dinsdag 23 augustus 2011

Keninklike ûnderskieding foar Jan Suierveld,inisjator en stimulator fan de FROULJUS-PC

Jan Suierveld is yn 1949 berne yn it sikehûs yn Ljouwert mar hat oant no ta altiten wenne yn Weidum. In doarp dêr’t net allinnich opgroeid, mar ek mei fergroeid is. Jan waard yn de rin fan de tiid in doarps- en ferieningsman. Hoewol’t er affiniteit hie mei alderhande saken gie syn measte belangstelling út nei de keatserij en de muzyk. 
Yn syn bernejierren wennen der yn Weidum in oantal bysûnder goeie keatsers. Fjouwer dêrfan, Hiddinga, De Groot, Haima en Talsma hienen sels de wichtichste keatswedstriid foar mannen, de PC, al ris wûn. Boppedat begûn (en dat is noch altiten sa) it keatsseizoen mei de Bangmapartij. In wedstriid neamt nei Jan syn pake fan memmekant.
Jan wie sels gjin grut keatstalint, mar de ynteresse foar dizze sport wie der net minder om. Yn it foarjier fan 1977, hy wie doe 27, stapte Jan nei it bestjoer fan keatsferiening Nije Kriich mei it fersyk om de wedstriid foar froulju in bysûndere status te jaan. Yn it boek “25 jier Frouljus-PC 1977-2001” seit er dêr sels oer: “Ik seach foar myn eagen it keatsfjild fan Weidum, dêr yn de kom fan it doarp, mei de tsjerke op de eftergrûn . Ik seach froulju keatsen mei de minsken dêr rijen dik omhinne. It wie de iere maaitiid fan 1977.” Jan kaam sels mei de namme FROULJUS-PC en it soe it begjin wurde fan in tradysje oant de dei fan hjoed.
Hoewol Jan op dat stuit (noch) gjin diel útmakke fan keatsferiening Nije Kriich waard him wol frege om by de organisaasje fan dy dei belutsen te wêzen en as dei-foarsitter de prizen út te rikken. It jier dêrnei betelle Jan út eigen bûse de keninginnepriis foar de bêste spylster fan de dei. Dy keninginnepriis wie syn inisjatyf en wurdt ek no noch elk jier útrikt. Fan ôf it begjin yn 1977 oant no ta bliuwde Jan tige belutsen by de FROULJUS-PC. Yn de perioade 1977 o/m 1997 en dêrnei fan 2002 oan no wie (is) hy de foarsitter fan dit unike sportevenemint. Yn de perioade 1997 o/m 2002 wie hy wol belutsen by de organisaasje mar tydlik gjin dei-foarsitter.
Mei troch syn net ôflittende enerzjy, stimulearjende ympulzen en goeie kontakten yn de keatswrâld wist er mei it bestjoer fan Nije Kriich de FROULJUS-PC útgroeie te litten ta in keatsklassiker fan alluere. It winnen fan dizze wedstriid stiet foar froulju keatsers gelyk oan it winnen fan de hearen PC yn Frjentsjer. Boppedat is it ûnmiskenber dat de útstrieling fan de FROULJUS-PC ek status ferheegjend west hat foar it oansjen fan it froulju keatsen en dêrmei ek oantrekliker as aktive sportbeöefening foar in groeiend oantal famkes en froulju.
Njonken it belangeleaze wurk foar de pleatslike keatsferiening yn syn wenplak is Jan Suierveld sûnt 2004 bestjoerslid fan it keatsmuseum yn Frjentsjer. Hy beherticht dêr de funksje “museale saken” en is ferantwurdlik foar behear en ûntslúting fan de kolleksje. Yn dy funksje is er as koördinator nau belutsen by it ambisjeuze projekt om alle foto’s en films fan it keatsmuseum fia ynternet beskikber te stellen.
Last but not least is Jan ek muzikant. Al fan ôf syn bernejierren is er lid fan de pleatselike harmony en  ferliden jier is er ûnderskieden foar 50 jier lidmaatskip. Yn 1981 waard er lid fan wat doe de Rykspolysjekapel wie. Letter is dizze nasjonale kapel ferselstannige yn wat no de Melody Percussion Band is. Jan bespilet dêr de ksylofoan.
Nei ôfrin fan de lotting foar de FrouljusPC waard Jan Suierveld ferrast troch boargemaster Liemburg. Mar foardat de boargemaster mei har speech begûn, joech se earst de gelegenheid oan syn muzykfreonen en oare kunde,  dy’t bûten stienen te wachtsjen, om njonken it keatsfolk plak te nimmen. De lytse seal fan it Weidumer doarpshûs barste hast út syn foegen safolle minsken kamen binnen. De Harmony kaam sels “mei slaande trom nei binnen” en doe’t dy útspile wienen, koe de boargemaster begjinne mei har taspraak. In taspraak dy’t fansels einige mei de bekende wurden “dat it Hare Majesteit heeft behaagd om Jan Suierveld te benoemen tot lid in de Orde van Oranje Nassau.”

