn 2010 in twadde priis wûn op de Frouljus PC.
  4. Literatuer
    Hjir stiet it jubileumboek fan Piter Boersma fermeld. Mar wikipedia lit hjir dochs in stek falle mei dat der gjin trochferbining oanbrocht is by de namme Piter Boersma. En dat moat, sjoen de literêre kwaliteiten fan Boersma einliks wol.
  5. Ferwizings
    Hjir is in link oanbrocht nei de thússide fan Jacob Klaver.

Oer Jacob Klaver Aardich is de ynformaasje ûnder de link Lytse PC. Hjir lêze wy dat de Lytse PC foar it earste hâlden waard yn 1947 en dat it “ynearsten in troch-inoar-lotsjen party wie, doe noch foar 2e klassers, mei knappe prizen en nei ôfrin in feestjûn foar de keatsers. De pleatslike keatsferiening Jacob Klaver hie yn it begjin gjin bemuoienis mei de organisaasje, dy waard fersoarge troch in 9-tal keatsleafhawwers út Mantgum en omkriten. It prizejild waard byinoar brocht troch in tal lammen fet te weidzjen.” In eintsje fierder op wurdt skreaun dat dizze partij ek wol de bynamme hie “los fan it wiif-partij”.

Sjoch foar histoaryske bylden fan de Lytse PC nei ûndersteand filmke:

Geen opmerkingen:

Een reactie posten