It grutte tal minsken dat hjirfan tsjûge wêze koe, wie in prachtige wurdearring foar al it wurk dat Jan foar de mienskip dien hat en noch altiten docht.

vrijdag 5 augustus 2011

Keatsen en konflikten, in ûnfolslein oersjoch

It spel mei de lytse bal hat al sûnt der skriftlike oantekens fan bekend binne, oanlieding jûn ta strideraasje en konflikten. Yn midsieuske keuren en feroarderings stean gauris ferbodsbepalingen oer it keatsen. Dat hie dan te meitsjen mei it stikken slaan fan glêsruten mar faker noch mei it feroarsaakjen fan lawaai, opskuor, drankmisbrûk en fjochterij.  
Yn Winaem waarden yn 1791 mei sa’n regelmaat de glêzen fan it skoalmastershûs ynslein dat de keatsers al yn it foar jild klear hienen om de skea te beteljen. De bekende Gripepartij yn Froubuorren en Bitgum hat syn oarsprong yn in út ’e hân rûne fjochtpartij by de priisútrikking yn 1794. Goed 100 jier letter stienen yn Dokkum tsien jongemannen út Ternaard foar de kantonrjochter om’t hja de eigner fan it keatslân bekûgele hienen mei keatsballen fan drek en kowestront.
Boppesteande hat fansels net sa folle te krijen mei “it konflikt” fan de ôfrûne PC. Mar it tekent al de emosjonele sfear dy’t  by it keatsen sa ynienen de kop opstekke kin. It kin “samar” barre nei in diskutabele beslissing fan in skiedsrjochter of karmaster of troch in opmerking fan spilers ûnder inoar. Want der binne fansels keatsers dy’t yn it psychologyske wurdenspul inoar it bloed ûnder de neilen weihelje. Bysûnder oan it keatsen is de gearstalling fan de partoeren. Keatsers meitsje al sûnt minskeheugenis ôfspraken om mei inoar te spyljen. En ek al like lang binne der ferhalen bekend oer it skeinen fan sokke ôfspraken. Sels it yn alle iepenheid “stellen” mei oare maten kin liede ta it ferbrekken fan in freonskip. De relaasje tusken Johannes Brandsma en Reinder Triemstra is dêr in foarbyld fan.
“It konflikt” tusken Marten van der Leest en syn maten Herman Sprik en Folkert van der Weij is wol hiel bysûnder en neffens my in dizze foarm nea earder foarkommen. Der rint wolris in spiler mei in lilke harsens fan it fjild om’t syn maten him feroardiele ta “balkearder”, mar je maat op de wedstriiddei ynruilje foar in oar is nij. Mar hoewol’t ik de beslissing fan Herman en Folkert absolút net goed prate wol, hie Folkert yn de útstjoering fan Omrop Fryslân wol in punt doe’t er sei dat it troch de parse wol hiel slim útfergrutte wurdt. Der gie mear oandacht út nei “it konflikt” dan nei de winners fan de PC. Mar dêr stiet tsjinoer dat dyselde Folkert noch net sa lang lyn sels it slachtoffer wie fan skeind fertrouwen en dêr doe flink de balen fan hie. Hy wit hoe’t it wurket.
Om it histoarysk bewustwêzen fan guon keatsers en it omsittend laach op te frissen ha ik in lytse samling makke fan konflikten yn de keatserij. As earste in artikel út de LC fan 3-8-1996 oer it oan de kant setten fan Simon Minnesma nei de PC fan dat jier. Sjoch: http://tinyurl.com/3atsvwg Simon wie “erfaringsdeskundige” want twa jier derfoar waard er noch foar it keatseizoen begûn troch syn maten oan ‘e kant setten. Sjoch: http://tinyurl.com/3v4omq7 In protte heibel joech ek it oan ‘e kant setten fan Thomas van der Meer yn ’93. Trije jier efter inoar hie hy mei Erik Seerden en Rinze Bleeker de PC wûn en Thomas wie krekt dat jier PC kening wurden. “Yn en bûten it fjild grutte maten” sa like it, mar doe’t it efkes net rûn wie Thomas dochs “it bokje”. Sjoch:  http://tinyurl.com/3v4omq7 Hjir boppe ha ik al ferwiist nei de “stellerij” fan Johannes Brandsma mei Saakstra en Faber mar net minder opskuor joech yn ’87 syn kar foar in partoer mei Peter Rinia en Tunno Schurer. Sjoch: http://tinyurl.com/3klaphl

Nije wike ha we de Freulepartij. Ek al sa’n dei dêr’t foar de gearstalling fan de partoeren guon doarpen yn twaën ferdield en keatsferienings hast oan ten ûnder gien binne. Sels de oanfierder fan it iewich keatsklassemint wie der by belutsen. Sjoch: http://tinyurl.com/3vh7jv9

Ik ha ek nochris sjoen yn it boek “Keatserstaal” fan Pieter Breuker ut 1983 of dêr ek termen yn stean dy’t te meitsjen ha mei it “ofsizzen” fan de maten of it ferbrekken fan ôfspraken. Spitichernôch is dêr net in haadstik oan weit. Undersyk dêrnei soe noch hiel wat opsmite kinne. Mar of dat yn alle gefallen in ferriking is foar de keatserij lit ik hjir mar yn it midden.

Ferantwurding foto's: http://www.kaatshistorie.nl/
Boppen: De PC fan 1980. De finalepartoeren, f.l.n.r.: Sake Saakstra (Deinum), Piet Jetse Faber (Froubuorren) en Flip Soolsma (Boarnburgum); skiedsrjochter Taeke Krap (St. Jabik); Johannes Brandsma (Seisbierrum), Reinder Triemstra (St.Jabik) en Johannes van der Meij (Menaam). Keatsoanmerker is Erik Seerden fan Frjentsjer.
Under: De keatsferiening "KC De Boer" fan Stiens, winners fan de earste priis fan de 69ste Freulepartij yn 1971 te Wommels mei 47 partoer op 'e list.
Staend f.l.n.r: de winners fan 1921, Chris van der Woude, Johannes Paulides en Sierk Haitsma fan de keatsferiening "Jan Bogtstra" út Frjentsjer. Foaroan f.l.n.r.: Gosse Faber, Anne Rinkema en Piet Jetse Faber en coach (en heit) Pieter Faber sr.

maandag 25 juli 2011

Ynstruksjefilm foar bûtenlânske PC besikers

Elk hat it wolris meimakke. Jo sitte op ‘e PC en dan eamelje guon minsken oer wa, wa is en hoe’t it spul no einliks yn inoar stekt. It is dúdlik dat jo dan te meitsjen ha mei “eendagstoeristen” dy’t troch kunde meitroand binne om ek ris in PC mei te meitsjen. As jo njonken sokke minsken sitte, is dat net altiten oangenaam. Krekt op beslissende mominten freegje se de meast ûnnoazele saken of se moatte op sa’n stuit yn de tribune foar jo lâns om efkes te pisjen. Hoe krije se soks yn 'e plasse!
Mar ik moat earlik wêze. Ik ha sels ek ris in hiele dei bûtenlânske gasten mei hân nei de PC. En jo ûntkomme der dan net oan om harren sa no en dan wat tekst en útlis te jaan. Yn 2004 hie ik freonen út Roemeenje oer de flier en dy ha ’k meinommen nei de PC. It waard ien fan myn moaiste PC’s. We hienen harren yn it foar de spulrigels al útlein en ek ballen en moffen sjen litten. Mar dat wie fansels lang net genôch om it spul yn syn hiele hear en sfear te begripen. De Roemeenske freon mei syn dochter ha har de hiele dei poer best fermakke. De PC wie foar harren yn alderlei opsichten in “iepenbiering”. Net allinnich de sport, mar foaral de stylfolle tradysjes en benammen de sfear fan sportiviteit en kammeraatskip dy’t foar harren rûnom merkber wie. Dat safolle minsken sa yntins stil wêze koenen en sa meilibje koenen mei spul en spilers fûnen sy hiel bysûnder om mei te meitsjen. En doe’t hja mei syn beiden efkes in rûntsje makke hienen oer de kermis en werom kamen, wie harren ferbazing noch grutter. Ik wit noch hoe’t ús freon mei de holle skodde en it ûnbegryplik fûn dat er safolle minsken op terras en strjitte sieten te bier drinken mar dat er gjin inkelde polysjeman sjoen hie. En ek by de yngong ta it PC-terrein hoegde er allinnich mar syn kaartsje sjen te litten. Hy waard net iens fûllearre! No, dat wie by harren wol oars as er wat te rêdden wie.  
Op sa’n momint besef je pas hoe bysûnder de sfear en de entoeraazje op sa’n PC dei einliks is. We binne dan blykber ien grutte famylje en meitsje der mei inoar in heechtijdei fan. Net foar neat spruts Master B. eartiids fan in “bjusterbaarlik barren”. In term dy’t wat mei oanbelanget ek altiten ferbûn bliuwt oan de PC.
Foar al dy Friezen dy’t bûtenlânske gasten meinimme nei de PC ha ik hjir in Ingelsktalich ynstruksjefilmke mei ûnder oaren bylden fan de PC finale út 1983. Mooglik makket dat de utlis ûnder de partij wat minder needsaaklik en kin it omsittend laach noflik fan it spul genietsje.

Ferantwurding film: www.kaatshistorie.nl

zaterdag 16 juli 2011

Keatswrâld partisipant by World Sport for All Games?


De Ljouwerter Krante kopte sneon 16 july op de foarside mei it nijs dat Fryslân him ynkoarten oanmelde sil as kandidaat om yn 2016 it ynternasjonale sportevenemint World Sport of All Games te organisearjen. It is in sportevenemint dêr’t sa’n 7500 sporters oan meidogge en it giet benammen om demonstraasjes fan sporten dy’t net sa bekend binne en gjin ynternasjonale útstrieling ha.
De provinsje wol foar it ûnderbringen fan sporters, begelieders en belangstellenden ek in berop dwaan op de befolking. Konkrete ideeën dêroer binne der noch net, mar de LC  skriuwt oer it ymprovisaasjetalint yn Fryslân sa as by de Slachtemarathon en de Alvestêdetocht.  Fierderop yn it blêd sprekt Anne Jochum de Vries fan ûndersyksburo Oranjewoud al oer it keatsen as ûnderdiel fan it sportprogramma.



“Mar”,  sa frege ik mei ôf, “lizze hjir net mear kânsen foar de KNKB?”. Soe de KNKB him net aktyf opstelle moatte rjochting de provinsje om te sjen wat hja mei har krapoan 15.000 leden betsjutte kin foar de organisaasje. Want partisipaasje fan de KNKB hoecht fansels net beheind te bliuwen ta in keatsdemonstraasje of it bywenjen fan in offisjele keatspartij. De ferienings soenen har fia de KNKB oanmelde kinne om sporters of gasten in ûnderkommen oan te bieden. Yn Mantgum ha wy dêr al in pear jier ûnderfining mei opdien by it ynternasjonale kuorbalevenemint yn Ljouwert. De pleatslike kuorbalferiening hie op him nommen om ferbliuw te fersoargjen foar in bûtenlâns kuorbalteam en har begelieders. It gie om sa’n 15 persoanen en it slagge elk jier.
Wat ha je dêr no oan? Hear ik roppen. Sa'n fraach is in opgoaier en ienfâldich wêrom te keatsen. Foar de gastgesinnen is it gewoan hartstikke aardich. It is in noflik ûnderbrekken fan de daaglikse gong fan saken en it jout in protte geselligens. Foar de feriening jout it ek “bining” fan sawol de aktive as de minder aktive leden. In grut tal minsken binne dan yn tou en elk docht soks, om dat er dêr aardichheid oan hat. En krekt aardichheid ha om mei inoar wat te dwaan, is foar in feriening ferskrikkelik wichtich. It is it semint, en it ferbân tusken de leden. Leuke dingen mei inoar dwaan is miskyn wol de basis foar in feriening. Fansels krije de gastgesinnen  ek de mooglikheid om mei te gean nei de wedstriden en ek dat jout “bining” mei de sport en de feriening. It soarget foar “moeting” fan leden op in wat oare wize as op it keatsfjild.
Mar der is foar it Bûn noch mear profyt te beheljen. Aktive maatskiplike partisipaasje sil troch de polityk, maatskiplike organisaasjes en sponsoaren fan de KNKB heechlik wurdearre wurde. Je binne yn byld as in sportbûn dy’t fierder tinkt dan allinnich har eigen belang en dy’t ek each hat foar oare sporten en sporters. Soks sil net daliks liede ta gruttere jildstreamen mar it kin it Bûn wol oansjen en achting opleverje. En is acht(ing) net mear as tûzend? De KNKB moat mar ris in bâltsje opsmite by de provinsje.

woensdag 22 juni 2011

Bysûndere keningspriis út 1909 feilt

Ofrûne moandei te jûn (20 juny) waard by feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts in bysûndere keningspriis ferkocht. It gie om in prachtich moaie keatsbal dy’t hiel fyn gravearre wie en oan de boppekant in kroantsje hie. (sjoch de ôfbylding).
Nijsgjirrich nei de eftergrûn fan de priis ha ik my dêr ris yn ferdjippe. Yn it jubileumboek fan keatsferiening LKC út Ljouwert stiet (side 126) de folgjende ynformaasje: “Op 25 en 26 juli 1909 won het partuur van A. Brouwer, J. Reitsma en J. van der Schel de eerste prijs. De Arumer Jan van der Schel werd uitgeroepen tot koning en ontving een bijzonder waardevolle zilveren bal, die beschikbaar was gesteld door Jhr. Mr. A.E. van Boelens van Eysinga. “
It gie om in wedstriid fan 18 partoer wêrûnder twa partoer Belgen. Dêrmei krige de partij ek it predikaat “Internationale kaatswedstrijd”. Yn de Ljouwerter Krante fan 20, 21, 26 en 28 july 1909 waard ferslach dien fan dizze “ynternasjonale”. It die bliken dat it beide dagen min waar wie. It waaide hurd en der waard in protte bûten slein (soms in earst efter in oar) en sadwaande gjin jûchhei stimming oer it nivo fan de wedstriden. Alles moatte wy fansels besjen yn syn eigen tiid, en soks is net altiten ienfâldich. Want hoe moat je de fierste boppeslach troch Hendrik van Haitsma út Frjentsjer mei 53.65 m. no einliks ynskatte? Der stiet noch spesjaal by “vanuit het achterperk”. Hjoed de dei soe sa’n slach net iens de boppe helje.
De keningspriis waard op de feiling ynsetten foar in bedrach fan 450,-- en waard úteinlik ferkocht foar in bedrach fan 1000,--. De nije eigner is bekend by it bestjoer fan it keatsmuseum en mooglik kin de priis nochris yn it museum útstalt wurde.
Sjoch foar de kranteferslaggen:

maandag 20 juni 2011

De erfenis fan Jacob Klaver (diel 2)

Sa as yn diel 1 beskreaun, is der nei it ferstjerren fan de pakesizzer fan Jacob Klaver it ien en oar oer de nammejouwer fan ús keatsferiening boppe wetter kommen. It houtsnijwurk is fansels prachtich erfguod en in moai oantinken oan de nammejouwer en earste foarsitter fan de keatsferiening yn Mantgum dy't nei him neamt is. Mar der is mear.

Fan mear keatshistoarysk belang is dan ek de ûntdekking fan in foto fan Jacob Klaver yn in famylje-album. Oant no ta wie der mar ien foto fan Jacob Klaver bekend en dêrop wie hy te sjen as in âld man. Op de foto dy’t no foar it ljocht kommen is, sjogge we Jacob Klaver as in jongfeint. Sawol foar de keatshistoarje as ek foar keatsferiening Jacob Klaver yn Mantgum is dizze foto in prachtige fynst. De foto siet yn it famylje-album njonken in kaartsje fan syn houliksoankundiging en njonken in foto fan syn takomstige frou. It hat der dan ek alle skyn fan dat de foto heechstwierskynlik makke is yn 1877 doe’t er op 22 jierrige leeftiid troude mei Geertje Andriesse fan Hûns. It jier dêrfoar hie er yn Frjentsjer mei “alles oan de hang” de PC wûn. Jacob Klaver dy’t berne wie yn 1855 is 90 jier wurden en ferstoar op 19 desimber 1946 by syn dochter Janna yn Hurdegaryp, dêr’t er ek te hôf brocht is.

vrijdag 17 juni 2011

De erfenis fan Jacob Klaver (diel 1)

Woansdei 2 juny 2010, wie ik te gast by de oerpakesizzer fan Jacob Klaver. Dizze man dy’t net neamt wurde wol, wie mei syn heit op 9 maaie 2003 as “special guest” oanwêzich op de resepsje fan it ieufeest fan ús keatsferiening. As noch libbene neiteam fan keatskening Jacob Klaver krigen hja doe út hannen fan foarsitter Anne Muller as earste it jubileumboek oanbean. Hoewol dizze famylje de bining mei de keatssport ferlern hie, wie it oantinken oan Jacob Klaver wol sa grut dat hja yn de jierren tachtich fan de tweintichste ieu meibetelle ha oan de tinkstien op it tsjerkhôf yn Mantgum. In famylje mei grut histoarysk besef.
Doe’t de heit fan de oerpakesizzer begjin dit jier ferstoar kaam der guod foar it ljocht dat makke wie troch Jacob Klaver. It materiaal bestiet út ambachtlik houtsnijwurk fan in mear dan gewoane kwaliteit. Jacob Klaver syn heit wie timmerman yn Winsum en dat berop hat hy sels yn syn begjinjierren ek útoefene. Yn de jierren tachtich fan de njoggentjinde ieu waard er postkantoarhâlder yn Mantgum. It houtfykjen en nifeljen mei guts en beitel hat er blykber nea ferleard. In oantal bewarre bleaune meubelstikken en foarwerpen stjûge dêr fan. Wy ha dy erfstikken fotogravearre en sa as oantinken oan Jacob Klaver festlein.

Op de foto dy’t hjirby stiet, sjogge jim ien fan dy stikjes hûsflyt. It is in kistje dêr’t de eigner no wat jern en oar naaiguod yn bewarret. Mar op de binnenkant fan it deksel stean de inisjalen J.K. en de datum 28-6-1922. Op dy datum waard Janna Klaver, in dochter fan de keatskening, 25 jier en it sil dêrom grif in jierdeisgeskink fan har heit west ha. Foar it besjen fan mear houtsnijwurk fan jacobklaver ferwiis ik jim nij ûndersteande link:
<a href= “http://picasaweb.google.com/jellea/ErfenisJacobklaver#” target=blank>klik hier>/a>